Wikipedy
fywiki
https://fy.wikipedia.org/wiki/Haadside
MediaWiki 1.47.0-wmf.1
first-letter
Media
Wiki
Oerlis
Meidogger
Meidogger oerlis
Wikipedy
Wikipedy oerlis
Ofbyld
Ofbyld oerlis
MediaWiki
MediaWiki oerlis
Berjocht
Berjocht oerlis
Hulp
Hulp oerlis
Kategory
Kategory oerlis
Tema
Tema oerlis
TimedText
TimedText talk
Module
Module talk
Event
Event talk
Laaksum
0
3119
1229814
1210546
2026-05-11T11:49:45Z
Mysha
254
/* Fiskerij */ 100 jier
1229814
wikitext
text/x-wiki
[[Ofbyld:080507 Laaksum Fryslân NL.jpg|right|thumb|600px|It haventsje fan Laaksum (2008)]]
'''Laaksum''' is in [[buorskip]] by [[Warns]] yn de gemeente [[Súdwest-Fryslân]], yn it suden fan [[Fryslân]]. Laaksum leit yn [[Nijefurd]], direkt oan de [[Iselmar]]. Somtiden wurdt Laaksum ek wol in 'doarp' neamd, benammen ''"It lytste fiskersdoarp fan Jeropa"''.
== Untwikkeling ==
Yn [[1325]] hiet er '' Laxnum'' en yn [[1487]] wurdt er ''Laexum'' neamd. Yn [[1345]] komt de greve fan Hollan yn Laaksum oan lân om Fryslân oan te fallen.
Yn [[1718]] wienen der acht huzen yn Laaxum. Yn [[1851]] wienen dat seis.
Laaksum telde oan it begjin fan de tweintichste iuw sechtjin huzen en twa pleatsen. Der wennen mear as hûndert minsken. Neikommende famyljes wennen der doe: Visser (10), Vogelzang (2), de Vries (3), Heijes, Bakker en Boersma.
Tsjintwurdich steane noch alve huzen en in pleats yn Laaksum.
==Fiskerij==
Yn 1500 wie Laaksum al bekend troch de botfiskerij op it Frouwesân. Yn [[1680]] wurdt melding makke fan ielfiskers yn Laaksum.
Fan de fiskerij is yn Laaksum nei it ôfsluten fan de [[Sudersee]] suver neat mear oer. Allinne it gebou dêr't earder de [[hjerring]] sâlte en rikke waard, [[bokkenhang|de Hang]] neamd, is noch as boufal oanwêzich. Oant krekt nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard dêr alle dagen skrept om de moarns oanfierde hjerring jûns op 'e tiid op de trein yn [[Starum]] te krijen. De fisk waard as [[Lemster bokken]] meast ferkocht nei [[Dútslân]].
[[Ofbyld:20080507 Laaksum Fryslân NL - recreatieterreintje.jpg|right|thumb|600px|It rekreaasjeterreintsje by it haventsje fan Laaksum (2008)]]
De Laaksumers hawwe net altyd hjerringfiskers west: om [[1500]] hinne stie Laaksum bekend fanwege de [[bot (fisk)|botfiskerij]] en yn de [[17e iuw]] fanwege de [[iel|ielfiskerij]]. Nei it oanlizzen fan de [[Ofslútdyk]] hawwe guon fiskers it noch in skoft besocht mei de ielfiskerij, mar dat wie gjin fetpot. Sa stadichoan binne se ien foar ien opholden.
It haventsje fan Laaksum spilet tsjintwurdich in beskieden rol yn it wettertoerisme, al hawwe de Laaksumers it leafst hurde wyn fan see: dan is der rêst yn it haventsje fan Laaksum. Doch wienen de lju der yn [[2012]] grutsk op dat der doe fierd waard dat in iuw werom, [[1912]], in flechthaven oanlein waard op Laaksum. <ref>Kleinste vissershaven ter wereld 100 jaar - https://www.friesnieuws.nl (23 januari 2012)</ref>
== Ferbinings ==
Behalve oer it wetter is Laaksum oer 't Sou te berikken fan Warns út en oer de Laaksumerdyk en de Suderwei is der fia it [[Reaklif]] nei it noardwesten ferbining mei [[Skarl (buorskip)|Skarl]] en [[Starum]] en nei it easten oer de Wieldyk mei [[Murns]].
<gallery widths="180" heights="180">
Ofbyld:Laaksum_haven.jpg|It haventsje fan Laaksum (2005)
Ofbyld:Laaksum_De_Hang.jpg|De Hang fan Laaksum (2005)
Ofbyld:Laaksum_dykskant.jpg|Laaksum oan de dykskant (2005)
</gallery>
== Sjoch ek ==
* [[Fryske doarpen#Buorskippen|Buorskippen]]
{{Súdwest-Fryslân}}
[[Kategory:Laaksum| ]]
[[Kategory:Warns]]
[[Kategory:Buorskip yn Himmelumer Aldefurd]]
[[Kategory:Buorskip yn Nijefurd]]
[[Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân]]
qxmmh25f3c5inign8wpawlpxr8yhan5
1229815
1229814
2026-05-11T11:53:46Z
Mysha
254
Ik haw it wer net goed dien, om't no komme de boarnen en dat ûnsinnige oersjoch tsjinelkoar oan.

{{boarnen|boarnefernijing=
{{reflist}}
}}
{{Súdwest-Fryslân}}
[[Kategory:Laaksum| ]]
[[Kategory:Warns]]
[[Kategory:Buorskip yn Himmelumer Aldefurd]]
[[Kategory:Buorskip yn Nijefurd]]
[[Kategory:Buorskip yn Súdwest-Fryslân]]
o4tvllzphlki0fmgsz9v0s1iq48uznj
Warsjau
0
10323
1229785
1141159
2026-05-10T21:18:11Z
RomkeHoekstra
10582
Ynfoboks ferfongen, ûntwikkeling ynwennertal yn tabel set, + kt , ynwennertabellen distrikten aktualisearre, sûnt 2022 hat Warsjau de bân mei Sint-
1229785
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks plak (2026)
| namme = Warsjau<br>(Warszawa)
| ôfbylding = Aleja Niepdleglosci Warsaw 2022 aerial (cropped).jpg
| ôfbyldingstekst =
| flagge = Flag of Warsaw.svg
| wapen = POL Warszawa COA.svg
| lân = [[Ofbyld:Flag of Poland.svg|20px]] [[Poalen]]
| bestjoerlike ienheid 1 = Woiwodskip
| namme bestjoerlike ienheid 1 = [[Mazoovje (woiwodskip)|Mazoovje]]
| bestjoerlike ienheid 2 = Powiat
| namme bestjoerlike ienheid 2 = Stedsdistrikt
| boargemaster = Rafał Trzaskowski
| ynwennertal = 1.866.729 <small>(31.12.2025)</small><ref>[https://stat.gov.pl/obszary-tematyczne/ludnosc/ludnosc/ludnosc-stan-i-struktura-oraz-ruch-naturalny-w-przekroju-terytorialnym-w-2025-r-stan-w-dniu-31-grudnia,6,40.html GUS (Poalsk Buro foar de Statistyk)]</ref>
| oerflak = 517,24 km²
| befolkingstichtens = 3.609 ynw./km²
| stedsyndieling = 18 stedsdielen
| hichte = 78 - 121 m
| stifting = 13e iuw (stedsrjochten om 1300 hinne)
| postkoade = 00-001 oant 04-999
| netnûmer = +48 22
| tiidsône = UTC+1
| simmertiid = UTC+2
| webside = [https://www.um.warszawa.pl www.um.warszawa.pl]
| mapname = Poalen
| lat_deg = 52 | lat_min = 13 | lat_sec = 00 | lat_dir = N
| lon_deg = 21 | lon_min = 00 | lon_sec = 00 | lon_dir = E
| tekst by posysjekaart = Lokaasje fan Warsjau yn Poalen
}}
'''Warsjau''' (''[[Poalsk]]: Warszawa'') is de [[haadstêd]] en de grutste stêd fan [[Poalen]]. De stêd leit oan 'e rivier de [[Wisla]]. De stêd is nei ynwennertal de 9e stêd fan [[Jeropa]].
== Geografy ==
Warsjau leit sintraal yn it lân oan beide kanten fan 'e rivier de [[Vistula]], en likernôch 350 km fan 'e [[Baltyske see]]. It leit likernôch 100 m boppe seenivo.
Warsjau hat fjouwer universiteiten en 62 hegeskoallen, en in protte teäter- en keunstgaleryen.
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Warsaw - Royal Castle Square.jpg|left|thumb|Histoarysk sintrum fan Warsjau.]]
Yn [[1224]] waard foar it earst skriflik melding makke fan Warsjau. De stêd wie haadplak fan 'e hartoggen fan [[Mazoovje|Mazoovje]] en kaam dêrnei oan Poalen ta, dêr't it yn [[1609]] residinsje fan 'e Poalske kening waard. Nei ferskate oerhearskingen foel de stêd yn [[1795]] oan it [[Keninkryk Prusen]] ta en wie it tusken 1807-1815 de haadstêd fan it [[hartochdom Warsjau]]. Dêrnei kaam de stêd in skoftlang yn hannen fan [[Keizerryk Ruslân|Ruslân]].
Nei de [[Earste Wrâldkriich]] waard Warsjau haadstêd fan 'e nije Republyk Poalen. Under de [[Twadde Wrâldkriich]] hat de stêd slim te lijen hân. It Joadske [[getto]] waard nei fûleindich ferset troch de Joaden yn 1943 ferwoaste, dêr't om-ende-by 400.000 slachtoffers by foelen, en yn 1944, nei de opstân fan 'e oare befolking doe't it Sowjetleger tichteby kaam, makken de Dútsers goed 80% fan 'e stêd mei de grûn lyk, dêr't op 'e nij in protte slachtoffers by foelen.
Yn 'e nei-oarlochske tiid is it âlde sintrum wer yn 'e âlde styl rekonstruearre en no stiet de stêd op 'e [[Wrâlderfgoedlist]] fan [[UNESCO]].
== Demografy ==
Warsjau hat troch de skiednis hinne altyd in plak west foar ymmigraasje, ek fan út it bûtenlân, benammen út gebieten út [[Sintraal-Jeropa|Sintraal-]] en [[East-Jeropa]]. Al 300 jier lang stiet it bekend as it ''"Alde Parys"'' of it ''"Twadde Parys"''. It wie altyd in sintrum fan 'e Jeropeeske kultuer. Demografysk wie it de stêd mei in grut ferskaat oan nasjonaliteiten en it leauwe en oan minsken dy't yn it bûtenlân berne wienen. Neist de grutte Poalske mearderheid, wie der in grutte [[Joadedom|Joadske]] mienskip yn Warsjau. Neffens de Russyske folkstelling fan [[1897]], wienen fan 'e 638.000 ynwenners fan Warsjau, 219.000 Joadsk, wat delkomt op likernôch 34% fan 'e befolking. Flak foar it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldkriich wennen der 350.000 Joaden yn Warsjau. De oarloch feroare dat allegear, tsjintwurdich binne der in stik minder joaden yn Warsjau as foar de kriich. It meastepart fan 'e hjoeddeiske Joadske befolking is berne yn Warsjau.
=== Befolkingsûntwikkeling ===
{| class="wikitable" style="text-align: center; font-size: 90%;"
|- bgcolor="#dddddd"
! Jier
| [[1700]] || [[1792]] || [[1800]] || [[1830]] || [[1850]] || [[1882]]
|-
! Ynwennertal
| 30.000 <small>(rûze)</small> || 120.000 || 63.400 || 139.700 || 163.600 || 383.000
|-
! Jier
| [[1900]] || [[1925]] || [[1939]] || [[1945]] || [[1950]] || [[1960]]
|-
! Ynwennertal
| 686.000 || 1.003.000 || 1.300.000 || 422.000 || 803.800 || 1.136.000
|-
! Jier
| [[1970]] || [[1980]] || [[1990]] || [[2000]] || [[2004]] || [[2009]]
|-
! Ynwennertal
| 1.315.600 || 1.596.100 || 1.655.700 || 1.672.400 || 1.692.854 || 1.711.466
|}
== Bestjoer ==
[[Ofbyld:Warszawa Palac Branickich (dron).jpg|thumb|left|It yn [[rokoko]]-styl boude [[Branicki Paleis]] is de sit fan 'e oerheid fan 'e stêd.]]
De Warsjau-wet (''Ustawa warszawska'') fan 15 maart 2002 hat alle regio's om Warsjau hinne opheft en soarge foar de stifting fan ien steds[[powiat]], mei ien gemeentlike oerheid.
De [[wetjaande macht]] yn Warsjau bestiet út de Gemeenterie (''Rada Miasta''), besteande út ien keamer mei 60 leden. Riedsleden wurde alle fiif jier streekrjocht keazen. Lykas de measte wetjaande ynstânsjes ferdielt de gemeenterie fan Warsjau himsels yn ferskate kommitees dy't ferantwurdlik binne foar ferskillende saken binnen it stedsbestjoer. Foarstellen hawwe de mearderheid fan 'e Rie nedich en wurde trochstjoerd nei de boargemaster (de ''Presidint fan Warsjau''), dy't dy dan útfiere moat. As in beslút yn striid is mei de wet, kin de woiwode as tafersjochhâlder it beslút ferneatigje.
Elts fan 'e 18 ferskate stedsdistrikten hat syn eigen rie (''Rada dzielnicy''). Harren wurk is rjochte op it jaan fan stipe oan 'e boargemaster en de gemeenterie, ek hâlde se tasjoch op guon stedsbedriuwen, eigendommen fan 'e gemeente en skoallen. It haad fan sa'n distrikt wurdt boargemaster (''Burmistrz'') neamd en is ferkeazen troch de lokale rie út de list fan kânshawwers dy't gearstald is troch de Presidint fan Warsjau.
Op it stuit (2026) is Rafał Trzaskowski de Presidint fan Warsjau.
=== Stedsyndieling ===
Warsjau is in steds-powiat (distrikt) opdield yn 18 ferskate distrikten. Elts fan dy distrikten wurdt in ''dzielnica'' neamd. Al dy distrikten hawwe harren eigen bestjoerlik orgaan. De distrikten binne sels ek wer ûnderferdiend yn wiken, dy't lykwols gjin eigen administrative status hawwe. Warsjau hat twa ferneamde histoaryske wiken, de Alde Stêd (''Stare Miasto'') en de Nije Stêd (''Nowe Miasto''); beide lizze yn it sintrale distrikt Śródmieście.
[[Ofbyld:Warszawa podzial administracyjny 2002.svg|thumb|right|250px|De 18 bestjoerlike distrikten fan Warsjau.]]
{| class="wikitable"
! Distrikt !! Ynwennertal (31.12.2025) !! Gebiet (km²)
|-
| [[Mokotów]] || align="right" | 224.500 || 35,42
|-
| [[Praga Południe]] || align="right" | 187.300 || 22,38
|-
| [[Białołęka]] || align="right" | 162.800 || 73,04
|-
| [[Ursynów]] || align="right" | 155.600 || 43,79
|-
| [[Wola]] || align="right" | 150.200 || 19,26
|-
| [[Bielany]] || align="right" | 134.400 || 32,34
|-
| [[Targówek]] || align="right" | 126.900 || 24,22
|-
| [[Bemowo]] || align="right" | 125.100 || 24,95
|-
| [[Warszawa-Śródmieście|Śródmieście]] || align="right" | 111.400 || 15,57
|-
| [[Ochota]] || align="right" | 84.700 || 9,72
|-
| [[Wawer]] || align="right" | 83.500 || 79,70
|-
| [[Praga Północ]] || align="right" | 66.200 || 11,42
|-
| [[Ursus (district in Warsaw)|Ursus]] || align="right" | 64.900 || 9,35
|-
| [[Włochy]] || align="right" | 47.100 || 28,63
|-
| [[Wilanów]] || align="right" | 46.800 || 36,73
|-
| [[Żoliborz]] || align="right" | 54.300 || 8,47
|-
| [[Wesoła]] || align="right" | 26.929 || 22,94
|-
| [[Rembertów]] || align="right" | 25.800 || 19,30
|-
| '''Totaal''' || align="right" | '''1.866.729''' || '''517,24'''
|}
== Kultuer ==
=== Nijsgjirrichheden ===
[[Ofbyld:Pałac Kultury i Nauki (1).jpg|thumb|left|Paleis foar Kultuer en Wittenskip.]]
It hert fan 'e âlde stêd is de ''"Rynek Starego Miasta"'', it âlde merkplein, dat omfieme wurdt troch kleurige huzen dy't tusken 1949 en 1963 tige krekt rekonstruearre binne ûnder lieding fan Poalske arsjitekten. Ek oare strjitten en in diel fan 'e âlde wâlen (mei it bastion ''Barbakan'') waarden wersteld.
Oan 'e râne fan 'e âlde stêd leit it Slotplein (''Plac Zamkowy'') mei it Keninklik Paleis (17e-iuwsk, werboud) en de oan kening [[Sigismund III Wasa]] wijde betinkpylder. Sigismund wie de kening dy't Warsjau boppe [[Krakau]] as haadstêd keas, omdat it tichter by [[Sweden]] lei.
By dat plein begjint de Keninklike Rûte, besteande út de wichtige bûlevaars ''Krakowskie Przedmiescie'' en ''Nowy Świat'', dy't oer in lange rûte nei de eardere keninklike bûtenferbliuwen Wilanów liede. Bylâns de rûte leit ek it âlde en moaiste stedspark fan Warsjau, Łazienki-park.
West fan 'e âlde binnenstêd is nei de [[Twadde Wrâldkriich]] in nij sintrum boud. Dat gebiet wurdt karakterisearre troch hege modernistyske gebouwen en brede strjitten; meastentiids mei frijlizzende [[tram]]banen. Dat gebiet is boud om it paleis fan kultuer en wittenskip ''"Pałac Kultury i Nauki"'' hinne, in tige grut bouwurk yn stalinistyske styl, boud tusken 1952 en 1955 en in geskink fan [[Jozef Stalin|Stalin]] oan 'e stêd.
Sûnt de fal fan it [[kommunisme]] yn 1989 hat Warsjau him yn rap tempo transformearre ta ien fan 'e meast dynamyske haadstêden fan Sintraal-Jeropa. Moderne [[wolkekliuwer]]s dominearje no it stedsylhûet fan Warsjau, dêr't foarhinne allinnich it Paleis foar Kultuer en Wittenskippen by opfoel.
=== Musea ===
* Sintrum Sztuki Współczesnej (Sintrum foar hjoeddeiske keunst)
* Muzeum Narodowe (Poalsk Nasjonaal Museum)
* Zamek Królewski (Keninklik Paleis)
* Zachęta Narodowa Galeria Sztuki (Zacheta Nasjonale Keunstgallery)
=== Sport ===
Warsjau hat twa profesjonele fuotbalklups, [[Legia Warschau]] en [[KSP Polonia Warschau|Polonia Warschau]]. Legia is de populêrste en grutste klup fan de stêd. Legia spilet yn it [[Wojska Polskiego-stadion]], wylst Polonia syn thúswedstriden spilet yn it [[Polonii-stadion]].
== Partnerstêden ==
Warsjau hat mei in grut tal stêden in stêdebân. Guon fan dizze stêden binne:
* [[Ofbyld:Flag of Germany.svg|22x20px|rand]] [[Berlyn]], [[Dútslân]]
* [[Ofbyld:Flag of the Netherlands.svg|22x20px|rand]] [[De Haach]], [[Nederlân]]
* [[Ofbyld:Flag of Turkey.svg|22x20px|rand]] [[Istanbûl]], [[Turkije]]
* [[Ofbyld:Flag of Norway.svg|22x20px|rand]] [[Oslo]], [[Noarwegen]]
* [[Ofbyld:Flag of Canada.svg|22x20px|rand]] [[Toronto]], [[Kanada]]
* [[Ofbyld:Flag of Austria.svg|22x20px|rand]] [[Wenen]], [[Eastenryk]]
* [[Ofbyld:Flag of Spain.svg|22x20px|rand]] [[Madrid (stêd)|Madrid]], [[Spanje]]
== Berne yn Warsjau ==
* [[Marie Curie|Maria Salomee Skłodowska]] (7 novimber 1867), natuer- en skiekundige († 1934)
* [[Janusz Korczak]] (22 july 1878), Poalsk-Joadske bernedokter, berneboekeskriuwer, pedagooch († 1942)
* [[Alfred Tarski]] (14 jannewaris 1901), [[logikus]]
* [[Miguel Najdorf]] (15 april 1910), Poalsk skaker († 1997)
* [[Benoît Mandelbrot]] (20 novimber 1924), wiskundige
* [[Krzysztof Kieslowski]] (27 juny 1941), filmregisseur († 1996)
* [[Krzysztof Nowak]] (27 septimber 1975), Poalsk fuotballer († 2005)
* [[Michał Żewłakow]] (22 april 1976), fuotballer
== Keppeling om utens ==
* [http://www.e-warsaw.pl/index.php Offisjele webstee]
{{Boarnen|boarnefernijing=
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Warschau}}
}}
{{Koördinaten|52_13_48_N_21_00_39_E_region:NL_type:building|52° 13' NB 21° 00' EL}}
[[Kategory:Plak yn Poalen]]
[[Kategory:Plak yn woiwodskip Mazoovje]]
[[Kategory:Haadstêd yn Jeropa]]
fy2kvhtp55w7p0qvxblnl0moci9qbel
Wilamowice
0
21908
1229804
1229774
2026-05-11T01:37:42Z
Kneppelfreed
2013
[[]]
1229804
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks plak (2026)
| namme = Wilamowice<br><small>''Wilmesau''</small>
| oarspronklike_namme = Wymysoü
| ôfbylding = Wilamowice pow. bielski Kościół pw. Przenajświętszej Trójcy (1).jpg
| ôfbyldingstekst = Trije-ienheidstsjerke
| flagge =
| wapen = POL Wilamowice COA.svg
| lân = [[Ofbyld:Flag of Poland.svg|20px]]
| bestjoerlike ienheid 1 = Woiwodskip
| namme bestjoerlike ienheid 1 = [[Sileezje (woiwodskip)|Sileezje]]
| bestjoerlike ienheid 2 = Powiat
| namme bestjoerlike ienheid 2 = [[Bielsko-Biała (powiat)|Bielsko]]
| boargemaster =
| ynwennertal = 3.167 <small>(2024)</small><ref>[https://stat.gov.pl/en/topics/population/population/area-and-population-in-the-territorial-profile-in-2024,4,18.html GUS (Poalsk Buro foar de Statistyk)]</ref>
| oerflak = 10,41 km²
| befolkingstichtens = 304 ynw./km²
| hichte = 270 m
| stifting = 13e iuw<br>(stedsrjochten 1818)
| postkoade = 43-330
| netnûmer = +48 33
| tiidsône = UTC+1
| simmertiid = UTC+2
| webside = [https://www.wilamowice.pl www.wilamowice.pl]
| mapname = Poalen
| lat_deg = 49 | lat_min = 55 | lat_sec = 00 | lat_dir = N
| lon_deg = 19 | lon_min = 09 | lon_sec = 00 | lon_dir = E
| tekst by posysjekaart = Lokaasje fan Wilamowice yn Poalen
}}
'''Wilamowice''' (Wilmesau) is in [[List fan Poalske stêden|stêd]] yn it [[Poalen|Poalske]] [[woiwodskip]] [[Sileezje (woiwodskip)|Sileezje]] yn 'e [[powiat]] [[Bielsko-Biała (powiat)|Bielsko]] yn 'e [[gmina]] Wilamowice. It oerflak beslacht 10,41 km².
