Wikipedy fywiki https://fy.wikipedia.org/wiki/Haadside MediaWiki 1.47.0-wmf.23 first-letter Media Wiki Oerlis Meidogger Meidogger oerlis Wikipedy Wikipedy oerlis Ofbyld Ofbyld oerlis MediaWiki MediaWiki oerlis Berjocht Berjocht oerlis Hulp Hulp oerlis Kategory Kategory oerlis Tema Tema oerlis TimedText TimedText talk Module Module talk Event Event talk 1723 0 18120 1242165 840049 2026-10-07T20:57:29Z Drewes 2754 /* Ferstoarn */ 1242165 wikitext text/x-wiki {{JiersideBoppe}} {{Kalinders}}{{Kalinderjier}} == Foarfallen == * [[16 augustus]] -beslút fan Deputearre Steaten om it [[Dokkumer Djip]] ôf te sluten. * [[april]] - Yn de katolike mienskip yn Nederlân bart in [[skisma]]. Se fine dat de [[paus]] en de [[jezuïten]] ûnrjochtlik de Nederlânske katoliken tsjin de [[Republyk]] besykje op te stoken en se stelle in eigen [[aartsbiskop]] fan [[Aartsbisdom Utert (Roomsk-Katolike Tsjerke)|aartsbisdom Utert]] oan. Dat wie it begjin fan de [[Aldkatolike Tsjerke]]. == Berne == * [[2 jannewaris]] - [[David Ruhnken]], Nederlânsk gelearde († [[1798]]) *[[25 maart]] - [[Kaat Moksel]], Nederlânsk Oranjegesinde mokselfrou († [[1798]]) *[[31 maart]] - [[Freark V fan Denemark]], kening fan Denemark en Noarwegen († [[1766]]) * [[5 juny]] - [[Adam Smith]], Skotsk ekonoom, grûnlizzer fan it klassyk [[liberalisme]] († [[1790]]) * [[11 july]] - Karoline Louise, prinsesse fan Hessen († [[1783]]) * [[23 july]] - [[Eelko Alta]], Frysk predikant, lânboukundige en politikus († [[1798]]) * [[5 augustus]] - Maria fan Hannover, lângrevinne fan Hessen-Kassel († [[1772]]) == Ferstoarn == * [[27 augustus]] - [[Antoni fan Leeuwenhoek]], Nederlânsk wittenskipper * Alexander Selkirk, seeman dy't fjouwer jier op in ûnbewenne eilân trochbrocht, ynspiraasje foar [[Daniel Defoe|Defoes]] ''[[Robinson Crusoe]]'' {{JiersideUnder}} {{Boarnen|boarnefernijing= <references/> ---- {{Commonscat}} }} [[Kategory:1723| ]] [[Kategory:18e iuw]] 3p2npyq77ltj0pbsyt74gqoxxpgai5h Lissabon 0 19187 1242167 1225871 2026-10-08T00:43:30Z Kent Wang 60142 /* Demografy */ Equestrian statue of King José I with Arco Triunfal da Rua Augusta 45.jpg 1242167 wikitext text/x-wiki {{Universele ynfoboks stêd | namme = Lissabon<br />''Lisboa'' | ôfbylding = LocalLisboa.svg | ôfbyldingsbreedte = 260px | ôfbyldingstekst = Plak fan Lissabon yn Portugal | ynwennertal = 508.368 <small>(2017)</small> | oerflak = 84,8 km² | befolkingstichtens = 6.458 / km² | stêdekloft = 2.854.802 op 2,957 km2 | hichte = 0 - 227 m | lân = [[Portugal]] | bestjoerlike ienheid 1 = Regio | namme bestjoerlike ienheid 1= Lissabon | bestjoerlike ienheid 2 = Subregio | namme bestjoerlike ienheid 2= Grut-Lissabon | boargemaster = | stêdsyndieling = 53 ''freguesia'' | stifting = | postkoade = | tiidsône = WET([[UTC]]+0) | simmertiid = (UTC+1) | koördinaten = | webside = [https://www.cm-lisboa.pt Webstee fan Lissabon] }} [[Ofbyld:Panoramic view - Lisboa.jpg|right|thumb|250px|Lissabon oan de Taach]] '''Lissabon''' (''Lisboa'' yn it [[Portegeesk]]) is de haadstêd fan [[Portugal]]. It is ek de grutste stêd fan it lân, mei de [[stêdekloft]] om de stêd hinne wenje der krapoan 3.000.000 minsken. De stêd leit op de rjochterouwer fan de [[Taach]], tichtby de [[Atlantyske Oseaan]], yn de omkriten [[Estremadura]]. Yn Lissabon hat de Portugeeske regearing en talleaze oerheden harren sit, en mei seis universiteiten en de Akademy foar Wittenskip is de stêd it politike en kulturele sintrum fan it lân. De stêd beskikt ek oer in wichtige seehaven. Lissabon is ek de sit fan in oantal ynstellings fan de [[Jeropeeske Uny]]. == Namme == Der binne ferskate teoryen oer it ûntstean fan de namme. De Goaten en Romeinen neamden de stêd ''Olissipona'' of ''Olisibona''.<ref>Johann Jakob Egli: ''Nomina geographica – Sprach- und Sacherklärung von 42000 geographischen Namen aller Erdräume'', side 544, Georg Olms Verlag, 1973, ISBN 3-487-04571-0.</ref> Yn [[Aldfrysk]]e teksten is de namme ''Vvlixibama'' (Wliksybama) werom te finen.<ref>Buma 1996, 267, 486.</ref><ref>[http://books.google.com/books?id=uWa5X5qa9bAC&pg=PA70&lpg=PA70&dq=Wlixibama&source=bl&ots=sRS_5AJdmr&sig=ND8cSCGx9G-6OkWFsLEwGR7mkUA&hl=fy&ei=Xvz2SqXSB8vS-Qb7srj6DQ&sa=X&oi=book_result&ct=result&resnum=1&ved=0CAcQ6AEwAA#v=onepage&q=Wlixibama&f=false Aspects of Old Frisian Philology], [[Geart van der Meer]], side 70</ref> == Skiednis == Neffens de [[leginde]] soe de stêd stiften wêze troch de [[Grikelân|Grykske]] held [[Odysseus]] op syn lange weromreis nei hûs ta. Yn wurklikheid ûntstie om [[1200 f.Kr.]] op it plak fan it tsjintwurdige Lissabon in [[Fenysjers|Fenisyske]] hannelspost dat op de ein fan de 3e iuw f.Kr. yn [[Romeinske Ryk|Romeinske]] hannen kaam. Nei de Romeinske tiid rekke de stêd yn ferfal en pas nei de oermastering fan it Iberyske skiereilân troch de [[Moaren]] nei [[711]] bloeide de stêd wer op en waard op 'e nij in wichtich hannelssintrum. [[Afonso Henriques]] dy't himsels yn [[1139]] as earste kening fan Portegal útroppen hie, ferovere Lissabon in [[1147]]. Op [[1 novimber]] [[1755]] waard de stêd troffen troch in swiere [[ierdskodding]]. Neffens de boarnen foelen der wol 15.000 deaden. De stêd moast op 'e nij opboud wurde. Ek de [[20e iuw|20e-iuw]]ske diktator [[António de Oliveira Salazar]] modernisearre de stêd. Yn 1998 waard yn Lissabon de [[Wrâldtentoanstelling|Ekspo]] holden. == Bestjoerlike yndieling == [[Ofbyld:Lisboa - Freguesias.png|thumb|250px|Bestjoerlike yndieling]] Lissabon bestiet út 53 [[freguesia]]: * [[Ajuda (Lisboa)|Ajuda]], [[Alcântara (Lisboa)|Alcântara]], [[Alto do Pina]], [[Alvalade (Lisboa)|Alvalade]], [[Ameixoeira (Lisboa)|Ameixoeira]] (Funchal), [[Anjos (Lisboa)|Anjos]], [[Beato (Lisboa)|Beato]], [[Benfica (Lisboa)|Benfica]], [[Campo Grande (Lisboa)|Campo Grande]], [[Campolide]], [[Carnide (Lisboa)|Carnide]], [[Castelo (Lisboa)|Castelo]], [[Charneca (Lisboa)|Charneca]], [[Coração de Jesus (Lissabon)|Coração de Jesus]], [[Encarnação]], [[Graça (Lissabon)|Graça]], [[Lapa (Lissabon)|Lapa]], [[Lumiar]], [[Madalena (Lissabon)|Madalena]], [[Mártires (Lisboa)|Mártires]], [[Marvila (Lisboa)|Marvila]], [[Mercês (Lisboa)|Mercês]], [[Nossa Senhora de Fátima (Lisboa)|Nossa Senhora de Fátima]], [[Pena (Lisboa)|Pena]], [[Penha de França]], [[Prazeres (Lisboa)|Prazeres]], [[Sacramento (Lisboa)|Sacramento]], [[Santa Catarina (Lisboa)|Santa Catarina]], [[Santa Engrácia]], [[Santa Isabel (Lissabon)|Santa Isabel]], [[Santa Justa (Lissabon)|Santa Justa]], [[Santa Maria de Belém]], [[Santa Maria dos Olivais (Lissabon)|Santa Maria dos Olivais]], [[Santiago (Lissabon)|Santiago]], [[Santo Condestável]], [[Santo Estêvão (Lissabon)|Santo Estêvão]], [[Santos-o-Velho]], [[São Cristóvão e São Lourenço]], [[São Domingos de Benfica]], [[São Francisco Xavier (Lissabon)|São Francisco Xavier]], [[São João (Lisboa)|São João]], [[São João de Brito]], [[São João de Deus]], [[São Jorge de Arroios]], [[São José (Lisboa)|São José]], [[São Mamede (Évora)|São Mamede]], [[São Miguel (Lisboa)|São Miguel]], [[São Nicolau (Lisboa)|São Nicolau]], [[São Paulo (Lisboa)|São Paulo]], [[São Sebastião da Pedreira]], [[São Vicente de Fora]], [[Sé (Lissabon)|Sé]] en [[Socorro (Lisboa)|Socorro]]. == Demografy == It fierwei grutste part fan de befolking fan Lissabon komt út Portugal; der wenje lykwols ek in soad bûtenlanners: [[Kaapverdje|Kaapverdianen]], [[Brazylje|Brazilianen]], [[Yndia|Ynjers]], [[Angoala|Angolezen]] en [[Ruslân|Russen]]. De kontrei om Lissabon is ien fan de fluchstgroeiende steedlike kriten fan Europa en neffens de [[Feriene Naasjes]] soene dêr yn 2050 wol 4.5 miljoen minsken wenje kinne. {| class="wikitable" ! colspan="10" | Ynwennertal fan Lissabon (1801–2004) |- bgcolor="#C0C0C0" | align="center" | 1801 | align="center" | 1849 | align="center" | 1900 | align="center" | 1930 | align="center" | 1960 | align="center" | 1981 | align="center" | 1991 | align="center" | 2001 | align="center" | 2004 | align="center" | 2011 |- | align="center" | 203.999 | align="center" | 174.668 | align="center" | 350.919 | align="center" | 591.939 | align="center" | 801.155 | align="center" | 807.937 | align="center" | 663.394 | align="center" | 564.657 | align="center" | 529.485 | align="center" | 547.631 |} <br><gallery class=center caption="Lissabon - Lisboa"> Equestrian statue of King José I with Arco Triunfal da Rua Augusta 45.jpg Lissabon-Sao Vicente de Fora-58-Dachterrasse-Panteao Nacional-2011-gje.jpg Lissabon-Largo das Portas do Sol-10-junges Paar-2011-gje.jpg Lissabon-Castelo de Sao Jorge-36-2011-gje.jpg Lissabon-Calcada da Bica Grande-02-2011-gje.jpg Lissabon-Ginjinha-14-2011-gje.jpg|Ginjinha Lissabon-Restaurant Leao D'Ouro-02-2011-gje.jpg Lissabon-Largo Trindade Coelho-04-Grillstand-2011-gje.jpg </gallery> {{boarnen|boarnefernijing= <references/> }} [[Kategory:Plak yn Portegal]] [[Kategory:Haadstêd yn Jeropa]] [[Kategory:Lissabon| ]] ds11b1d36eqfy2pxvbk2r0bhwgl6611 Brasília 0 27553 1242152 1130229 2026-10-07T13:19:53Z RomkeHoekstra 10582 + in bytsje tekst (wrâlderfgoed), ynfoboks fernijd, ynfoboks wrâlderfgoed tafoege, + kt. 1242152 wikitext text/x-wiki {{Wrapper}} {{Ynfoboks plak (2026) | namme = Brasilia<br><small>''Brasília''</small> | ôfbylding = Planalto Central (cropped).jpg | ôfbyldingstekst = | flagge = Bandeira do Distrito Federal (Brasil).svg | wapen = Brasão do Distrito Federal (Brasil).svg | lân = [[Ofbyld:Flag of Brazil.svg|20px]] [[Brazylje]] | bestjoerlike ienheid 1 = Regio | namme bestjoerlike ienheid 1 = [[Sintraal-West (Brazylje)|Centro-Oeste]] | bestjoerlike ienheid 2 = Bestjoerlike ienheid | namme bestjoerlike ienheid 2 = [[Federaal Distrikt (Brazylje)|Federaal Distrikt]] | boargemaster = | ynwennertal = 2.817.068 <small>(2022)</small><ref>[https://cidades.ibge.gov.br/brasil/df/brasilia/panorama IBGE – Folkstelling 2022]</ref> | oerflak = 5.760,78 km² | befolkingstichtens = 489 ynw./km² | hichte = 1.172 m | stifting = 21 april 1960 | postkoade = 70000-000 | netnûmer = +55 61 | tiidsône = [[UTC]]−3 | simmertiid = | webside = [https://www.df.gov.br/ www.df.gov.br] | mapname = Brazylje | lat_deg = 15 | lat_min = 47 | lat_sec = 56 | lat_dir = S | lon_deg = 47 | lon_min = 52 | lon_sec = 00 | lon_dir = W | tekst by posysjekaart = Lokaasje fan Brasilia yn Brazylje | ôfbylding99 = Vista do espaço de Brasília e arredores (2).jpg | ôfbyldingstekst99 = Satellytfoto }} {{Ynfoboks wrâlderfgoed | soarte = kultureel | namme = Brasília | ôfbylding = | tekst = | lân = | bestjoerlike ienheid 1 = | namme bestjoerlike ienheid 1= | bestjoerlike ienheid 2 = | namme bestjoerlike ienheid 2= | plak = | kritearia = i, iv | ûnderdiel fan = | UNESCO-regio = Latynsk-Amearika en de Kariben | UNESCO-folchnû. = 445 | ynskriuwing = 1987 (11e sessy) | útwreiding = | koördinaten = | gebiet = | buffersône = | bedrige = | webside = }} |} '''Brasilia''' (Portugeesk: ''Brasília'') is de haadstêd fan [[Brazylje]]. == Skiednis == Yn 1891 waard yn de wet fêstlein dat der in nije haadstêd komme moast. Yn dy tiid wie [[Rio de Janeiro]] noch de haadstêd. Ynstee fan in haadstêd oan 'e kust woe it regear de haadstêd yn it binnenlân, op in mear neutraal plak. Under tafersjoch fan presidint [[Juscelino Kubitschek]] (1902–1976) sette de bou op 22 oktober 1956 útein. Op [[21 april]] [[1960]] waard Brasilia de haadstêd fan Brazylje. == Wrâlderfgoed == Brasilia is in plande stêd dy't yn 1956 ûntwurpen waard troch Lúcio Costa, Oscar Niemeyer en Joaquim Cardozo, as ûnderdiel fan in plan om de haadstêd te ferhúzjen fan Rio de Janeiro nei in mear sintraal lizzend plak, dat troch in kommisje keazen wie. De tún- en lânskipsarsjitekt wie Roberto Burle Marx. It ûntwerp ferdielt de stêd yn nûmere blokken en yn distrikten foar spesifike aktiviteiten, lykas it Hoteldistrikt, it Bankedistrikt, it Kommersjele distrikt en it Ambassadedistrikt. Brasilia waard yn 1987 troch [[UNESCO]] opnommen as [[Wrâlderfgoed]] fanwegen de modernistyske arsjitektuer en de keunstsinnige stedsplanning. Yn oktober 2017 waard de stêd troch UNESCO útroppen ta "City of Design". Sûnt is Brasilia ûnderdiel fan it [[Creative Cities Network]]. == Galery == <gallery widths="180" heights="180"> Catedral Metropolitana de Brasília - visão noturna 01 (cropped).jpg|Katedraal fan Brasilia Brasilia JK Bridge.jpg|Juscelino Kubitschek-brêge Congresso Nacional visto da Alameda (cropped).jpg|Nasjonaal Kongres </gallery> {{boarnen|boarnefernijing= <references/> ---- {{Commonscat|Brasilia}} }} {{DEFAULTSORT:Brasilia}} [[Kategory:Plak yn Brazylje]] [[Kategory:Haadstêd yn Súd-Amearika]] [[Kategory:Plak stifte yn 1960]] [[Kategory:Wrâlderfgoed yn Brazylje]] 9vqzeo1i7v4p9tv04sixty0aucyxd8k Devon 0 39174 1242166 1236393 2026-10-07T21:02:41Z Drewes 2754 /* Toerisme */ 1242166 wikitext text/x-wiki [[Ofbyld:EnglandDevon.png|right|framed|Lizzing Devon yn Ingelân]] [[Ofbyld:Exeter Cathedral 2923rw.jpg|thumb|Katedraal fan Exeter]] [[Ofbyld:Ilfracombe.jpg|thumb|[[Ilfracombe]], oan de noardkust fan Devon]] '''Devon''' (earder ek wol ''Devonshire'' neamd) is in [[Greefskippen fan Ingelân|greefskip]] yn de [[Regio's fan Ingelân|Ingelske regio]] [[Súdwest-Ingelân]], dat nei alle gedachten yn 'e earste helte fan 'e [[tsiende iuw]] oprjochte is. Mei Devon kin sawol it histoaryske- en seremoniële greefskip bedoeld wurde as ek it bestjoerlike greefskip. Yn it lêste gefal hearre de ''unitairy authorities'' fan [[Plymouth (Ingelân)|Plymouth]] en [[Torbay]] net by Devon: sy foarmje twa selsstannige bestjoerlike ienheden. It gebiet omfiemet sa’n 6700&nbsp;km<sup>2</sup> (it administrative greefskip is in bytsje lytser) en hat goed in miljoen ynwenners, dêr't 704.493 fan yn it administrative greefskip wenje. De haadstêd is [[Exeter]]. == Koarte skiednis == Nei de lêste [[iistiid]], wie Devon ien fan de earste kontreien dêr’t minsken har nei wenjen setten. [[Archeolooch|Archeologen]] hawwe in soad oerbliuwsels fan [[Prehistoarje|prehistoaryske]] delsettingen fûn. Sa binne bygelyks frijwat ruïnen fan gebouwen op [[Dartmoor (gebiet)|Dartmoor]] (no in Nasjonaal Park) fûn.