== Skiednis ==
It plak waard foar it earst [[1325]] neamd as ''Novovilamowicz''. De stêd waard yn 'e rin fan 'e jierren fan 'e [[Dútslân|Dútske]] ''[[Eastkolonisaasje|Ostsiedlung]]'' stifte en befolke. De emigranten kamen neffens de oerlevering út [[Flaanderen]], [[Fryslân]], [[Hollân]] en [[Skotlân]]. Sûnt de [[15e iuw]] wie plak bekend ûnder twa [[Dútsk]]e nammen: Wilmeshau en Wilmesdorf. De plaknamme is noch faak feroare, mar ein [[18e iuw]] wie it meast Wilmesau. Mei troch [[endogamy]] en it geografysk isolemint fan 'e stêd yn in fierders [[Poalsk]]talige krite [[Bielsko-Biała]], ûntjoech him dêr in pleatslik dúdlik te ûnderskieden kultuer mei eigen gebrûken, in eigen dracht en in eigen dialekt, dat oant de [[Twadde Wrâldkriich]] brûkt waard.
== Twadde Wrâldkriich en de neisleep ==
De nazy-ynvaazje yn 1939 feroare de sosjale oarder folslein. In soad ynwenners fan Wilmesau waarden op 'e ''[[Deutsche Volksliste]]'' set. Hoewol't dy registraasje troch de besetter faak ôftwongen waard by sawol de Wilamowytsers as etnyske Poalen yn 'e regio Bielsko-Biała, hie it nei de oarloch grutte gefolgen.
Mei de komst fan it [[Reade Leger]] yn 1945 en it nije Poalske [[Kommunisme|kommunistyske]] bestjoer, briek in drege tiid oan. De ekonomyske rykdom fan 'e stêd hie foar in soad oergeunst soarge by de Poalske befolking út de omlizzende doarpen. Mei tastimming fan 'e nije autoriteiten waarden tal fan famyljes út Wilamowice fan harren pleatsen en hiemen ferdreaun troch harren eigen buorlju, dy't de ''Volksliste'' as ferlechje brûkten foar de besitsoername. Dat de befolking net folslein ferdreaun waard út de regio, hie te krijen mei it berop fan 'e bewenners op harren Nederlânske komôf; hja oertsjûgen de autoriteiten dat hja gjin Dútsers wiene, mar fan Flaamsk-Nederlânske oarsprong. Nettsjinsteande dat de pleatslike taal ferbean waard yn it ramt fan in strange ferpoalsking oant 1956, wurdt der hjoed-de-dei noch altiten in foarm fan it [[Wilamowytsersk]] sprutsen, al stiet de taal op it punt fan útstjerren.<ref>Vgl. Tomasz Wicherkiewicz: [http://books.google.com/books?id=LuPGek6L4gIC&printsec=frontcover&client=firefox-a&hl=de&source=gbs_v2_summary_r&cad=0#v=onepage&q=&f=false ''The making of a language: the case of the idiom of Wilamowice, southern Poland.'' 2003]</ref>
== Ferneamde lju út Wilamowice ==
* [[Józef Bilczewski]] (1860–1923) - aartsbiskop fan [[Lwów]]
* [[Florian Biesik]] (1849–1926) - skriuwer
{{boarnen|boarnefernijing=
* [https://www.cambridge.org/core/journals/european-review/article/awakeningthe-language-and-speakers-community-of-wymysioerys/344D725FB56D4E46AF76E2A7DB66CAD9 Cambridge University Press.]]
<references/>
----
{{Commonscat|Wilamowice}}
}}
{{Koördinaten|49_55_0_N_19_09_0_E_type:city_zoom:13_region:PL|49° 55' NB, 19° 09' EL}}
[[Kategory:Plak yn Poalen]]
[[Kategory:Plak yn woiwodskip Sileezje]]
[[Kategory:Wilamowytsersen]]
[[Kategory:Plak stifte yn de 14e iuw]]
8ox5cbfxjuiea59k69zegwhrq4vsn54
1229805
1229804
2026-05-11T01:40:38Z
Kneppelfreed
2013
Wilamowytserske namme tafoege
1229805
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks plak (2026)
| namme = Wilamowice<br><small>''Wilmesau''<br> ''Wymysoü''</small>
| oarspronklike_namme = Wymysoü
| ôfbylding = Wilamowice pow. bielski Kościół pw. Przenajświętszej Trójcy (1).jpg
| ôfbyldingstekst = Trije-ienheidstsjerke
| flagge =
| wapen = POL Wilamowice COA.svg
| lân = [[Ofbyld:Flag of Poland.svg|20px]]
| bestjoerlike ienheid 1 = Woiwodskip
| namme bestjoerlike ienheid 1 = [[Sileezje (woiwodskip)|Sileezje]]
| bestjoerlike ienheid 2 = Powiat
| namme bestjoerlike ienheid 2 = [[Bielsko-Biała (powiat)|Bielsko]]
| boargemaster =
| ynwennertal = 3.167 <small>(2024)</small><ref>[https://stat.gov.pl/en/topics/population/population/area-and-population-in-the-territorial-profile-in-2024,4,18.html GUS (Poalsk Buro foar de Statistyk)]</ref>
| oerflak = 10,41 km²
| befolkingstichtens = 304 ynw./km²
| hichte = 270 m
| stifting = 13e iuw<br>(stedsrjochten 1818)
| postkoade = 43-330
| netnûmer = +48 33
| tiidsône = UTC+1
| simmertiid = UTC+2
| webside = [https://www.wilamowice.pl www.wilamowice.pl]
| mapname = Poalen
| lat_deg = 49 | lat_min = 55 | lat_sec = 00 | lat_dir = N
| lon_deg = 19 | lon_min = 09 | lon_sec = 00 | lon_dir = E
| tekst by posysjekaart = Lokaasje fan Wilamowice yn Poalen
}}
'''Wilamowice''' ([[Wilamowytsersk]]: ''Wymysoü'', [[Dútsk]]: ''Wilmesau'') is in [[List fan Poalske stêden|stêd]] yn it [[Poalen|Poalske]] [[woiwodskip]] [[Sileezje (woiwodskip)|Sileezje]] yn 'e [[powiat]] [[Bielsko-Biała (powiat)|Bielsko]] yn 'e [[gmina]] Wilamowice. It oerflak beslacht 10,41 km².
== Skiednis ==
It plak waard foar it earst [[1325]] neamd as ''Novovilamowicz''. De stêd waard yn 'e rin fan 'e jierren fan 'e [[Dútslân|Dútske]] ''[[Eastkolonisaasje|Ostsiedlung]]'' stifte en befolke. De emigranten kamen neffens de oerlevering út [[Flaanderen]], [[Fryslân]], [[Hollân]] en [[Skotlân]]. Sûnt de [[15e iuw]] wie plak bekend ûnder twa [[Dútsk]]e nammen: Wilmeshau en Wilmesdorf. De plaknamme is noch faak feroare, mar ein [[18e iuw]] wie it meast Wilmesau. Mei troch [[endogamy]] en it geografysk isolemint fan 'e stêd yn in fierders [[Poalsk]]talige krite [[Bielsko-Biała]], ûntjoech him dêr in pleatslik dúdlik te ûnderskieden kultuer mei eigen gebrûken, in eigen dracht en in eigen dialekt, dat oant de [[Twadde Wrâldkriich]] brûkt waard.
== Twadde Wrâldkriich en de neisleep ==
De nazy-ynvaazje yn 1939 feroare de sosjale oarder folslein. In soad ynwenners fan Wilmesau waarden op 'e ''[[Deutsche Volksliste]]'' set. Hoewol't dy registraasje troch de besetter faak ôftwongen waard by sawol de Wilamowytsers as etnyske Poalen yn 'e regio Bielsko-Biała, hie it nei de oarloch grutte gefolgen.
Mei de komst fan it [[Reade Leger]] yn 1945 en it nije Poalske [[Kommunisme|kommunistyske]] bestjoer, briek in drege tiid oan. De ekonomyske rykdom fan 'e stêd hie foar in soad oergeunst soarge by de Poalske befolking út de omlizzende doarpen. Mei tastimming fan 'e nije autoriteiten waarden tal fan famyljes út Wilamowice fan harren pleatsen en hiemen ferdreaun troch harren eigen buorlju, dy't de ''Volksliste'' as ferlechje brûkten foar de besitsoername. Dat de befolking net folslein ferdreaun waard út de regio, hie te krijen mei it berop fan 'e bewenners op harren Nederlânske komôf; hja oertsjûgen de autoriteiten dat hja gjin Dútsers wiene, mar fan Flaamsk-Nederlânske oarsprong. Nettsjinsteande dat de pleatslike taal ferbean waard yn it ramt fan in strange ferpoalsking oant 1956, wurdt der hjoed-de-dei noch altiten in foarm fan it [[Wilamowytsersk]] sprutsen, al stiet de taal op it punt fan útstjerren.<ref>Vgl. Tomasz Wicherkiewicz: [http://books.google.com/books?id=LuPGek6L4gIC&printsec=frontcover&client=firefox-a&hl=de&source=gbs_v2_summary_r&cad=0#v=onepage&q=&f=false ''The making of a language: the case of the idiom of Wilamowice, southern Poland.'' 2003]</ref>
== Ferneamde lju út Wilamowice ==
* [[Józef Bilczewski]] (1860–1923) - aartsbiskop fan [[Lwów]]
* [[Florian Biesik]] (1849–1926) - skriuwer
{{boarnen|boarnefernijing=
* [https://www.cambridge.org/core/journals/european-review/article/awakeningthe-language-and-speakers-community-of-wymysioerys/344D725FB56D4E46AF76E2A7DB66CAD9 Cambridge University Press.]]
<references/>
----
{{Commonscat|Wilamowice}}
}}
{{Koördinaten|49_55_0_N_19_09_0_E_type:city_zoom:13_region:PL|49° 55' NB, 19° 09' EL}}
[[Kategory:Plak yn Poalen]]
[[Kategory:Plak yn woiwodskip Sileezje]]
[[Kategory:Wilamowytsersen]]
[[Kategory:Plak stifte yn de 14e iuw]]
j5xie0hmxq51nvvlu3olyx2o188bd6t
List fan keningen fan de Nederlannen
0
30993
1229784
851701
2026-05-10T21:15:42Z
Hurkonides
5270
1229784
wikitext
text/x-wiki
Dit is in '''list fan [[kening (titel)|keningen]] fan de [[Nederlannen]]''' wie [[Willem I fan de Nederlannen|Willem I]], soan fan [[steedhâlder]] [[Willem V fan Oranje-Nassau|Willem V]]. Hy regearre oer it [[Feriene Keninkryk fan de Nederlannen]] fan de oprjochting yn [[1815]] ôf oant de ûnôfhinklikens fan it [[Belgje|Keninkryk Belgje]] yn [[1830]] (sels erkende er de ûnôfhinklikheid fan Belgje earst yn [[1839]]), en bleau Kening fan de Nederlannen oant 1840.
De keningen fan it [[Keninkryk fan de Nederlannen]] binne grûnwetlik de wettige opfolgers fan boppeneamde Willem I, [[Prins fan Oranje-Nassau]].
== List ==
Offisjeel is de namme fan it Nederlânske regearjend hûs altyd Oranje-Nassau bleaun, mar histoarysk sjoen heart [[Juliana fan de Nederlannen|keninginne Juliana]] ta it hûs Mecklenburg troch har heit en [[Beatrix fan de Nederlannen|keninginne Beatrix]] ta it hûs Lippe troch har heit. De hjoeddeiske Kening [[Willem-Alexander fan de Nederlannen|Willem-Alexander]] is feitlik in fan Amsberg.
===Hûs Oranje-Nassau===
{| class="wikitable"
! style="background:#ffdead;" | Nr.
! style="background:#ffdead;" colspan=2 | Kening
! style="background:#ffdead;" | Perioade
! style="background:#ffdead;" | Man/frou
|-
| 1 || [[Ofbyld:Willem I in kroningsmantel.jpg|100px]] || [[Willem I fan de Nederlannen|Willem I]] || [[1815]] - [[1840]] || Prinsesse [[Wilhelmina fan Prusen (1774-1837)|Wilhelmina fan Prusen]] ([[1815]]-[[1837]]), dochter fan kening [[Frederik Willem II fan Prusen]].
|-
| 2 || [[Ofbyld:WillemIINL3.jpg|100px]] || [[Willem II fan de Nederlannen|Willem II]] || [[1840]] - [[1848]] || Grutfoarstinne [[Anna Paulowna fan Ruslân]], dochter fan tsaar [[Paul I fan Ruslân]].
|-
| 3 || [[Ofbyld:Portrait of King Willem III of the Netherlands, Nicolaas Pieneman (1856).jpg|100px]] || [[Willem III fan de Nederlannen|Willem III]] || [[1849]] - [[1890]] || Prinsesse [[Sophie fan Württemberg]] ([[1839]]-[[1877]]), dochter fan kening [[Willem I fan Württemberg]] <br> Prinsesse [[Emma fan Waldeck-Pyrmont]] ([[1879]]-[[1890]]), dochter fan foarst [[George Victor fan Waldeck-Pyrmont]].
|-
| 4 || [[Ofbyld:Wilhelmina of the Netherlands, 1909.jpg|100px]] || [[Wilhelmina fan de Nederlannen|Wilhelmina]] || [[1890]] - [[1948]] || Hartoch [[Hendrik fan Mecklenburg-Schwerin]], soan fan gruthartoch [[Frederik Frans II fan Mecklenburg-Schwerin]]
|-
|}
===Hûs Mecklenburg-Schwerin (Oranje-Nassau)===
{| class="wikitable"
! style="background:#ffdead;" | Nr.
! style="background:#ffdead;" colspan=2 | Kening
! style="background:#ffdead;" | Perioade
! style="background:#ffdead;" | Man/frou
|-
| 5 || [[Ofbyld:1971--05-27 Galavoorstelling Death in Venice retouched.jpg|100px]] || [[Juliana fan de Nederlannen|Juliana]] || [[1948]] - [[1980]] || Prins [[Bernhard fan Lippe-Biesterfeld]].
|-
|}
===Hûs Lippe-Biesterfeld (Oranje-Nassau)===
{| class="wikitable"
! style="background:#ffdead;" | Nr.
! style="background:#ffdead;" colspan=2 | Kening
! style="background:#ffdead;" | Perioade
! style="background:#ffdead;" | Man/frou
|-
| 6 || [[Ofbyld:Beatrix05.jpg|100px]] || [[Beatrix fan de Nederlannen|Beatrix]] || [[1980]] - [[2013]] || Jonkhear [[Claus fan Amsberg]].
|-
|}
===Hûs fan Amsberg (Oranje-Nassau)===
{| class="wikitable"
! style="background:#ffdead;" | Nr.
! style="background:#ffdead;" colspan=2 | Kening
! style="background:#ffdead;" | Perioade
! style="background:#ffdead;" | Man/frou
|-
| 7 || [[Ofbyld:Willem-Alexander, Prince of Orange cropped.jpg|100px]] || [[Willem-Alexander fan de Nederlannen|Willem-Alexander]] || [[2013]] - no || [[Máxima Zorreguieta|Maxima]]
|-
|}
{| class="wikitable" style="float:right"
|<timeline>
ImageSize = width:400 height:180
PlotArea = left: 12 right:12 top:12 bottom:22
TimeAxis = orientation:horizontal
AlignBars = justify
DateFormat = yyyy
Period = from:1800 till:2014
ScaleMajor = unit:year increment:50 start:1800
PlotData =
width:20
bar:1 from:1815 till:1840 color:redorange shift:(0,-4) text: [[Kening Willem I|Willem I]]
bar:2 from:1840 till:1848 color:redorange shift:(0,-4) text: [[Kening Willem II|Willem II]]
bar:3 from:1848 till:1890 color:redorange shift:(0,-4) text: [[Kening Willem III|Willem III]]
bar:4 from:1890 till:1898 color:yelloworange shift:(0,-4) text: [[Koninginne Emma|Emma (regintes)]]
bar:5 from:1890 till:1948 color:redorange shift:(0,-4) text: [[Wilhelmina fan de Nederlannen|Wilhelmina]]
bar:6 from:1948 till:1980 color:redorange shift:(0,-4) text: [[Juliana fan de Nederlannen|Juliana]]
bar:7 from:1980 till:2013 color:redorange shift:(0,-4) text: [[Beatrix fan de Nederlannen|Beatrix]]
bar:8 from:2013 till:2014 color:redorange shift:(0,-4) text: [[Willem-Alexander fan de Nederlannen|Willem-Alexander]]
</timeline>
|}
{{clear}}
==Sjoch ek==
*[[list fan gemalen fan keningen fan de Nederlannen]]
[[Kategory:Kening fan Nederlân| ]]
[[Kategory:Nederlânsk keningshûs]]
[[Kategory:List fan hearskers|Nederlan]]
9eif62ekzpc1v4yat08jl3f6if81sig
Riekele Prins
0
31172
1229778
1041105
2026-05-10T15:51:20Z
Ronn
1062
Ofbyld
1229778
wikitext
text/x-wiki
[[Ofbyld:Midwinter in Groningerland (1948) van Riekele Prins.jpg|thumb|Midwinter in Groningerland (1948)]]
'''Riekele Prins''' ([[Kollumersweach]], [[25 april]] [[1905]] - [[Grinslân]] [[14 maaie]] [[1953]]) wie in autodidaktysk etser fan lânskippen. Hy makke drûge nille-etsen (-gravueres ), eins allinnich lânskipsetsen út Fryslân en Grinslân. In inkele kear steane der ek fûgels op. Yn syn realistyske wurk libbet natoerleafde en ferwûndering.
Yn 1952 krige er de [[Kulturele priis fan de provinsje Grinslân]].
{{boarnen|boarnefernijing=
* [http://www.riekeleprins.nl/index.php?option=com_content&task=view&id=22&Itemid=31 Oer Riekele Prins]
*{{EvF|Adama, Lollius}}
}}
{{DEFAULTSORT:Prins, Riekele}}
[[Kategory:Frysk etser]]
[[Kategory:Nederlânsk etser]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne yn Kollumersweach]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1905]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1953]]
4vk8x2zd3h79yw0v4udjb21qd57taxd
1229780
1229778
2026-05-10T16:39:25Z
Drewes
2754
wurk
1229780
wikitext
text/x-wiki
{{wurk}}
'''Riekele Prins''' ([[Kollumersweach]], [[25 april]] [[1905]] - [[Grinslân]] [[14 maaie]] [[1953]]) wie in autodidaktysk etser fan lânskippen. Hy makke drûge nille-etsen (-gravueres ), eins allinnich lânskipsetsen út Fryslân en Grinslân. In inkele kear steane der ek fûgels op. Yn syn realistyske wurk libbet natoerleafde en ferwûndering.
Yn 1952 krige er de [[Kulturele priis fan de provinsje Grinslân]].
== Galery ==
<gallery heights="200" widths="200">
Ofbyld:Midwinter in Groningerland (1948) van Riekele Prins.jpg|Midwinter in Groningerland (1948)
Riekele Prins - Huizen in Brugge, RP-P-1941-69.jpg|Huizen in Brugge
Riekele Prins - Gezicht op het wad in Groningen, RP-P-1939-931.jpg|Gezicht op het wad in Groningen
Riekele Prins - Kerkje Fransum, RP-P-1944-2936.jpg|Kerkje Fransum
Riekele Prins - Verdronken land, RP-P-2010-221-2365.jpg|Verdronken land
</gallery>
{{boarnen|boarnefernijing=
* [http://www.riekeleprins.nl/index.php?option=com_content&task=view&id=22&Itemid=31 Oer Riekele Prins]
*{{EvF|Adama, Lollius}}
}}
{{DEFAULTSORT:Prins, Riekele}}
[[Kategory:Frysk etser]]
[[Kategory:Nederlânsk etser]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne yn Kollumersweach]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1905]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1953]]
lirds53fsec3pijjhi1395t4g7cfetd
1229781
1229780
2026-05-10T16:58:39Z
Drewes
2754
wurk
1229781
wikitext
text/x-wiki
{{wurk}}
{{Ynfoboks keunstner
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| echte namme =
| nasjonaliteit = {{NEDnasj}}
| berne = [[25 april]] [[1905]]
| berteplak = [[Kollumersweach]]
| stoarn = [[14 maaie]] [[1953]]
| stjerplak = [[Grins (stêd)|Grins]]
| etnisiteit = {{FRLetn}}
| regionale identiteit =
| wurksum as = etser, skilder, tekener
| perioade =
| streaming =
| medium =
| bekendste wurk(en) =
| jierren aktyf =
| prizen =
| webside = https://www.riekeleprins.nl/ <br> [https://research.rkd.nl/nl/detail/https%3A%2F%2Fdata.rkd.nl%2Fartists%2F64885 RKD-profyl]
}}
'''Riekele Prins''' ([[Kollumersweach]], [[25 april]] [[1905]] - [[Grins (stêd)|Grins]] [[14 maaie]] [[1953]]) wie in autodidaktysk etser fan lânskippen. Hy makke drûge nille-etsen (-gravueres ), eins allinnich lânskipsetsen út Fryslân en Grinslân. In inkele kear steane der ek fûgels op. Yn syn realistyske wurk libbet natoerleafde en ferwûndering.
Yn 1952 krige er de [[Kulturele priis fan de provinsje Grinslân]].
== Galery ==
<gallery heights="200" widths="200">
Ofbyld:Midwinter in Groningerland (1948) van Riekele Prins.jpg|Midwinter in Groningerland (1948)
Riekele Prins - Huizen in Brugge, RP-P-1941-69.jpg|Huizen in Brugge
Riekele Prins - Gezicht op het wad in Groningen, RP-P-1939-931.jpg|Gezicht op het wad in Groningen
Riekele Prins - Kerkje Fransum, RP-P-1944-2936.jpg|Kerkje Fransum
Riekele Prins - Verdronken land, RP-P-2010-221-2365.jpg|Verdronken land
</gallery>
== Literatuer ==
* [[Lykele Jansma]] (1982) ''Riekele Prins, etser van het Groninger landschap''.
{{boarnen|boarnefernijing=
* [http://www.riekeleprins.nl/index.php?option=com_content&task=view&id=22&Itemid=31 Oer Riekele Prins]
*{{EvF|Adama, Lollius}}
}}
{{DEFAULTSORT:Prins, Riekele}}
[[Kategory:Frysk etser]]
[[Kategory:Nederlânsk etser]]
[[Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf]]
[[Kategory:Persoan berne yn Kollumersweach]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1905]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1953]]
8vil3mn6hs1rsinuc9dwetizn4i26rk
Saturnus
0
43587
1229792
1225792
2026-05-10T22:44:02Z
Kwamikagami
929
/* Ringen */
1229792
wikitext
text/x-wiki
{{Universele ynfoboks planeet
| namme = Saturnus [[File:Saturn symbol (bold).svg|24px|♄]]
| ôfbylding = Saturn during Equinox.jpg
| ôfbyldingsbreedte = 260px
| ôfbyldingstekst = Foto fan Saturnus makke mei de Cassini Orbiter
| diameter = 120.536 (±8) km (ekwator)<br />108.728 (±20) km (polêr)
| massa = 5,685×10<sup>26</sup> [[kilogram|kg]]
| draaitiidas = 10:32 oant 10:47
| draaitiidsinne = 10.757,73 dagen (29,45 jier)
| ôfstântadesinne = 1,426×10<sup>9</sup> km
| skaalhichte = 59,5 km
| gearstalling = H<sub>2</sub>, [[Helium|He]]
| temperatuer = 134 K (−139 °C)
| symboal =
| type = Gasplaneet
| talmoannen = 62
}}
'''Saturnus''' (symboal: [[File:Saturn symbol (fixed width).svg|16px|♄]]) is fan de [[sinne]] ôf rekkene de seisde [[planeet]] yn ús [[sinnestelsel]] en op [[Jupiter (planeet)|Jupiter]] nei de grutste. Beide [[gasreus|gasreuzen]] binne saneamde '[[bûtenplaneten]]'. Saturnus is ferneamd nei de [[Romeinsk]]e [[god]] fan de lânbou, [[Saturnus (god)|Saturnus]].
Saturnus is al sûnt de prehistoarje bekend <ref>[http://www.nmm.ac.uk/server/show/conWebDoc.13852/viewPage/5 Observing Saturn. National Maritime Museum]</ref>.
== Karakteristiken ==
=== Gearstalling ===
De gearstalling fan Saturnus liket in soad op dy fan [[Jupiter (planeet)|Jupiter]]. Yn it sintrum sit in rotseftige kearn, dêromhinne in mantel fan floeiber [[metallysk wetterstof]], folge troch in laach fan molekulêr [[Wetterstof (elemint)|wetterstof]]. De temperatuer yn de kearn bedraacht 12 000 [[Kelvin (ienheid)|K]]. As gefolch fan it [[Kelvin-Helmholtz meganisme]] strielt Saturnus mear enerzjy út as't hy fan de sinne krijt. Dizze enerzjy útstrieling wurdt fersterke troch de wriuwingswaarmte dy't frijkomt as helium yn de mantel tsjin wetterstof botst.
Troch syn snelle [[Rotaasjie (natuerkunde)|rotaasje]] (10h 14m oan de evener, 10h 41m op hegere breedtegraden) is Saturnus nei de poalen ta frijwat ôfplatte en it ferskil tusken diameter tusken de poalen en de evener bedraacht hast 10% (120 536 km vs. 108 728 km). By oare (gasfoarmige) planeten docht dit ferskynsel him ek foar, mar nearne sa sterk as by Saturnus. In oar opmerklik feit oer Saturnus is dat de gemiddelde tichtheid mar 0,687 kg/l bedraacht: as ienige planeet in ús [[sinnestelsel]] is dit lytser as de tichtheid fan [[wetter]]. Ast in bak mei wetter hawwe soest dêr't Saturnus ynpasse soe, soe de planeet driuwen bliuwe.
=== Atmosfear ===
{| class="toccolours" style="float:right; margin-left: 1em; margin-bottem: 1em; font-size: 85%;"
! colspan=2 | Gearstalling atmosfear
|-
| [[Wetterstof (elemint)|Wetterstof]] (H<sub>2</sub>)
| 96 (±2) %
|-
| [[Helium]] (He)
| 3 (±2) %
|-
| [[Metaan]] (CH<sub>4</sub>)
| 0,4 (±0,2) %
|-
| [[wetter (stof)|wetterdamp]] (H<sub>2</sub>O)
| 0,1%
|-
| [[Ammoniak]] (NH<sub>3</sub>)
| 0,012 (±0,008) %
|-
| [[Etaan]] (C<sub>2</sub>H<sub>6</sub>)
| 0,0007 (±0,0002) %
|-
| [[Wetterstoffosfide]] (PH<sub>3</sub>)
| 0,0001%
|-
| [[Propaan]] (C<sub>3</sub>H<sub>8</sub>)
| spoaren
|-
| [[Asetyleen]] (C<sub>2</sub>H<sub>2</sub>)
| spoaren
|}
De [[atmosfear (astronomy)|atmosfear]] fan Saturnus bestiet foar mear as 93% uit [[Wetterstof (elemint)|wetterstof]] en foar wat mear as 5% út helium. It restearjende diel wurdt ynnomd troch [[metaan]], [[wetter (stof)|wetterdamp]], [[ammoniak]], [[etaan]], [[propaan]], [[asetyleen]] en [[wetterstoffosfide]] dy't sporadysk foarkomme.<br />
Op [[Ierde (planeet)|Ierde]] bestiet in dúdlike skieding tusken lân, wetter en atmosfear. Saturnus hat dêrfoaroer allinnich mar wetterstoflagen dy't fan in floeibere foarm djip yn de planeet stadichoan oergeane yn de gasfoarmige fariant dy't yn de atmosfear foarkomt, sûnder in dúdlike grins. Dit is in net wenstige situaasje dy't fuortkomt út de enoarme druk en temperatuer op Saturnus, neamd in [[superkritike tastân]]. As gefolch fan de ôfgryslike druk wurde de gassen dusdanich gearparse dat se, op it punt dêr't gewoanwei de oergong ferwachte wurdt, in tichtheid hawwe dy't noch altiten oerienkomt mei dy fan in floeistof. Saturnus hat dêrom gjin dúdlik planeetoerflak, mar wittenskippers brûke as referinsjepunt it punt dêr't de druk gelyk is oan 1 bar. Dit is oan de top fan it wolketek. Ut de romte wei sjoen fertoant de atmosfear fan Saturnus in patroan fan streken of bannen dat oerienkomsten fertoant mei Jupiter. It ferskil is lykwols dat de bannen fan Saturnus dizeniger binne en om de evender folle breder. Troch de [[Voyager 1]] waarden komplekse wolkestruktuerem waarnomd yn de atmosfear dy't fan de Ierde ôf net sichtber wiene. Op Saturnus waaie hurde [[stoarm (wyn)|stoarmen]], tichtby de evender berikke se yn de boppelagen fan de atmosfear snelheden oant 500 m/s.
== Ringstruktuer om Saturnus ==
=== Ringen ===
Alle [[gasreus|gasplaneten]] út ús sinnestelsel fertoane in systeem fan ringen, mar dat is pas op de ein fan de 20e iuw ûntdekt. It [[ringensysteem fan Saturnus]] is fierwei it opfallendst en ek folle earder waarnomd. Yn [[1610]] seach [[Galileo Galilei]] nei Saturnus en seach trije objekten ynstee fan ien. Fol fernuvering hâlde Galilei it der op dat de planeet twa hantfetten (''ansae'') hie. Doe't hy twa jiewr letter nochris seach wienen dizze ferdwûn wêrnei't se twa jier letter wer ferskynden, no dúdliker as ea. In heale iuw letter koe [[Christiaan Huygens]] tanksij de ferbettere teleskooptechnyk yn [[1655]] as earste befêstigje dat dizze ''ansae'' eins in ring om de planeet wie. Huygens beskreau in tinne platte ring dy't de planeet nearne rekke. Dit waard yn it earstoan mei wat sepsis ûntfongen, mar waard troch [[Richard Hooke]] en [[Giovanni Domenico Cassini|Giovanni Cassini]] befêstige.
[[Ofbyld:Saturn's rings in visible light and radio.jpg|thumb|center|upright=3|''ringen fan Saturnus yn it sichtbare ljocht- en radiospektrum]]
Cassini toande yn [[1675]] oan dat de ring yn werklikheid út twa ringen bestie, wêrtusken in skieding siet dy't letter de namme [[Cassiniskieding]] krige. Yn [[1858]] bewiisde [[James Maxwell|James Clerk Maxwell]] dat de ringen grús en stikjes rots befetsje moasten.
De lêste ynsichten binne dat it in stelsel is fan talleaze minime, ôfsûnderlike ringen mei smelle, lege ôfskiedingen tusken dizze ringen. De ringen binne gemiddeld mar sa'n 20 meter dik en besteane út iis en meteorytstofdieltsjes. It heule stelsel is konsintrysk, wat feroarsake wurdt troch de soad moantsjes fan Saturnus, dy't swiertekrêften ûndergeane en feroarsaakje.
Meidat Saturnus' ekwatoriale flak 2 kear per saturnusjier (30 ierdse jierren) dy fan ús krúst, ferdwine elke 15 jier de ringen foar inkele wiken út it sicht. Dit wurdt feroarsake meidat wy de ring dan fan de sydkant ôf sjogge en troch de minime dikte fan mar 20 meter. Op 11 augustus 2009 krúste it flak opnij en ferdwûn it werkenbere oansjen fan de planeet.<ref>[http://www.jpl.nasa.gov/news/features.cfm?feature=2263 Saturn to pull Celestial Houdini on August 11.]</ref>
{| class="toccolours" style="float:right; margin-left:1em; margin-bottem:1em; font-size:85%;"
! colspan=2 | Ringen fan Saturnus
|-
! Namme
! Binnen<br/>radius (km)
! Bûten<br/>radius (km)
! Breedte (km)
|-
| D-ring
| 67.000
| 74.500
| 7500
|-
| C-ring
| 74.500
| 92.000
| 17.500
|-
| B-ring
| 92.000
| 117.500
| 25.500
|-
| A-ring
| 122.200
| 136.800
| 14.600
|-
| R/2004 S1
| colspan="2" align="center" | 137.630
| (diffús)
|-
| R/2004 S2
| colspan="2" align="center" | 138.900
| (diffús)
|-
| F-ring
| 140.210
|
| 30 - 500
|-
| G-ring
| 165.800
| 173.800
| 8000
|-
| E-ring
| 180.000
| 480.000
| 300.000
|}
Allinnich de A-, B- en C-ring binne mei de amateur-teleskopen fan de ierde ôf te sjen. De D- en E-ring waarden respektyflik yn 1969 en 1967 fan de ierde ôf ûntdekt. De F- en G- ringen waarden op foto's fan de Voyager ekspedysjes waarnomd.
De F-ring hat in flochten struktuer en wurdt yn stân hâlden troch de [[hardermoanne|hardermoantsjes]] [[Prometeus (moanne)|Prometeus]] en [[Pandoara (moanne)|Pandora]].
R/2004 S1 is in hiele lytse ring tusken de A- en F-ring, yn de buert fan de baan fan [[Atlas (moannen)|Atlas]], dy't yn septimber 2004 troch it [[Cassini-Huygens]] team ûntdekt waard. Der moat lykwols noch neigien wurde oft dizze ring folslein en permanint is eardat hy in definitive oantsjutting krijt.
Op [[7 oktober]] [[2009]] publisearren wittenskippers de ûntdekking fan in mânske bûtenring mei in radius fan 13 miljoen kilometer, ofwol 200 kear de diameter fan de planeet sels. De ring is ûntdekt mei help fan de [[Spitzer Space Telescope|Spitzer romteteleskoop]]. Mei de ûntdekking is der no ek in reële teory oer de kleuring fan de moanne [[Iapetus (moanne)|Iapetus]], dy't oan ien side donkerkleurich is. Men giet der no fan út dat dizze ring dêrfoar ferantwurdlik is.
=== Skiedingen tusken de ringen ===
[[Ofbyld:Saturn eclipse.jpg|thumb|400px|''Saturnus fertsjustert de sinne, foto makke út de [[Cassini-Huygens]]-sonde wei op [[15 septimber]] [[2006]]. Op de grutte foto is krekt links fan de heldere A-ring de ierde te sjen as yts stipke.]]
De dúdlik waarnimbere romte tusken de A- en B-ring is bekend as de [[Cassiniskieding]] (4650 km breed) en wurdt feroarsake troch de moanne [[Mimas (moanne)|Mimas]].
Der bestiet noch in lytsere romte binnen de A-ring (de [[Enckeskieding]]). Dizze is folle minder goed te sjen. Se is mar 325 km breed en waard mooglik waarnomd yn [[1837]] troch [[Johann Encke]] mar pas mei sekerheid befêstige yn [[1888]] troch [[James Keeler]]. It moantsje [[Pan (moanne)|Pan]] (20 km grut) hat syn baan yn dizze skieding.
De Voyagers ûntdekten fierder noch lytsere skiedingen: de [[Maxwellskieding]] op 87.500 km ôfstân (270 km breed) en de [[Keelerskieding]] op 136.500 km ôfstân (35 km breed); dizze lêste wurdt iepenhâlden troch it moantsje [[Dafnis (moanne)|Dafnis]].
De stân fan de ringen sa't wy dy fan de ierde ôf observearje kinne makket in syklus troch fan 29,5 jier. De jierren dat wy op ierde yn it flak fan de ringen sieten ([[1612]], [[1671]]-[[1672]], [[1685]], [[1789]]-[[1790]], [[1848]]-[[1849]], [[1966]], [[1979]]-[[1980]]), hawwe yn it ferline fan belang west omdat op dat stuit it ljocht fan de ringen minimaal is en de kâns dêrtroch fergrutte dat men lytse, ljochtswakke moantsjes ûntdekke koe. In foarbyld hjirfan is de ûntdekking fan [[Janus (moanne)|Janus]] yn [[1966]] troch [[Audouin Dolfus]] fan it [[Observatoarium fan de Pic du Midi]] ôf.
== Moannen fan Saturnus ==
It falt net ta om in arbitrêre skieding te meitsjen tusken in lytse moanne en in grutte brok fan de ringen. Begjin 2007 wienen der 56 natuerlike moannnen en moantsjes bekend.
== Fierder lêze ==
* O'D. Alexander, A. F., ''The planet Saturn'', Faber and Faber, London 1962 ISBN 0-486-23927-6
* Gehrels, T. en Shapley Matthews, M. (red.) ''Saturn'', University of Arizona Press, Tucson, [[1984]]
* Karttunen, H., Kröger, P., e.a. ''Fundamental Astronomy'', New York: Springer, 5th edition, [[2007]], ISBN 3-540-34143-9.
* Lovett, L., Horvath, J., Cuzzi, J. ''Saturn: A New View'', New York: Harry N. Abrams, Inc., [[2006]] ISBN 0-8109-3090-0.
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
; Keppeling om utens
* {{en}} [http://nssdc.gsfc.nasa.gov/planetary/factsheet/saturnfact.html Saturnus Fact Sheet]
* {{en}} [https://www.nineplanets.org/ The Nine Planets]
* [http://photojournal.jpl.nasa.gov/target/Saturn Ofbyldings NASA]
* [http://saturn.jpl.nasa.gov/news/press-kits/cassini.pdf Saturnus]
}}
{{CommonsLyts|Saturn (planet)}}
[[Kategory:Planeet fan it Sinnestelsel]]
tgh1e8jmbjkr3kg4kde4c9gidaqt5h9
1229793
1229792
2026-05-10T22:44:15Z
Kwamikagami
929
/* Skiedingen tusken de ringen */

[[Ofbyld:Saturn eclipse.jpg|thumb|upright=2|''Saturnus fertsjustert de sinne, foto makke út de [[Cassini-Huygens]]-sonde wei op [[15 septimber]] [[2006]]. Op de grutte foto is krekt links fan de heldere A-ring de ierde te sjen as yts stipke.]]
De dúdlik waarnimbere romte tusken de A- en B-ring is bekend as de [[Cassiniskieding]] (4650 km breed) en wurdt feroarsake troch de moanne [[Mimas (moanne)|Mimas]].
Der bestiet noch in lytsere romte binnen de A-ring (de [[Enckeskieding]]). Dizze is folle minder goed te sjen. Se is mar 325 km breed en waard mooglik waarnomd yn [[1837]] troch [[Johann Encke]] mar pas mei sekerheid befêstige yn [[1888]] troch [[James Keeler]]. It moantsje [[Pan (moanne)|Pan]] (20 km grut) hat syn baan yn dizze skieding.
De Voyagers ûntdekten fierder noch lytsere skiedingen: de [[Maxwellskieding]] op 87.500 km ôfstân (270 km breed) en de [[Keelerskieding]] op 136.500 km ôfstân (35 km breed); dizze lêste wurdt iepenhâlden troch it moantsje [[Dafnis (moanne)|Dafnis]].
De stân fan de ringen sa't wy dy fan de ierde ôf observearje kinne makket in syklus troch fan 29,5 jier. De jierren dat wy op ierde yn it flak fan de ringen sieten ([[1612]], [[1671]]-[[1672]], [[1685]], [[1789]]-[[1790]], [[1848]]-[[1849]], [[1966]], [[1979]]-[[1980]]), hawwe yn it ferline fan belang west omdat op dat stuit it ljocht fan de ringen minimaal is en de kâns dêrtroch fergrutte dat men lytse, ljochtswakke moantsjes ûntdekke koe. In foarbyld hjirfan is de ûntdekking fan [[Janus (moanne)|Janus]] yn [[1966]] troch [[Audouin Dolfus]] fan it [[Observatoarium fan de Pic du Midi]] ôf.
== Moannen fan Saturnus ==
It falt net ta om in arbitrêre skieding te meitsjen tusken in lytse moanne en in grutte brok fan de ringen. Begjin 2007 wienen der 56 natuerlike moannnen en moantsjes bekend.
== Fierder lêze ==
* O'D. Alexander, A. F., ''The planet Saturn'', Faber and Faber, London 1962 ISBN 0-486-23927-6
* Gehrels, T. en Shapley Matthews, M. (red.) ''Saturn'', University of Arizona Press, Tucson, [[1984]]
* Karttunen, H., Kröger, P., e.a. ''Fundamental Astronomy'', New York: Springer, 5th edition, [[2007]], ISBN 3-540-34143-9.
* Lovett, L., Horvath, J., Cuzzi, J. ''Saturn: A New View'', New York: Harry N. Abrams, Inc., [[2006]] ISBN 0-8109-3090-0.
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
; Keppeling om utens
* {{en}} [http://nssdc.gsfc.nasa.gov/planetary/factsheet/saturnfact.html Saturnus Fact Sheet]
* {{en}} [https://www.nineplanets.org/ The Nine Planets]
* [http://photojournal.jpl.nasa.gov/target/Saturn Ofbyldings NASA]
* [http://saturn.jpl.nasa.gov/news/press-kits/cassini.pdf Saturnus]
}}
{{CommonsLyts|Saturn (planet)}}
[[Kategory:Planeet fan it Sinnestelsel]]
q92zbygacarb2dsh0j3au0sxdx8d5ll
Neptunus (planeet)
0
43595
1229795
1226927
2026-05-10T22:46:03Z
Kwamikagami
929
/* Untdekking fan Neptunus */
1229795
wikitext
text/x-wiki
[[Ofbyld:Neptune Full.jpg|thumb|''Neptunus, makke troch [[Voyager 2]]'' (echte kleuren)]]
'''Neptunus''' (symboal: [[File:Neptune symbol (fixed width).svg|16px|♆]]) is fan de [[sinne]] ôf sjoen de achtste [[planeet]] fan ús [[sinnestelsel]]. Neptunus is it fierst fan de sinne ôf fan de acht hjoeddeiske planeten. De planeet is ferneamd nei de [[Romeinske mytology|Romeinske]] [[Neptunus (godheid)|god fan de see]].
== Untdekking fan Neptunus ==
[[Ofbyld:Galileo.arp.300pix.jpg|left|thumb|upright|[[Galileo Galilei]]]]
De earste waarnimmings fan Neptunus waarden yn desimber [[1612]] en jannewaris [[1613]] dien troch [[Galileo Galilei]], doe't de planeet flak neist [[Jupiter (planeet)|Jupiter]] ferskynde. Mar omdat hy derfan útgie dat it in [[stjer (hemellichem)|stjer]] betrof, stiet de ûntdekking net op syn namme. Yn [[1821]] publisearre [[Alexis Bouvard]] tabellen fan de baan fan [[Uranus (planeet)|Uranus]], wêrby't hy ôfwikings (steuringen of [[perturbaasje]]s) opmerkte dy't allinnich troch in oare planeet feroarsake wurde koenen. Yn [[1843]] berekkenen [[John Couch Adams]] en [[Urbain Le Verrier]] ônôfhinklik fan elkoar de baan dy't dizze hypotetyske planeet beskriuwe soe, mar dizze waard troch [[George Airy]] as ûnmooglik ôfdien. Yn de simmer fan [[1846]] begûn [[James Challis]] skytskoarjend in nije syktocht nei de ûnbekende planeet. It wienen lykwols [[Johann Gottfried Galle|Johann Galle]] en [[Heinrich d'Arrest]] dy't de planeet op [[23 septimber]] 1846 foar it earst seagen, mar 1° fan it plak ôf dêr't Adams en Le Verrier har foarsein hiene. Letter realisearre Challis him dat hy yn augustus de planeet al twa kear waarnomd hienen, sûnder har te werkennen as de nije planeet. Op 12 july 2011 sil Neptunus in folsleine omrin om de sinne makke hawwe sûnt de ûntdekking fan de planeet yn 1846.
== Gearstallling ==
De opbou fan de [[iisreus (planeet)|iisreus]] Neptunus fertoant in soad oerienkomsten mei dy fan [[Uranus (planeet)|Uranus]]. De kearn bestiet út (raand) metaal en rots en dêromhinne sit in mantel fan stiente, [[wetter]], [[ammoniak]] en [[metaan]]. Nei bûten ta wurdt de mantel hieltiten floeiberder en giet úteinlik stadichoan oer yn de atmosfear.
== Atmosfear ==
[[Ofbyld:Neptune clouds.jpg|thumb|Neptunus wolken]]
Op gruttere hichten bestiet de [[Atmosfear (astronomy)|atmosfear]] fan Neptunus hast hielendal út [[Wetterstof (elemint)|wetterstof]] en [[helium]]. Leger wurdt der ek metaan, ammoniak en wetter oantroffen. De relatyf hege konsintraasje metaan yn de legere atmosfear feroarsaket de foar Neptunus karakteristike blauwe kleur. Oars as de atmosfear fan [[Uranus (planeet)|Uranus]], komme der op Neptunus wol grutte [[wolk]]eformaasjs foar. Oant [[1994]] kaam der in grutte donkere flek foar dy't fergelykber is mei de [[Grutte Reade Flek]] op [[Jupiter (planeet)|Jupiter]], mar letter is dy ferdwûn en ferskynde der in nijenien. Mei help fan de [[Hubble romteteleskoop]] binne yn de atmosfear fan Neptunus de heechste wynsnelheden fan it sinnestelsel mjitten dy't om de [[evener]] oprinne kinne nei 2000 km/o. Dizze [[stoarm (wyn)|stoarmen]] wurde grif feroarsake troch de waarmteútstrieling fan de planeet.
== Moannen en ringen om Neptunus ==
[[Ofbyld:PIA02202 Neptune's full rings.jpg|thumb|''Twa foto's fan [[Voyager 2]] mei ringen fan Neptunus'']]
De langst bekende moanne fan Neptunus is [[Triton (moanne)|Triton]], wêrfan it bestean al in moanne nei de ûntdekking fan de planeet ([[1846]]) befêstige waard. Pas yn [[1949]] waard troch [[Gerard Kuiper]] de twadde moanne [[Nereid (moanne)|Nereïde]] ûntdekt. Meiïnoar binne der yn 2004 16 moannen om Neptunus bekend.