<br /> Devon hat syn namme krigen fan de ''Dumnonii'', in [[Romeinen|Romeinske]] oantsjutting fan it [[Kelten|Keltyske]] folk út dy kontrei. De Romeinen besetten Devon om it jier 50 hinne. De namme ''Dumnonii'' kin betsjutte 'persoan dy’t yn in djippe delling wennet' of 'oanbidders fan de god Dumnonos'. It Romeinske [[leger (lânmacht)|leger]] hâlde sa’n 350 jier yn Devon ta. De stêd Exeter wie harren militêr [[haadkertier]] Dêrnei hat it lang duorre ear’t Devon wer frjemde folken sjoen hat. De [[Saksen (folk)|Saksen]] kamen yn de [[7e iuw]], en de kening fan [[Wesseks]] hat nei alle gedachten yn [[614]] in oanfal dien. It skeel tusken Devon en Wesseks hat sa'n 200 jier oanholden. Guon histoarisy wolle hawwe dat Wesseks de oerhân yn it konflikt krige yn [[715]], mar oaren miene dat dêr net fan sprutsen wurde kin foar teminsten [[936]]. Lang om let rekken de keningen fan Devon lykwols ûnder oerhearsking fan Wesseks. Tiidgenoat [[William fan Malmesbury]] skriuwt dat Britten en Saksen lykweardich wiene yn it Exeter fan [[927]], mar dat kening [[Athelstan fan Wesseks]] doe de Britten út Exeter ferdreaun hat. De rivier Tamar waard de grins mei [[Cornwall]] yn [[936]]. Ofgeande op plaknammen en tsjerkeynwijingen liket it derop dat de Britten net fier fuort ferdreaun binne en letter ek weromkaam binne, want in skoftke letter hie Exeter in stedsdiel mei de namme "Britayne" dat oant koartlyn ta bestien hat. In protte plaknammen yn Devon befetsje it wurd "combe" (b.g. [[Ilfracombe]]). Dat wurd komt út de [[Brittoansk]]e (Keltysk) taal en betsjut itselse as it Welske wurd "cwm". Ek typysk foar Devon is it wurd "tor", ek út it Brittoansk, en te fergelykjen mei it [[Welsk]]e "twr". Beide wurden wurde ek fûn yn oanswettende greefskippen, mar net sa faak. Oare plaknammen komme fan it [[Aldingelsk]] en in stikmannich ek út it [[Noarsk]]. Devon syn plaknammen hawwe in soad fan dy yn west [[Somerset]] en eastlik [[Cornwall]] dy't beide part wiene fan it âlde kenynkryk "Dumnonia". Yn de [[9e iuw]] besochten groepen [[Wytsingen]] Devon yn te nimmen. Dat gie sa troch oant de [[Normandyske Ferôvering|Normandyske Ferovering]] fan Ingelân ([[1066]]). De namme fan it eilân ''[[Lundy]]'' komt ek fan in Wytsingetaal, it saneamde ''Norse''. Fierders wiene de Wytsingen ferantwurdlik foar it ferpleatsen fan de [[katedraal]] fan [[Crediton]] nei [[Exeter]]. Devon hat belutsen west by in soad konflikten yn it Ingelân fan nei [[1066]]: * By de Normandyske ferovering fan Ingelân hat Exeter 18 dagen belegere west troch it leger fan [[Willem de Oermasterder]]. * Yn [[1140]] waarden Exeter en [[Plympton]] belegere troch kening [[Stephen fan Ingelân|Stephen]]. * Yn de [[Krigen fan de Roazen]] hawwe der fjildslaggen yn Devon west. * It leger fan [[Perkin Warbeck]] besingele - en die oanfallen op Exeter yn [[1497]]. * De [[Gebedeboek Rebûlje|Prayer Book Rebellion]] yn 1549. * Exeter en [[Dartmouth]] hawwe belegere west yn de [[Ingelske boargerkriich]] * Doe’t kening-steedhâlder [[Willem III fan Oranje]] Brittanje yn [[1688]] oanfoel (de ''Glorious Revolution''), lâne er by it plak [[Brixham]]. Devon hat fan âlds [[tin (elemint)|tin]], [[koper]] en oare metalen levere. == Toerisme == [[Ofbyld:Devon fields stitch.jpg|thumb|center|800px|<center> Súd- Devon yn’e snie.</center>]] De measte ynkomsten fan Devon komme út it [[toerisme]], it leverjen fan klaai foar de nasjonale ierdewurkyndustry en swiere yndustry dy’t foar it grutste part konsintrearre is om de grutte stêden Plymouth en Exeter hinne. It súdwesten fan Ingelân lûkt benammen toeristen troch it betreklik sêfte klimaat, dat sels subtropyske plantegroei hat, de moaie autentike doarpen, it lânskip dat in soad minsken oanlûkt en de oanwêzigens fan in protte prehistoaryske oerbliuwsels. == Distrikten == {| class="wikitable" ! Distrikten ! Detailkaart |- | # [[Noard Devon]] # [[Torridge]] # [[Midden Devon]] # [[East Devon]] # [[Exeter]] # [[West Devon]] # [[Teignbridge]] # [[Plymouth (Ingelân)|Plymouth]] (Unitary authority) # [[Súd Hams]] # [[Torbay]] (Unitary authority) | [[Ofbyld:Devon numbered districts (1974-2028).svg|190px]] |} == Plakken == De haadstêd is [[Exeter]]. Oare plakken binne: [[Plymouth (Ingelân)|Plymouth]], [[Dawlish]], [[Exmouth]], [[Sidmouth]], [[Ilfracombe]], [[Woolacombe]], [[Lynmouth]], [[Torquay]], [[Paignton]], [[Brixham]], [[Axminster]], [[Barnstaple]], [[Bideford]], [[Honiton]], [[Newton Abbot]], [[Okehampton]], [[Childe's Tomb]], [[Tavistock ((Devon)|Tavistock]], [[Tiverton (Devon)|Tiverton]] en [[Chudleigh]] == Ferneamde persoanen út Devon == * [[Francis Drake]] (ca. 1540 - 1596), seeheld * [[George Monck]] (1608 - 1670), generaal * [[Samuel Bellamy]] (1689 - 1717), seerôver * [[John Gay]] (1685 - 1732), dichter * [[Agatha Christie]] (1890 - 1976), skriuwer fan detektives * [[Chris Martin]] (1977), muzikant == Galery == <gallery> Ofbyld:Dartmoor.jpg|''Dartmoor National Park'' Ofbyld:Spinsters' Rock.jpg|''Spinsters' Rock'', in [[neolitikum|neolitysk]] begraafplak. Ofbyld:Torquay.devon.750pix.jpg|''Torquay'' Image:Pnies5.jpg|Ponnys op Exmoor by [[Brendon]] </gallery> {{Commonscat|Devon}} [[Kategory:Devon| ]] [[Kategory:Greefskip yn Ingelân]] [[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn de 10e iuw]] 92o8v9e0lk6iuri1mc749mgghfqlch0 Rein Pol 0 57886 1242158 1242138 2026-10-07T14:45:58Z Drewes 2754 1242158 wikitext text/x-wiki {{Ynfoboks keunstner | ôfbylding = Rein Pol (1949).jpg | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = | echte namme = | nasjonaliteit = | berne = [[21 augustus]] [[1949]] | berteplak = [[Grins (stêd)|Grins]] | stoarn = | stjerplak = | etnisiteit = | regionale identiteit = | wurksum as = Keunstskilder, dosint skilderjen | perioade = | streaming = Figuratyf [[Realisme (keunststreaming)|Realisme]] | medium = Oaljeferve | bekendste wurk(en) = | jierren aktyf = 1976 - no | prizen = | webside = [https://research.rkd.nl/nl/detail/https%3A%2F%2Fdata.rkd.nl%2Fartists%2F64039 RkD-profyl] <br> [http://www.reinpol.nl/index.php?pag=1&lang=nl Hiemside fan Pol] }} '''Rein Pol''' ([[Grins (stêd)|Grins]], [[1949]]) is in [[Nederlân]]sk [[keunstskilder]] dy't rekkene wurde kin ta it [[Noardlik realisme]] en it [[ûnôfhinklik realisme]]. == Biografy == Pol studearre fan 1971 oant 1976 ‘skilderjen en grafyk’ oan de [[Grinzer Keunstakademy]]. Oan dy akademy joech er ek 15 jier les. Yn 1976 waard Pol skilder. Hy hat yn syn wurk in protte omtinken foar details en komposysje. Under oare it [[Drintsk Museum]] yn [[Assen]] en it [[Museum Smellingerlân]] yn [[Drachten]] hawwe ferskate fan syn skilderijen. Sûnt 2008 jout Rein Pol in ''masterclass'' figuratyf skilderjen oan de Klassike Akademy yn Grins. Yn 2009 foltôge Pol syn Magnum Opus, it groepsportret ''Pollegorie'', in trijelûk fan 240 by 600 sm. Yn dy ferbylding fan syn libbensferhaal ferwurke er tal fan tema's út syn eardere wurk. De tema's en persoanen binne oardere yn trije fazen: de bernlike ferwachting, de bloei fan it folwoeksen libben en it ûnfermijlike ferfal. It wurk lit Pol's fassinaasje mei de skjintme fan de fergonklikens sjen. It trijelûk, en dêrfan benammen it grutte middenpaniel, toant goed troffen portretten fan mear as fjirtich kollega's, freonen en famyljeleden. De ûndertitel in hommaazje oan it [[Noardlik Realisme]] markearret Pol's posysje yn de figurative tradysje lykas dy him oan de ein fan de 20e en yn it begjin fan de 21e iuw ûntwikkele yn Noard-Nederlân. == Galery == <gallery> Ofbyld:Zelfportret in beslagen badkamerspiegel, Rein Pol 1976, Olieverf op paneel 44 x 50 cm.jpg|''Selsportret yn besleine badkeamerspegel'', Rein Pol 1976 File:SminiaPol2006.jpg|''Portret fan [[Taede Sminia]]'' fan Rein Pol, 2006 Ofbyld:De Blauwe Engel - lente, Rein Pol, 1994 Olieverf op paneel 80 x 66 cm.jpg|''De Blauwe Engel - lente'', Rein Pol 1994 Ofbyld:Watermusic, Rein Pol 2014, Olieverf op paneel 95 x 75 cm.jpg|''Watermusic'', Rein Pol 2014 </gallery> == Literatuer == * Rein Pol, Femke Molenaar, [[Willem Lodewijk Meijer|Willem L. Meijer]] (1997): ''Rein Pol, schilderijen'', Art Revisited, {{ISBN|90-72736-04-4}} * Johan Jong, Rob Møhlmann, Jaap Zijlstra (2004): ''Rein Pol, tussen fantasie en werkelijkheid'', Ter Burg Offset, Alkmar, {{ISBN|90-807019-4-7}} * Rein Pol, Eric Bos (2009): ''Rein Pol, Pollegorie, een hommage aan het Noordelijk Realisme'', útjefte [[Museum De Buitenplaats]] Eelde * Eric Bos, Rob Møhlmann, Anne Peter Braaksma, Pieter de Vries, Rein Pol (2015): ''A Portrait of Rein Pol'', Art Revisited, {{ISBN|978-90-72736-93-2}} == Keppeling om utens == * [http://www.reinpol.nl/index.php?pag=1&lang=nl Hiemside fan Pol] {{DEFAULTSORT:Pol, Rein}} [[Kategory:Nederlânsk keunstskilder]] [[Kategory:Grinslânsk persoan]] [[Kategory:Akademy Minerva]] [[Kategory:Persoan berne yn 1949]] 3vo6x02b39jlb1gosyxxoqzuy356qvz Ben Jones (akteur) 0 70228 1242163 906966 2026-10-07T18:13:46Z Drewes 2754 † 2026 1242163 wikitext text/x-wiki {{wrapper}} |{{Akteur | ôfbylding = Ben L. Jones and the General Lee (1999).jpg | ôfbyldingstekst = Ben Jones mei de ''General Lee'', de [[Dodge Charger]] <br>fan 'e Dukes. | ôfbyldingsbreedte = | namme = Ben Jones | echte namme = Ben Lewis Jones | nasjonaliteit = [[File:Flag of the United States.svg|20px]] [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] | berne = [[30 augustus]] [[1941]] | berteplak = [[Tarboro (Noard-Karolina)|Tarboro]] ([[Noard-Karolina]]) | stoarn = [[9 augustus]] [[2026]] | stjerplak = [[Washington (Virginia)]] | etnisiteit = [[File:Flag of the United States.svg|20px]] [[Angelsaksyske Amerikanen|Angelsaksysk&nbsp;Amerikaansk]] | jierren aktyf = [[1963]] – [[1986]] & [[1995]] – no | webside = ''gjint'' }} |- ||{{Politikus | namme = Ben Jones | ôfbylding = | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = | nasjonaliteit = | bertedatum = | berteplak = | stjerdatum = | stjerplak = | etnisiteit = | partij = [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske Partij]] | funksje1 = Lid fan it [[Amerikaanske Hûs fan Offurdigen]]<br> (foar it 4de Distrikt fan [[Georgia]]) | regear1 = | amtsperioade1 = [[1989]] – [[1993]] | foargonger1 = [[Pat Swindall]] | opfolger1 = [[John Linder]] }} |- |} '''Ben Jones''' (folút: '''Ben Lewis Jones'''; [[Tarboro (Noard-Karolina)|Tarboro]] ([[Noard-Karolina]]), [[30 augustus]] [[1941]] - [[Washington (Virginia)]], [[9 augustus]] [[2026]]<ref>{{Citeer web|url=https://www.hollywoodreporter.com/tv/tv-news/ben-jones-dead-dukes-of-hazzard-cooter-1236669823/|titel=Ben Jones, Cooter Davenport on ‘The Dukes of Hazzard,’ Dies at 84|achternaam=Barnes|voornaam=Mike|datum=2026-08-09|bezochtdatum=2026-08-10|werk=The Hollywood Reporter|taal=en-US}}</ref><ref>{{Citeer web |url=https://www.nytimes.com/2026/08/10/arts/television/ben-jones-dead.html |titel=Ben Jones, 'Dukes of Hazzard' Actor and Congressman, Dies at 84 |datum=2026-08-10 |werk=The New York Times |taal=en-US}}</ref>)), wie in [[Feriene Steaten|Amerikaansk]] [[akteur]], [[politikus]], [[toanielskriuwer]], [[senarioskriuwer]], [[essayist]] en [[film]]produsint, dy't benammen bekend waard troch syn rol as monteur Cooter Davenport yn 'e populêre [[tillefyzje]]searje ''[[The Dukes of Hazzard (telefyzjesearje)|The Dukes of Hazzard]]'', yn 'e earste helte fan 'e jierren tachtich. Letter siet er fan [[1989]] oant [[1993]] foar de [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Georgia]] yn it [[Amerikaanske Hûs fan Offurdigen]]. Sûnt de midden fan 'e njoggentiger jierren leit er him benammen ta op it behâld fan it ''Dukes of Hazzard''-erfskip yn ferskate [[museum|museä]]. ==Libben en karriêre== Ben Jones waard yn [[1941]] berne yn [[Tarboro (Noard-Karolina)|Tarboro]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Noard-Karolina]]. Hy slagge yn [[1959]] foar it eksamen fan 'e [[middelbere skoalle]] oan 'e Woodrow Wilson High School yn [[Portsmouth (Firginia)|Portsmouth]], yn [[Firginia]], wêrnei't er fjouwer jier studearre oan 'e [[Universiteit fan Noard-Karolina]]. Neitiid sette Jones útein mei in karriêre as [[akteur]], wêrby't er lytse roltsjes hie yn ferskate [[tillefyzje]]searjes en [[film]]s, wêrûnder ''[[Moonrunners]]'', út [[1975]], en ''[[Smokey and the Bandit]]'', út [[1977]]. Hy waard bekend doe't [[tillefyzje]]produsint en -[[regisseur]] [[Gy Waldron]], mei wa't er gearwurke hie yn ''Moonrunners'', him