{| class="wikitable" border="1" cellspacing="0" cellpadding="2"
|+ Natuerlike satelliten fan Neptunus
|- style="background:#efefef;"
! colspan="2" | Naam
! Middelline (km)
! Massa (10<sup>16</sup> kg)
! Striel fan de baan (km)
! Omrintiid<sup>*</sup> (d)
|-
| Neptunus III
| [[Naiad (moanne)|Naiad]]
|align="center"| 58
|align="right"| ~19
|align="right"| 48.227
|align="right"| 0,294396
|-
| Neptunus IV
| [[Thalassa (moanne)|Thalassa]]
|align="center"| 80
|align="right"| ~37
|align="right"| 50.075
|align="right"| 0,311484
|-
| Neptunus V
| [[Despina (moanne)|Despina]]
|align="center"| 148
|align="right"| ~210
|align="right"| 52.526
|align="right"| 0,334656
|-
| Neptunus VI
| [[Galatea (moanne)|Galatea]]
|align="center"| 158
|align="right"| ~370
|align="right"| 61.953
|align="right"| 0,428744
|-
| Neptunus VII
| [[Larissa (moanne)|Larissa]]
|align="center"| 193 (208 × 178)
|align="right"| ~490
|align="right"| 73.548
|align="right"| 0,554653
|-
| Neptunus VIII
| [[Proteus (moanne)|Proteus]]
|align="center"| 418 (436 × 416 × 402)
|align="right"| ~5000
|align="right"| 117.647
|align="right"| 1,122315
|-
| Neptunus I
| [[Triton (moanne)|Triton]]
|align="center"| 2707
|align="right"| 2,140.000
|align="right"| 354.800
|align="right"| –5,876579
|-
| Neptunus II
| [[Nereid (moanne)|Nereïde]]
|align="center"| 340
|align="right"| ~3100
|align="right"| 5.513.400
|align="right"| 360,135
|-
| Neptunus IX
| [[Halimede (moanne)|Halimede]]
|align="center"| 60
|align="right"| ~9
|align="right"| 15.728.000
|align="right"| –1879,71
|-
| Neptunus XI
| [[Sao (moanne)|Sao]]
|align="center"| 38
|align="right"| ~9
|align="right"| 22.422.000
|align="right"| 2914,07
|-
| Neptunus XII
| [[Laomedeia (moanne)|Laomedeia]]
|align="center"| 38
|align="right"| ~9
|align="right"| 23.571.000
|align="right"| 3167,85
|-
| Neptunus X
| [[Psamathe (moanne)|Psamate]]
|align="center"| 28
|align="right"| ~1.5
|align="right"| 46.695.000
|align="right"| –9115,91
|-
| Neptunus XIII
| [[Neso (moanne)|Neso]]
|align="center"| 60
|align="right"| ~9
|align="right"| 48.387.000
|align="right"| –9373,99
|}
<small><sup>*</sup> Neptunus roteart, fan syn noardpoal ôf sjoen, tsjin de wizers fan de klok yn. Ek de measte moannen bewege "linksom". In negative omrintiid jout in rotaasje oan dy't hjiroan tsjinsteld is ("rjochtsom").</small>
De earste fermoedens fan (ûnfolsleine) ringen om Neptunus ûntstienen healwei de [[1980-1989|jierren 80]]. Dizze fermoedens waarden yn [[1989]] troch waarnimmings fan de foarby fleanende romtesonde [[Voyager 2]] befêstige. De bûtenste ''Adams'' ring bestiet út fjouwer ôfsûnderlike bôgen dy't de nammen Liberty, Equality, Fraternity en Courage drage. Under ynfloed fan de moanne [[Galatea (moanne)|Galatea]] groeie dizze bôgen net út ta folsleine ringen. Mei de Voyager binne ek tichter by de planeet noch inkele ringen ûntdekt. Al dizze ringen binne tige smel en grif ûntstien nei it ynslaan fan meteoriten op de moannen. Der is yn 2004 in fiiftal ringen bekend dy't har befine op ôfstannen tusken 41.900 en 62.900 km fan it sintrum fan de planeet. Nije waarnimmings fan de ierde ôf yn 2005 wize derop dat de ringen fan Neptunus folle minder stabyl binne as't earder tocht waard. De ''Liberté'' ring ferdwynt mooglik binnen in iuw. <ref>[https://www.newscientist.com/channel/space/mg18524925.900 Neptunus ringen ferdwine (26 maart 2005)]. ''New Scientist''.</ref>
<center>
{| class="wikitable"
! Namme fan de ring !! Striel (km) !! Breedte (km) !! Oantekening
|-
| 1989 N3R ('Galle') || 41,900 || 15 || Ferneamd nei [[Johann Galle]]
|-
| 1989 N2R ('Leverrier') || 53,200 || 15 || Ferneamd nei [[Urbain Le Verrier]]
|-
| 1989 N4R ('Lassell') || 55,400 || 6 || Ferneamd nei [[William Lassell]]
|-
| Arago Ring || 57,600 || - || Ferneamd nei [[François Arago]]
|-
| Liberté Ring bôge || 62,900 || - || "Liedende" bôge
|-
| Égalité Ring bôge || 62,900 || - || "Ekwidistante" bôge
|-
| Fraternité Ring bôge || 62,900 || - || "Volgende" bôge
|-
| Courage Ring bôge || 62,900 || - ||
|-
| 1989 N1R ('Adams') || 62,930 || <50 || Ferneamd nei [[John Couch Adams]]
|}</center>
Guon [[planetoïde]]n hawwe deselde namme as de moannen fan Neptunus: [[74 Galatea]], [[1162 Larissa]]. [[Triton (moanne)|Triton]] hie gjin offisjele namme oant de 20e iuw. De namme wie yn [[1880]] foarsteld troch [[Camille Flammarion]], mar waard net algemien brûkt oant de lette jierren [[1930]]. Triton stie bekend as "de satellyt fan Neptunus", de twadde satellyt waard ommers pas yn [[1949]] ûntdekt.
== Ferkenning ==
[[Ofbyld:Voyager spacecraft.jpg|thumb|''Voyager 2'']]
Oant 2011 hat mar ien [[romtesonde]] yn de buert fan Neptunus west. De yn [[1977]] lansearre Voyager 2 passearde de planeet yn augustus 1989. By dizze missy hat de sonde foto's fan de planeet en de ringen nei de Ierde ta stjoerd en hat dêrnei it sinnestelsel ferlitten.
== Waarnimmen ==
Neptunus is net mei it bleate each te sjen, troch syn grutte ôfstân fan de sinne is hy net [[magnitude|helder]] genôch. Mei in [[fierrekiker]] en in sykkaartsje is Neptunus wol te finen, mar is net botte spektakulêr as "stjerke" fan de 8<sup>ste</sup> [[magnitude|grutte]]. Om him as blau skiifke sjen te kinnen is in frij grutte [[teleskoop (optika)|teleskoop]] fereaske. Mei in [[teleskoop (optika)|teleskoop]] is de planeet oant [[2012]] yn it [[stjerrebyld]] [[Stienbok (stjerrebyld)|Stienbok]] (''Capricornus'') sichtber as in blaugriene skiif dy't in soad liket op [[Uranus (planeet)|Uranus]].
{{Boarnen|boarnefernijing=
* {{en}} [http://nssdc.gsfc.nasa.gov/planetary/factsheet/neptunefact.html NASA's Neptune fact sheet]
* {{afbsite}} [http://photojournal.jpl.nasa.gov/target/Neptune Ofbylden NASA]
----
<references/>
}}
{{Topside}}
[[Kategory:Neptunus (planeet)| ]]
[[Kategory:Planeet fan it Sinnestelsel]]
j63091g4m3nb3soiaawwu18dlqwm5sd
1229797
1229795
2026-05-10T22:46:54Z
Kwamikagami
929
1229797
wikitext
text/x-wiki
[[Ofbyld:Neptune Voyager2 color calibrated.png|thumb|''Neptunus, makke troch [[Voyager 2]]'' (echte kleuren)]]

g7vlnwjn2tyh2uvm6qlwmfin2yh83o7
Tarnobrzeg
0
50115
1229777
987357
2026-05-10T13:59:29Z
RomkeHoekstra
10582
Ynfoboks fernijd, + kategory, artikel útwreide.
1229777
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks plak (2026)
| namme = Tarnobrzeg
| ôfbylding = 2014 Tarnobrzeg, Zamek Tarnowskich 01.JPG
| ôfbyldingstekst = Kastiel fan Tarnobrzeg
| flagge = POL Tarnobrzeg flag.svg
| wapen = POL Tarnobrzeg COA.svg
| lân = [[Ofbyld:Flag of Poland.svg|20px]] [[Poalen]]
| bestjoerlike ienheid 1 = Woiwodskip
| namme bestjoerlike ienheid 1 = [[Subkarpaten (woiwodskip)|Subkarpaten]]
| bestjoerlike ienheid 2 = Powiat
| namme bestjoerlike ienheid 2 = Stedsdistrikt
| boargemaster =
| ynwennertal = 43.224 <small>(2024)</small><ref>[https://stat.gov.pl/obszary-tematyczne/ludnosc/ludnosc/ludnosc-stan-i-struktura-ludnosci-oraz-ruch-naturalny-w-przekroju-terytorialnym-w-2024-r-stan-w-dniu-31-12,6,38.html GUS (Poalsk Buro foar de Statistyk)]</ref>
| oerflak = 85,6 km²
| befolkingstichtens = 506 ynw./km²
| koördinaten = {{Koördinaten|50_35_0_N_21_41_0_E_type:city_scale:50000_region:PL|50°35' NB, 21°41' EL}}
| hichte = 160 m
| stifting = 1593 (stedsrjochten foar 1680)
| postkoade = 39-400
| netnûmer = +48 15
| tiidsône = UTC+1
| simmertiid = UTC+2
| webside = [https://www.tarnobrzeg.pl www.tarnobrzeg.pl]
| mapname = Poalen
| lat_deg = 50 | lat_min = 35 | lat_sec = 00 | lat_dir = N
| lon_deg = 21 | lon_min = 41 | lon_sec = 00 | lon_dir = E
| tekst by posysjekaart = Lokaasje fan Tarnobrzeg yn Poalen
}}
'''Tarnobrzeg''' is in stêd yn it súdeasten fan [[Poalen]]. De stêd leit oan de rivier de [[Wisla]].
== Skiednis ==
Tarnobrzeg krige op 28 maaie 1593 stedsrjochten fan kening [[Sigismund III fan Poalen|Sigismund III Wasa]]. De stêd waard stifte troch de famylje Tarnowski en ûntjoech him as in religieus en strategysk sintrum, mei ûnder oaren in kleaster (1676) en it kastiel fan Dzików, dêr't kening [[Stanislaus Leszczyński]] yn 1734 besocht syn troan werom te winnen.
=== Eastenrykske tiid en de Republyk Tarnobrzeg ===
By de earste [[Poalske Dielingen|Poalske Dieling]] (1772) kaam de stêd ûnder [[Eastenryk-Hongarije|Eastenryksk]] bewâld. Yn 'e 19e iuw groeide it plak út ta in distriktstêd. Oan 'e ein fan 'e [[Earste Wrâldkriich]], yn novimber 1918, wie de stêd it toaniel fan in boere-opstân. Under lieding fan Tomasz Dąbal en Eugeniusz Okoń waard de sosjalistyske Republyk Tarnobrzeg útroppen, der't it leger begjin 1919 in ein oan makke.
[[Ofbyld:En 1910, 80 % des habitants de Tarnobrzeg étaient juifs,.jpg|thumb|left|Yn 1910 bestie 80 % fan 'e ynwenners fan Tarnobrzeg út joaden.]]
=== De Twadde Wrâldkriich ===
De [[Twadde Wrâldkriich]] betsjutte de ûndergong fan 'e grutte Joadske mienskip, dy't oan it begjin fan 'e 20e iuw noch 80% fan 'e befolking útmakke. Under de Dútske besetting waarden hja systematysk ferfolge, opsletten yn [[getto]]'s en wurkkampen, en hast allegear fermoarde yn 'e ferneatigingskampen. Dêrmei kaam in ein oan 'e Joadske mienskip dy't dêr sûnt de 16e iuw bestiet hie. Yn 1944 waard de stêd nei in swiere striid befrijd troch it [[Reade Leger]].
=== Swevel en moderne ûntwikkeling ===
In grutte feroaring kaam yn 1953 mei de ûntdekking fan grutte swevelfoarrieden. Tarnobrzeg groeide hurd troch de yndustry en de iepening fan 'e Machów-myn. Doe't de swevelwinning oan 'e ein fan 'e 20e iuw net mear út koe, waard de myn sluten. It ûnbidige gat is letter folrûn mei wetter en yn 1994 feroare yn 'e hjoeddeiske Tarnobrzeg-mar (Jezioro Tarnobrzeskie).
Tusken 1975 en 1998 wie de stêd de haadstêd fan it eigen woiwodskip Tarnobrzeg, foardat it by de herfoarming fan 1999 ûnderdiel waard fan it woiwodskip Subkarpaten.
== It besjen wurdich ==
=== Musea ===
It Histoarysk Museum fan 'e Stêd Tarnobrzeg ynformearret oer de rike skiednis fan 'e regio.
=== Bouwurken ===
* De Marije Magdalenatsjerke is in histoaryske tsjerke dy't op 'e 12e iuw weromgiet.
[[Ofbyld:Zespół klasztorny dominikanów w Tarnobrzegu 2024 z drona 2.jpg|thumb|left|Dominikaner kleaster.]]
* It Dominikaner kleaster waard yn 1676 stifte troch Jan en Zofia Tarnowski. It is ûntwurpen troch de arsjitekt Jan Michał Link.
* De skiednis fan it Kastiel fan Dzików giet werom op 'e 15e iuw, doe't it begûn as in wachttoer. Yn 'e 17e en 18e iuw waard it útwreide ta in residinsje. Yn 'e 19e iuw fûn der in grutte ferbouwing plak en waard it park deromhinne oanlein. Sûnt 1834 hie it kastiel in ferneamde keunstkolleksje mei wurken fan skilders út de 16e oant de 18e iuw. Ek wie der in bibleteek dy't oant 1939 in hânskreaun kopy fan it ferneamde Poalske epos Pan Tadeusz hie. Nei in grutte brân yn 1927 waard it kastiel yn 'e styl fan 'e iere barok wer opboud.
* It Jachtslot yn Mokrzyszów is in earder jachthûs dat hjoed-de-dei diel útmakket fan it kulturele erfgoed fan 'e stêd.
== Berne yn Tarnobrzeg ==
* [[Jehuda Ja'ari]] (1900-1981), Israelysk skriuwer
* [[Mariusz Kukiełka]] (*1976), fuotballer
* [[Max Beer (publisist)|Max Beer]] (1864-1943), publisist en histoarikus
{{Boarnen|boarnefernijing=
Dizze skiednis is foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [[:de:Tarnobrzeg]]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Tarnobrzeg}}
}}
[[Kategory:Plak yn Poalen]]
[[Kategory:Plak yn woiwodskip Subkarpaten]]
[[Kategory:Plak stifte yn 1593]]
sqy63a0erdjxso3xaf9iknh9rlwqh7w
Trojany
0
66812
1229782
1031480
2026-05-10T20:28:32Z
RomkeHoekstra
10582
Ynfoboks fernijd, + kt
1229782
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks plak (2026)
| namme =
| ôfbylding = Trojany województwo mazowieckie.JPG
| ôfbyldingstekst =
| flagge =
| wapen =
| lân = [[Ofbyld:Flag of Poland.svg|20px]] [[Poalen]]
| bestjoerlike ienheid 1 = Woiwodskip
| namme bestjoerlike ienheid 1 = [[Mazoovje (woiwodskip)|Mazoovje]]
| bestjoerlike ienheid 2 = Powiat
| namme bestjoerlike ienheid 2 = [[Wołomin (powiat)|Wołomin]]
| bestjoerlike ienheid 3 = Gmina
| namme bestjoerlike ienheid 3 = [[Dąbrówka (gmina)|Dąbrówka]]
| ynwennertal = 553 <small>(31.12.2023)</small><ref>[https://bip.dabrowka.net.pl/pliki/bilans_jednostek/raport_o_stanie_gminy/za_2023/Raport_o_stanie_2023.pdf PDF GMINA DĄBRÓWKA 2023]</ref>
| oerflak =
| befolkingstichtens =
| hichte = 105 m
| stifting =
| postkoade = 05-252
| netnûmer = +48 29
| tiidsône = UTC+1
| simmertiid = UTC+2
| webside =
| mapname = Poalen
| lat_deg = 52 | lat_min = 28 | lat_sec = 00 | lat_dir = N
| lon_deg = 21 | lon_min = 20 | lon_sec = 00 | lon_dir = E
| tekst by posysjekaart = Lokaasje fan Trojany yn Poalen
}}
'''Trojany''' is in [[doarp]] yn [[Poalen]] mei 553 ynwenners (2023). It plak leit yn it [[Mazoovje (woiwodskip)|Mazoovje]], sa'n 15 km noardeastlik fan [[Wołomin]] en 36 km noardeast fan [[Warsjau]].
Fan 1975 oant 1999 foel it doarp ûnder it woiwodskip Ostrołęka.
{{Boarnen|boarnefernijing=
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Trojany, Masovian Voivodeship}}
}}
[[Kategory:Plak yn Poalen]]
[[Kategory:Plak yn woiwodskip Mazoovje]]
6da36iqm6e50zlgbztik334acbkvogc
Penza
0
70708
1229806
1124608
2026-05-11T07:05:37Z
RomkeHoekstra
10582
stobbeberjocht ferwidere, wat útwreide mei skiednis fan Dútsk artikel, ynfoboks + posysjekaart.
1229806
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks plak (2026)
| namme = Penza<br><small>Пенза</small>
| ôfbylding = View of the Church of the Merciful Saviour, Penza.jpg
| ôfbyldingstekst = Utsjoch oer Penza fan de Spassky-katedraal ôf
| flagge = Flag of Penza.png
| wapen = Coat of Arms of Penza (Penza oblast) (1781).png
| lân = [[Ofbyld:Flag of Russia.svg|20px]] [[Ruslân]]
| bestjoerlike ienheid 1 = Oblast
| namme bestjoerlike ienheid 1 = [[Oblast Penza]]
| bestjoerlike ienheid 2 = Stedsdistrikt
| namme bestjoerlike ienheid 2 = Stêd fan regionaal belang
| boargemaster =
| ynwennertal = 492.376 <small>(2024)</small>
| oerflak = 304,6 km²
| befolkingstichtens = 1.616 ynw./km²
| koördinaten = {{Koördinaten|53_12_0_N_45_0_0_E_type:city_scale:100000_region:RU|53°12' NB, 45°00' EL}}
| hichte = 150 m
| stifting = 1663
| postkoade = 440000–440071
| netnûmer = +7 8412
| tiidsône = UTC+3
| simmertiid = UTC+3
| webside = [https://www.penza-gorod.ru www.penza-gorod.ru]
| mapname = Ruslân
| lat_deg = 53 | lat_min = 12 | lat_sec = 00 | lat_dir = N
| lon_deg = 45 | lon_min = 00 | lon_sec = 00 | lon_dir = E
| tekst by posysjekaart = Lokaasje fan Penza yn Ruslân
}}
'''Penza''' ([[Russysk]]: ''Пенза'') is in stêd yn [[Ruslân]], haadstêd fan de [[oblast]] [[Penza (oblast)|Penza]], op it [[Wolgaplato]] oan de rivier de [[Soera (rivier)|Soera]], in lytse 600 km súdeastlik fan [[Moskou]].
== Skiednis ==
Penza waard yn opdracht fan tsaar [[Aleksej I fan Ruslân|Aleksej Michailovitsj]] it jier 1663 stifte as ûnderdiel fan 'e fersterkings om it tsaardom oan 'e súdeastlike grins te beskermjen tsjin oanfallen fan 'e [[Krimtataren]]. Yn 1716 waard Penza in provinsjehaadstêd yn it gûvernemint Kazan en yn 1796 letter de haadstêd fan it gûvernemint Penza. Yn 1874 waard de stêd oansletten op it Russysk spoarnet.
Nei de Oktoberrevolúsje fan 1917 begûn de Russyske Boargeroarloch. Op 29 maaie 1918 waard de stêd troch kontrarevolúsjonêre troepen fan it [[Tsjechoslowaakske Legioen]] ûnder [[Stanislav Čeček]] ynnommen, dy't oan 'e kant fan 'e Komûtsj (Komitee fan Leden fan 'e Grûnwetlike Gearkomste) stiene. Nei twa dagen tôgen hja fierder, wêrtroch't it [[Reade Leger]] de kontrôle oer de stêd werom krije koe.
Doe't op 7 febrewaris 1939 troch ôfspjalting fan 'e oblast [[Tambov (oblast)|Tambov]] de oblast Penza ûntstie, waard de stêd oanwiisd as it bestjoerlike sintrum dêrfan.
Yn 'e [[Twadde Wrâldkriich]] leit Penza fier genôch yn it easten om bûten it berik fan Dútske troepen te bliuwen. Fabriken út stêden lykas [[Moskou]], [[Leningrad]] en [[Charkov]] ferhûzen nei de [[Operaasje Barbarossa|Dútske ynfal]] nei Penza en de stêd feroare yn in koart skoft tiid yn in grut yndustrieel sintrum foar de oarlochsproduksje. Ek waarden der in grut tal sikehûzen boud foar it fersoargjen fan ferwûne soldaten. Fan 1945 oant 1947 bestiene yn 'e stêd de kriichsfinzenekampen nûmer 161 en 399 foar Dútske, Roemeenske en Hongaarske kriichsfinzenen.
== Befolking ==
{| class="wikitable" style="text-align:right;"
! Jier
| 1897 || 1939 || 1959 || 1970 || 1979
|-
! Ynwennertal
| 59.981 || 159.776 || 255.481 || 373.650 || 482.916
|-
! Jier
| 1989 || 2002 || 2010 || 2020
|-
! Ynwennertal
| 542.612 || 518.025 || 517.311 || 509.513
|}
== Underwiis en kultuer ==
Penza is in regionaal sintrum foar heger ûnderwiis. Der binne fiif universiteiten, wêrûnder in technyske en in lânbou-universiteit, en ferskate hegeskoallen, wêrûnder in ekonomyske hegeskoalle en in opliedingsynstitút foar artillery-ingenieurs. Dernjonken hat de stêd trije teäters en fjouwer museä.
== Berne yn Penza ==
*[[Vsevolod Meyerhold]], regisseur en akteur
*[[Vsevolod Poedovkin]], regisseur en filmteoretikus
*[[Viktor Boerajev]] (1982), atleet
*[[Sergej Peroenin]] (19 july 1988), swimmer
{{CommonsBalke|Penza}}
[[Kategory:Plak yn Penza (oblast)]]
[[Kategory:Plak stifte yn 1663]]
cj3noa7hepxyn9lsjjq7w28dwrcjt5j
Sytse Hotzes Buwalda
0
70987
1229783
1171739
2026-05-10T21:14:33Z
Hurkonides
5270
1229783
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks skriuwer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| oar pseudonym =
| echte namme = Sytse Hotzes Buwalda
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the Netherlands.svg|20px]] [[Nederlân]]sk
| berne = [[10 febrewaris]] [[1943]]
| berteplak = [[Sint-Jabik]] ([[Fryslân]])
| stoarn =
| stjerplak =
| etnisiteit = [[File:Flag of Het Bildt.svg|20px]] [[Bilkerts|Biltsk]]
| taal = [[Biltsk]], [[Nederlânsk]]
| sjenre = [[non-fiksje]] <small>([[taalkunde]], [[skiednis]])</small>, <br>[[oersetting]]s
| perioade =
| streaming =
| tema's =
| bekendste wurk(en) = ''D'r waar 's 'n Oud Wify'' <br>''Hoe Skrive Wy 't in 't Bildts'' <br>''Woordeboek fan 't Bildts''
| útjouwer =
| prizen =
| jierren aktyf = [[1980]] – no
| webside = ''gjint''
}}
'''Sytse Hotzes Buwalda''' ([[Sint-Jabik]], [[10 febrewaris]] [[1943]]) is in [[Fryslân|Frysk]] [[taalkundige]], [[publisist]] en [[oersetter]], dy't him benammentlik taleit op artikels en oare publikaasjes oer syn memmetaal, it [[Biltsk]], en oer de bredere [[skiednis]] en [[kultuer]] fan [[it Bilt]].
==Libben==
Buwalda is de soan fan [[Hotze Sytses Buwalda]] ([[1915]]-[[1994]]), dy't yn 'e midden fan 'e [[tweintichste iuw]] in krúsjale rol spile by de ferheffing fan it Biltsk fan útslutend in sprektaal ta in skriuwtaal. Sytse Hotzes Buwalda wie mei syn heit belutsen by de gearstalling fan it earste Biltske [[wurdboek]], dat nei syn heite ferstjerren yn [[1996]] troch de [[Fryske Akademy]] publisearre wie ûnder de titel ''Woordeboek fan 't Bildts''. Yn [[2013]] brocht er [[yn eigen behear]] in ferbettere en oanfolle twadde [[edysje]] út, nei't er spul krigen hie mei de [[Stichting Ons Bildt]].
Njonken syn wurk op it mêd fan 'e [[taalkunde]] hat Buwalda ek ferskate [[berneboek]]en oerset yn it Biltsk. Yn [[2018]] ferskynde fan him en âld-[[learaar]] Arjen Dijkstra ''[[De Skimmelruter#Biltske oersetting|De Skimmelrútter]]'', de oersetting fan 'e [[roman]] ''[[Der Schimmelreiter]]'', út [[1888]], fan 'e [[Noard-Fryslân|Noardfryske]] [[skriuwer]] [[Theodor Storm]]. Dêr wie Buwalda al yn [[1972]] mei úteinset, en letter hie Dijkstra it foar him ôfmakke. De oersetting wie lykwols lizzen bleaun, en Dijkstra wie yn [[2016]] kommen te [[ferstjerren]]. It projekt [[LF2018|Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018]] wie foar Buwalda oanlieding om, y.g.m. [[Leendert Ferwerda]], de oersetting nochris op 'e nij te besjen en te publisearjen.<ref>{{Aut|Grosse, Maria del}}, ''Bildtse vertaling van boek "De Stormruiter" is na 46 jaar af'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 23 febrewaris 2018, s. 26.</ref>
Yn [[2021]] ferskynde ''De Sonde fan Haitze Holwerda'', de oersetting troch Buwalda fan 'e roman ''De Sûnde fan Haitze Holwerda'', fan 'e Fryske skriuwer [[Ulbe van Houten]], dy't lange tiid op [[It Bilt]] wenne en wurke.<ref>——, ''De Sonde fan Haitze Holwerda in 't Bildts'', yn: ''[[van Wad tot Stad]]'', 21 septimber 2021, s. 29.</ref>
Buwalda wie yn [[2022]] behelle yn de oprjochting fan 'e [[Bildtse Boekerij]], in [[útjouwerij]] dy't him taleit op it útbringen fan boeken yn it Biltsk. Syn eardere útjeften, lykas it ''Woordeboek fan 't Bildts'', ''De Skimmelrútter'' en ''De Sonde fan Haitze Holwerda'', waarden dêr doe ek by ûnderbrocht. Datselde jiers brocht de Bildtse Boekerij fan 'e hân fan Buwalda de ''Woordenlijst Nederlands-Bildts'' út, in oanfolling op it ''Woordeboek fan 't Bildts'', dat de Biltske [[wurdskat]] fan it Biltsk yn it Nederlânsk oerset. Mei de ''Grammatica van 't Bildts'' út [[2023]], wêryn't Buwalda de [[grammatika]]le regels fan it Biltsk fêstlei, wie syn beskriuwing fan 'e taal kompleet.
== Wurk ==
;Oersettings en bewurkings
* 1980 – ''D'r waar 's 'n Oud Wify, Dat Fon 'n Houten Doit'' (nei [[Simone Hartsuiker]])
* 1982 –'' 'n Rare Koridon en Andere Bildtse Ferhalen en Gedichten'' (nei [[Waling Dykstra]])
* 1988 – ''Beert en Bauky'' (nei ''Koos en Bep'', fan [[C. Backx]])
* 1988 –'' 't Húshimelen: 'n Gesprek in de Bildttaal'' (nei [[Klaas Aartsma]])
* 1988 –'' 'n Kerstferhaal'' (nei ''Weihnachtsgeschichte'', fan [[Stefan Lemke]] en [[Marie-Luise Lemke-Pricken]])
* 1990 – ''De Reddingboat Komt!'' (nei ''De Reddingboot Komt!'', fan [[Hendrik Thomas de Booy]])
* 2018 – ''[[De Skimmelruter#Biltske oersetting|De Skimmelrútter]]'' (nei ''[[Der Schimmelreiter]]'', fan [[Theodor Storm]])
* 2021 – ''De Sonde fan Haitze Holwerda'' (nei ''De Sûnde fan Haitze Holwerda'', fan [[Ulbe van Houten]])
;Non-Fiksje
* 1980 – ''Hoe Skrive Wy 't in 't Bildts: 'n Handlaiding foor de Spelling, en Inkele Dingen út 'e Spraakkûnst'' (mei [[Hotze Sytses Buwalda]], 1ste printinge 1962)
* 1982 –'' 't Bildt in Beeld: 'n Historise Rais deur Ons Gemeente''
* 1983 – ''Gideon op de Dorsvloer: Gedichten fan en Anekdotes over Ds. Gideon Boekenoogen Anfuld met Werk fan Ds. Wim Baas'' (mei [[Wim Baas]])
* 1983 – ''De Erbaaiersbeweging op 't Bildt in 't Leste Forndelspart fan 'e Negentynde Eeuw''
* 1983 –'' 't Bildtse Boek: 'n Systematys Oversicht fan 'e Meest Foorkommende Bildtse Woorden'' (2de printinge 1994)
* 1984 – ''St.-Jabik en Ouwe-Dyk in Beeld: Ansichten en Foto's út 'e Fersameling fan Hotze Sytses Buwalda'' (mei Hotze Sytses Buwalda)
* 1984 – ''De Beste Fisser Ontkomt Wel 's 'n Aaltsy: 'n Fersameling Bildtse Sechies en Utdrukkings''
* 1985 – ''Rapport van de Ad Hoc Kommissie Bildts/Fries inzake het Gebruik van de Lokale Talen'' (ûnder foarsitterskip fan Sytse Hotzes Buwalda)
* 1985 – ''St-Anne, Nij Altoenae en Nije-Dyk in Beeld: Ansichten en Foto's út 'e Fersameling fan Hotze Sytses Buwalda''
* 1985 – ''Metsys en Pretsys: 'n Fersameling Bildtse Woorden en Utdrukkings''
* 1986 – ''Froubuurt, Ouwe-Syl en Nije-Syl in Beeld: Ansichten en Foto's út 'e Fersameling fan Hotze Sytses Buwalda''
* 1986 – ''Geskidenis van de Bildtse Waddenfisserij''
* 1988 – ''St.-Jabik en Ouwe-Dyk in Ouwe Ansichten, Deel 1''
* 1994 – ''St.-Jabik en Ouwe-Dyk in Ouwe Ansichten, Deel 2'' (mei Tietje Buwalda-Veenbaas)
* 1990 – ''Bildtse Bedrijvigheid in Beeld''
* 1990 – ''Beknopte Bildtse Geskidenis''
* 1996 – ''Woordeboek fan 't Bildts'' (mei Hotze Sytses Buwalda)
* 2006 – ''De Westhoekschool'' (yn: de ''[[Biltske Post]]'', ferskate ôfl.)
* 2008 – ''Hondert Jaar Fakmanskap bij Slachter Bijlsma''
* 2013 – ''Woordeboek fan 't Bildts: Tweede Ferbeterde en Anfulde Edisy''
* 2013 – ''De Westhoek: Leven Ferleden – Herinnerings an De Westhoek''
* 2015 - De Oasthoek - 150 jaar
* 2022 – ''Woordenlijst Nederlands-Bildts''
* 2023 – ''Grammatica van 't Bildts''
{{Boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
*[http://katalogus.tresoar.nl/xslt/DB=1/SET=2/TTL=1/CMD?ACT=SRCHA&IKT=1004&SRT=YOP&TRM=buwalda%2C+sytze+hotzes Sytse Hotzes Buwalda] yn it digitaal argyf fan [[Tresoar]].
}}
{{DEFAULTSORT:Buwalda, Sytse Hotzes}}
[[Kategory:Frysk taalkundige]]
[[Kategory:Frysk publisist]]
[[Kategory:Dialektwurdboekskriuwer]]
[[Kategory:Skriuwer yn it Biltsk]]
[[Kategory:Frysk oersetter]]
[[Kategory:Oersetter nei it Biltsk]]
[[Kategory:Biltsk persoan]]
[[Kategory:Persoan berne yn Sint-Jabik]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1943]]
1ko9yiei1qad2xcwego0vnap1ys2zcx
1229796
1229783
2026-05-10T22:46:18Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
red
1229796
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks skriuwer
| ôfbylding =
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| oar pseudonym =
| echte namme = Sytse Hotzes Buwalda
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the Netherlands.svg|20px]] [[Nederlân]]sk
| berne = [[10 febrewaris]] [[1943]]
| berteplak = [[Sint-Jabik]] ([[Fryslân]])
| stoarn =
| stjerplak =
| etnisiteit = [[File:Flag of Het Bildt.svg|20px]] [[Bilkerts|Biltsk]]
| taal = [[Biltsk]], [[Nederlânsk]]
| sjenre = [[non-fiksje]] <small>([[taalkunde]], [[skiednis]])</small>, <br>[[oersetting]]s
| perioade =
| streaming =
| tema's =
| bekendste wurk(en) = ''D'r waar 's 'n Oud Wify'' <br>''Hoe Skrive Wy 't in 't Bildts'' <br>''Woordeboek fan 't Bildts''
| útjouwer =
| prizen =
| jierren aktyf = [[1980]] – no
| webside = ''gjint''
}}
'''Sytse Hotzes Buwalda''' ([[Sint-Jabik]], [[10 febrewaris]] [[1943]]) is in [[Fryslân|Frysk]] [[taalkundige]], [[publisist]] en [[oersetter]], dy't him benammentlik taleit op artikels en oare publikaasjes oer syn memmetaal, it [[Biltsk]], en oer de bredere [[skiednis]] en [[kultuer]] fan [[it Bilt]].
==Libben==
Buwalda is de soan fan [[Hotze Sytses Buwalda]] ([[1915]]-[[1994]]), dy't yn 'e midden fan 'e [[tweintichste iuw]] in krúsjale rol spile by de ferheffing fan it Biltsk fan útslutend in sprektaal ta in skriuwtaal. Sytse Hotzes Buwalda wie mei syn heit belutsen by de gearstalling fan it earste Biltske [[wurdboek]], dat nei syn heite ferstjerren yn [[1996]] troch de [[Fryske Akademy]] publisearre wie ûnder de titel ''Woordeboek fan 't Bildts''. Yn [[2013]] brocht er [[yn eigen behear]] in ferbettere en oanfolle twadde [[edysje]] út, nei't er spul krigen hie mei de [[Stichting Ons Bildt]].
Njonken syn wurk op it mêd fan 'e [[taalkunde]] hat Buwalda ek ferskate [[berneboek]]en oerset yn it Biltsk. Yn [[2018]] ferskynde fan him en âld-[[learaar]] Arjen Dijkstra ''[[De Skimmelruter#Biltske oersetting|De Skimmelrútter]]'', de oersetting fan 'e [[roman]] ''[[Der Schimmelreiter]]'', út [[1888]], fan 'e [[Noard-Fryslân|Noardfryske]] [[skriuwer]] [[Theodor Storm]]. Dêr wie Buwalda al yn [[1972]] mei úteinset, en letter hie Dijkstra it foar him ôfmakke. De oersetting wie lykwols lizzen bleaun, en Dijkstra wie yn [[2016]] kommen te [[ferstjerren]]. It projekt [[LF2018|Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018]] wie foar Buwalda oanlieding om, y.g.m. [[Leendert Ferwerda]], de oersetting nochris op 'e nij te besjen en te publisearjen.<ref>{{Aut|Grosse, Maria del}}, ''Bildtse vertaling van boek "De Stormruiter" is na 46 jaar af'', yn: de ''[[Ljouwerter Krante]]'', 23 febrewaris 2018, s. 26.</ref>
Yn [[2021]] ferskynde ''De Sonde fan Haitze Holwerda'', de oersetting troch Buwalda fan 'e roman ''De Sûnde fan Haitze Holwerda'', fan 'e Fryske skriuwer [[Ulbe van Houten]], dy't lange tiid op [[It Bilt]] wenne en wurke.<ref>——, ''De Sonde fan Haitze Holwerda in 't Bildts'', yn: ''[[van Wad tot Stad]]'', 21 septimber 2021, s. 29.</ref>
Buwalda wie yn [[2022]] behelle yn 'e oprjochting fan 'e [[Bildtse Boekerij]], in [[útjouwerij]] dy't him taleit op it útbringen fan boeken yn it Biltsk. Syn eardere útjeften, lykas it ''Woordeboek fan 't Bildts'', ''De Skimmelrútter'' en ''De Sonde fan Haitze Holwerda'', waarden dêr doe ek by ûnderbrocht. Datselde jiers brocht de Bildtse Boekerij fan 'e hân fan Buwalda de ''Woordenlijst Nederlands-Bildts'' út, in oanfolling op it ''Woordeboek fan 't Bildts'', dat de Biltske [[wurdskat]] fan it Biltsk yn it Nederlânsk oerset. Mei de ''Grammatica van 't Bildts'' út [[2023]], wêryn't Buwalda de [[grammatika]]le regels fan it Biltsk fêstlei, wie syn beskriuwing fan 'e taal kompleet.
== Wurk ==
;Oersettings en bewurkings
* 1980 – ''D'r waar 's 'n Oud Wify, Dat Fon 'n Houten Doit'' (nei [[Simone Hartsuiker]])
* 1982 –'' 'n Rare Koridon en Andere Bildtse Ferhalen en Gedichten'' (nei [[Waling Dykstra]])
* 1988 – ''Beert en Bauky'' (nei ''Koos en Bep'', fan [[C. Backx]])
* 1988 –'' 't Húshimelen: 'n Gesprek in de Bildttaal'' (nei [[Klaas Aartsma]])
* 1988 –'' 'n Kerstferhaal'' (nei ''Weihnachtsgeschichte'', fan [[Stefan Lemke]] en [[Marie-Luise Lemke-Pricken]])
* 1990 – ''De Reddingboat Komt!'' (nei ''De Reddingboot Komt!'', fan [[Hendrik Thomas de Booy]])
* 2018 – ''[[De Skimmelruter#Biltske oersetting|De Skimmelrútter]]'' (nei ''[[Der Schimmelreiter]]'', fan [[Theodor Storm]])
* 2021 – ''De Sonde fan Haitze Holwerda'' (nei ''De Sûnde fan Haitze Holwerda'', fan [[Ulbe van Houten]])
;Non-Fiksje
* 1980 – ''Hoe Skrive Wy 't in 't Bildts: 'n Handlaiding foor de Spelling, en Inkele Dingen út 'e Spraakkûnst'' (mei [[Hotze Sytses Buwalda]], 1ste printinge 1962)
* 1982 –'' 't Bildt in Beeld: 'n Historise Rais deur Ons Gemeente''
* 1983 – ''Gideon op de Dorsvloer: Gedichten fan en Anekdotes over Ds. Gideon Boekenoogen Anfuld met Werk fan Ds. Wim Baas'' (mei [[Wim Baas]])
* 1983 – ''De Erbaaiersbeweging op 't Bildt in 't Leste Forndelspart fan 'e Negentynde Eeuw''
* 1983 –'' 't Bildtse Boek: 'n Systematys Oversicht fan 'e Meest Foorkommende Bildtse Woorden'' (2de printinge 1994)
* 1984 – ''St.-Jabik en Ouwe-Dyk in Beeld: Ansichten en Foto's út 'e Fersameling fan Hotze Sytses Buwalda'' (mei Hotze Sytses Buwalda)
* 1984 – ''De Beste Fisser Ontkomt Wel 's 'n Aaltsy: 'n Fersameling Bildtse Sechies en Utdrukkings''
* 1985 – ''Rapport van de Ad Hoc Kommissie Bildts/Fries inzake het Gebruik van de Lokale Talen'' (ûnder foarsitterskip fan Sytse Hotzes Buwalda)
* 1985 – ''St-Anne, Nij Altoenae en Nije-Dyk in Beeld: Ansichten en Foto's út 'e Fersameling fan Hotze Sytses Buwalda''
* 1985 – ''Metsys en Pretsys: 'n Fersameling Bildtse Woorden en Utdrukkings''
* 1986 – ''Froubuurt, Ouwe-Syl en Nije-Syl in Beeld: Ansichten en Foto's út 'e Fersameling fan Hotze Sytses Buwalda''
* 1986 – ''Geskidenis van de Bildtse Waddenfisserij''
* 1988 – ''St.-Jabik en Ouwe-Dyk in Ouwe Ansichten, Deel 1''
* 1994 – ''St.-Jabik en Ouwe-Dyk in Ouwe Ansichten, Deel 2'' (mei Tietje Buwalda-Veenbaas)
* 1990 – ''Bildtse Bedrijvigheid in Beeld''
* 1990 – ''Beknopte Bildtse Geskidenis''
* 1996 – ''Woordeboek fan 't Bildts'' (mei Hotze Sytses Buwalda)
* 2006 – ''De Westhoekschool'' (yn: de ''[[Biltske Post]]'', ferskate ôfl.)
* 2008 – ''Hondert Jaar Fakmanskap bij Slachter Bijlsma''
* 2013 – ''Woordeboek fan 't Bildts: Tweede Ferbeterde en Anfulde Edisy''
* 2013 – ''De Westhoek: Leven Ferleden – Herinnerings an De Westhoek''
* 2015 - De Oasthoek - 150 jaar
* 2022 – ''Woordenlijst Nederlands-Bildts''
* 2023 – ''Grammatica van 't Bildts''
{{Boarnen|boarnefernijing=
<references/>
----
*[http://katalogus.tresoar.nl/xslt/DB=1/SET=2/TTL=1/CMD?ACT=SRCHA&IKT=1004&SRT=YOP&TRM=buwalda%2C+sytze+hotzes Sytse Hotzes Buwalda] yn it digitaal argyf fan [[Tresoar]].
}}
{{DEFAULTSORT:Buwalda, Sytse Hotzes}}
[[Kategory:Frysk taalkundige]]
[[Kategory:Frysk publisist]]
[[Kategory:Dialektwurdboekskriuwer]]
[[Kategory:Skriuwer yn it Biltsk]]
[[Kategory:Frysk oersetter]]
[[Kategory:Oersetter nei it Biltsk]]
[[Kategory:Biltsk persoan]]
[[Kategory:Persoan berne yn Sint-Jabik]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1943]]
nehjgza45jw8r3yx0rrvvt9jkwadfo9
Wadowice
0
93614
1229776
1223369
2026-05-10T12:40:22Z
RomkeHoekstra
10582
ynfoboks fernijd, artikel útwreide mei skiednis en toerisme, + kt.
1229776
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks plak (2026)
| namme = Wadowice<br><small>''Wadowitz''</small>
| ôfbylding = Wadowice LuftB.jpg
| ôfbyldingstekst =
| flagge =
| wapen = Wadowice_herb.svg
| lân = [[Ofbyld:Flag of Poland.svg|20px]] [[Poalen]]
| bestjoerlike ienheid 1 = Woiwodskip
| namme bestjoerlike ienheid 1 = [[Lyts-Poalen (woiwodskip)|Lyts-Poalen]]
| bestjoerlike ienheid 2 = Powiat
| namme bestjoerlike ienheid 2 = [[Wadowice (powiat)|Wadowice]]
| boargemaster =
| ynwennertal = 17.196 <small>(2024)</small><ref>[https://stat.gov.pl/obszary-tematyczne/ludnosc/ludnosc/powierzchnia-i-ludnosc-w-przekroju-terytorialnym-w-2024-roku,7,21.html GUS (Poalsk Buro foar de Statistyk)]</reF>
| oerflak = 10,52 km²
| befolkingstichtens = 1.634 ynw./km²
| hichte = 263 - 318 m
| stifting = 1325<br>(stedsrjochten 1430)
| postkoade = 34-100
| netnûmer = +48 33
| tiidsône = UTC+1
| simmertiid = UTC+2
| webside = [https://www.wadowice.pl www.wadowice.pl]
| mapname = Poalen
| lat_deg = 49 | lat_min = 53 | lat_sec = 00 | lat_dir = N
| lon_deg = 19 | lon_min = 30 | lon_sec = 00 | lon_dir = E
| tekst by posysjekaart = Lokaasje fan Wadowice yn Poalen
}}
'''Wadowice''' ([[Dútsk]]: ''Wadowitz'') is in lytse stêd yn it suden fan [[Poalen]] ([[woiwodskip]] [[Lyts-Poalen]]), sa'n 50 km fan [[Krakau]] mei 17.100 ynwenners (2024), oan 'e rivier de [[Skawa (rivier)|Skawa]], yn it eastlik diel fan it [[Silezysk Plato]]. Wadowice is fral bekend as berteplak fan Karol Józef Wojtyła, [[Paus Johannes Paulus II]].
Wadowice is hjoed de dei yn it foarste plak in toeristesintrum, mar ek in plak mei lytse yndustry lykas masineproduksje, fiedselferwurking en it meitsjen fan boumaterialen.
== Skiednis ==
Wadowice ûntstie om it jier 1315 hinne yn it nije Silezyske hartochdom Auschwitz (it hjoeddeiske Oświęcim). De namme is mooglik ôflaat fan hartoch Wladislaus, dy't faak sjoen wurdt as de stifter fan it plak. Yn 1327 waard de stêd in lien fan 'e [[Bohemen|Boheemske]] kening en yn dokuminten út dy tiid waard it al neamd as in wichtige merkstêd (''oppidum''). Opfallend is dat de stêd yn in Dútsk dokumint út 1400 oantsjutten waard as ''Frawenstat'' (Frouwestêd), mooglik in ferwizing nei de hillige [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]].
Nei't de stêd yn 1430 [[stedsrjochten]] krige, sloech it lot ta: in grutte brân ferneatige it plak. It duorre lang foar't de stêd dêr wer boppe-op kaam, mei't oarloggen, nije brannen en [[pest]]epidemyen de werbou hieltiten opkearden. Pas yn 'e 16e iuw bloeide Wadowice wer op as in sintrum foar hannel en ambacht.
=== Eastenrykske tiid en groei ===
By de earste [[Poalske Dielingen|Poalske Dieling]] yn 1772 kaam Wadowice ûnder it bewâld fan de Habsburchske monargy (Eastenryk). Dat wie in omslach yn 'e skiednis fan 'e stêd. Doe't yn 1780 de grutte rykswei fan [[Wenen]] nei [[Lviv|Lemberch]] (Lviv) troch Wadowice oanlein waard, begûn in tiid fan grutte groei. Yn 1819 waard de stêd it bestjoerlik sintrum fan in grutte regio. It ynwennertal naam sûnt ûnbidich ta. Ek waard Wadowice in Eastenrykske garnizoensstêd.
[[Ofbyld:Synagoga dawna ul Gimnazjalna Wadowice 7483882.jpg|thumb|left|De yn 1939 ferneatige synagoge fan Wadowice.]]
Yn 'e 19e iuw ûntstie der yndustry en tsjin 'e ein fan dy iuw hie de stêd sa'n 10.000 ynwenners, wêrfan mear as 20 prosint Joadsk wie.
=== Twadde Wrâldkriich en moderne tiid ===
Yn 'e Dútske besetting (1939-1945) waard Wadowice by it Dútske Ryk ynlive. De rivier de Skawa foarme de grins mei it saneamde Generaal-Gûvernemint. Yn dizze donkere jierren rjochten de nazy's yn 'e stêd in finzenkamp, in strafkamp en in getto yn foar de Joadske befolking.
Nei de oarloch waard Wadowice wer in Poalske distriktstêd. Hoewol't de stêd tusken 1975 en 1999 syn status as bestjoerlik sintrum efkes ferlear, krige it dy by de grutte herfoarmingen fan 1999 werom. Hjoed-de-dei stiet de stêd benammen bekend as it berteplak fan [[paus]] [[Jehannes Paulus II]].
== Toerisme ==
[[Ofbyld:Bazylika Ofiarowania Najświętszej Maryi Panny w Wadowicach..JPG|thumb|left|Dooptsjerke paus Jehannes Paulus II.]]
Wadowice is hjoed-de-dei ien fan 'e meast besochte stêden yn it suden fan Poalen. De grutste reden wêrom't toeristen nei Wadowice komme, is it Muzeum Dom Rodzinny Ojca Świętego Jana Pawła II. It is ûnderbrocht yn it hûs dêr't Karol Wojtyła yn 1920 berne waard. Fuort njonken it museum stiet de Basilyk fan 'e Presintaasje fan 'e Hillige Faam Marije. It is de tsjerke dêr't de paus doopt is.
Njonken it religieuze toerisme hat de stêd ek omtinken foar syn bredere skiednis. Sa is der it Stedsk Museum dat de ûntwikkeling fan Wadowice troch de iuwen hinne sjen lit, fan 'e Eastenrykske garnizoenstêd oant de yndustriële bloei yn 'e 19e iuw.
Wadowice leit op 'e grins fan 'e delling fan 'e rivier de Skawa en de heuvels fan 'e Lytse Beskiden. Foar toeristen dy't fan kuierje of fytse hâlde, binne der ferskate paden dy't út de stêd wei de natuer yn rinne. In soad rekreanten bringe ek in besite oan 'e tichtebylizzende opslachmar, it Jezioro Mucharskie.