de rol taparte fan 'e monteur Cooter Davenport, yn 'e hitsearje ''[[The Dukes of Hazzard (telefyzjesearje)|The Dukes of Hazzard]]'', dy't rûn fan [[1979]] oant [[1985]]. Doe't dy rige úteinlik ophold, gie Jones de [[polityk]] yn, as lid fan 'e [[Demokratyske Partij (Feriene Steaten)|Demokratyske Partij]]. Yn [[1986]] ferlear er de striid om in sit yn it [[Amerikaanske Hûs fan Offurdigen]] foar de steat [[Georgia]] fan 'e [[Republikeinske Partij (Feriene Steaten)|Republikein]] [[Pat Swindall]], mar dochs helle er 47% fan 'e stimmen, wat folle mear wie as dat waarnimmers yn 't foar ferwachte hiene. Yn [[1988]] died er nochris in wraam, en doe fersloech er Swindall maklik, en kaam er as offurdige yn it [[Amerikaanske Kongres]]. Yn [[1990]] waard er nipt werkeazen, mar yn [[1992]], doe't de [[kiesdistrikt]]sgrinzen yn Georgia yn syn neidiel ferlein wiene, ferlear er de slach. Yn [[1994]] died er fannijs mei, en doe wie syn tsjinstanner [[Newt Gingrich]], dy't neitiid de foarsitter fan it Hûs fan Offurdigen wurde soe. By dy gelegenheid krige Jones 35% fan 'e stimmen. Yn [[1998]] ferbriek Jones de rangen binnen de Demokratyske Partij troch ûnder it [[Monica Lewinsky]]-skandaal presidint [[Bill Clinton]] te freegjen om ôf te treden. Hoewol't dat him troch oare Demokraten net yn tank ôfnommen waard, is Jones noch altyd aktyf yn 'e partij. Yn [[2002]] besocht er nochris (en om 'e nocht) om in sit yn it Hûs fan Offurdigen te bemachtigjen, diskear foar de steat [[Firginia]], tsjin 'e sittende Republikeinske ôffurdige [[Eric Cantor]]. Dêrmei waard Jones ien fan 'e mar in pear Amerikaanske politisy dy't har foar ferskillende steaten kandidaat steld hawwe. Nei't syn politike karriêre mids jierren njoggentich op 'e non rûn wie, begûn Jones wer te wurkjen as akteur. Hy hie gastrollen en oare lytse roltsjes yn ferskate tillefyzjesearjes, lykas ''[[Sliders]]'' en ''[[As the World Turns]]'', en spile ek yn 'e Clinton-[[parody]] ''[[Primary Colors]]'', út [[1998]]. Fierders wied er mei de rest fan 'e âlde ''cast'' te sjen yn ferskate ''Dukes of Hazzard''-reünyfilms, en teffens skreau er politike [[essay|essay's]] en in ienmans[[toanielstik]] oer de legindaryske [[honkbal]]spiler "Dizzy Dean", dat er eigenhandich op 'e planken brocht. Fierders wie Jones de driuwende krêft efter de iepening fan ferskate ''Dukes of Hazzard''-[[museum|museä]], û.m. yn [[Nashville (Tennessee)|Nashville]] en yn [[Gatlinburg (Tennessee)|Gatlinburg]], beide yn 'e steat [[Tennessee]]. Ek organisearre er foarhinne it jierlikse ''Dukefest'' (in gearkomste fan fanatike fans fan 'e searje) en is er resinter behelle yn 'e ''Shenandoah Jamboree'', in [[country]]muzykshow yn 'e [[Shenandoah (rivier)|Shenandoahdelling]] yn [[Firginia]]. Yn [[2013]] skreau Jones it [[senario]] foar de [[koarte film]] ''Moon Hollow'', en produsearre dy ek. Jones hat ferskate kearen troud west. Syn hjoeddeistige oarehelte is Alma Viator. Ut eardere [[houlik]]en hat er in dochter, Rachel, en in soan, Walker. ==Keppelings om utens== * {{en}} [http://www.imdb.com/name/nm0427549/ Folsleine filmografy fan Ben Jones yn 'e ''Internet Movie Database'' (IMDb)] {{boarnen|boarnefernijing= Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Ben_Jones_(Georgia_congressman) ''References'', op dizze side]. {{Reflist}} }} {{DEFAULTSORT:Jones, Ben}} [[Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur]] [[Kategory:Amerikaansk filmakteur]] [[Kategory:Amerikaansk toanielakteur]] [[Kategory:Amerikaansk filmprodusint]] [[Kategory:Amerikaansk senarioskriuwer]] [[Kategory:Amerikaansk toanielskriuwer]] [[Kategory:Amerikaansk federaal politikus]] [[Kategory:Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen]] [[Kategory:Persoan berne yn 1941]] [[Kategory:Persoan stoarn yn 2026]] 8jbdpo8gqbq5j624r33nywv2m969k56 Bell YFM-1 Airacuda 0 88781 1242162 1002267 2026-10-07T15:58:13Z Drewes 2754 /* Lek en brek */ red. 1242162 wikitext text/x-wiki {| class="toccolours" border="1" cellpadding="4" style="float:right; margin: 0 0 1em 1em; border-collapse: collapse; font-size: 95%; width: 250px;" ! style="font-size: larger;" colspan="2"|Bell Airacuda |- style="text-align: center;" | colspan="2" | [[Ofbyld:Airacuda Bell XFM-1 (15954491367).jpg|275px]]<br /> |- ! Rol | Jachtfleanmasine |- ! Makker | [[Bell Aircraft]] |- ! Untwerper | [[Bob Woods]] |- ! Earste flecht | [[1 septimber]] [[1937]] |- ! Yn tsjinst | [[23 febrewaris]] [[1940]] |- ! Ut tsjinst | [[1942]] |- ! Tal makke | 13 |- ! Brûkers | United States Army Air Corps |- |} [[File:Bell YFM-1 Airacuda.jpg|thumb|275px]] De '''Bell YFM-1 Airacuda''' wie in swiere [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] jachtfleanmasine, ûntwurpen en makke troch de [[Bell Aircraft Corporation]] mids jierren tritich fan 20e iuw. It wie de earste miltêre fleanmasine dy't Bell produsearre. Oarspronklik waard it ûntwerp oantsjut mei "Bell Model 1". De Airacuda hie wol moderne eigenskippen, mar ek in protte lekken en brekken dy't makken dat it tastel oan 'e grûn holden waard. De Airacuda wie Bell Aircraft's antwurd op de fraach nei in "bomber destroyer" en jachtkruser. Hoewol't der ien squadron mei dit tastel foarme waard, binnen der njonken it prototype mar 12 produksjemodellen makke yn trije ferzjes dy't in bytsje fan elkoar ferskilden. It squadron wie operasjoneel fan 1938 oant 1940. == Beskriuwing == De Airacuda hie in bemanning fan fiif persoanen wat hiel ûngewoan wie foar in jachtfleantúch. It prototype XFM-1 ([[USAAC]] searjenûmer 36-351) waard útrist mei twa [[Allison V-1710]]-13 sûgermotors, mar de folgjende njoggen krigen YFM-1 V-1710-23-motors. De motors dreaune in triuwpropeller oan, dy't mei in eksplosyf ôfsmiten wurde koe yn gefal fan need en de bemanning yn de gondel foar de motors, dy't it 37-mm-Madsen-masinekanon bestjinne, de gelegenheid joech út it tastel te springen sûnder troch de propeller fermeald te wurden. De navigator koe twa 7,62-mm-MG yn de romp op ôfstân betsjinje en de radiotelegrafist/boardskutter betsjinne de oare ien as twa 12,7 masinegewearen. De trije lêst makke YFM-1A's krigen in noastsjel. Trije YFM-1s krigen sterkere motors en dêrnei mei YFM-1B oantsjut. == Lek en brek == Alles meiïnoar moat it tastel as in mislearre ûntwerp beskôge wurde: te swier, te stadich, ekstreem ynstabyl om de dwers-as (stampe) en op ien motor praktysk net te behearskjen; de motors wiene tige gefoelich foar te hjit wurden. De Airacuda wie ek oanhelle mei in kompleks en net te betrouwen elektrysk syteem en wie it iennichste tastel ea boud mei in [[Auxiliary Power Unit|APU]] dy't de brânstofpompen en alle elektryske systemen oandreaun. Dat systemen dy't gewoanwei stroom krije fan de dynamo fan de motors moasten it by dit tastel fan ien generator hawwe. Yn it gefal dat dy stikken rekke (en dat barde gauris) die neat it mear: de piloat hie ''NO fuel pressure, NO vacuum, NO hydraulic pressure, NO gear, NO flaps and NO ENGINES''. Der waard mear as ien kear besocht om dy swierrichheden op te lossen, mar de Airacudaproduksje waard foar de [[Twadde Wrâldoarloch]] mei opholden. == Technyske gegevens == [[File:Airacuda Bell YFM-1A (16140276285).jpg|thumb|275px|In YFM-1A]] {|class="wikitable" ! ! YFM-1 Airacuda |- | Langte || 14,0 m |- | Spanwiidte || 21,3 m |- | Hichte || 3,90 m |- | Oandriuwing | twa Allison-V-1710-13, <br />12-sylinder-[[V-motor]] mei turbo's en 800 kW by de start |- | Topfaasje || 446&nbsp;km/o |- | Krúsfaasje || 393 km/o |- | Klimfaasje || 1480 ft/min (7,5 m/s) |- | Fleanberik || 1510 oant 2880 km |- | Bemanning || 5 |- | Tsjinstplafond || 9300 m |- | Gewicht leech || 6200 kg |- | Maks. fleangweicht || 8190 kg |- | Bewapening || twa 37-mm-M4 [[masinekanon]]nen, twa 7,62-mm-[[MG]] en twa 12,7-mm-MG; <br>20 14-kg-[[Bom (wapen)|bommen]] |- |} == Besibbe ûntwerpen == *[[Fokker G.1]] *[[Messerschmitt Bf 110]] [[Kategory:Amerikaanske jachtfleanmasine]] [[Kategory:Yntroduksje út 1937]] pcrbf2100zpf9n7l54zt5lqh6795jhk Slach oan de Little Bighorn 0 90830 1242156 1121992 2026-10-07T14:36:24Z CommonsDelinker 353 Buffalo_Calf_Road_Woman.jpg ferfongen troch [[c:File:Cheyenne_Girl.jpg|Cheyenne_Girl.jpg]] (troch [[c:User:CommonsDelinker|CommonsDelinker]] om't: [[:c:COM:FR|File renamed]]: [[:c:COM:FR#FR3|Criterion 3]] (obvious error) · Photographer identified person i 1242156 wikitext text/x-wiki {{Ynfoboks militêr konflikt |conflict= Slach oan de Little Bighorn <br><small>(ûnderdiel fan 'e [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]])</small> |image=[[File:Charles Marion Russell - The Custer Fight (1903).jpg|300px]] |caption=''The Custer Fight'', troch [[Charles Marion Russell]] út [[1903]]. |date=[[25 juny|25]] – [[26 juny]] [[1876]] |place=oan 'e [[igge]] fan 'e [[rivier]] de [[Little Bighorn (rivier)|Little Bighorn]], <br>yn súdlik [[Montana]] |result=[[Yndianen|Yndiaanske]] oerwinning |combatant1=[[File:Flagge United Sioux Tribes.PNG|border|20px]] [[Lakota (folk)|Lakota]] <br>[[File:Flagge United Sioux Tribes.PNG|border|20px]] [[Westlike Dakota (folk)|Westlike&nbsp;Dakota]] <br>[[File:Flagge United Sioux Tribes.PNG|border|20px]] [[Eastlike Dakota (folk)|Eastlike&nbsp;Dakota]] <br>[[File:Flagge fan de Noardlike Sjajinne Stamme.PNG|border|20px]] [[Noardlike&nbsp;Sjajinnen]] <br>[[File:Flagge fan de Arapaho Stamme fan it Wind River Reservaat.PNG|border|20px]] [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike&nbsp;Arapaho]] |combatant2=[[File:Flag of the United States.svg|border|20px]] [[Feriene Steaten]] <br>[[File:Flagge fan de Mandan, Hidatsa & Arikara Naasje.png|border|20px]] [[Arikara (folk)|Arikara]] <br>[[File:Flagge fan de Kro Stamme.png|border|20px]] [[Krieën (folk)|Krieën]] |commander1=[[Sittende Bolle]] <br>[[Mâl Hynder]] <br>[[Gal (opperhaad)|Gal]] <br>[[John Grass]] <br>[[Amerikaansk Hynder de Aldere|Amerikaansk&nbsp;Hynder]] <br>[[Twa Moannen]] <br>[[Kreupele Blanke Man]]&nbsp;†<br>[[Tsjeppe Noas]] |commander2=[[George Armstrong Custer|George&nbsp;A.&nbsp;Custer]]&nbsp;†<br>[[Marcus Reno]] <br>[[Frederick Benteen]] <br>[[Myles Keogh (militêr)|Myles Keogh]] †<br>[[Thomas Custer]] †<br>[[James Calhoun (militêr)|James Calhoun]] †<br>[[Charles Varnum]] <br>[[Thomas McDougall]] |strength1=±2.000 |strength2=647 |casualties1=136 deaden<br> 160 ferwûnen |casualties2=280 deaden<br> 57 ferwûnen | mapname = Montana-reliëf | mapwidth = 300 | lat_deg = 45 | lat_min = 33 | lat_sec = 54 | lat_dir = N | lon_deg = 107 | lon_min = 25 | lon_sec = 44 | lon_dir = W | tekst by posysjekaart = Lokaasje fan 'e Slach oan 'e Little Bighorn yn 'e [[Amerikaanske steat]] [[Montana]]. | ôfbylding99 = | ôfbyldingstekst99 = | ôfbyldingsbreedte99 = }} De '''Slach oan de Little Bighorn''' wie in [[fjildslach]] dy't op [[25 juny|25]] en [[26 juny]] [[1876]] útfochten waard oan 'e [[igge]] fan 'e [[rivier]] de [[Little Bighorn (rivier)|Little Bighorn]] yn wat no it suden fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Montana]] is. Dit treffen hearde ta de [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]], wêrby't de [[Feriene Steaten]] definityf in ein makken oan 'e selsstannichheid fan 'e [[Yndianen|Yndiaanske]] [[folk]]en yn it noardlike part fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]]. Yn dat ramt wie de Slach oan 'e Little Bighorn lykwols in slimme tebeksetter, mei't dat treffen útrûn op in klinkende oerwinning foar de Yndianen. Yn dizze [[fjildslach]] foel it [[Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint]] ûnder lieding fan [[luitenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]] in [[Yndianen|Yndiaansk]] [[doarp]] oan dêr't tafalligerwize in grut part fan 'e oarlochssterkte fan 'e [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''), [[Sjajinnen]] (''Cheyenne'') en [[Arapaho (folk)|Arapaho]] gearkommen wie. Ynspirearre troch de [[fizioen|fizioenen]] fan 'e [[medisynman]] [[Sittende Bolle]], en oanfierd troch de [[opperhaad|opperhaden]] [[Mâl Hynder]] en [[Gal (opperhaad)|Gal]], sloegen de Yndianen de oanfal fan 'e troepen fan [[majoar]] [[Marcus Reno]] op 'e suderein fan harren doarp ôf, wêrnei't se oan 'e noarderein de oanfal fan Custer sels brieken noch foar't dy goed en wol begûn wie. De fiif [[kompanjy (militêre ienheid)|kompanjyen]] [[kavalery]] fan Custer waarden doe op in [[heuvel]]top besingele en oan 'e lêste man ta útrûge. De troepen fan Reno waarden ek besingele, mar koene nei twa dagen ûntset wurde troch Amerikaanske fersterkings. Yn totaal kamen der 268 Amerikanen om, wat de Slach oan de Little Bighorn ta ien fan 'e swierste nederlagen makke dy't de Amerikanen ea tsjin 'e Yndianen litten. ==Foarskiednis== Spannings tusken lânseigen [[Yndianen|Yndiaanske]] [[folk]]en en de almar opkringende stream fan [[jeropide ras|blanke]] kolonisten soargen yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] kear op kear foar [[oarloch]] op 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. Yn 'e [[Dakota's]], [[Wyoming]] en [[Montana]] waard dêrby troch de [[Feriene Steaten]] fral fochten mei de [[Lakota (folk)|Lakota]], it westlike diel fan 'e [[Grutte Sû Naasje]], en harren bûnsgenoaten, de [[Noardlike Sjajinnen]] en de [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]]. Nei