<gallery widths="240" heights="240">
Sąd Rejonowy Wadowice 009MS.jpg|Rjochtbank
Urząd miasta i fragment rynku w Wadowicach.JPG|Stedhûs
Geb-Haus Papst.jpg|Bertehûs fan paus Johannes Paulus II
</gallery>
{{Boarnen|boarnefernijing=
Dizze skiednis is foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [[:de:Wadowice]]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Wadowice}}
}}
[[Kategory:Plak yn Poalen]]
[[Kategory:Plak stifte yn 1325]]
[[Kategory:Plak yn woiwodskip Lyts-Poalen]]
ea34n5ayox87nple1c2xfnxma2x22cq
Blood Father (film)
0
163081
1229803
1102526
2026-05-11T00:04:30Z
PaulLim11
57930
/* Rolferdieling */ Erin Moriarty image
1229803
wikitext
text/x-wiki
{{Universele ynfoboks film
| ôfbylding = Blood Father film logo.png
| ôfbyldingstekst =
| ôfbyldingsbreedte =
| ferwizing = '''(''[[:en:File:Blood Father.png|Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy]]'')'''
| namme = ''Blood Father''
| regisseur = [[Jean-François Richet]]
| produsint = [[Chris Biggs]]<br>[[Peter Craig]]<br>[[Pascal Cauchefeux]]<br>[[Sebastien K. Lemercier]]
| útfierend produsint =
| senario = [[Peter Craig]]<br>[[Andrea Berloff]]
| basearre op = [[Blood Father (roman)|de roman]] fan [[Peter Craig]]
| kamerarezjy = [[Robert Gantz]]
| muzyk = [[Sven Faulconer]]
| filmstudio = [[Why Not Productions]]<br>[[Wild Bunch (bedriuw)|Wild Bunch]]
| distribúsje = [[SND Films]] <small>(ynternasjonaal)</small><br>[[Lionsgate Films]] <small>(Feriene Steaten)</small>
| haadrollen = [[Mel Gibson]]<br> [[Erin Moriarty]]
| voice-over =
| byrollen = [[Diego Luna]]<br> [[William H. Macy]]<br> [[Michael Parks]]<br> [[Miguel Sandoval]]
| lân/lannen = [[File:Flag of France.svg|border|20px]] [[Frankryk]]
| premiêre = [[12 augustus]] [[2016]]
| direkt op fideo =
| foarm = [[langspylfilm]]
| sjenre = [[aksjefilm]]
| taal = [[Ingelsk]] <small>(ek in bytsje [[Spaansk]])</small>
| spyltiid = 88 minuten
| budget = $15 miljoen
| opbringst = $6,9 miljoen
| prizen =
| filmsearje =
| foarich diel =
| folgjend diel =
}}
'''''Blood Father''''' is in [[Frankryk|Frânske]], mar [[Ingelsk]]talige, [[aksjefilm]] út [[2016]] ûnder [[rezjy]] fan [[Jean-François Richet]], mei yn 'e [[haadrol]]len [[Mel Gibson]] en [[Erin Moriarty]]. De [[titel (namme)|titel]] betsjut "Bloedheit". It [[plot|ferhaal]] folget John Link, in eks-[[krimineel]] en eardere [[alkoholist]] dy't fia [[ynfrijheidstelling ûnder betingst]] út 'e [[finzenis]] kommen is en syn [[libben]] wer op 'e rails besiket te krijen. Alle muoisume foarútgong dy't er boekt hat, wurdt ûngedien makke as syn fan him ferfrjemde [[dochter]] Lydia kontakt mei him opnimt om't de [[Meksikaanske drugskartels]] efter har oan sitte. ''Blood Father'' waard foar it earst fertoand op it [[Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes]] fan [[2016]]. De [[film]] krige oer it algemien positive [[resinsje]]s fan 'e [[filmkritisy]], mar flopte yn 'e [[bioskopen]].
==Plot==
Lydia is in jonge [[frou]] fan in jier as achttjin, njoggentjin, dy't troch har [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|feint]] Jonah Pincerna nei in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[supermerk]] stjoerd wurdt om in flinke foarried [[munysje]] yn te slaan foar de [[pistoal]]en fan himsels en de leden fan syn [[binde]]. Neitiid ride se nei in [[hûs]] dat Jonah [[hier (jild)|ferhiert]] oan in [[húshâlding]] mei trije [[bern (persoan)|bern]], wêrfan't de [[âldelju]] neffens him [[jild]] [[dieverij|stellen]] hawwe dat de binde yn 'e romten tusken de [[muorre]]n opslein hie. Nei't er de [[heit]] [[fermoarde]] hat, bringt er Lydia by de fêstbûne [[mem]], drukt har in pistoal yn 'e hân en fertelt har dat sy de [[frou]] [[dea]]sjitte moat om te bewizen dat er har [[fertrouwen|fertrouwe]] kin. Al hoe't se ek troch Jonah ynpalme is, dit kin Lydia net dwaan, dat se rekket alhiel oerémis en sjit ynstee Jonah del, dy't yn 'e [[hals]] rekke wurdt. Se is derfan oertsjûge dat se him deade hat en naait halje-trawalje út foar syn binde.
Nei't se [[Santa Monica (Kalifornje)|Santa Monica]] berikt hat, skillet se yn in [[tillefoansel]] har fan har ferfrjemde heit op, dy't se freget har op te heljen en [[jild]] te jaan, sadat se [[ûnderdûken|ûnderdûke]] kin. Har [[biologyske heit]] John Link is in eardere [[alkoholist]] dy't no twa jier 'drûch' stiet, mar noch altyd bot mei syn [[ferslaving]] ompakt. Hy is fia [[ynfrijheidstelling ûnder betingst]] út it [[tichthûs (finzenis)|tichthûs]] kommen, dêr't er in oansjenlik diel fan syn [[folwoeksen]] [[libben]] sliten hat. No wennet er yn in [[steancaravan]] yn in [[trailerpark]] yn 'e midden fan nearne en besiket er syn libben wer op 'e rails te krijen troch [[Alcoholics Anonymous|A.A.]]-[[gearkomste]]n by te wenjen en te wurkjen as [[tatoeaazje|tatoeëarder]].
Link is al sûnt er frijkommen is op 'e siik nei Lydia, dy't inkele jierren lyn as [[teenager]] útnaaid is by Link syn eks-[[oarehelte|frou]] wei. Hy praat in plak mei har ôf, hellet har op en nimt har mei nei syn steancaravan, dêr't er ûntdekt dat se sawol alkoholiste as [[drugsferslaving|drugsferslaafde]] is. De oare deis ûntfangt Lydia op har [[mobile tillefoan]] in rige [[sms|sms-berjochten]] mei [[deadsbedriging]]s fan 'e leden fan Jonah syn binde, dêr't se bot [[senuweftigens|senuweftich]] fan wurdt. Se besiket har heit út te lizzen wat der oan 'e hân is, mar hâldt dielen fan it ferhaal efter om him net yn 'e swierrichheden te bringen. Dat liedt ta in ûnbegryplik relaas, dêr't Link neat fan leaut. Hy freget ried oan syn [[buorman]] Kirby, dy't tagelyk syn [[Alcoholics Anonymous|sponsor]] by de A.A. is. Dyselde riedt him oan om Lydia opnimme te litten yn in [[ôfkickklinyk]], dêr't se dúdlik ferlet fan hat. Dat idee stiet Link lykwols tsjin, om't er it fanke noch mar krekt weromfûn hat.
{{Plotbedjer film}}
Wylst er noch mei it spul ompakt, arrivearret op in [[jûn]] nei [[tsjuster]] de binde fan Jonah by de steancaravan fan Link. Nei in wurdewikseling barrikadearje Link en Lydia harsels yn 'e caravan, dy't dêrnei trochsingele wurdt mei [[mitrailleur]]fjoer. As dat net it winske resultaat jout (dat Link en Lydia harren oerjouwe), ride de bindeleden mei har [[SUV]] op 'e caravan yn, dy't dêrtroch op 'e side kantelet. Ear't se Link en Lydia fierder tenei komme kinne, arrivearje Kirby en in stik as tsien, fyftjin oare buorlju fan Link, bewapene mei [[jachtgewear]]en, dy't de bindeleden op 'e flecht jeie. Kirby riedt Link oan om 'e saak fierder troch de [[plysje]] ôfhannelje te litten, mar Link riddenearret dat it oerdragen fan Lydia oan 'e plysje har ûnnedich yn gefaar bringe sil, en naait mei har út.
Underweis twingt Link syn dochter om him alles te fertellen oer wat der bard is foar't se kontakt mei him opnaam. Lydia seit dat se, nei't se fan hûs fuortrûn wie, in skoft by [[freonskip|freonen]] [[útfanhúzjen|útfanhûze]] hie, oant se op in [[feest]]je Jonah mette. Neffens har wie it foar harren allebeide [[leafde op it earste gesicht]], wat Link betwifelet. Hy bea har oan om foar in ridlike hier yn in lytseftich [[hûs]] te wenjen dat er yn eigendom hie, mei as iennichst betingst dat se neat die om oandacht te lûken. Wat se doe noch net wist, wie dat Jonah en syn binde de romte tusken de muorren fan har hûs brûkten om yllegaal guod op te slaan: [[drugs]] en it jild dat se mei [[drugshannel]] fertsjinnen. Doe't se op in kear in feestje joech, rûn dat út 'e hân; ien fan 'e gasten sloech in fûst troch in [[gipsplaat]] en neffens Jonah ferdwûn der doe wat jild, hoewol't Lydia dêr neat fan ôfwist. Neitiid naam er har mei om munysje foar syn binde yn te slaan en in besyk te bringen oan in pear oare hierders fan him, dy't ek ta it opsleine jild sitten hiene.
Link en Lydia oernachtsje yn in [[motel]], dêr't Lydia troch mei de jonge [[resepsjonist]] Jason te [[flirten]] oan 'e weet komt dat sy socht wurdt yn ferbân mei de dûbele moard op Jonah syn oare hierders. Mei help fan Jason witte sy en Link nauwerneed te ûntkommen oan 'e plysje en teffens oan in ''sicario'', in [[hiermoardner]] yn 'e tsjinst fan in [[Meksikaanske drugskartels|Meksikaansk drugskartel]]. De oare [[moarn (deidiel)|moarns]] siket Link earst in tillefoansel op en skillet nei de finzenis, dêr't er in boadskip efterlit foar syn eardere selgenoat, de bindelieder Arturo Rios: "Wa is Jonah Pincerna?" Neitiid reizgje hy en Lydia fierder om Preacher op te sykjen, Link syn âlde [[mentor]], dy't út 'e finzenis bleaun is om't Link de mûle oer him tichtholden hat. Se hawwe Link syn [[auto]] nammentlik by it motel efterlitte moatten en de stellen auto dêr't se yn ûntkommen binne, hawwe se dumpt. Nij [[ferfier]] hat dêrom de heechste prioriteit, en Preacher hat Link syn âlde [[motorfyts]] noch altyd op 'e noed.
Preacher blykt in [[noarmen en wearden|ymmorele]] hanneler yn [[Gestapo]]-[[militêr unifoarm|unifoarmen]], [[heakkekrús]]flaggen en oar [[nazy]]guod te wêzen, dy't oan it haad stiet fan in [[motorbinde]]. Hy seit ta Link en Lydia helpe te sillen, mar de oare moarns feroaret er fan gedachten as er ûntdekt dat der in [[preemje]] fan [[$]]30.000 op 'e holle fan Lydia set is. Link wurdt Preacher en syn frou Cherise lykwols oermânsk en stelt it [[ôfseage jachtgewear]] dêr't Cherise him mei [[bedriging (misdriuw)|bedrige]]. Preacher daget him út om him dea te sjitten, mei't er derop rekkenet dat Link dat net dwaan wol no't er Lydia by him hat. Nei't Link en Lydia útpykt binne op 'e motor, krije se twa leden fan 'e motorbinde efter har oan, dêr't Link lykwols troch it jachtgewear te brûken handich mei ôfweeft.
Link lit Lydia efter yn in motelkeamer dêr't se har [[brune hier]] [[blond]] [[hierferve|fervet]]. Sels giet er ûnderwilens op besite by Rios yn 'e finzenis dêr't er earder sitten hat. Rios fertelt him dat Jonah Pincerna de [[omkesizzer]] is fan in [[Meksiko|Meksikaanske]] kartelbaas. Hy is nei de Feriene Steaten '[[ferballe]]' om't er fiersten tefolle oandacht loek. No giet er oer it [[smokkeljen]] fan drugsjild, mar dêr ferdwynt hieltyd mear fan. Rios is der frijwol wis fan dat Jonah sels dejinge is dy't it jild efteroerdrukt, en dat alle [[geweld]] dat er tsjin 'e lju brûkt dy't neffens him de dieven binne, inkeld bedoeld is om syn [[omke]] op in dwaalspoar te bringen. Underwilens kriget Lydia yn it motel in tillefoantsje fan Kirby, dy't har fertelt dat se yn gefaar is en har oanriedt om nei in plak te gean dêr't se ûnder de minsken is, sadat der in protte [[tsjûge (strafrjocht)|tsjûgen]] binne. Dan sil har grif neat oerkomme. Lydia, dy't gjin reden hat om Kirby te wantrouwen, set dêrom ôf nei de [[bioskoop]], dêr't se lykwols opwachte wurdt troch Jonah, dy't de [[skotwûne]] oan syn hals oerlibbe hat, en syn binde. Hja [[ûntfiering|ûntfiere]] har.
Nei't er de finzenis ferlitten hat, skillet Link Lydia op, mar kriget gjin gehoar. As er Kirby prebearret, nimt Jonah op, dy't him fertelt dat er Kirby finzen nommen hie en twongen hie om Lydia te foarskyn te lokjen. Dêrop sjit er Kirby dea wylst Link taharket en neat dwaan kin. Link warskôget him dat er Lydia better gewurde litte kin, om't er no wit dat Jonah sels de dief is. Ek kin er (fia Rios) mei Jonah syn omke yn kontakt komme, as er dat wol. Sa twingt er Jonah om yn te stimmen mei in ruil: himsels foar syn dochter. Se prate ôf op in ôfhandich plak yn 'e [[woastyn]]. Neitiid keart Link earst werom nei Preacher syn wente, dêr't er [[ynbraak|ynbrekt]] en in [[tas]] stelt, dy't er foltroppet mei stikmannich [[hângranaat|hângranaten]] en in [[lânmyn]]. As er fuort sil, treft er Preacher, dy't krekt thús komt, en dy't him mei in [[fjoerwapen]] te liif sil. Dêrby makket er lykwols de flater om earst Link [[wurd|ferbaal]] de mantel útfege te wollen. Link is no [[breinroer|troch alles hinne]] en hat boppedat Lydia net by him, dat hy sjit Preacher fuortendaliks dea.
As er op it ôfsprutsen plak arrivearret, dêr't Jonah-en-dy al yn in pear auto's steane te wachtsjen, parkearret er syn motorfyts midden op it paad. De tas mei de hângranaten lit er op 'e motor sitte, wylst er de lânmyn ûnder de [[stander (motorfyts)|stander]] stoppet, sadat it gewicht fan 'e motor derop rêst. Hy lit him fêstbine troch Jonah syn mannen en wurdt by Lydia efteryn ien fan 'e auto's stoppe. Om fuort te kinnen, moat de motor fan it paad ôf helle wurde, mar as twa fan Jonah syn mannen oer dat putsje gear sille, en dêrta it gewicht fan 'e lânmyn ferwiderje, [[ûntploffing|ûntploft]] dy, wat ek de hângranaten eksplodearje lit. De beide mannen binne kroandea, en Link makket fan 'e gaos gebrûk om in trêde trewant fan Jonah dy't by him en Lydia efteryn 'e auto sit, om te bringen. Jonah, dy't efter it stjoer siet, wit út 'e auto te kommen, en Link sjit him mei in bútmakke pistoal yn it [[skouder]], mar hy naait út.
Link makket himsels en Lydia los en klimt mei har út 'e auto. Se wurde troch de ''sicario'' út in mûklaach wei besketten, wêrby't Link yn 'e [[skonk]] rekke wurdt. As se dekking sykje efter de oare auto, wurdt er nochris rekke, diskear yn 'e [[ûnderbúk]]. Troch yn dekking te bliuwen twingt er de ''sicario'' lykwols om foar 't ljocht te kommen, wêrnei't er him deasjit, mar sels in trêde skotwûne yn it [[boarstkas|boarst]] oprint. Link hjit Lydia dat se útnaaie moat, om't Jonah noch libben omrint, mar se wegeret him efter te litten. Nei't er har fertelt hat wat in geweldich fanke se is, sakket er yninoar en [[ferstjerren|stjert]], wylst in [[gûlen]]de Lydia him [[oankrûpen|oankrûpt]]. De troch Link warskôge plysje arrivearret krekt op 'e tiid om 'e útnaaiende Jonah [[arrestaasje|yn te rekkenjen]].
In jier letter fertelt Lydia yn in [[praatgroep]] dat se no in jier [[alkoholisme|nofter]] en [[drugs|clean]] is. As se in tebekfal driget te krijen, tinkt se oan har heit, dy't syn [[selsopoffering|libben foar har opoffere]] hat. Se fielt har oan him ferplichte om wat fan har libben te meitsjen en it net te fergriemen mei ferslavings. Underwilens is Jonah feroardiele foar moard. Hy bedarret yn deselde finzenis dêr't Link earder syn straf útsitten hat. As er yn 'e [[kantine]] syn miel bepluzet, komme der in stikmannich swiere jonges om him hinne te sitten. Arturo Rios nimt njonken him plak en [[glimkjen|glimket]] him kâldwei ta.
==Rolferdieling==
[[File:Mel Gibson Cannes 2016 2.jpg|right|thumb|150px|[[Mel Gibson]].]]
[[Ofbyld:Erin Moriarty - LACC 2023.jpg|thumb|187x187px|[[Erin Moriarty]].]]
;haadrollen
{| height="100px" width="350px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa"
| style="background:gold"| '''personaazje'''
| style="background:gold"| '''akteur/aktrise'''
|-
| John Link
| [[Mel Gibson]]
|-
| Lydia Carson-Link
| [[Erin Moriarty]]
|-
|}
<br>
;byrollen
{| height="100px" width="350px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa"
| style="background:gold"| '''personaazje'''
| style="background:gold"| '''akteur/aktrise'''
|-
| Jonah Pincema
| [[Diego Luna]]
|-
| Kirby
| [[William H. Macy]]
|-
| Tom "Preacher" Parker
| [[Michael Parks]]
|-
| Arturo Rios
| [[Miguel Sandoval]]
|-
| Jason ([[motel]]resepsjonist)
| [[Thomas Mann (akteur)|Thomas Mann]]
|-
| Cherise Parker
| [[Dale Dickey]]
|-
| de "Skjinmakker" (''sicario'')
| [[Raoul Trujillo]]
|-
| Choop
| [[Daniel Moncada]]
|-
| Joker
| [[Richard Cabral]]
|-
| Shamrock
| [[Ryan Dorsey]]
|-
|}
[[Elisabeth Röhm]] soe oarspronklik de rol spylje fan John Link syn eks-frou, de mem fan Lydia, mar dy rol waard úteinlik út it ferhaal knipt.
==Produksje en distribúsje==
===Produksje===
''Blood Father'' waard [[regissearre]] troch [[Jean-François Richet]] nei in [[senario]] fan [[Peter Craig]] en [[Andrea Berloff]] op basis fan Craig syn [[roman]] ''[[Blood Father (roman)|Blood Father]]'' út [[2005]]. As [[filmprodusint|produsinten]] wiene [[Chris Biggs]], [[Pascal Cauchefeux]], [[Sebastien K. Lemercier]] en Craig by it projekt belutsen foar de [[filmstudio's]] [[Why Not Productions]] en [[Wild Bunch (bedriuw)|Wild Bunch]]. Foar de film wie in [[budget]] beskikber fan [[$]]15 miljoen. De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Robert Gantz]], en de [[filmmuzyk]] waard fersoarge troch [[Sven Faulconer]]. De [[opnamen (film)|opnamen]] foar ''[[Bood Father]]'' setten op [[5 juny]] [[2014]] útein yn [[Albuquerque (Nij-Meksiko)|Albuquerque]], yn [[Nij-Meksiko]]. Yn dy [[Amerikaanske steat]] waard de hiele film opnommen. De lêste filmdei foel op [[3 july]].
===Distribúsje===
De [[filmdistribúsje|distribúsje]] fan ''Blood Father'' waard ynternasjonaal fersoarge troch [[SND Films]], mar yn 'e [[Feriene Steaten]] troch [[Lionsgate Films]]. De film waard foar it earst fertoand op [[21 maaie]] [[2016]], op it [[Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes]]. Op [[12 augustus]] fan dat jier iepene er yn 'e Amerikaanske [[bioskopen]].
==Untfangst==
Fan 'e [[filmkritisy]] krige ''Blood Father'' oer it algemien positive [[resinsje]]s. Ek resinsinten dy't net folle op hiene mei de film, priizgen it [[aktearjen]] fan [[haadrolspiler]] [[Mel Gibson]]. Sa skreau [[Owen Gleiberman]] fan ''[[Variety (tydskrift)|Variety]]'': "[De film] is rommel, mar hy makket wol dúdlik hoe'n [[talint|bejeftige]] en ynnimlike akteur oft Mel Gibson wêze kin." Dêr heakke er oan ta dat ''Blood Father'' "him de kâns jout om sjen te litten dat er 'it' noch altyd hat." Yn ''[[The New York Times]]'' skreau [[Manohla Dargis]]: "Gibson set op oertsjûgjende wize in oan legerwâl rekke [[John Wayne]] del, mei in los, enerzjyk optreden, in sekuere [[komeedzje|komyske]] [[timing]] en in [[fermaak|amusearre]], [[selsbewustwêzen|selsbewuste]] glinstering yn 'e eagen dy't tinken docht oan ''[[Lethal Weapon (filmsearje)|Lethal Weapon]]''."
Op 'e [[webside]] [[Rotten Tomatoes]], dy't [[resinsje]]s sammelet, hie ''Blood Father'' in heech goedkarringspersintaazje fan 89%, basearre op 97 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] makket eltse ferwachting wier dy't in [[fan (persoan)|filmfan]] hawwe kinne soe fan in [[aksjefilm|aksjeskriller]] mei sa'n [[titel (namme)|titel]] út it lettere part fan 'e [[karriêre]] fan Mel Gibson – en oertreft dy yn guon opsichten sels rom." Op [[Metacritic]], de wichtichste [[konkurrint]] fan Rotten Tomatoes, behelle ''Blood Father'' in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 16 resinsjes.
==Resultaat==
''Blood Father'' brocht yn 'e [[bioskopen]] wrâldwiid [[$]]6,9 miljoen op. As men dy [[opbringst (jild)|opbringst]] ôffset tsjin it [[budget]] fan $15 miljoen, komt dat del op in [[ferlies (ûndernimming)|ferlies]] fan $8,1 miljoen, dêr't de [[marketing]]kosten noch by opteld wurde moatte.
==Keppelings om utens==
* {{en}} [http://www.imdb.com/title/tt3647498/ Ynformaasje oer ''Blood Father'' yn 'e Internet Movie Database (IMDb)]
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Blood_Father ''References'', op dizze side].
}}
{{DISPLAYTITLE:''Blood Father'' (film)}}
[[Kategory:Frânske aksjefilm]]
[[Kategory:Unôfhinklike film]]
[[Kategory:Ingelsktalige film]]
[[Kategory:Film fan Lionsgate Films]]
[[Kategory:Film fan Jean-François Richet]]
[[Kategory:Film út 2016]]
[[Kategory:Film oer Meksikaanske drugskartels]]
[[Kategory:Film oer in efterfolging]]
[[Kategory:Film oer in krimineel]]
[[Kategory:Film oer heiten en dochters]]
[[Kategory:Film basearre op in literêr wurk]]
ormabze9nc12vd96hjssattxh5kq4il
Oerlis:Amers
1
191616
1229816
1229457
2026-05-11T11:57:09Z
Mysha
254
Der binne dagen dat ik Frysk staverje kin.
1229816
wikitext
text/x-wiki
== wurdeat ==
welles, neates [[Meidogger:Mysha|Mysha]] ([[Meidogger oerlis:Mysha|oerlis]]) 7 mai 2026, 13.47 (CEST)
:{{Ping|Mysha}} Nee, sjoch Frysker. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|oerlis]]) 7 mai 2026, 16.30 (CEST)
:: {{Ping|Drewes}}- Krekt: Om't jo skynber in orsetting sochten foar "wurdboarterij", hie ik Frysker frege nei de oersettig foar "woordspeling", en dêrfoar jout Frysker: "wurdspieling". Ik soe beide net sizze, yn it Frysk, mar dat wie wêrom ik dy oersetting joech, mei as boarne: Frysker. Dat wie skynber net goed genôch, dat it waard sûnder reden weromset. No kin ik likegoed feroarings weromsette as in oar, mar ik hie leaver wat mear útlis. Frysker kin wol in betjutting jaan foar "wurdboarterij", mar net stabyl: it wurdt ta "woordspel", wat ek al in konstruksje liket, en dat is yn it Frysk dan "wurdspul". Ik leau net dat ik it sa skriuwe soe: faaks eat mei "spylje"; mar ik fyn gâns is ferhaal wat ûnwis: Eat yn in gedicht, wat mûglik in betsjutting hat, dêr't net ien fan wit at de dichter dat idee ek hat. Hawar: it is jo tafoeging. [[Meidogger:Mysha|Mysha]] ([[Meidogger oerlis:Mysha|oerlis]])
pbm6iu98u5rc8vxxy2h733oq3uceiao
Hûpefûgels
0
191736
1229786
1229771
2026-05-10T22:37:37Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
kt
1229786
wikitext
text/x-wiki
{{Universele ynfoboks bisteryk
| namme = hûpefûgels
| ôfbylding = ABUBILLA (Upupa epops).jpg
| ôfbyldingsbreedte =
| ôfbyldingstekst = Hûpe (Upupa epops'')
| takson1 =
| namme1 =
| takson4 = [[ûnderstamme]]:
| namme4 = [[wringedieren]] (''Vertebrata'')
| takson5 = [[klasse (taksonomy)|klasse]]:
| namme5 = [[fûgels]] (''Aves'')
| takson6 = [[ûnderklasse]]:
| namme6 = [[moderne fûgels]] (''Neornithes'')
| takson7 = [[tuskenklasse]]:
| namme7 = [[nijkakigen]] (''Neognathae'')
| takson8 = [[boppeskift]]:
| namme8 = [[nije fûgels]] (''Neoaves'')
| takson9 = ''sûnder rang'':
| namme9 = [[lânfûgels]] (''Telluraves'')
| takson11 = [[skift]]:
| namme11 = [[noashoarnfûgeleftigen]] (''Bucerotiformes'')
| takson13 = [[famylje (taksonomy)|famylje]]:
| namme13 ='''hûpefûgels''' (''Upupidae'')
| takson14 =
| namme14 =
| takson15 =
| namme15 =
| beskriuwer, jier = [[William Elford Leach|Leach]], 1820
}}
De '''hûpefûgels''' ([[wittenskiplike namme]]: ''Upupidae'') foarmje in [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[fûgels]] yn it skift fan de [[noashoarnfûgeleftigen]]. De famylje omfettet mar ien skaai, fan de [[hûpen]] (''Upupa''), en twa soarten. De [[hûpe]] (''Upupa epops'') is ek in seldsume briedfûgel yn Nederlân.
==Klassifikaasje==
* (famylje) '''hûpefûgels''' (''Upupidae''), 1 skaai:
** (skaai) [[hûpen]] (''Upupa''), 2 soarten:
*** [[hûpe]] (''Upupa epops''), Jeropa, Afrika en súdlik-Aazje
*** [[Madagaskarhûpe]] (''Upupa marginata'''), Madagaskar.
[[Kategory:Fûgelfamylje]]
[[Kategory:Hûpefûgel| ]]
[[Kategory:Noashoarnfûgeleftige]]
42ho5qotnnkfuaonnhi7xdwrj6l6d44
1229787
1229786
2026-05-10T22:40:48Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
/* Klassifikaasje */ red
1229787
wikitext
text/x-wiki
{{Universele ynfoboks bisteryk
| namme = hûpefûgels
| ôfbylding = ABUBILLA (Upupa epops).jpg
| ôfbyldingsbreedte =
| ôfbyldingstekst = Hûpe (Upupa epops'')
| takson1 =
| namme1 =
| takson4 = [[ûnderstamme]]:
| namme4 = [[wringedieren]] (''Vertebrata'')
| takson5 = [[klasse (taksonomy)|klasse]]:
| namme5 = [[fûgels]] (''Aves'')
| takson6 = [[ûnderklasse]]:
| namme6 = [[moderne fûgels]] (''Neornithes'')
| takson7 = [[tuskenklasse]]:
| namme7 = [[nijkakigen]] (''Neognathae'')
| takson8 = [[boppeskift]]:
| namme8 = [[nije fûgels]] (''Neoaves'')
| takson9 = ''sûnder rang'':
| namme9 = [[lânfûgels]] (''Telluraves'')
| takson11 = [[skift]]:
| namme11 = [[noashoarnfûgeleftigen]] (''Bucerotiformes'')
| takson13 = [[famylje (taksonomy)|famylje]]:
| namme13 ='''hûpefûgels''' (''Upupidae'')
| takson14 =
| namme14 =
| takson15 =
| namme15 =
| beskriuwer, jier = [[William Elford Leach|Leach]], 1820
}}
De '''hûpefûgels''' ([[wittenskiplike namme]]: ''Upupidae'') foarmje in [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[fûgels]] yn it skift fan de [[noashoarnfûgeleftigen]]. De famylje omfettet mar ien skaai, fan de [[hûpen]] (''Upupa''), en twa soarten. De [[hûpe]] (''Upupa epops'') is ek in seldsume briedfûgel yn Nederlân.
==Klassifikaasje==
* (famylje) '''hûpefûgels''' (''Upupidae''), 1 skaai:
** (skaai) [[hûpen]] (''Upupa''), 3 soarten:
*** [[hûpe]] (''Upupa epops''), Jeropa, Afrika en súdlik Aazje
*** [[Madagaskarhûpe]] (''Upupa marginata'''), Madagaskar
*** [[Sint-Helenahûpe]] (''Upupa antaios''), Sint-Helena - † 16e iuw
[[Kategory:Fûgelfamylje]]
[[Kategory:Hûpefûgel| ]]
[[Kategory:Noashoarnfûgeleftige]]
sluzezddo0bqsms0j52ip6z7sed7l1y
William Elford Leach
0
191737
1229779
2026-05-10T16:34:19Z
Drewes
2754
Side makke mei "{{Ynfoboks persoan algemien | ôfbylding = William Elford Leach 1791 – 1836.jpg | ôfbyldingstekst = William Elford Leach yn 1835 | ôfbyldingsbreedte = | echte namme = | oare namme(n) = | nasjonaliteit = {{GBRnasj}} | berne = [[2 febrewaris]] [[1791]] | berteplak = [[Plymouth (Ingelân)|Plymouth]], [[Devon]] | stoarn..."
1229779
wikitext
text/x-wiki
{{Ynfoboks persoan algemien
| ôfbylding = William Elford Leach 1791 – 1836.jpg
| ôfbyldingstekst = William Elford Leach yn 1835
| ôfbyldingsbreedte =
| echte namme =
| oare namme(n) =
| nasjonaliteit = {{GBRnasj}}
| berne = [[2 febrewaris]] [[1791]]
| berteplak = [[Plymouth (Ingelân)|Plymouth]], [[Devon]]
| stoarn = [[25 augustus]] [[1836]] (45 jier)
| stjerplak = San Sebastiano Curone, [[Itaalje]]
| etnisiteit =
| regionale identiteit =
| berop/amt = dokter, soölooch, biolooch
| aktyf as =
| jierren aktyf =
| reden bekendheid =
| bekendste wurk(en) =
| prizen =
| webside =
}}
'''William Elford Leach''' (Hoe Gate, [[Plymouth (Ingelân)|Plymouth]], [[2 febrewaris]] [[1791]] - [[San Sebastiano Curone]], [[25 augustus]] [[1836]]) wie in Britsk [[dokter]], [[soölooch]] en marine [[biolooch]].
== Libben en wurk ==
Elford Leach waard berne yn Hoe Gate, Plymouth, as soan fan in abbekaat. <ref name="Damkaer">{{cite book |author=David M. Damkaer |year=2002 |title=The Copepodologist's Cabinet: A Biographical and Bibliographical History, Volume 1 |series=Memoirs of the American Philosophical Society, Volume 240 |publisher=American Philosophical Society |isbn=978-0-87169-240-5 |chapter=Adding pages |pages=131–155 |chapter-url=https://books.google.com/books?id=TgUNAAAAIAAJ&pg=PA147}}</ref> Doe't er tolve wie krige er in learlingeplak yn it Devonshire and Exeter Hospital, dêr't er anatomy en skiekunde studearre. Doe sammele er al seedieren út de Plymouth Sound en lâns de kust fan [[Devon]]. Mei santjin jier sette er útein mei in stúdzje hy medisinen yn it St Bartholomew's Hospital yn [[Londen]], en einige syn oplieding oan 'e [[Universiteit fan Edinburgh]] foardat hy ôfstudearre oan 'e Universiteit fan St Andrews (dêr't er nea studearre hie).
Hy waard gjin praktisearjend dokter; syn wiere ynteresse lei by de natuerwittenskippen. Hy waard assistint-bibliotekaris oan de soölogyske ôfdieling fan it [[British Museum]]. Hy oardre en sortearre de samlingen dy't, sûnt se troch [[Hans Sloane]] oan it museum skonken wiene, foar in grut part fertutearze wiene. Hy waard letter assistint-konservator fan de natuerhistoaryske ôfdieling fan it museum. Hy ûntjoech him ta in ekspert op it mêd fan skaaldieren en [[weakdieren]], mar publisearre ek oer [[ynsekten]], spinnen, tûzenpoatigen, [[sûchdieren]] en [[fûgels]].
Hy wie yn 1809 lid wurden fan de [[Linnean Society of London]]. Yn 1817 waard er keazen ta ''fellow of the Royal Society''.
Leach wurke sa hurd dat syn sûnens derfan te lijen hie. Yn 1821 krige er in senuwynsinking. Hy naam it folgjende jier ûntslach by it Britsk Museum. Om oan te sterkjen naam syn âldere suster him mei op reis troch Europa. Se reizgen troch [[Frankryk]], [[Grikelân]] en [[Italië]].
Leach stoar yn de âldens fan 45 jier oan [[goalera]] yn Noard-Italië yn 1836.
== Wurken ==
Yn it koart skoft dat er by it [[British Museum]] skreau er ûnder oaren:
* ''The zoological miscellany : being descriptions of new, or interesting animals'' (1814–1817)
* ''Monograph on the British Crabs, Lobsters, Prawns and other Crustacea with pedunculated eyes'' (1815–1817)
* ''Systematic catalogue of the Specimens of the Indigenous Mammalia and Birds that are preserved at the British Museum'' (1816)
* ''Synopsis of the Mollusca of Great Britain'' (noch net klear yn 1820 en postúm publisearre yn 1852, foltôge troch [[John Edward Gray]])
* ''Characters of a new Genus of Coleopterous Insects of the Family Byrrhidae'' yn ''Transactions of The Linnean Society of London'' (1821)
== Nammejouwing ==
Leach stiet bekend om syn eigensinnige en soms eksintrike nammejouwing fan nije [[Taksonomy|taksussen]]. Hy neamde bygelyks sânentweintich ferskillende soarten nei syn freon John Cranch (1758-1816), ûnder oaren:
* De ''Ebalia cranchii''
* ''[[Chrysichthys cranchii]]''
* ''[[Cirolana cranchi]]''
* ''[[Eualus cranchii]]''
* ''[[Pandarus cranchii]]''
Fierder joech er oan njoggen [[geslacht (taksonomy)|geslachten]] fan [[Isopoda]] nammen dy't in [[anagram]] binne fan ''Caroline'' of ''Carolina'': ''[[Anilocra]]'', ''[[Canolira]]'', ''[[Cirolana]]'', ''[[Conilera]]'', ''[[Nelocira]]'', ''[[Nerocila]]'', ''[[Olencira]]'', ''[[Rocinela]]'' en ''[[Livoneca|Lironeca]]'' (no ''Livoneca''). It is net bekend oft dy ferwiisden nei in besteande Caroline of gewoan fantasywurden binne.<ref>[http://books.google.co.uk/books?id=TgUNAAAAIAAJ&pg=PA147 {{aut|David M. Damkaer.}} "The Copepodologist's Cabinet: A Biographical and Bibliographical History, Volume 1." ''Memoirs of the American Philosophical Society'', Volume 240 (2002).], {{ISBN|978-0-87169-240-5}}.</ref>
Om Leach te earjen waard de [[blauwjukkûkaburra]] (''Dacelo leachii'') nei him neamd.
{{Boarnen|boarnefernijing=
{{Reflist}}
}}
{{DEFAULTSORT:Leach, William Elford}}
[[Kategory:Ingelsk biolooch]]
[[Kategory:Ingelsk soölooch]]
[[Kategory:Ingelsk dokter]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1791]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1836]]
73gam24q6fcgdpfvhdn4rept6b5mqth
1229789
1229779
2026-05-10T22:42:16Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
/* Nammejouwing */ kt

[[Kategory:Ingelsk publisist]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1791]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1836]]
4kn1u1jo1tnjpsnw9sx55svsm6otoze
1229790
1229789
2026-05-10T22:42:48Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
/* Nammejouwing */ korr

Leach stiet bekend om syn eigensinnige en soms eksintrike nammejouwing fan nije [[Takson]]s. Hy neamde bygelyks sânentweintich ferskillende soarten nei syn freon John Cranch (1758-1816), ûnder oaren:
* De ''Ebalia cranchii''
* ''[[Chrysichthys cranchii]]''
* ''[[Cirolana cranchi]]''
* ''[[Eualus cranchii]]''
* ''[[Pandarus cranchii]]''
Fierder joech er oan njoggen [[geslacht (taksonomy)|geslachten]] fan [[Isopoda]] nammen dy't in [[anagram]] binne fan ''Caroline'' of ''Carolina'': ''[[Anilocra]]'', ''[[Canolira]]'', ''[[Cirolana]]'', ''[[Conilera]]'', ''[[Nelocira]]'', ''[[Nerocila]]'', ''[[Olencira]]'', ''[[Rocinela]]'' en ''[[Livoneca|Lironeca]]'' (no ''Livoneca''). It is net bekend oft dy ferwiisden nei in besteande Caroline of gewoan fantasywurden binne.<ref>[http://books.google.co.uk/books?id=TgUNAAAAIAAJ&pg=PA147 {{aut|David M. Damkaer.}} "The Copepodologist's Cabinet: A Biographical and Bibliographical History, Volume 1." ''Memoirs of the American Philosophical Society'', Volume 240 (2002).], {{ISBN|978-0-87169-240-5}}.</ref>
Om Leach te earjen waard de [[blauwjukkûkaburra]] (''Dacelo leachii'') nei him neamd.
{{Boarnen|boarnefernijing=
{{Reflist}}
}}
{{DEFAULTSORT:Leach, William Elford}}
[[Kategory:Ingelsk biolooch]]
[[Kategory:Ingelsk soölooch]]
[[Kategory:Ingelsk dokter]]
[[Kategory:Ingelsk publisist]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1791]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1836]]
kb2vo897jfzsewb39fclqr9mw00vjl4
1229791
1229790
2026-05-10T22:42:56Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
/* Nammejouwing */

Leach stiet bekend om syn eigensinnige en soms eksintrike nammejouwing fan nije [[takson]]s. Hy neamde bygelyks sânentweintich ferskillende soarten nei syn freon John Cranch (1758-1816), ûnder oaren:

h5d95qeucryx9g5sgwy6ns7yn4x77sz
1229794
1229791
2026-05-10T22:44:34Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
/* Nammejouwing */ stienkrobben

Fierder joech er oan njoggen [[geslacht (taksonomy)|geslachten]] fan [[stienkrobben]] (''Isopoda'') nammen dy't in [[anagram]] binne fan ''Caroline'' of ''Carolina'': ''[[Anilocra]]'', ''[[Canolira]]'', ''[[Cirolana]]'', ''[[Conilera]]'', ''[[Nelocira]]'', ''[[Nerocila]]'', ''[[Olencira]]'', ''[[Rocinela]]'' en ''[[Livoneca|Lironeca]]'' (no ''Livoneca''). It is net bekend oft dy ferwiisden nei in besteande Caroline of gewoan fantasywurden binne.<ref>[http://books.google.co.uk/books?id=TgUNAAAAIAAJ&pg=PA147 {{aut|David M. Damkaer.}} "The Copepodologist's Cabinet: A Biographical and Bibliographical History, Volume 1." ''Memoirs of the American Philosophical Society'', Volume 240 (2002).], {{ISBN|978-0-87169-240-5}}.</ref>
Om Leach te earjen waard de [[blauwjukkûkaburra]] (''Dacelo leachii'') nei him neamd.
{{Boarnen|boarnefernijing=
{{Reflist}}
}}
{{DEFAULTSORT:Leach, William Elford}}
[[Kategory:Ingelsk biolooch]]
[[Kategory:Ingelsk soölooch]]
[[Kategory:Ingelsk dokter]]
[[Kategory:Ingelsk publisist]]
[[Kategory:Persoan berne yn 1791]]
[[Kategory:Persoan stoarn yn 1836]]
ivp3cnfln765p6cpw047rsc8pidyna3
Kategory:Hûpefûgel
14
191738
1229788
2026-05-10T22:41:02Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
nij
1229788
wikitext
text/x-wiki
[[Kategory:Fûgelfamylje]]
[[Kategory:Noashoarnfûgeleftige]]
45ys7h3yqui3oyr4f8hd8b2wznqrrsy
Ofbyld:Fersprieding fan de salvinstikelmûsgoffer (Heteromys salvini).png
6
191739
1229798
2026-05-10T22:48:58Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
In lânkaart mei dêrop werjûn de fersprieding fan de salvinstikelmûsgoffer (''Heteromys salvini''). Eigenmakke ôfbylding.
1229798
wikitext
text/x-wiki
== Gearfetting ==
In lânkaart mei dêrop werjûn de fersprieding fan de salvinstikelmûsgoffer (''Heteromys salvini''). Eigenmakke ôfbylding.
== Lisinsje ==
{{Auteursrjocht Frij}}
4t6l2atu0rqcscm2t412mhygabwgsuz
Salvinstikelmûsgoffer
0
191740
1229799
2026-05-10T23:10:56Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
nije side
1229799
wikitext
text/x-wiki
{{Bistesoarte
|Namme=salvinstikelmûsgoffer
|Ofbyld= [[File:Heteromys_salvini.jpg|250px]]
|lûd=
|Ryk= [[dieren]] (''Animalia'')
|Stamme= [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')
|Klasse= [[sûchdieren]] (''Mammalia'')
|Skift= [[kjifdieren]] (''Rodentia'')
|Famylje= [[mûsgoffers]] (''Heteromyidae'')
|Skaai= [[stikelmûsgoffers]] (''Heteromys'')
|Wittenskiplike namme= Heteromys salvini
|Beskriuwer, jier= [[Oldfield Thomas|Thomas]], 1893
|IUCN-status= [[IUCN-status]]: net bedrige
----
|lânkaart=[[File:Fersprieding fan de salvinstikelmûsgoffer (Heteromys salvini).png|center|250px]]
}}
De '''salvinstikelmûsgoffer''' of '''Salvins stikelmûsgoffer''' ([[wittenskiplike namme]]: ''Heteromys salvini''; foarhinne: ''Liomys salvini'') is in [[sûchdier]] út it [[skift]] fan 'e [[kjifdieren]] (''Rodentia''), de [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[mûsgoffers]] (''Heteromyidae'') en it [[skaai (taksonomy)|skaai]] fan 'e [[stikelmûsgoffers]] (''Heteromys''). Dit bistke komt foar yn grutte dielen fan [[Midden-Amearika]], dêr't it benammen libbet yn [[drûchte|drûgere]] en mear iepen dielen fan it [[leechlân]]sk [[tropysk reinwâld]]. Salvinstikelmûsgoffers binne [[solitêr]] libjende [[nachtdier]]en mei in fierhinne (mar net folslein) [[herbivoar]] dieet. De [[IUCN]] klassifisearret dit bist as net bedrige.
==Taksonomy==
De salvinstikelmûsgoffer waard yn [[1893]] foar it earst [[wittenskip]]lik beskreaun troch de [[Ingelân|Ingelske]] [[mammalooch]] [[Oldfield Thomas]]. Dyselde basearre him dêrby op in [[spesimen]] dat ôfkomstich wie út 'e neite fan [[Dueñas (Gûatemala)|Dueñas]] yn it departemint [[Sacatepéquez]] yn it suden fan [[Gûatemala]]. Thomas ferneamde dit bistke nei syn lânsman [[Osbert Salvin]] ([[1835]]–[[1898]]), in [[biolooch]] dy't benammen aktyf wie op 'e mêden fan 'e [[ornitology]] en de [[herpetology]]. De salvinstikelmûsgoffer waard troch Thomas daliks al yndield yn it [[skaai (taksonomy)|skaai]] fan 'e [[stikelmûsgoffers]] (''Heteromys''), mar letter stie it bistke lange tiid bekend ûnder de [[wittenskiplike namme]] ''Liomys salvini''. Yn 'e [[2000-er jierren]] kaam lykwols fêst te stean dat it skaai ''Liomys'' [[parafyletysk]] en dêrom [[taksonomy]]sk ûnjildich wie. Alle [[soarte]]n út dat skaai kamen doe by de stikelmûsgoffers te hearren.
==Fersprieding==
It [[ferspriedingsgebiet]] fan 'e salvinstikelmûsgoffer wreidet him út by de [[Stille Oseaan|Pasifyske]] [[kust]] fan in grut diel fan [[Midden-Amearika]] lâns. It begjint yn it súdwesten yn 'e [[Meksiko]], dêr't it dielen fan 'e súdeastlike steaten [[Oaxaca (steat)|Oaxaca]] en [[Chiapas]] omfettet. Dêrwei rint it troch fia de súdlike helte fan [[Gûatemala]] en frijwol hiel [[El Salvador]] nei twa net streekrjocht opinoar oanslutende parten fan [[Hondoeras]], yn it noardwesten en it suden fan dat lân. Yn [[Nikaragûa]] beslacht de fersprieding fan 'e salvinstikelmûsgoffer de westlike helte fan it lân, inkele [[eilantsje]]s yn 'e grutte [[Nikaragûamar]] ynbegrepen. It ferspriedingsgebiet einiget yn [[Kosta Rika]], dêr't it it [[Nicoyaskiereilân]] en oanbuorjende dielen fan it [[fêstelân]] omfiemet.
==Uterlike skaaimerken==
De salvinstikelmûsgoffer is frij lyts foar in [[stikelmûsgoffer]]. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 10,3–14,0 [[sintimeter|sm]], mei in sturtlingte fan 9,7–14,4 sm en in gewicht fan likernôch 45 [[gram (gewicht)|g]]. Der bestiet yn dizze [[soarte]] wat [[seksuele dimorfy]] yn 'e sin dat de [[mantsje]]s justjes grutter en swierder binne as de [[wyfke]]s. De [[ear (anatomy)|earkes]] mjitte 1,2–1,6 sm en de [[efterpoat]]en hawwe in lingte fan 2,6–3,0 sm. Krekt as oare [[mûsgoffers]] hat de salvinstikelmûsgoffer útwindige, mei [[hier (begroeiïng)|hier]] befuorre [[wangpûde]]n, dy't as in soartemint [[bûse]]n oan 'e bûtenkant fan 'e [[wang]]en sitte. De [[pels]] bestiet út rûch [[hier (begroeiïng)|hier]] dêr't lytse hurde [[stikel (soölogy)|stikels]] trochhinne sitte.