de [[Oarloch fan Reade Wolk]] ([[1866]]-[[1868]]) folge der in perioade fan relative [[frede]], mar doe't der yn [[1874]] by de [[Ekspedysje nei de Black Hills]] [[goud]] fûn waard, wie in nije [[oarloch]] ûntsjinkearber. [[File:Little_bighorn_memorial_overview_with_clouds.jpg|left|thumb|250px|It slachfjild yn [[2005]].]] De [[Black Hills]] foarmen ûnderdiel fan it [[Grutte Sû Reservaat]] dat de Lakota en harren neie sibben, de [[Westlike Dakota (folk)|Westlike Dakota]], yn [[1868]] by it twadde [[Ferdrach fan Fort Laramie (1868)|Ferdrach fan Fort Laramie]] tawiisd wie. Boppedat wiene dy [[heuvel]]s foar de Lakota hillich, en soene se der nea frijwillich ôfstân fan dwaan. De ûntdekking fan goud dêre brocht in tastream fan [[goudsiker]]s op gong ûnder de saneamde [[Goudkoarts fan de Black Hills]], en doe't it Amerikaanske regear besleat om, yn striid mei it Ferdrach fan Fort Laramie, sokken net tsjin te hâlden as se Yndiaansk lân binnenkringe woene, besleaten de Lakota om eigenhandich harren rjochten te beskermjen. Lulkens ûnder de Amerikaanske befolking oer de dea fan guon goudsikers en de frij algemien oanhongen miening dat it Amerikaanske regear de Black Hills oan 'e Lakota ûntnaderje moast, laten úteinlik ta it útbrekken fan 'e [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]]. Hoewol't in grut diel fan 'e Yndianen deryn tastimde om yn 'e almar krimpende [[Yndianereservaat|reservaten]] te bliuwen en har ôfsidich te hâlden, joegen in protte har by de foaroansteande Lakota-[[medisynman]] [[Sittende Bolle]], dy't him bûten it Grutte Sû Reservaat yn it iepen lân fan 'e [[Powder (rivier yn Montana)|Powderrivier]] ophold, yn súdlik [[Montana]]. Under in [[sinnedûns]]seremoanje dy't omtrint [[5 juny]] [[1876]] holden waard, krige Sittende Bolle in [[fizioen]] wêryn't er "soldaten yn syn kamp fallen seach, sa't [[sprinkhoanne]]n út 'e loft rûgelje." Tsjin dy tiid wiene de Amerikanen al úteinset mei harren simmerkampanje, wêrby't se de Yndianen fan trije ferskillende kanten oanfallen en ynslute woene. Ut it noarden kaam de Montana-kolonne, ûnder befel fan [[kolonel]] [[John Gibbon]], dy't op [[30 maart]] ôfset wie út [[Fort Ellis]] mei 6 [[kompanjy (militêre ienheid)|kompanjyen]] fan it 7e Ynfanteryrezjimint en 4 kompanjyen fan it 2e Kavaleryrezjimint. Ut it suden teach op [[29 maaie]] [[brigadegeneraal]] [[George Crook]] op, mei de Wyoming-kolonne út [[Fort Fetterman]], besteande út 10 kompanjyen fan it 3e Kavaleryrezjimint, 5 fan it 2e Kavaleryrezjimint, 2 fan it 4e Ynfanteryrezjimint en 3 fan it 9e Ynfanteryrezjimint. En út it easten wei kaam brigadegeneraal [[Alfred Terry]] mei de Dakota-kolonne út [[Fort Abraham Lincoln]], dy't op [[17 maaie]] ôfset wie en bestie út 2 kompanjyen fan it 17e Ynfanteryrezjimint, it [[Gatling gun|Gatling]]-[[mitrailleur]]detasjemint fan it 20e Ynfanteryrezjimint en de 12 kompanjyen fan it [[Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint]], dat ûnder befel stie fan [[luitenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]]. Custer hie foar it Noarden yn 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch]] fochten en dêrby de reputaasje wûn in dryst befelfierder te wêzen. Hy hie yn 'e oarloch de rang fan [[generaal-majoar]] berikt, mar wie neitiid fanwegen in oerskot oan [[ofsier]]en yn [[militêre rang|rang]] weromset nei [[luitenant-kolonel]]. Yn [[1868]] hied er yn it [[Yndiaanske Territoarium]] (it hjoeddeiske [[Oklahoma]]) ûnder de [[Súdlike Sjajinnen]] it [[Bloedbad fan de Washita]] oanrjochte. Krekt foar't de simmerkampanje fan [[1876]] fan start gean soe, rekke er behelle yn it saneamde [[Hannelspostskandaal (1876)|Hannelspostskandaal]], en moast er oangeande dat [[korrupsje]]skandaal foar it [[Amerikaanske Kongres]] tsjûgje. Dêrby makke er frijwat fijannen en it wie inkeld troch de net-ôflittende stipe fan syn superieuren, de [[generaal]]s [[William Tecumseh Sherman|Sherman]], [[Philip Sheridan|Sheridan]] en Terry, dat er uberhaupt oan 'e fjildtocht dielnimme mocht. Dêrby waard er lykwols ûnder direkt tafersjoch pleatst fan generaal Terry. Yn [[Fort Snelling (Minnesota)|Fort Snelling]] sei Custer tsjin [[kaptein (rang)|kaptein]] [[William Ludlow]], it haad fan Terry syn ôfdieling [[sjeny (striidkrêften)|sjeny]], dat er by de earste gelegenheid by Terry wei "útnaaie" (''cut loose'') soe. Dy útspraak wiist derop dat Custer syn ambysje om op eigen manneboet in wichtige oerwinning te boeken, ferantwurdlik wie foar de ramp dêr't de fjildtocht foar de Amerikanen op útrinne soe. [[File:Custer_Bvt_MG_Geo_A_1865_LC-BH831-365-crop.jpg|left|thumb|200px|[[Luitenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]].]] De kolonne fan Terry en Custer waard beselskippe troch in [[bagaazjetrein]] besteande út 'e [[fuorman|fuorlju]] fan 150 [[wein]]en en de lieders fan gâns rigen [[pakezel]]s. Op [[29 maaie]] joegen boppedat oan 'e mûning fan 'e [[Powder (rivier yn Montana)|Powderrivier]] trije kompanjyen fan it 6e Ynfanteryrezjimint har by de kolonne, dy't út [[Fort Buford]], oan 'e rivier de [[Missoury (rivier)|Missoury]], nei de [[Yellowstone (rivier)|Yellowstone]] marsjearre wiene om dêr in foarriedepot oan te lizzen. Letter arrivearre ek it [[steamskip]] de ''Far West'', dat 200&nbsp;ton foarrieden út Fort Abraham Lincoln brocht en foar anker gie op it plak dêr't de [[Bighorn (rivier)|Bighorn]] en de [[Little Bighorn (rivier)|Little Bighorn]] gearfloeiden. De koördinaasje fan 'e trijefâldige oanfal gie op [[17 juny]] nei de barrebysjes, doe't de súdlike kolonne ûnder generaal Crook yn 'e [[Slach oan de Rosebud]] ta stilstân brocht waard. Hoewol't Crook sels úthold in oerwinning behelle te hawwen, in bewearing dy't in beskaat gehalte fan wierheid befette om't er oan 'e ein fan 'e slach stânholden hie op it slachfjild, binne [[histoarikus|histoarisy]] it deroer iens dat de Yndianen eins syn opmars tsjinkeard hiene. Neitiid behold Crook syn posysje wylst er op fersterkings wachte, wat him yn 'e praktyk lange tiid út 'e oarloch hold. [[File:Sitting_Bull_by_D_F_Barry_ca_1883_Dakota_Territory.jpg|right|thumb|180px|[[Sittende Bolle]], de wich-tichste lieder fan 'e [[Lakota (folk)|Lakota]].]] Har ûnbewust fan Crook syn wederwarichheden teagen Gibbon en Terry fierder op, wêrby't se begjin [[juny]] kontakt mei-inoar makken by de mûning fan 'e rivier de [[Rosebud (rivier yn Montana)|Rosebud]]. Op [[22 juny]] waard Custer der mei it 7e Kavaleryrezjimint allinnich op útstjoerd om 'e dellings fan 'e Rosebud en de Bighorn te ferkennen, op 'e siik nei de Yndianen. It wie dúdlik net de bedoeling dat er op eigen manneboet de slach oangean soe; it plan fan it Amerikaanske leger wie dat alle eleminten fan 'e simmerkampanje, dus dy fan Custer, Crook en de no feriene troepen fan Gibbon en Terry, op [[26 juny|26]] of [[27 juny]] gearkomme soene op it plak dêr't de Yndianen konsintrearre wiene, om foargoed mei harren ôf te weven. Custer syn taak wie om te [[militêre ferkenning|ferkennen]] en op te driuwen, al mocht er dy oarders "ferlitte" as dêr "genôch reden" ta wie. Foar't er ôfsette bea generaal Terry oan Custer fersterkings oan yn 'e foarm fan fjouwer ekstra kompanjyen fan it 2e Kavaleryrezjimint, mar dat oanbod stegere er ôf. Ek it oanbod fan it gebrûk fan 'e Gatling-mitrailleursienheid woed er neat fan witte, want dy bombidige dingen soene him mar ophâlde. Ta einbeslút oardere er al syn manskippen, ofsieren ynbegrepen, om har [[sabel]]s efter te litten. Elts fan dy besluten soe him postúm op slimme krityk komme te stean. Wylst de kolonne fan Gibbon en Terry opmarsjearre nei de mûning fan 'e Little Bighorn, arrivearre it 7e Kavaleryrezjimint let op 'e [[jûn]] fan [[24 juny]] (of ier op 'e [[moarn (deidiel)|moarn]] fan [[25 juny]]) op in plak dat 23&nbsp;km eastlik fan 'e rivier de Little Bighorn lei. By moarnsdage op [[25 juny]] beselskippe Custer syn seis [[Krieën (folk)|Krieske]] [[ferkenner]]s nei in hichte dy't fan Crow's Nest ("Kraaienêst") neamd waard, en dy't in frij útsicht bea oer de [[Little Bighorn (rivier)|Delling fan 'e Little Bighorn]]. De ferkenners waarden oanwizings foar de oanwêzigens fan in grutte keppel [[hynder]]s yn 'e delling gewaar, en seagen de reek fan in grut tal kampfjurren, hoewol't it kamp sels net sichtber wie. Op grûn dêrfan en fan spoaren fan grutte groepen Yndianen dy't se yn 'e direkte omkriten fûn hiene, warskôge [[Heal Giel Gesicht]], de lieder fan it seistal, Custer dat it om in útsûnderlik grut kamp gie. [[File:Custermovements.jpg|left|thumb|250px|Amerikaanske troepebewegings ûnder de simmerkampanje fan [[1876]].]] De generaal, dy't sels mei it bleate each gjin inkeld teken fan bewenning ûntdekke koe, besleat likegoed om oan te fallen, mei't er bang wie dat de Lakota en Sjajinnen alle kanten útspatte soene as er se net fluch ta in [[fjildslach]] twong. Hy wie earst fan doel om syn troepen in dei útrêste te litten en moarnsier op [[26 juny]] oan te fallen, mar doe krige er berjocht dat de spoaren fan syn rezjimint ûntdutsen wiene troch guon Yndianen. (Dat wiene eins lju dy't it Yndiaanske doarp ferlieten en gjin warskôging trochjoegen, mar dat wist Custer net.) Sadwaande naam er it beslút om daliks oan te fallen. Dêrop spriek Heal Giel Gesicht fia [[tolk (berop)|tolk]] [[Mitch Bouyer]] dizze histoaryske en gauris oanhelle wurden tsjin Custer: ''"Jo en ik geane hjoed nei hûs oer in paad dat wy net kenne."'' ==De partijen== ===De Amerikanen=== It [[Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint]] bestie yn [[juny]] [[1876]] út 45 [[ofsier]]en en 718 [[soldaat|soldaten]]. Dêrfan wiene lykwols 14 ofsieren en 152 soldaten fan it rezjimint losmakke om foar oare taken detasjearre te wurden, sadat de eigentlike sterkte 31 ofsieren en 566 soldaten bedroech, yn totaal 597 man. (Dit persintaazje fan 22% detasjearre troepen wie doedestiden yn it Amerikaanske Leger net ûngewoan.) De opbou fan it regmint (mei alle ofsieren) wie sa: [[File:Marcus Reno.jpg|right|thumb|150px|[[Majoar]] [[Marcus Reno]].]] [[File:Fredbenteen.jpg|right|thumb|180px|[[Kaptein (rang)|Kaptein]] [[Frederick Benteen]] letter yn syn libben.]] [[File:TomCuster.jpg|right|thumb|200px|[[Kaptein (rang)|Kaptein]] [[Tom Custer]], de jongere broer fan [[George Armstrong Custer]], dy't mei him omkaam yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn.]] * befelhawwer: [[luitenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]] † **stêf: ***ûnderbefelhawwer: [[majoar]] [[Marcus Reno]] ***[[adjudant (funksje)|adjudant]]: [[earste luitenant]] [[William W. Cooke]] † ***[[dokter|legerdokter]]: assistint-sjirurgyn [[George Edwin Lord]] † ****ûnderlegerdokter: plakferfangend assistint-sjirurgyn [[James Madison DeWolf]] † ****ûnderlegerdokter: plakferfangend assistint-sjirurgyn [[Henry R. Porter]] ***haad [[ferkenner]]s: [[twadde luitenant]] [[Charles Varnum]] (detasjearre f. A Kompanjy) ****plakferfangend haad ferkenners: [[twadde luitenant]] [[Luther Hare]] (det. f. K Kompanjy) ***haad [[bagaazjetrein]]: [[earste luitenant]] [[Edward Gustave Mathey]] (det. f. M Kompanjy) ** A Kompanjy ***befelhawwer: [[kaptein (rang)|kaptein]] [[Myles Moylan]] ***ûnderbefelhawwer: [[earste luitenant]] [[Charles DeRudio]] ** B Kompanjy ***befelhawwer: [[kaptein (rang)|kaptein]] [[Thomas McDougall]] ***ûnderbefelhawwer: [[twadde luitenant]] [[Benjamin Hodgson]] † ** C Kompanjy ***befelhawwer: [[kaptein (rang)|kaptein]] [[Thomas Custer]] † (jongere broer fan Custer) ***ûnderbefelhawwer: [[twadde luitenant]] [[Henry M. Harrington]] † ** D Kompanjy ***befelhawwer: [[kaptein (rang)|kaptein]] [[Thomas Weir (Amerikaansk militêr)|Thomas Weir]] ***ûnderbefelhawwer: [[twadde luitenant]] [[Winfield S. Edgerly]] ** E Kompanjy ***befelhawwer: [[earste luitenant]] [[Algernon Smith]] † ***ûnderbefelhawwer: [[twadde luitenant]] [[James G. Sturgis]] † ** F Kompanjy ***befelhawwer: [[kaptein (rang)|kaptein]] [[George Yates]] † ***ûnderbefelhawwer: [[twadde luitenant]] [[William Reily]] † ** G Kompanjy ***befelhawwer: [[earste luitenant]] [[Donald McIntosh (militêr)|Donald McIntosh]] † ***ûnderbefelhawwer: [[twadde luitenant]] [[George D. Wallace (militêr)|George D. Wallace]] ** H Kompanjy ***befelhawwer: [[kaptein (rang)|kaptein]] [[Frederick Benteen]] ***ûnderbefelhawwer: [[earste luitenant]] [[Francis Gibson (militêr)|Francis Gibson]] ** I Kompanjy ***befelhawwer: [[kaptein (rang)|kaptein]] [[Myles Keogh (militêr)|Myles Keogh]] † ***ûnderbefelhawwer: [[earste luitenant]] [[James Porter (militêr)|James Porter]] † ** K Kompanjy ***befelhawwer: [[earste luitenant]] [[Edward S. Godfrey]] ***ûnderbefelhawwer: [[twadde luitenant]] [[Luther Hare]] (detasjearre nei de [[ferkenner]]s) ** L Kompanjy ***befelhawwer: [[earste luitenant]] [[James Calhoun (militêr)|James Calhoun]] † (sweager fan Custer) ***ûnderbefelhawwer: [[twadde luitenant]] [[John Jordan Crittenden III]] † ** M Kompanjy ***befelhawwer: [[kaptein (rang)|kaptein]] [[Thomas French (militêr)|Thomas French]] ***ûnderbefelhawwer: [[earste luitenant]] [[Edward Gustave Mathey]] (detasjearre nei de [[bagaazjetrein]]) Njonken de geregelde Amerikaanske troepen omfieme it 7e Kavaleryrezjimint: * 26 [[Arikara (folk)|Arikara]]-[[ferkenner]]s, wêrûnder [[Bluodderich Mês]] † en [[Reade Stjer (ferkenner)|Reade Stjer]]; * 6 [[Krieën (folk)|Krieske]] ferkenners: [[Heal Giel Gesicht]], [[Blanke-Man-Regearret-Him]], [[Giet-Foarút]], [[Krolhier (ferkenner)|Krolhier]], [[Hierrige Mokassin]] en [[Wite Swan (ferkenner)|Wite Swan]]; * 2 [[Swartfuotten (folk)|Swartfoet]]-ferkenners; * ferskate blanke [[ferkenner]]s, [[gids (berop)|gidsen]] en/of tolken, wêrûnder [[Mitch Bouyer]] †, [[Isaiah Dorman]] †, [[Fred Gerard]] en [[Charley Reynolds]] †; * in oantal blanke [[fuorman|fuorlju]] en oare boargers yn ûnderstypjende funksjes, wêrûnder [[Boston Custer]] † (jongere broer fan Custer), en [[Autie Reed]] † (omkesizzer fan Custer); * 1 [[sjoernalist]] foar it [[Associated Press]]-[[parseburo]]: [[Mark Kellogg (sjoernalist)|Mark Kellogg]] †. Yn totaal wiene der by de Slach oan 'e Little Bighorn oan 'e Amerikaanske kant 647 minsken belutsen. [[File:US_Cav_35.svg|left|thumb|180px|De ''[[guidon]]'' fan it [[Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint|7e Kavaleryrezjimint]].]] De kavaleristen wiene bewapene mei de [[Colt .45 (revolver)|Colt .45]]-[[revolver]], dy't seis kûgels ôffjurje koe foar't er werladen wurde moast, en mei de ienskots efterladende [[Springfield Model 1873]]-[[karabyn]], dy't har in folle grutter berik joech as de [[gewear]]en dêr't de Yndianen oer beskikten. Harren [[sabel]]s hiene se op befel fan Custer efterlitten by de [[bagaazjetrein]] fan generaal Terry syn kolonne. Inkeld guon ofsieren en de ferkenners, dy't net ta de geregelde troepen rekkene waarden, beskikten oer oare fjoerwapens. Eltse soldaat hie 100 karabynkûgels útrikt krigen. In diel dêrfan waard op in [[patroangurdle]] op it lichem droegen, en de rest yn 'e [[sealtas]]sen. Nochris 50 kûgels de man waarden meinommen yn 'e bagaazjetrein dy't it [[rezjimint]] beselskippe. Foar syn revolver hie eltse soldaat 24 kûgels. ===De Yndianen=== It doarp dat Custer syn ferkenners ûntdutsen hiene, wie ûngewoan grut, mei't der in grut tal lytsere Yndianetroepen gearklofte wiene fanwegen de oanwêzigens fan 'e [[medisynman]] [[Sittende Bolle]], dy't yn heech oansjen stie. Al mei al wurdt rûsd dat der op it stuit fan 'e slach sa'n 10.000 Yndianen yn it doarp taholden, mei dêrûnder likernôch 2.000 [[kriger]]s. De rest fan 'e oanwêzigen bestie út [[frou]]lju, [[bern (persoan)|bern]] en de âlderein. It lân koe sa'n grutte kliber folk net lang drage, en doe't Custer oanfoel stiene de Yndianen dan ek op it punt om wer útinoar te gean. Hoewol't fierwei de measte bewenners fan it doarp út [[Lakota (folk)|Lakota]] fan 'e [[Oglala]]- en [[Hûnkpapa]]-stammen en [[Noardlike Sjajinnen]] bestiene, wiene der ek oaren fertsjintwurdige: [[File:ChiefGall-NARA.jpg|right|thumb|180px|[[Gal (opperhaad)|Gal]], it oarlochsopperhaad fan 'e [[Hûnkpapa]].]] [[File:Two Moons Cheyenne Chief.jpg|right|thumb|180px|[[Twa Moannen]], ien fan de oanfierders fan 'e [[Noardlike Sjajinnen]] yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn.]] [[File:Arapaho woman Pretty Nose, 1879, restored.jpg|right|thumb|180px|[[Tsjeppe Noas]], in froulik opperhaad fan 'e [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]], dy't yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn focht.]] *[[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''): **[[Lakota (folk)|Lakota]]: ***[[Hûnkpapa]], ûnder lieding fan [[Sittende Bolle]], [[Gal (opperhaad)|Gal]], [[Kraaiekening]], [[Rein-yn-'t-Gesicht]], [[Wite Bolle]], [[Ien Bolle]] en [[Ferwegend Klaad]]; ***[[Swartfuotten (Lakota)]], ûnder lieding fan [[John Grass]] en [[Moardearn]]; ***[[Minnikonzjû]], ûnder lieding fan [[Swarte Moanne]], [[Read Hynder]] en [[Kreupel Hart]]; ***[[Sâns Arks]], ûnder lieding fan [[Bûnte Earn]]; ***[[Oglala]], ûnder lieding fan [[Mâl Hynder]], [[Amerikaansk Hynder de Aldere]], [[Rikel (opperhaad)|Rikel]], [[Skoppende Bear]], [[Lytse Grutte Man]], [[Fleanende Hauk]] en [[Rint-mei-de-Stjerren]]; ***[[Brulee]], ûnder lieding fan [[Holle Hoarn-Bear]] en [[Kriehûn]]; ***[[Twa-Tsjettels]], ûnder lieding fan [[Regearret-de-Fijân]]; **[[Dakota (folk)|Dakota]]: ***[[Westlike Dakota (folk)|Westlike Dakota]]: ****[[Janktonai (stamme)|Janktonai]], ûnder lieding fan [[Tongerbear]]; ***[[Eastlike Dakota (folk)|Eastlike Dakota]]: ****[[Wahpekûte]], ûnder lieding fan [[Reade Mûtse]]; *[[Noardlike Sjajinnen]], ûnder lieding fan [[Twa Moannen]], [[Kreupele Blanke Man]]&nbsp;†, [[Houten Skonk]], [[Bizonkeallepaadfrou]] en [[Minnie Hollow Wood]]; *[[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]], ûnder lieding fan [[Tsjeppe Noas]]. Neffens in bekend ferhaal fochten yn 'e Slach oan de Little Bighorn mar fiif Arapaho-krigers mei, te witten de [[Noardlike Arapaho]] Giele Earn, Giele Mich, Lofterhân en Wetterman en de [[Súdlike Arapaho]] Wolwittende Man (ek wol bekend as Grien Gers). Hja wiene der fiifresom op útgien om 'e [[Sjosjoanen]] te oerfallen, mar rekken by tafal yn 'e striid tsjin it Amerikaanske Leger behelle. Mar dêrnjonken focht noch teminsten ien oare Arapaho mei, ntl. de froulike kriger [[Tsjeppe Noas]]. Hoewol't guon Amerikaanske boarnen har as Sjajinne te boek stelden, waarden yn ferskate beskriuwings de mei reade, swarte en wite kralen fersierde úteinen fan har mouwen neamd, dy't har foar saakkundigen dúdlik identifisearren as in opperhaad fan 'e Arapaho. De Yndianen makken yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn gebrûk fan in wiid ferskaat oan [[wapen]]s, fan [[tomahawk (bile)|tomahawk]]s mei stiennene koppen dy't streekrjocht út 'e [[Stientiid]] kamen oant moderne efterladende [[gewear]]en. Tomahawks, [[spear]]en en [[mês|messen]] wiene inkeld geskikt foar man-tsjin-mangefjochten; it grutste part fan 'e slach waard mei projektylwapens útfochten, wêrby't likernôch de helte fan 'e krigers him behelpe moast mei [[pylk-en-bôge]], in wapen dat oant op 30&nbsp;m ôfstân tige effektyf wie. De oare helte wie tarist mei gewearen, mar dat wiene foar it oergrutte part ferâldere foarladers en soms sels antike [[musket]]ten. Minder algemien kamen ek modernere .58&nbsp;kaliber-gewearen foar, wêrfan't der nei de [[Amerikaanske Boargeroarloch]] tsientûzenen yn 'e Feriene Steaten omsweefden. Hoewol't fjoerwapens krap wiene, en [[munysje]] krektsa, koene de Yndianen geandewei de slach almar mear gewearen en patroanen bútmeitsje fan sneuvele soldaten. ==De fjildslach== ===Plan fan oanfal=== Op 'e moarn fan [[25 juny]] [[1876]] ferdielde Custer syn [[rezjimint]] yn fjouwer parten foarôfgeande oan 'e oanfal, mei't er de Yndianen fan ferskillende kanten ôf yn 'e skjirre nimme woe: *Kompanjyen A, G en M, ûnder befel fan majoar [[Marcus Reno]], soene it Yndiaanske doarp út it suden wei oanfalle en de krigers nei dy kant ta lokje; *Kompanjyen H, D en K, ûnder befel fan kaptein [[Frederick Benteen]], moasten nei it súdwesten ta ride, de kant dy't de Yndianen nei alle gedachten út flechtsje soene, sadat se harren dêr de pas ôfsnije koene; *Kompanjyen C, E, F, I en L, ûnder befel fan luitenant-kolonel [[George Armstrong Custer]] sels, soene ûnder beskûl fan 'e heuvels omride nei de noardlike ein fan it doarp, om 'e Yndianen yn 'e rêch oan te fallen as se al mei Reno syn troepen oan 'e súdkant fan it doarp yn gefjocht wiene. *Kompanjy B, ûnder befel fan kaptein [[Thomas McDougall (Amerikaansk militêr)|Thomas McDougall]], waard ynset om 'e trage bagaazjetrein te ferdigenjen en om as eventuële reserve te tsjinjen. ===De oanfal fan Reno=== De Slach oan 'e Little Bighorn sette útein doe't de trije [[kompanjy (militêre ienheid)|kompanjyen]] fan majoar [[Marcus Reno]] de súdlike ein fan it Yndiaanske doarp oanfoelen. Hoewol't it oarspronklik de bedoeling west hie dat Reno wachtsje soe oant de fiif kompanjyen fan Custer de noardlike ein fan it doarp berikke kinnen hiene, sette Reno daliks de oanfal yn nei't er nije oarders fan Custer ûntfong, skreaun troch Custer syn [[adjudant (funksje)|adjudant]], luitenant [[William W. Cooke]], wêryn't sein waard dat fierder wachtsjen gjin sin hie om't Custer syn Arikara-ferkenners sjoen hiene dat guon Lakota-krigers de oanwêzigens fan Amerikaanske troepen yn 'e neite fan it doarp gewaarwurden wiene. Reno syn fierdere oarders wiene frijwat dizenich; hy moast de Yndianen "efterfolgje" en se "twinge om it gefjocht oan te gean", mar dy oarders wiene opsteld sûnder kennis fan 'e grutte of de presize lokaasje fan it doarp, fan 'e oantallen fan 'e fijân of hoe't it moreel fan 'e fijân wie. [[File:Www-cgsc.army.mil_MAP20_Renos_Attack.GIF|left|thumb|250px|De bewegings fan 'e trije kompanjyen ûnder majoar [[Marcus Reno]].]] Sadwaande stieken Reno en syn mannen omtrint 15.00 oere op [[25 juny]] [[1876]] de rivier de [[Little Bighorn (rivier)|Little Bighorn]] oer ter hichte fan 'e mûning fan in [[beek]] dy't no Reno Creek hjit. Hja teagen fluch op troch it iepen fjild oan 'e súdkant fan it doarp, wêrby't in tichte begroeiïng fan [[strewelleguod]] en [[beam]]men by in bocht yn 'e rivier lâns har oan 'e rjochterkant dekking bea, mar teffens it doarp oan harren sicht ûntloek. Pas doe't se fier genôch optein wiene om 'e bocht yn 'e rivier foarby te wêzen, krigen se it doarp yn it each, mar op dat stuit wiene se ek binnen sjitôfstân fan 'e bûtenste [[tipy]]s. It wie daliks dúdlik dat der in grut tal Yndianen oanwêzich wiene, dy't der net oan tochten om út te naaien. Reno stjoerde al syn Yndiaanske ferkenners, Arikara en Krieën, nei syn kwetsbere lofterflank ta, om't syn rjochterflank beskerme waard troch it tichte strewelleguod by de rivier lâns. Doe't er de folle omfang fan it doarp foar it ferstân krige, fermoede Reno al rillegau dat er op it punt stie om yn wat er letter "in mûklaach" neame soe te rinnen. Dêrom liet er syn mannen op likernôch 150&nbsp;m ôfstân fan it doarp stilhâlde. Reno oardere syn soldaten om ôf te stiigjen en harren op te stellen yn in saneamde 'skermutselingliny', in standertformaasje fan 'e Amerikaanske kavalery, wêrby't eltse fjirde soldaat de hynders fan syn maten by de [[leie]]n hold. De soldaten stiene sa'n 3 oant 7&nbsp;m útinoar, mei de ofsieren dêrefter en de mannen dy't de hynders fêstholden dêr wer efter. Dy formaasje berôve Reno dus fan 25% fan syn fjoerkrêft. Doe't de kavaleristen it fjoer iepenen op it doarp, dat oan 'e súdkant bewenne waard troch leden fan 'e [[Hûnkpapa]]-substamme fan 'e [[Lakota (folk)|Lakota]], deaden se dêrmei fral froulju en bern, wêrûnder it gesin fan it [[opperhaad]] [[Gal (opperhaad)|Gal]]. Frijwol daliks begûnen [[kriger]]s te hynder en geandefoets ta it doarp út te streamen om 'e oanfal ôf te slaan. Om't Reno syn liny oan 'e rjochterkant ferankere wie yn it strewelleguod, konsintrearren se har op 'e lofterflank fan 'e Amerikanen, dy't ferdigene waard troch de Arikara- en Krieske ferkenners. [[File:CheyenneStone.JPG|right|thumb|180px|In tinkstien op it slachfjild dy't it plak oanjout dêr't de [[Sjajinnen|Sjajinske]] [[kriger]] Hapehe’onahe (Tichte Hân) sneuvele "by it ferdigenjen fan 'e Sjajinske libbenswize".]] Nei't der likernôch 20 minuten lang striid levere wie, hie Reno noch mar ien fan syn mannen ferlern. De oantallen krigers dy't tsjin him fanwegen kamen, waarden lykwols mei de minút grutter. Yn 'e beskutting fan in leech ferhef oan 'e lofterkant fan Reno syn liny en rjochts fan it doarp groepearre him in grutte kloft fan likernôch 500 krigers, dy't dêrwei doe in wraam die op Reno syn lofterflank. Dêrtroch wie Reno twongen om him hastich werom te lûken yn it strewelleguod by de bocht yn 'e rivier lâns, dêr't er doe troch de Yndianen fêstset waard. Dêrnei stieken de krigers de begroeiïng yn 'e brân om 'e Amerikanen te twingen en kom foar 't ljocht. Op dat punt fan it gefjocht waard de ferkenner [[Bluodderich Mês]] yn 'e holle rekke troch in kûgel wylst er njonken Reno op it hynder siet, sadat it [[bloed]] en stikjes [[harsens]] de majoar yn it gesicht spatten. Mooglik noch yn [[shock]] fan dat foarfal, oardere Reno syn mannen om op te stiigjen, wer ôf te stiigjen en op 'e nij op te stiigjen. Doe rôp er harren ta: ''"Wa't ûntsnappe wol, folgje my!"'' en late er in gaoatyske flecht de rivier oer en by it steile [[klif]] oare kant de rivier op. Dy weromtocht waard daliks fersteurd troch de oanfallen fan tichteby troch Sjajinske krigers. Reno ferlear by de flecht oer de rivier 3 ofsieren en 29 soldaten, wylst 1 ofsier, luitenant [[Charles DeRudio]], en 13 oant 18 soldaten fermist rekken. De measten dêrfan wiene yn 'e dusoarder efterbleaun yn it strewelleguod en soene har letter by harren maten op it klif foegje. [[File:Www-cgsc.army.mil_MAP21_Defense_of_Reno-Benteen_Hill.GIF|left|thumb|250px|De definsive posysje fan 'e troepen fan majoar [[Marcus Reno]] en kaptein [[Frederick Benteen]] op Reno Hill.]] ===De belegering fan Reno en Benteen=== Op it klif, dat no Reno Hill hjit, wergroepearren Reno en syn kjel wurden mannen har, en begûnen se har yn te graven mei messen, de kolven fan harren gewearen en wat se ek mar hiene dat foar graven brûkt wurde koe. Soks wie standertpraktyk wurden yn it lêste jier fan 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch]]. Doe't de Krieske ferkenner [[Heal Giel Gesicht]], dy't yn it strewelleguod efterbleaun wie om syn ferwûne maat [[Wite Swan (ferkenner)|Wite Swan]] te rêden, him tsjin 16.00 oere by Reno syn mannen op it klif joech, ried dy der daliks op út om fersterkings te sykjen. Net fierôf fûn er de trije kompanjyen fan kaptein [[Frederick Benteen]], dy't oarspronklik nei it súdwesten ta stjoerd wiene. Benteen hie lykwols ûnderwilens in boadskip fan Custer ûntfongen (skreaun troch dy syn [[adjudant (funksje)|adjudant]] [[William W. Cooke]]) mei de tekst "Kom... grut doarp, opsjitte... bring pakken." "Pakken" ferwiisde nei de reservemunysje fan 'e bagaazjetrein, wat derop tsjut dat Custer him der tsjin dy tiid bewust fan wie dat der mear krigers wiene as dêr't er earst op rekkene hie. Mar Benteen koe dêr fierders neat oer freegje, want de boadskipper wie Custer syn [[Itaalje|Italjaanske]] [[trompet]]ter [[Giovanni Martini|John Martin]] (eins Giovanni Martini), dy't gjin wurd [[Ingelsk]] spriek. Benteen syn tafallige oanwêzigens deunby wie it iennichste dat Reno syn mannen derfan rêde om troch de Yndianen ûnder de foet rûn te wurden. Ynstee fan oan it befel gehoar te jaan om him by Custer sels te foegjen, naam Benteen it beslút om syn troepen by dy fan Reno te foegjen, eat wat him letter op in protte krityk kaam te stean, temear omdat bekend wie dat hy en Custer beslist net mei-inoar koene. Letter waarden Reno en Benteen noch fierder fuortsterke troch de oankomst fan kaptein McDougall mei B Kompanjy en de bagaazjetrein. Mei sa'n 360 man koene se doe de hiele omtrek fan it klif bestrike en slagge it harren om stân te hâlden. [[File:Mitch Bouyer.jpg|right|thumb|180px|[[Mitch Bouyer]], [[George Armstrong Custer|Custer]] syn heal-Yndiaanske [[ferkenner]] en [[tolk (berop)|tolk]], dy't sneuvele yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn.]] It beslút fan Reno en Benteen om harren posysje op it klif te hanthavenjen, nettsjinsteande it feit dat der ferskate kearen gewearfjoer yn it noarden heard waard, ynklusyf dúdlike salvo's om 16.20 oere, foel net goed by in diel fan harren ûnderhearrigen. Om 17.00 oere hinne negearre kaptein [[Thomas Weir (Amerikaansk militêr)|Thomas Weir]] direkte oarders fan Reno en Benteen en sette er mei D Kompanjy op eigen manneboet ôf nei it noarden mei de bedoeling om Custer te finen en te help te kommen. D Kompanjy teach likernôch oardel kilometer op, nei in hichte dy't tsjintwurdich Weir Ridge hjit. Dêrwei koene se omtrint 17.25 oere tusken krûdwolken troch sjen hoe't krigers te hynder yn 'e fierte op foarwerpen skeaten dy't op 'e grûn leine. It is ûndúdlik wat dat krekt west hat; der is gauris fan útgien dat it Custer syn lêste gefjocht op 'e heuveltop west hawwe moat, mar dêrfoar doocht de tiid net. Guon moderne [[histoarikus|histoarisy]] hawwe oppenearre dat it mooglik it gefjocht op Calhoun Hill wie, dat ûnderdiel útmakke fan Custer syn weromtocht. Tsjûgeferslaggen fan Yndianen sprekke dat lykwols wer tsjin, en de kwestje is noch altyd net útiten. Yn elts gefal besleaten Reno en Benteen úteinlik om Weir te folgjen, wêrby't Benteen foarop gie en folge waard troch Reno syn oansleine detasjemint, mei B Kompanjy en de bagaazjetrein yn 'e efterhoede. Oanwaaksende druk troch Yndiaanske oanfallen op 'e troepen op Weir Ridge twong lykwols alle sân kompanjyen om tebek te wiken nei Reno Hill, noch ear't de bagaazjetrein 400&nbsp;m ôflein hie. Op it klif namen se har âlde posysjes wer yn, en waarden dêr noch in dei lang belegere. Se koene der net wei, mar de Yndianen koene ek net troch harren linys hinne brekke. Kaptein Benteen sels bleau kalm en toande moed by de oanhâldende oanfallen. Hy joech himsels bleat oan fijanlik fjoer en waard yn 'e [[hakke]] fan syn [[lears]] rekke troch in kûgel. Op in stuit joech er persoanlik lieding oan in tsjinoanfal om krigers te ferdriuwen dy't temûk yn 'e beskutting fan it lange [[gers]] oant deunby de linys fan syn manskippen krûpt wiene. [[File:Custer's last stand painting.jpg|left|thumb|250px|''Custer's Last Stand''; [[George Armstrong Custer|Custer]]-en-dy op 'e heuveltop besingele, mei Custer yn 'e midden en noch mar in pear fan syn soldaten yn libben.]] ===De oanfal en weromtocht fan Custer=== Om't der fan Custer syn fiif kompanjyen gjin inkele oerlibbene wie, hat it dreech west om persiis fêst te stellen hoe't it harren fierder krekt fergien is, temear om't ferslaggen fan Yndiaanske krigers ûndúdlik binne en inoar tsjinsprekke. In protte histoarisy hawwe har yngeand mei de Slach oan 'e Little Bighorn dwaande holden, wêrûnder net yn it lêste plak [[etnolooch|etnologen]] as [[George Bird Grinnell]] en [[Edward S. Curtis]], dy't Custer syn [[Krieën (folk)|Krieske]] en [[Arikara (folk)|Arikara]]-ferkenners en [[Sjajinnen|Sjajinske]] en [[Lakota (folk)|Lakota]]-krigers befregen. Lykwols binne in protte saken oangeande de oanfal en weromtocht fan Custer oant no ta striidkwestjes bleaun. Reno, Benteen en harren troepen befûnen har op 6&nbsp;km ôfstân, en hoewol't se yn 'e fierte gewearfjoer hearre koene dat wierskynlik fan Custer-en-dy wie, hiene se fierder gjin idee wat der geande wie. Doe't se nei de slach oer it lot fan 'e fiif kompanjyen fan Custer hearden, wiene se mei stomheid slein. Nei't er mei syn troepemacht fan likernôch 210 man ôfset wie, ried Custer wierskynlik oare kant de heuvels nei it noarden. Fan dyselde heuvelrêch makke ek it klif diel út dêr't Reno him koarte tiid letter op weromlûke soe. It is mooglik dat Custer fan dy hichte ôf it begjin fan Reno syn oanfal beächte hat. Yn elts gefal wied er him bewust fan 'e sterke wjerstân dêr't Reno op state, mei't [[tolk (berop)|tolk]] [[Fred Gerard]], dy't by Reno wie, Custer syn fiif kompanjyen efternei ried en de tynge oerbrocht oan Custer syn [[adjudant (funksje)|adjudant]] [[William W. Cooke]]. De measte histoarisy binne it deroer iens dat Custer fia Medicine Tail Coulee (in ''coulee'' is in lytseftich [[ravyn]]), in ôfwetteringsslink tusken de heuvels yn, de [[Little Bighorn (rivier)|Little Bighorn]] berikte ter hichte fan Minneconjou Ford ("de [[Minnikonzjû]]-[[Furde]]"). Op dat plak waard nei alle gedachten troch teminsten in diel fan Custer syn troepen (wierskynlik de kompanyen E en F, ûnder kaptein [[George Yates]]) besocht om 'e rivier oer te stekken. (Guon histoarisy achtsje it wierskynlik dat Custer syn fiif kompanjyen foarôfgeande oan syn oanfal nochris yn twaen of sels trijen opdield hie.) Yn syn [[autobiografy]] ''My Life on the Plains'', út [[1874]], hie Custer útlein dat de bêste strategy by it befjochtsjen fan Yndianen wie om harren doarpen en kampen yn te kringen en dan har froulju, bern en âlderein as gizelders en minsklik skyld te brûken, sadat de krigers, as se trochfjochtsje woene, har eigen famyljeleden deasjitte moasten. Wierskynlik wied er sa'n strategy ek diskear fan doel. [[File:Rain-In-The-Face.Sioux.1893.ws.jpg|right|thumb|180px|It opperhaad [[Rein-yn-'t-Gesicht]], dy't yn 'e slach mooglik [[George Armstrong Custer|Custer]] sels deade.]] Nei alle gedachten ûntdiek Custer pas by it dwaan fan syn oanfal dat Minneconjou Ford net oan 'e noardkant fan it ûnbidich grutte doarp lei, mar yn 'e midden. Underwilens soe doe Reno syn oanfal oan 'e súdkant fan it doarp al fierhinne ôfslein west hawwe. It wie it [[Hûnkpapa]]-opperhaad [[Gal (opperhaad)|Gal]], dy't as iennichste Yndiaanske lieder fermoede dat it hjir wolris om in twafâldige oanfal gean koe. Sadwaande ried er sels op 'e sneup nei Custer nei it noardeasten, dêr't er Custer syn ferkenner [[Mitch Bouyer]] yn it each krige doe't dy weromkearde nei de haadmacht fan 'e 7de Kavalery nei it begnuven fan it doarp. Gal folge him temûk en ûntdiek sa de lokaasje fan Custer syn fiif kompanjyen. Nei't er de [[Noardlike Sjajinnen]] warskôge hie dy't dat part fan it doarp bewennen, late Gal tegearre mei it [[Oglala]]-opperhaad [[Mâl Hynder]] in grut tal Lakota-krigers fan 'e suderein fan it doarp nei Minneconjou Ford ta, en doe't Custer syn troepen dêr opdoeken, wiene se klear foar de striid. Troch de ûnferwachts sterke wjerstân fan 'e Yndianen berikten de troepen it doarp nea. Krektoarsom, se waarden troch Yndiaanske skerpskutters weromdreaun oer de rivier, wêrby't soldaten yn 'e fjoerliny ôfstige moasten om ferwûne maten wer op har hynders te helpen. Doe't se har oare kant fan 'e rivier weromloeken, streamden hûnderten krigers ta it doarp út om har te efterfolgjen. [[File:Battle of the Big Horn LCCN2003656850 (cropped).jpg|left|thumb|250px|[[George Armstrong Custer|Custer]] en syn troepen ûnder de foet rûn troch de [[Yndianen]].]] Custer-en-dy besochten har oare kant de rivier yn te graven, mar dat mislearre om't guon krigers omriden wiene en har no út it noarden wei oanfoelen, fanôf de heuvelrêch boppe de rivier. It liket der sterk op dat Custer syn mannen doe in skoft lang opstelde yn in skermutselingliny, krekt as Reno earder dien hie, (wêrby't eltse fjirde man om 'e hynders tocht). As dat sa is, soed er himsels yn dit krúsjale stadium fan 'e slach dêrmei in fjirdepart fan syn fjoerkrêft ûntsein hawwe. Wat begûn as in organisearre weromtocht, feroare troch de oanhâldende oanfallen fan 'e Yndianen al rillegau yn in gaoatyske flecht. [[Argeology]]sk bewiismateriaal liket derop te tsjutten dat L Kompanjy fan luitenant [[James Calhoun (militêr)|James Calhoun]] it earste ûnderdiel fan it rezjimint wie dêr't dissipline it ôflei tsjin ynstinkt, en wêrfan't de soldaten begûnen út te naaien wylst se har bombidige gewearen fuortsmieten om flugger fuortkomme te kinnen. Yn tsjinstelling dêrta lykje de mannen fan I Kompanjy sneuvele te wêzen op it plak dêr't se stiene, mei't harren liken letter yn in klútsje om dat fan harren befelhawwer, kaptein [[Myles Keogh (militêr)|Myles Keogh]], hinne oantroffen waarden. It wie [[Gal (opperhaad)|Gal]] dy't de krigers oanfierde dy't L Kompanjy en in diel fan C Kompanjy fan 'e rest fan 'e Amerikanen ôfsnie, sadat der handich mei ôfweefd wurde koe. Wat mear soldaten kamen te sneuveljen, wat mear gewearen en munysje oft de krigers bútmakken, mei as gefolch dat de Amerikanen de foardielen fan harren bettere bewapening fluch kwytrekken. Uteinlik loek likernôch de helte fan Custer syn troepen, de Kompanjyen E, F en de helte fan C, har op in heuveltop werom, dêr't se neffens de tradisjonele lêzing fan 'e slach al gau besingele rekken troch de Yndianen. Dy heuveltop kaam bekend te stean as Custer Hill, Custer's Last Stand of Last Stand Hill. Der is bewiis dat der tsjin dy tiid noch organisearre ferset bean waard, mei't deade hynders as [[boarstwarring]] brûkt waarden. It wie op dy heuvel dat Custer syn mannen har meast ferbiten ferset beaen, en neffens ferslaggen fan 'e Lakota foelen de measte deaden oan Yndiaanske kant by it bestoarmjen fan 'e heuvel. Fan in lange belegering wie lykwols gjin sprake; alle ferslaggen binne it deroer iens dat de Yndianen mei Custer ôfweefd hiene binnen in oere nei't er syn wraam oer de rivier die. Neffens de Lakota waard it ferset op 'e heuvel oerweldige troch in ferrassingsoanfal út noardeastlike rjochting wei, dy't oanfierd waard troch [[Mâl Hynder]] en [[Wite Bolle]], en dy't troch de Amerikaanske linys hinne briek, mei it ynstoarten fan 'e kommandostruktuer as gefolch. [[File:Cheyenne Girl.jpg|right|thumb|170px|De [[Sjajinnen|Sjajinske]] heldinne [[Bizonkeallepaadfrou]], dy't neffens de [[Noardlike Sjajinnen]] dejinge wie dy't [[George Armstrong Custer|Custer]] deade.]] Custer sneuvele op 'e heuveltop, dêr't er nei ôfrin fan 'e slach oantroffen waard mei skotwûnen yn 'e [[sliep (lichemsdiel)|loftersliep]] en yn it [[boarstkas|boarst]], krekt boppe it [[hert]]. Beide wûnen hiene deadlik west, mar der waard fêststeld dat er út dy yn syn boarst blet hie en net út dy yn syn holle, wat suggerearret dat de skotwûne yn syn sliep postúm tabrocht wie. Ferskate krigers easken neitiid persoanlik de ferantwurdlikheid op foar de dea fan Custer, wêrûnder [[Wite Bolle]] fan 'e [[Minnikonzjû]] en [[Rein-yn-'t-Gesicht]] fan 'e [[Hûnkpapa]]. Yn [[juny]] [[2005]] ferbrieken de [[Noardlike Sjajinnen]] mear as hûndert jier fan stilswijen oer de fjildslach en makken bekend dat neffens harren [[mûnlinge oerlevering]] [[Bizonkeallepaadfrou]], in Sjajinske heldinne út 'e [[Slach oan de Rosebud]], dejinge wie dy't Custer fan syn hynder skeat. Yn 'e [[1920-er jierren]] fertelden twa âlde Sjajinske froulju dat se nei de slach Custer syn lichem op it slachfjild weromfûn hiene en in Lakota-kriger tsjinholden hiene dy't it lyk skeine woe. De froulju wiene nammentlik famyljeleden fan [[Maitydsgers]], Custer syn Sjajinske frou, en beskôgen him sadwaande as famylje. Hja stieken him doe mei harren [[els (ark)|naai-elzen]] yn 'e [[ear (lichemsdiel)|earen]], dat er yn it hjirneimels better harkje kinne soe; hy hie nammentlik syn ûnthjit oan 'e Sjajinnen brutsen om nea wer tsjin 'e Yndianen te fjochtsjen. Neffens de tradisjonele lêzing fan 'e foarfallen einige de Slach oan 'e Little Bighorn op 'e top fan Custer Hill, mar modern ûndersyk liket út te wizen dat der noch inkele tsientallen oerlibbenen wiene fan it gefjocht op 'e heuveltop, dy't in lêste wanhopige útbraak prebearren. Teminsten 28 liken fan