Hoewol't de [[kleur]] fan 'e pels regionaal wat fariëarje kin, is dy op 'e [[rêch]] en de oare boppeste [[lichemsdiel]]en altyd [[griis]] of grizich [[brún]] en op 'e [[bealch]], it [[boarstkas|boarst]], de [[kiel]] en de [[poat]]sjes [[krêmkleur]]ich. De frijwol keale [[sturt]] is likernôch like lang as it [[lichem (biology)|lichem]] en hat oan 'e ûnderkant in ljochtere kleur as oan 'e boppekant. Guon yndividuën hawwe oan 'e sturtpunt in hierkwastke sitten. Yn kontreien dêr't de [[ferspriedingsgebiet|fersprieding]] fan 'e salvinstikelmûsgoffer oerlapet mei dy fan oare soarten stikelmûsgoffers, kin dit bistke identifisearre wurde oan it ûntbrekken fan [[swart]]e foarpoatsjes en it ûntbrekken fan in [[oranje|oranjige]] streek oer de [[side (anatomy)|siden]].
==Biotoop==
De salvinstikelmûsgoffer komt benammen foar yn [[drûchte|drûgere]] en mear iepen dielen fan it [[tropysk reinwâld]] yn it [[leechlân]] fan [[Midden-Amearika]]. De [[beam]]men binne dêr benammen [[dinnen]] en [[iken]]. Yn westlik [[Nikaragûa]] libbet dit biske ek yn 'e [[berchtme|bergen]] fan 'e [[Cordillera de los Maribios]], in [[fulkaan]]keatling dy't diel útmakket fan 'e [[Amerikaanske Kordillera]]. Mar oer it algemien komt er net heger foar as 1.500 [[meter|m]] boppe [[seenivo]]. Salvinstikelmûsgoffers jouwe de foarkar oan mei [[strewelleguod]] oerwoekere [[fjild]]en en [[iepen plak (bosk)|iepen plakken]] yn bosken.
==Hâlden en dragen==
De salvinstikelmûsgoffer is in [[nachtdier]] dat [[dei|oerdeis]] rêst hâldt yn in nêst dat er makke hat yn in eigengroeven ûndergrûnske [[hoale]], yn in [[rots]]spjalt, in [[beamholte]], in [[ferrotting|fuortrotsjende]] omfallen [[beam]] of in tichte [[strûk]]. [[Fretten]] wurdt gearfandele op [[nacht]]like foerazjeartochten en foar it meastepart yn 'e [[wangpûde]]n stoppe om mei werom te nimmen nei hûs, sadat it letter yn alle rêst bepluze wurde kin.
Salvinstikelmûsgoffers binne minder sosjaal as oare [[stikelmûsgoffers]] (''Heteromys'' spp.). Yn [[drûchte|drûge]] [[wâld]][[habitat]]s fêstigje se [[territoarium (biology)|territoaria]] mei in [[oerflak]] fan likernôch 20 [[hektare|ha]], mar troch [[agresje]] dy't benammen rjochte is op soartgenoaten fan itselde [[geslacht (sekse)|geslacht]] resultearret dat yn it gearkloftsjen fan territoaria fan [[wyfke]]s yn en om territoaria fan [[mantsje]]s. [[Dominânsjehierargy|Dominânsje]] hinget ôf fan lichemsgrutte en [[âldens]]: gruttere yndividuën binne dominant oer lytseren en [[folwoeksene]]n binne dominant oer healwoeksen eksimplaren. It nivo fan 'e ûnderlinge agresje bliuwt it hiele jier troch gelyk en fariëarret net nei [[jiertiid]].
De [[peartiid]] falt foar de salvinstikelmûsgoffer yn [[Kosta Rika]] fan [[jannewaris]] oant en mei [[juny]], mar yn oare dielen fan it [[ferspriedingsgebiet]] kin de [[fuortplanting]] it jier rûn plakfîne. De [[wyfke]]s produsearje [[jier]]s 1–8, mar trochstrings 2 nêsten jongen. De [[draachtiid]] duorret likernôch 25 [[dagen]], wêrnei't der 2–6 (mar yn trochsneed 4) jongen smiten wurde. De jongen komme frijwol helpleas te wrâld en binne yn 't earstoan folslein oanwiisd op fersoarging troch de [[mem]]. Mar se ûntwikkelje har tige fluch en wurde mei 18 dagen [[ôfwûn]]. Mei 6 [[moanne (tiid)|moannen]] binne se [[geslachtsryp]]. De trochsneed [[libbensferwachting]] leit foar salvinstikelmûsgoffers op likernôch 1 jier. Mar inkelingen libje langer as 15–18 moannen.
==Fretten==
Salvinstikelmûsgoffers frette ek wol [[ynsekten]], mar fierwei it meastepart fan har dieet bestiet út [[sied (plant)|sieden]]. Yn [[Kosta Rika]] giet dêrby yn 'e [[drûge tiid]] de foarkar út nei de sieden fan 'e [[bûterblombeam]] (''Cochlospermum religiosum''). Yn 'e [[reintiid]] fret de salvinstikelmûsgoffer dêr sieden fan in breed ferskaat oan [[planten]], wêrûnder dy fan [[lânbougewaaks]]en as [[weet]], [[stynske weet]], [[beane]] en de [[wûnderbeam]] (''Ricinus communis''). Opmerklikernôch hat er ek gjin muoite (en rint er neat op fan) it fretten fan 'e [[gif]]tige sieden fan 'e [[oaljefante-earbeam]] (''Enterolobium cyclocarpum''). Foar it opspoaren fan gaadlike sieden yn it [[nacht]]lik [[tsjuster]] lykje salvinstikelmûsgoffers benammen har [[rooksin]] te brûken.
==Natuerlike fijannen==
De wichtichste [[rôfdier|natuerlike fijannen]] fan 'e salvinstikelmûsgoffer binne ferskate [[soarte]]n [[ûlen]], lykas de [[Amerikaanske goudûle]] (''Tyto furcata''), en fierders [[lânrôfdier]]en lykas de [[grize foks]] (''Urocyon cinereoargenteus''), de [[prêrjewolf]] (''Canis latrans''), de [[jagûarûndy]] (''Herpailurus yagouaroundi''), de [[Middenamerikaanske katfret]] (''Bassariscus sumichrasti''), de [[langsturtwezeling]] (''Neogale frenata'') en ferskate soarten [[slangen]].
==Status==
De salvinstikelmûsgoffer hat de [[IUCN-status]] fan "net bedrige", mei't er yn syn [[ferspriedingsgebiet]] noch rûnom foarkomt en om't de [[populaasje (biology)|populaasje]] stabyl liket te wêzen. Mei't de [[habitat]]s dêr't dizze soarte fan ôfhinklik is, [[habitatferlies|yn oerflak tebekrinne]], wurdt derfan útgien dat ek de salvinstikelmûsgoffer yn oantallen ôfnimt.
==Undersoarten==
Der binne 3 <small>(stân fan saken yn 2016)</small> erkende [[ûndersoarte]]n fan 'e salvinstikelmûsgoffer (''Heteromys salvini''):
*de gewoane salvinstikelmûsgoffer (''H. s. salvini'') <small>(de [[nominaat]]; súdlik [[Gûatemala]], [[El Salvador]], noardwestlik en súdlik-sintraal [[Hondoeras]], westlik-sintraal [[Nikaragûa]] en it eilân [[Ometepe]] yn 'e [[Nikaragûamar]])</small>
*de Meksikaanske salvinstikelmûsgoffer (''H. s. crispus'') <small>(súdeastlik [[Oaxaca (steat)|Oaxaca]] en súdlik [[Chiapas]])</small>
*de súdlike salvinstikelmûsgoffer (''H. s. vulcani'') <small>(westlik Nikaragûa, it eilân [[Zapatera]] yn 'e Nikaragûamar en noardwestlik [[Kosta Rika]])</small>
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Salvin's_spiny_pocket_mouse ''References'', op dizze side], en ûnder: [http://de.wikipedia.org/wiki/Mittelamerikansche_Stacheltaschenmaus ''Belege'' en ''Literatur'', op dizze side].
----
{{commonscat|Heteromys salvini}}
}}
{{DEFAULTSORT:Salvinstikelmusgoffer}}
[[Kategory:Sûchdieresoarte]]
[[Kategory:Stikelmûsgoffer]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika]]
lzskx8sv0zo3eyntrtxmmeaa1zgzs04
Salvins stikelmûsgoffer
0
191741
1229800
2026-05-10T23:11:39Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
Ferwiist troch nei [[Salvinstikelmûsgoffer]]
1229800
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Salvinstikelmûsgoffer]]
q8c6tw7n9tsxx267k7b7cspr3ubiqv8
Heteromys salvini
0
191742
1229801
2026-05-10T23:12:02Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
Ferwiist troch nei [[Salvinstikelmûsgoffer]]
1229801
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Salvinstikelmûsgoffer]]
q8c6tw7n9tsxx267k7b7cspr3ubiqv8
Liomys salvini
0
191743
1229802
2026-05-10T23:12:14Z
Ieneach fan 'e Esk
13292
Ferwiist troch nei [[Salvinstikelmûsgoffer]]
1229802
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Salvinstikelmûsgoffer]]
q8c6tw7n9tsxx267k7b7cspr3ubiqv8
Spaanske keizerearn
0
191744
1229807
2026-05-11T08:32:20Z
RomkeHoekstra
10582
Side makke mei "{{Bistesoarte |Namme = Spaanske keizerearn |Ofbyld = [[Ofbyld:Aquila adalberti.jpg|250px]] |Ryk = [[dieren]] (''Animalia'') |Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') |Klasse = [[fûgels]] (''Aves'') |Skift = [[haukeftigen]] (''Accipitriformes'') |Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'') |Skaai = [[echte earnen]] (''Aquila'') |Wittenskiplike namme = Aquila adalberti |Beskriuwer, jier = [[C.L. Brehm]], 1861 |IUCN-status = IUCN-s..."
1229807
wikitext
text/x-wiki
{{Bistesoarte
|Namme = Spaanske keizerearn
|Ofbyld = [[Ofbyld:Aquila adalberti.jpg|250px]]
|Ryk = [[dieren]] (''Animalia'')
|Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')
|Klasse = [[fûgels]] (''Aves'')
|Skift = [[haukeftigen]] (''Accipitriformes'')
|Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'')
|Skaai = [[echte earnen]] (''Aquila'')
|Wittenskiplike namme = Aquila adalberti
|Beskriuwer, jier = [[C.L. Brehm]], 1861
|IUCN-status = [[IUCN-status]]: <span style="color:orange;">'''gefoelich'''</span>
|lânkaart = [[Ofbyld:Aquila adalberti distr.PNG|250px]]
}}
De '''Spaanske keizerearn''' of '''Ibearyske keizerearn''' (''Aquila adalberti'') is in earn út it [[Skaai (taksonomy)|skaai]] ''Aquila'' ("echte earnen") dy't allinne op it [[Ibearysk skiereilân]] foarkomt. De wittenskiplike namme is in earbetoan oan [[Adalbert Willem fan Beieren]]. De fûgel wurdt hjoed-de-dei sjoen as in súksesferhaal op it mêd fan natuerherstel yn Europa.
== Skaaimerken ==
De Spaanske keizerearn is likernôch like grut as de gewoane [[keizerearn]]; de fûgels wurde 75 oant 85 sm lang en ha in wjukspanne fan 1,8 oant 2,1 m en in gewicht fan 2,8 oant 3,5 kg. Folwoeksen fûgels binne donkerder fan kleur as de keizerearn, mei in karakteristike wite foarrâne oan 'e ûnder- en boppewjuk. Unfolwoeksen fûgels binne krekt wer ljochter, egaal kanielbrún.
== Taksonomy ==
De Spaanske keizerearn is nau besibbe oan 'e keizerearn (''Aquila heliaca''). Oant yn 'e jierren 1990 waard tocht dat de Spaanske keizerearn in [[ûndersoarte]] wie, mar sûnt de iuwwikseling wurdt de fûgel op grûn fan genetysk ûndersyk en uterlike skaaimerken as in aparte soarte beskôge.
== Fersprieding en habitat ==
Dizze earn libbet yn Súdwest- en Sintraal-[[Spanje]] en hat de lêste jierren ek wer in populaasje yn [[Portegal]]. Oant likernôch healwei de 20e iuw briede de Spaanske keizerearn noch yn it noarden fan [[Marokko]]. De lêste befêstige briedgefallen yn Marokko stamje út de jierren 1970. Dêrnei is de soarte dêr as briedfûgel offisjeel útstoarn ferklearre.
Wylst de populaasje nei de grutte tebekgong yn 'e 20e iuw allinnich noch beheind wie ta gebieten lykas it [[Nasjonaal Park Monfragüe]] en [[Natsjonaal Park Doñana|Coto de Doñana]], hat de soarte syn ferspriedingsgebiet de lêste desennia flink útwreide. Hy briedt yn Mediterraansk bosk en iepen beamgreiden (Dehesas) mei koark-iken en stien-iken. Nije pearkes briede no ek yn mear yn kultuer brochte lânskippen mei lytse boskjes.
Wichtige betingsten foar de earn binne in grut oanbod fan kninen (syn haadfiedsel) en sa min mooglik minsklike fersteuring yn it briedseizoen. Ien fan 'e grutste gefaren foarmje hjoed-de-dei de heechspanningsliedings.
== Hâlden en dragen ==
[[Ofbyld:Aquila adalberti MHNT.ZOO.2010.11.93.5.jpg|thumb|left|Aai.]]
De Spaanske keizerearn is [[Monogamy|monogaam]]. In pearke bliuwt meastentiids harren hiele libben byinoar. Se ferdigenje in fêst territoarium dat it hiele jier troch beset wurdt. De briedtiid begjint betiid yn it jier. It wyfke leit yn 'e regel 2 oant 3 aaien (soms 4). Der sit faak in pear dagen tusken it lizzen fan 'e aaien. It brieden duorret sa'n 43 oant 45 dagen. De piken binne nei likernôch 75 oant 80 dagen grut genôch om út te fleanen
Njonken kninen yt de earn ek [[kjifdieren]], [[dofûgels|dowen]], [[krieën]], [[einen]] en bytiden sels jonge [[foks]]en. Wylst de eastlike keizerearn in [[trekfûgel]] is, bliuwt de Spaanske keizerearn it hiele jier troch yn syn briedgebiet.
Yn Nederlân is de Spaanske keizerearn in tige seldsume doarmer mei mar ien befêstige waarnimming út 2007.
== Status en werstel ==
Yn 'e jierren 1960 wie de Spaanske keizerearn ien fan 'e meast bedrige rôffûgels op 'e wrâld, mei noch mar 30 briedpearen. Troch strange beskerming, oanpassingen oan elektryske liedings en it ferbetterjen fan it liifgebiet, is de populaasje de lêste jierren wer groeid.
Der wurde no mear as 840 briedpearen teld (stân 2023/2024), wat delkomt op sa'n 1.700 folwoeksen fûgels. Fan mar 3 pearen yn 2007 is de Portegeeske populaasje groeid nei mear as 20 pearen.
Om 't de fûgel him goed hat wersteld is de status op 'e [[Reade list]] fan 'e [[IUCN]] ferbettere fan kwetsber (''Vulnerable'') nei hast bedrige (''Near Threatened''), ek al bliuwt de fûgel ôfhinklik fan beskermingsmaatregels.
{{boarnen|boarnefernijing=
* [https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/spanish-imperial-eagle-aquila-adalberti BirdLife International, oproppen 3 maaie 2026.]
* [https://ebird.org/species/spaeag1 eBird, oproppen 3 maaie 2026.]
* [https://birdsoftheworld.org/bow/species/spaeag1/cur/introduction Birds of the World, oproppen 4 maaie 2026.]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Aquila adalberti}}
}}
[[Kategory:Fûgelsoarte]]
[[Kategory:Echte earn]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje]]
ojn5xabhr51c8dzqpdqw6tv252dvzkf
Aquila adalberti
0
191745
1229808
2026-05-11T08:32:47Z
RomkeHoekstra
10582
Ferwiist troch nei [[Spaanske keizerearn]]
1229808
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Spaanske keizerearn]]
n4cerq5gztu01cbiwpnrv5w8f0za5e7
Ibearyske keizerearn
0
191746
1229809
2026-05-11T08:33:10Z
RomkeHoekstra
10582
Ferwiist troch nei [[Spaanske keizerearn]]
1229809
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Spaanske keizerearn]]
n4cerq5gztu01cbiwpnrv5w8f0za5e7
C.L. Brehm
0
191747
1229810
2026-05-11T09:26:53Z
Drewes
2754
Ferwiist troch nei [[Christian Ludwig Brehm]]
1229810
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Christian Ludwig Brehm]]
h7lht2lxi6swk8u3fmz1wytv2ohylou
Swarte earn
0
191748
1229811
2026-05-11T10:06:21Z
RomkeHoekstra
10582
Side makke mei "{{Bistesoarte |Namme = Swarte earn |Ofbyld = [[Ofbyld:Verreaux's Eagle (23803222411).jpg|250px]] |Ryk = [[dieren]] (''Animalia'') |Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') |Klasse = [[fûgels]] (''Aves'') |Skift = [[haukfûgeleftigen]] (''Accipitriformes'') |Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'') |Skaai = [[echte earnen]] (''Aquila'') |Wittenskiplike namme = Aquila verreauxii |Beskriuwer, jier = René Primevère Lesson|Lesso..."
1229811
wikitext
text/x-wiki
{{Bistesoarte
|Namme = Swarte earn
|Ofbyld = [[Ofbyld:Verreaux's Eagle (23803222411).jpg|250px]]
|Ryk = [[dieren]] (''Animalia'')
|Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')
|Klasse = [[fûgels]] (''Aves'')
|Skift = [[haukfûgeleftigen]] (''Accipitriformes'')
|Famylje = [[haukfûgels]] (''Accipitridae'')
|Skaai = [[echte earnen]] (''Aquila'')
|Wittenskiplike namme = Aquila verreauxii
|Beskriuwer, jier = [[René Primevère Lesson|Lesson]], 1830
|IUCN-status = [[IUCN-status]]: '''net bedrige'''
|lânkaart = [[Ofbyld:Aquila verreauxii distr.png|250px]]
}}
De '''swarte earn''' (''Aquila verreauxii'') is in grutte [[rôffûgel]] út de [[Famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[haukfûgels]] (''Accipitridae''). It is in opfallende ferskining dy't foaral foarkomt yn 'e rotsige gebieten fan it súdlike en eastlike diel fan [[Afrika]]. De wittenskiplike namme is in earbetoan oan 'e Frânske samler [[Jules Verreaux|Jules Pierre Verreaux]].
== Skaaimerken ==
[[Ofbyld:Aquila verreauxii01.jpg|thumb|left|Fûgel yn 'e flecht.]]
De swarte earn is in grutte earn mei in lichemslingte fan 78 oant 88 sm en in wjukspanwiidte fan 1,89 oant 2,09 m. Dêrmei is er krekt wat lytser as de [[stienearn]] (''Aquila chrysaetos'').
It fearrekleed fan folwoeksen fûgels is foar in grut part swart. Karakteristyk binne de wite "V" op 'e rêch en de wite stút. Yn 'e flecht binne der dúdlike wite plakken te sjen op 'e slachpinnen fan 'e wjukken. It sylhûet fan 'e wjukken is apart: de wjukbasis is frij smel, wylst de hânpinnen breed útwreidzje.
Jonge fûgels lykje mear op 'e stienearn mei harren gielbrune nekke, mar se binne te werkennen oan 'e spesifike wjukfoarm en in lytser kopke.
== Fersprieding en habitat ==
De earn komt lokaal foar yn [[Afrika]] besuden de [[Sahara]] en op it súdlike diel fan it [[Arabysk Skiereilân]]. Hy libbet yn rotsige berchstreken, op 'e [[savanne]] en yn healwoastinen, oeral dêr't syn haadfiedsel foarkomt.
== Taksonomy ==
De swarte earn is it naust besibbe oan 'e [[Afrikaanske haukearn]] (Aquila spilogaster) en de [[haukearn]] (Aquila fasciata). Der wurde gjin [[ûndersoarte]]n erkend ([[Monotypysk takson|monotypysk]]).
== Hâlden en dragen ==
[[Ofbyld:Verreaux's Eagle. Black Eagle, Aquila verreauxii, at Walter Sisulu National Botanical Garden, Gauteng, South Africa (19609583955).jpg|thumb|left|F6ugel yn Súd-Afrika.]]
De fûgel is sterk bûn oan rotsrânen. De earn is in spesjalist: syn dieet bestiet foar it grutste part út [[klipdas]]sen (''Procavia capensis''). Dêrnjonken yt er ek wol oare [[sûchdieren]], [[fûgels]] en [[skyldpodden]].
It nêst kin wol 1,8 meter breed wurde en wurdt meastentiids tsjin 'e rots of yn in grot boud, mar soms ek yn in beam.
De earn leit meastentiids twa aaien. It âldste jong deadet lykwols it jongste hast altiten binnen trije dagen nei it útkommen fan it aai. Dat [[kaïnisme]] soarget derfoar dat de âlden al harren enerzjy yn ien sterk jong stekke kinne.
== Status ==
De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt op dit stuit as stabyl beskôge. De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op tsientûzenen yndividuen. Dêrom stiet de swarte earn as net bedrige (''Least Concern'') op 'e [[Reade list]] fan 'e [[IUCN]].
{{boarnen|boarnefernijing=
* [https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/verreauxs-eagle-aquila-verreauxii BirdLife International, oproppen 11 maaie 2026.]
* [https://ebird.org/species/vereag1?siteLanguage=nl eBird, oproppen 11 maaie 2026.]
* [https://birdsoftheworld.org/bow/species/vereag1/cur/introduction Birds of the World, oproppen 11 maaie 2026.]
{{reflist}}
----
{{Commonscat|Aquila verreauxii}}
}}
[[Kategory:Fûgelsoarte]]
[[Kategory:Echte earn]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Angoala]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Botswana]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjaad]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Dzjibûty]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Egypte]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Eritreä]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Swazylân]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Etioopje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Israel]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Jordaanje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Kenia]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Lesoto]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Malawy]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Mozambyk]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Namybje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Niger]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Oman]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Somaalje]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Afrika]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Sûdan]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Tanzania]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Uganda]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Jemen]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Sambia]]
[[Kategory:Lânseigen fauna yn Simbabwe]]
pxclk18ubp7e0p3vrnz4ems76l1j070
Aquila verreauxii
0
191749
1229812
2026-05-11T10:06:44Z
RomkeHoekstra
10582
Ferwiist troch nei [[Swarte earn]]
1229812
wikitext
text/x-wiki
#REDIRECT [[Swarte earn]]
d5uzg5vlidzbtbcg4lcfenxuiglu2x4
Wikipedy oerlis:Gjin orizjineel ûndersyk
5
191750
1229813
2026-05-11T11:42:13Z
Mysha
254
/* brânûnmelding? */ nije seksje
1229813
wikitext
text/x-wiki
== brânûnmelding? ==
Wit immen wat it doel wie yn stee fan "brânûnmelding"? Ik haw in idee fan wêr't op doeld wurdt, mar dêrfan haw ik gjin idee wat der ferkeard dien is. [[Meidogger:Mysha|Mysha]] ([[Meidogger oerlis:Mysha|oerlis]]) [[Meidogger:Mysha|Mysha]] ([[Meidogger oerlis:Mysha|oerlis]]) 11 mai 2026, 13.42 (CEST)
e25qtc4lqhocvju0w7buwbohnuitufi