Amerikaanske soldaten, wêrûnder dat fan ferkenner [[Mitch Bouyer]], waarden oantroffen yn of op in rjochte line nei in djip ravyn, dat de namme Deep Ravine krige, op sa'n 250&nbsp;m ôfstân fan Custer Hill. Dat liket it plak te wêzen dêr't de slach wier einige is. [[File:2008 0909Battlefield0026.JPG|left|thumb|250px|Tinkstien dy't it plak oanjout dêr't [[George Armstrong Custer|Custer]] syn [[gids (berop)|gids]] en [[tolk (berop)|tolk]] [[Mitch Bouyer]] de dea fûn, op 45&nbsp;m fan it Deep Ravine ôf.]] ===Fuortsetting fan 'e slach=== Nei't se Custer syn fiif kompanjyen ferdylge hiene, wergroepearren de Yndianen har en setten se de oanfallen op Reno en Benteen en harren mannen fuort. It gejocht op en om Reno Hill hinne gie troch oant it [[jûn]]s om 21.00 oere hinne tsjuster waard, en begûn de oare deis, op [[26 juny]], daliks wer by [[moarnsdage]]. It hold ek it grutste part fan dy dei noch oan. Dêrby wie foar de besingele kompanjyen op it klif de útkomst lange tiid ûnwis. Majoar Reno skreau it ôfslaan fan in swiere Yndiaanske oanfal, op 'e twadde dei fan 'e belegering, op it diel fan 'e liny dat bemanne waard troch de Kompanjyen H en M, ta oan it liederskip fan kaptein Benteen. Tsjin 'e ein fan 'e middei fan [[26 juny]] koe fan Reno Hill ôf waarnommen wurde hoe't de Yndianen harren doarp opbrieken. Om dyselde tiid hinne holden de oanfallen op. De reden dêrfoar wie it neieroankommen fan 'e farske troepen fan generaal Terry en kolonel Gibbon. Dy arrivearren ier op [[27 juny]] op it slachfjild en ûntsetten doe de detasjeminten fan Reno en Benteen. De ferwûnen op Reno Hill waard doe alle mooglike fersoarging bean, mar fiif fan harren beswieken letter noch oan 'e oprûne ferwûnings. Earder hie der mar ien [[sirurgyn]] foar harren beskikber west, [[dokter]] [[Henry R. Porter]], mei't de haaddokter fan it rezjimint, [[George Edwin Lord]], mei Custer omkommen wie, wylst in oaren, [[James Madison DeWolf]], sneuvele wie ûnder Reno syn gaoatyske weromtocht oer de rivier. De oankomst fan Terry en Gibbon brocht de flecht fan 'e Yndianen tewei. It grutte doarp waard halje-trawalje opbrutsen en de grutte kliber folk foel wer útinoar yn lytse troepen dy't har mei tûzen hasten út 'e fuotten makken en dêrby alle kanten út spatten. De Yndianen flechten de hiele nacht fan [[26 juny|26]] op [[27 juny]] troch om genôch ôfstân tusken harsels en de troepen fan Terry en Gibbon te skeppen. Mar de Amerikanen hiene oare saken oan 'e holle as om 'e Yndianen te efterfolgjen. Uteinlik soene se wraak nimme en it Yndiaanske ferset op 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] dêrby definityf brekke, mar foar it momint hiene se de hannen fol oan 'e fersoarging fan 'e oerlibbenen fan it 7e Kavaleryrezjimint en it op provisoaryske wize begraven fan 'e deaden. Dy waarden almeast fan [[klean]] en [[wapens]] ûntdien oantroffen, [[skalpearjen|skalpearre]] en ritueel skeind. In jier letter waarden de liken fan Custer en syn ofsieren wer opgroeven en nei it Easten ferfierd om oan 'e djipdrôven oerdroegen te wurden, wylst de gewoane soldaten formeel werbegroeven waarden op it begraafplak fan it [[Nasjonaal Monumint Slachfjild fan de Little Bighorn]]. [[File:Little_Bighorn_memorial_obelisk.jpg|right|thumb|250px|In [[obelisk (boukeunst)|obelisk]] dy't oprjochte is ta tinkteken oan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] sneuvelen, en dy't it plak oanjout dêr't alle soldaten neitiid werbegroeven binne.]] ==De balâns== It is nea persiis fêststeld hoefolle deaden oft der oan 'e Yndiaanske kant yn 'e Slach oan 'e Little Bighorn foelen. De oantallen dy't neamd wurde, fariëarje sadwaande fan in minimum fan 36 oant in maksimum fan 300. Yn 'e regel wurdt in oantal fan 136 deaden en 160 ferwûnen oanholden, wat de oantallen binne dy't it Lakota-opperhaad [[Read Hynder]] yn [[1877]] neamde doe't er oer de slach befrege waard. Oan 'e Amerikaanske kant wiene der 268 militêre deaden te betreurjen, wêrfan 16 ofsieren en 242 soldaten. Foar it 7e Kavaleryrezjimint as gehiel komt dat del op in stjertesifer fan 52%. De famylje Custer wie slim troffen, mei't net inkeld luitenant-kolonel [[George Armstrong Custer]] sneuvele wie, mar ek syn jongere bruorren kaptein [[Tom Custer]], de befelfierder oer C Kompanjy, en [[Boston Custer]], in fuorman. Ek Custer syn sweager luitenant [[James Calhoun (militêr)|James Calhoun]], de kommandant fan L Kompanjy, en syn omkesizzer [[Autie Reed]], in stâlfeint, hearden ta de deaden. Fierders wiene teminsten 9 Yndiaanske ferkenners sneuvele en ferskate fuorlju en oare boargers yn in ûnderstypjende funksje, wat it totaal oantal deaden oan 'e Amerikaanske kant op 280 bringt. Der wiene 55 militêre ferwûnen: 1 ofsier en 51 soldaten, mei dêropta noch teminsten 2 Yndiaanske ferkenners, yn totaal dus 57. [[File:ComancheeCuster-GrabillLR.jpg|left|thumb|250px|[[Comanche (hynder)|Comanche]], it hynder fan kaptein [[Myles Keogh (militêr)|Myles Keogh]], dat de iennichste oerlibbene wie fan [[George Armstrong Custer|Custer]] syn lêste gefjocht op 'e heuveltop.]] De iennichste oerlibbene fan Custer syn fiif kompanjyen liket [[Comanche (hynder)|Comanche]] west te hawwen, it slim ferwûne hynder fan kaptein [[Myles Keogh (militêr)|Myles Keogh]], dat neitiid op it slachfjild oantroffen waard troch de troepen fan generaal Terry (hoewol't men oannimme mei dat ek oare hynders yn libben bleaun wiene, mar troch de Yndianen fongen en meinommen wiene). Nei de slach waard Comanche troch it 7e Kavaleryrezjimint oannommen as in soarte fan [[maskotte]], en sels by in formele legerseremoanje beneamd ta plakferfangend befelfierend ofsier fan it [[rezjimint]]. ==Neisleep== De Slach oan de Little Bighorn ûntjoech him ta de bekendste episoade út 'e [[Flakte-Yndiaanske oarloggen]], en [[George Armstrong Custer]] waard troch it publyk yn 'e Feriene Steaten, mar ek dêr bûten, lange tiid as in tragyske held sjoen, nettsjinsteande it feit dat militêre autoriteiten (ynkl. Custer syn eigen freonen, lykas generaal [[Philip Sheridan]]) gjin goed wurd oerhiene foar syn dryste hâlden en dragen, syn ôfwizing fan fersterkings, syn efterlitten fan 'e Gatling-mitrailleurs en de fersnipeling fan syn troepen op it slachfjild. Pas yn 'e twadde helte fan 'e [[tweintichste iuw]], doe't de skiednis fan 'e Slach oan 'e Little Bighorn en de hiele [[kolonisaasje]] fan it [[Wylde Westen]] yn in objektiver ljocht besjoen waard, foel Custer fan syn fuotstik. [[File:Little-bighorn-memorial-sculpture-2.jpg|right|thumb|300px|It tinkteken ûntwurpen troch [[keunstneresse]] [[Colleen Cutschall]] ta oantins oan 'e [[Yndianen|Yndiaanske]] deaden.]] Yn [[1878]] waard troch it Amerikaanske Leger oan 24 soldaten de [[Medal of Honor]] útrikt foar betoande moed ûnder de belegering op it klif. It plak fan 'e fjildslach waard troch de Amerikaanske oerheid yn 'e oarspronklike steat beholden as in nasjonaal [[begraafplak]], in status dy't it yn [[1879]] krige, om 'e grêven fan 'e soldaten dy't der sneuvele wiene, te beskermjen. Yn [[1946]] waard it omfoarme ta it Nasjonaal Monumint Slachfjild fan Custer (''Custer Battlefield National Monument''). Neigeraden dat der, fan 'e [[1960]]-er jierren ôf, mear erkenning kaam foar it feit dat de Slach oan 'e Little Bighorn twa siden hie, kaam men ta it besef dat dy namme net doogde. Sadwaande waard it [[monumint (erf)|monumint]] yn [[1991]] omneamd ta it [[Nasjonaal Monumint Slachfjild oan de Little Bighorn]] (''Little Bighorn Battlefield National Monument''). Yn [[1881]] waard der in moarmeren [[obelisk (boukeunst)|obelisk]] pleatst as tinkteken foar de Amerikaanske deaden, en yn [[1890]] waarden moarmerne tinkstiennen tafoege dy't it plak oanjoegen dêr't yndividuële Amerikaanske soldaten sneuvele wiene. Yn [[1991]] waard in tinkteken foar de Yndiaanske deaden opsteld, en tusken [[1999]] en [[2006]] waarden tsien readgranitene tinkstiennen pleatst foar yndividuële Yndiaanske deaden op 'e plakken dêr't hja sneuvelen. {{boarnen|boarnefernijing= Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Battle_of_the_Little_Bighorn ''References'', ''Notes'' en ''Further reading'', op dizze side]. ---- {{commonscat|Battle of the Little Bighorn}} }} [[Kategory:Grutte Sû-Oarloch fan 1876]] [[Kategory:Skiednis fan Montana]] [[Kategory:Lakota]] [[Kategory:Dakota (folk)]] [[Kategory:Sjajinnen]] [[Kategory:Arapaho]] [[Kategory:Krieën (folk)]] [[Kategory:Arikara]] [[Kategory:Militêr treffen yn 1876]] [[Kategory:Militêr treffen fan de Feriene Steaten]] [[Kategory:Militêr treffen fan de Yndianen yn Noard-Amearika]] [[Kategory:George Armstrong Custer]] buw7akv8robp6lrs7pjw5efuf7704r3 Bizonkeallepaadfrou 0 91425 1242155 1006384 2026-10-07T14:36:21Z CommonsDelinker 353 Buffalo_Calf_Road_Woman.jpg ferfongen troch [[c:File:Cheyenne_Girl.jpg|Cheyenne_Girl.jpg]] (troch [[c:User:CommonsDelinker|CommonsDelinker]] om't: [[:c:COM:FR|File renamed]]: [[:c:COM:FR#FR3|Criterion 3]] (obvious error) · Photographer identified person i 1242155 wikitext text/x-wiki {{Persoan algemien | ôfbylding = Cheyenne Girl.jpg | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = 180px | echte namme = | oare namme(n) = ''Buffalo Calf Road Woman'' | nasjonaliteit = [[File:Flagge fan de Noardlike Sjajinne Stamme.PNG|20px]] [[Noardlike Sjajinnen|Sjajinsk]] | berne = [[1850]]-er jierren | berteplak = noarlike [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] <br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;([[Feriene Steaten]]) | stoarn = [[maaie]] [[1879]] | stjerplak = [[Miles City (Montana)|Miles City]] ([[Montana]]) | etnisiteit = [[File:Flagge fan de Noardlike Sjajinne Stamme.PNG|20px]] [[Noardlike Sjajinnen|Noardlik&nbsp;Sjajinsk]] | berop/amt = | aktyf as = [[kriger]] | jierren aktyf = [[1876]] – [[1879]] | reden bekendheid = dieden yn 'e <br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[Slach oan de Rosebud]] en<br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[Slach oan de Little Bighorn]] | bekendste wurk(en) = | prizen = | webside = }} '''Bizonkeallepaadfrou''' ([[Ingelsk]]: ''Buffalo Calf Road Woman''; [[1850]]-er jierren – [[Miles City (Montana)|Miles City]] ([[Montana]]), [[maaie]] [[1879]]) wie in [[Yndianen|Yndiaanske]] [[frou]] fan it [[folk]] fan 'e [[Noardlike Sjajinnen]], dy't bekend waard troch har dieden yn 'e [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]]. Yn [[2005]] waard bekendmakke dat sy neffens de Sjajinske [[mûnlinge oerlevering]] dejinge wie dy't ûnder de [[Slach oan de Little Bighorn]] [[luitenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]] fan syn [[hynder]] sketten hie. ==Libben== It is ûndúdlik wannear't of wêr't Bizonkeallepaadfrou krekt berne waard, mar nei alle gedachten moat dat yn 'e [[1850]]-er jierren op it noardlike part fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]] west hawwe. Under de [[Grutte Sû-Oarloch fan 1876]] fochten de [[Noardlike Sjajinnen]] en harren bûnsgenoaten, de [[Lakota (folk)|Lakota]], ûnder lieding fan it [[opperhaad]] [[Mâl Hynder]], op [[17 juny]] [[1876]] de [[Slach oan de Rosebud]] út mei de [[Feriene Steaten|Amerikaanske troepen]] fan [[brigadegeneraal]] [[George Crook]]. Dêrby waarden de Yndianen op in stuit troch de Amerikaanske [[soldaat|soldaten]] tebekdreaun. Doe't Bizonkeallepaadfrou murk dat har broer, de [[haadman]] Komt-yn-Sicht, ferwûne op it slachfjild efterbleaun wie, sette hja har [[hynder]] oan ta [[fjouwersprong (hynstegong)|fjouwersprong]], ried nei him ta, skuorde him op it hynder en rêde sa syn libben. Har dappere die joech de Sjajinnen nije moed, en se foelen op 'e nij oan wêrby't Crook en syn troepen ferslein waarden. Ta eare fan Bizonkeallepaadfrou neamden de Sjajinnen de slach letter "it Gefjocht dêr't it Fanke Har Broer Rêde". Acht dagen letter, op [[25 juny]], wie Bizonkeallepaadfrou behelle yn 'e ferneamde [[Slach oan de Little Bighorn]], wêrby't in koälysje fan [[Lakota (folk)|Lakota]], [[Noardlike Sjajinnen]] en [[Noardlike Arapaho (folk)|Noardlike Arapaho]] it [[Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint]] fan [[luitenant-kolonel]] [[George Armstrong Custer]] in ferpletterjende nederlaach tabrocht en foar in diel útrûge. Bizonkeallepaadfrou focht by dat treffen side oan side mei har man, de [[kriger]] Swarte Prêrjewolf. Yn [[juny]] [[2005]] ferbrieken de [[Noardlike Sjajinnen]] mear as hûndert jier stilswijen oer de [[fjildslach]] en makken bekend dat neffens harren [[mûnlinge oerlevering]] Bizonkeallepaadfrou dejinge west hie dy't Custer fan syn hynder sketten hie. Nei't se har yn [[1877]] oan 'e Amerikaanske autoriteiten oerjûn hiene, waarden Bizonkeallepaadfrou, Swarte Prêrjewolf en harren beide bern mei de oare Noardlike Sjajinnen nei it [[Yndiaanske Territoarium]] (it tsjintwurdige [[Oklahoma]]) [[deportaasje|deportearre]], dêr't se by harren sibben, de [[Súdlike Sjajinnen]], yn ien [[Yndianereservaat|reservaat]] stoppe waarden. Yn it nije lân krepearren de Noardlike Sjajinnen lykwols oan [[malaria]] en kamen se om fan 'e honger. Sadwaande joegen de opperhaden [[Stomp Mês]] en [[Lytse Wolf]] yn [[septimber]] [[1878]] lieding oan 'e saneamde [[Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen]], wêrby't se har in paad klearren troch trije steaten hinne, mei froulju en bern by har en troch in oanwaaksende troepemacht fan it Amerikaanske Leger efterfolge. Ek Bizonkeallepaadfrou makke diel út fan dy útbraak. Hja hearde ta de groep fan Lytse Wolf, dy't úteinlik [[Montana]] berikte en nei ferrin fan tiid tastimming krige om dêr te bliuwen. Underweis ûntstie der lykwols ûnderling rebûlje, wêrby't Swarte Prêrjewolf in oare Sjajinne, dy't fan Swarte Kraanfûgel hie, deaskeat. Dêrop waarden hy en syn famylje út 'e troep fan Lytse Wolf set. Neitiid befochten Swarte Prêrjewolf en twa manlike famyljeleden in pear Amerikaanske soldaten oan 'e Mizpah Creek yn Montana, wêrby't se ien deaden. De oare ûntkaam lykwols, mei as gefolch dat der fan [[Fort Keogh]] út in klopjacht op Swarte Prêrjewolf en syn famylje iepene waard. Fiif dagen nei it ynsidint, op [[10 april]] [[1879]], waarden Bizonkeallepaadfrou, Swarte Prêrjewolf en harren famyljeleden finzen nommen en oerbrocht nei [[Miles City (Montana)|Miles City]]. De trije manlju, Swarte Prêrjewolf ynbegrepen, waarden foar de '[[moard]]' op 'e soldaat ta de dea feroardiele, en soene op [[8 juny]] [[ophinging (libbensbeëiniging)|ophongen]] wurde. Wylst har man yn it [[tichthûs (finzenis)|tichthûs]] siet, rekke Bizonkeallepaadfrou siik en stoar yn [[maaie]] oan [[diftery]]. Doe't dat nijs oan Swarte Prêrjewolf oerbrocht waard, [[selsmoard|hong er himsels op]] yn syn sel. ==Sjoch ek== *[[Ferwegend Klaad]] *[[Minnie Hollow Wood]] *[[Rint-mei-de-Stjerren]] *[[Tsjeppe Noas]] {{boarnen|boarnefernijing= Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Buffalo_Calf_Road_Woman ''References'' en ''Further reading'', op dizze side]. }} [[Kategory:Yndiaanske frou]] [[Kategory:Yndiaansk kriichsfinzene]] [[Kategory:Persoan yn de Grutte Sû-Oarloch fan 1876]] [[Kategory:Persoan yn de Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen]] [[Kategory:Persoan yn it Wylde Westen]] [[Kategory:Persoan fan Sjajinsk komôf]] [[Kategory:Persoan berne yn de 19e iuw]] [[Kategory:Persoan stoarn yn 1879]] cmf2ozq1yuf9pwpy41pdw0v8sntehqw Federaal Distrikt (Brazylje) 0 100198 1242159 817076 2026-10-07T14:53:29Z RomkeHoekstra 10582 Redirect ferwidere. 1242159 wikitext text/x-wiki {{Ynfoboks steat fan Brazylje | namme = Federaal Distrikt | ôfbylding = Distrito Federal in Brazil.svg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst = Lokaasje fan it Federaal Distrikt yn Brazylje. | flagge = Bandeira do Distrito Federal (Brasil).svg | wapen = Brasão do Distrito Federal (Brasil).svg | regio = [[Sintraal-West (Brazylje)|Centro-Oeste]] | haadplak = [[Brasilia]] | grutste stêd = [[Brasilia]] | gemeenten = 1 <small>(ferdield yn 35 bestjoerlike regio's)</small> | gûverneur = Ibaneis Rocha | ynwenners = 2.817.068<br><small>(folkstelling 2022)</small><ref>[https://cidades.ibge.gov.br/brasil/df/panorama IBGE – Folkstelling 2022]</ref> | oerflak = 5.760,78 km² | befolkingstichtens = 489 ynw./km² <small>(2022)</small> | hichte = 1.172 m<br>(Pico do Roncador) | HDI = 0,814 <small>(2021)</small> | UF = DF | steat sûnt = 1960 | ISO-koade = BR-DF | tiidsône = [[UTC]]−3 | koördinaten = | webside = [https://www.df.gov.br/ df.gov.br] | mapname = Brazylje | lat_deg = 15 | lat_min = 47 | lat_dir = S | lon_deg = 47 | lon_min = 52 | lon_dir = W | tekst by posysjekaart = Lokaasje fan it Federaal Distrikt yn Brazylje | ôfbylding99 = | ôfbyldingstekst99 = | ôfbyldingsbreedte99 = }} It '''Federaal Distrikt fan Brazylje''' is in haadstêddistrikt om [[Brasília]]. It distrikt leit yn it sintrale heechlân oan 'e grins fan 'e dielsteaten [[Goiás]] en [[Minas Gerais]]. == Skiednis == === Município Neutro en Federaal Distrikt (1834–1960) === Foardat Brasília de haadstêd waard wie dat sûnt 1763 [[Rio de Janeiro]] en dêrfoar [[Salvador da Bahia]]. Al yn 1834 waard de stêd Rio de Janeiro as Município Neutro (Neutrale Gemeente) ôfskieden fan 'e provinsje Rio de Janeiro, wêrmei't in earst haadstedsdistrikt foarme waard. Mei de ein fan it [[Brazyljaanske Keizerryk]] en de omfoarming fan 'e provinsjes ta dielsteaten, feroare it Município Neutro yn 1889 yn it Federaal Distrikt (Distrito Federal). Mei it oerheveljen fan 'e haadstêd nei Brasília yn 1960 en de foarming fan it nije Federaal Distrikt dêre, waard it âlde distrikt yn Rio de Janeiro omfoarme ta de dielsteat Guanabara. Yn 1975 waard Guanabara gearfoege mei de dielsteat Rio de Janeiro. === It ûntstean fan 'e plande haadstêd === [[Ofbyld:0741 NOV B 05 Esplanada dos Ministerios Brasilia DF 03 09 1959.jpg|thumb|left|De bou fan nije oerheidsgebouwen yn 1959]] Al yn 1823 waard yn in wetsfoarstel it idee ynbrocht om in nije haadstêd te stiftsjen neffens it foarbyld fan [[Washington D.C.]] As redenen waarden de ûnfeiligens fan 'e doetiidske haad- en kuststêd Rio de Janeiro tsjin bûtenlânske fijannen en ynlânske ûnrêst en de ûntwikkeling fan it efterbleaune binnenlân neamd. It duorre lykwols oant 1891 ear't it projekt opnommen waard yn 'e grûnwet. Yn 'e desennia dêrnei waard wikseljend mei mear of minder entûsjasme oan 'e planning wurke en foar in part ek boud. It duorre lykwols noch oant de jierren fyftich ear't ûnder presidint Juscelino Kubitschek de definitive planning en útfiering fan it Federaal Distrikt syn beslach krige. Mei de ferhúzing fan 'e presidint, it parlemint en it Heechste Gerjochtshôf waard de nije haadstêd op 21 april 1960 offisjeel yn gebrûk nommen. == Geografy == [[Ofbyld:Chapada Imperial - Parte I.jpg|thumb|left|Nasjonaal Park Brasilia]] It Federaal Distrikt leit op it Sintraal Plato, op in hichte fan 1.000 oant 1.200 meter boppe de seespegel; it terrein is oerhearskjend flak en hat mar lichte hichteferskillen. De floara is karakteristyk foar it ''Cerrado''-bioom. It Nasjonaal Park Brasilia (''Parque Nacional de Brasília''; ek wol bekend ûnder de namme ''Água Mineral'') waard op 29 novimber 1961 oprjochte en beslacht mear as 42.000 hektare yn it noardwesten fan it distrikt. It waard ynsteld om de drinkwetterfoarsjenning en de natuerlike floara en fauna fan it ''Cerrado''-bioom om de haadstêd hinne te beskermjen. Om de wetterfoarsjenning fan 'e regio te fergrutsjen, waard de rivier de Paranoá ôfdamme, wêrtroch't de keunstmjittige [[Lago Paranoá]] ûntstie. De mar mei in kustline fan mear as 80 km hat fan Brasília in wichtich sintrum foar wetterrekreaasje makke. == Befolking == === Etnyske gearstalling === De etnyske ferdieling fan 'e befolking fan it Federaal Distrikt wie neffens de offisjele folkstelling fan 2022 fan it IBGE as folget: * minsken fan mingde komôf (''Pardos''): 47,8% * blanken (''Brancos''): 40,3% * swarten (''Pretos''): 11,1% * Aziaten (''Amarelos''): 0,4% * lânseigen befolking (''Indígenas''): 0,4% (sawat 11.000 minsken) === Lânseigen befolking en migraasje === [[Ofbyld:Manifestação (15753136090).jpg|thumb|260px|In groep lânseigen minsken besocht yn desimber 2014 tagong te krijen ta it Hûs fan Offurdigen (''Câmara dos Deputados'') om te protestearjen tsjin wetsfoarstellen dy't de regels foar it ôfbeakenjen fan reservaten feroarje woene.]] Foardat de nije haadstêd yn 'e jierren 1950 oanlein waard, waard de heechflakte fan it Federaal Distrikt foaral bewenne troch ferskate lânseigen groepen, lykas de Krahô, Xavante en Acroá. Mei de komst fan 'e grutskalige bouprojekten yn 1956 feroare it demografyske lânskip yngreven. Tûzenen arbeiders út alle hoeken fan Brazylje – foaral út it earmere noardeasten – ferhûzen nei it gebiet om mei te bouwen oan 'e nije haadstêd. Dizze bouwers waarden de ''candangos'' neamd. Sûnt de offisjele iepening fan Brasília yn 1960 is de befolking foaral foarme troch migraasje út oare dielen fan Brazylje, wat soarge foar in multy-etnyske befolking. Oars as yn it Amazônewâld binne der yn it Federaal Distrikt hjoed-de-dei gjin grutte ôfbeakene lânseigen territoaria (''Terras Indígenas''), al wenje der noch altyd ferskate lytse lânseigen mienskippen yn it distrikt. === Befolkingsûntwikkeling fan it Federaal Distrikt (1950–2022) === [[Ofbyld:Partial view of the Federal District, Brazil seen from space in 2015.jpg|thumb|260px|Lago Paranoá]] {| class="wikitable" style="width: auto; text-align: center;" |- ! Jier | '''1960''' || '''1970''' || '''1980''' || '''1991''' || '''2000''' || '''2010''' |- ! Ynwennertal | 141.742 || 546.015 || 1.203.333 || 1.598.415 || 2.043.169 || 2.570.160 |- ! Groei | — || +285,2% || +120,4% || +32,8% || +27,8% || +25,8% |- ! Jier | '''2022''' || || || || || |- ! Ynwennertal | 2.817.381 || || || || || |- ! Groei | +9,6% || || || || || |- | align="center" colspan="7" | Boarne: {{pt}} <small>''Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística'' (IBGE) – Censos Demográficos</small> |} === Religy === De befolking fan it Federaal Distrikt is yn mearderheid kristlik. Likegoed as yn 'e rest fan Brazylje hat it [[protestantisme]] de lêste desennia in sterke opgong meimakke yn it neidiel fan 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke]]. By de folkstelling fan 2010 neamde in mearderheid himsels katolyk. It oantal protestanten groeide troch en by de folkstelling neamde minder as de helte fan 'e befolking him noch katolyk. De groep minsken sûnder religy en de oanhing fan it spiritisme binne yn it Federaal Distrikt grutter as yn 'e measte oare federale steaten. [[Ofbyld:Brasília Catedral Metropolitana noite.jpg|thumb|260px|Aartsbiskoplike katedraal fan Brasília (''Catedral Metropolitana de Brasília'')]] {| class="wikitable sortable" style="text-align:right;" |+ Religieuze gearstalling fan it Federaal Distrikt (2010) |- ! style="text-align:left;" | Religieuze streaming !! Persintaazje (2010) || Persintaazje (2022) |- | style="text-align:left;" | [[Roomsk-Katolike Tsjerke|roomsk-katolyk]] || 56,6% || 49,74% |- | style="text-align:left;" | [[Protestantisme|protestantsk]] || 26,8% || 29,21% |- | style="text-align:left;" | sûnder religy || 9,2% || 11,27% |- | style="text-align:left;" | [[spiritisme]] || 3,5% || 3,27% |- | style="text-align:left;" | Afro-Brazyljaanske religys (''Umbanda'' / ''Candomblé'') || 0,3% || 0,85% |- | style="text-align:left;" | tradisjonele religys || || 0,02% |- | style="text-align:left;" | oare religys / net opjûn || || 5,64% |- | style="text-align:center;" colspan="2" | <small>Boarne: {{pt}} ''Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística'' (IBGE) – Censo Demográfico 2010 en 2022</small> |} == Ekonomy == De ekonomy fan Brasília wjerspegelet syn rol as bestjoerlik en net as yndustrieel sintrum. De bou, tsjinsten (oerheid, finansjeel, kommunikaasje, juridysk) en net-fersmoargjende yndustry (lykas software en fiedselferwurking) binne dominant. It bruto ynlânsk produkt (BYP) wie yn 2018 it op twa nei heechste fan Brazylje (R$ 254 miljard, 3,6% fan it totaal), mei it folgjende oandiel: iepenbier bestjoer 54,8%, tsjinstferliening 28,7%, yndustry 10,2%, hannel 6,1% en lânbou 0,2%. Fanwegen de UNESCO-wrâlderfgoedstatus stimulearret de oerheid miljeufreonlike sektoaren. Yn 2012 stie Brasília op plak 45 fan djoerste stêden foar expats (efter São Paulo en Rio de Janeiro). {{boarnen|boarnefernijing= {{reflist}} ---- {{Commonscat|Distrito Federal (Brazil)}} }} {{DEFAULTSORT:Federaal Distrikt, Brazilje}} {{Dielsteat fan Brazylje}} [[Kategory:Steat fan Brazylje]] [[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1960]] 8v7gs5pwwee2voc0k9mvt1fpcsi15o2 Carlos Alberto Dias 0 114632 1242161 1125821 2026-10-07T15:03:03Z Drewes 2754 † 2026 1242161 wikitext text/x-wiki {{stobbe|Brazyljaansk fuotballer}} '''{{PAGENAME}}''' ([[Brasília]], [[5 maaie]] [[1967]] - [[Caruaru]], [[5 oktober]] [[2026]]) wie in eardere [[Brazylje|Brazyljaansk]] [[fuotbal]]ler. Earder spile {{PAGENAME}} foar [[SE Matsubara|Matsubara]], [[Shonan Bellmare|Fujita Industries]], [[Coritiba FC|Coritiba]], [[Botafogo FR|Botafogo]], [[CR Vasco da Gama|Vasco da Gama]], [[Grêmio FBPA|Grêmio]], [[Paraná Clube|Paraná]], [[Shimizu S-Pulse]] en [[Tokyo Verdy|Verdy Kawasaki]]. Hy stoar yn de âldens fan 59 jier. ==Statistiken== {| class="wikitable" style="text-align:center" !colspan=3|[[Brazyljaansk fuotbalalvetal]] |- !Perioade!!Wedstriden!!Doelpunten |- |1992||1||0 |- !Totaal||1||0 |} ==Keppeling om utens== *[http://www.national-football-teams.com/player/19321/Carlos_Alberto_Dias.html National Football Teams] {{DEFAULTSORT:Dias, Carlos Alberto}} [[Kategory:Brazyljaansk fuotballer]] [[Kategory:Brazyljaansk persoan fan Portegeesk komôf]] [[Kategory:Persoan berne yn 1967]] [[Kategory:Persoan stoarn yn 2026]] 8qq7muey384g6qhin4yjgq01izpslla Graupiperfûgels 0 148035 1242177 1139918 2026-10-08T08:37:09Z RomkeHoekstra 10582 1242177 wikitext text/x-wiki {{Universele ynfoboks bisteryk | namme = Graupiperfûgels | ôfbylding =Prunella collaris.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst = De [[Alpengraupiper]] (''Prunella collaris''). | takson1 = | namme1 = | takson2 = [[ryk (taksonomy)|ryk]]: | namme2 = [[dieren]] (''Animalia'') | takson3 = [[stamme (taksonomy)|stamme]]: | namme3 = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') | takson4 = [[ûnderstamme]]: | namme4 = [[wringedieren]] (''Vertebrata'') | takson5 = [[klasse (taksonomy)|klasse]]: | namme5 = [[fûgels]] (''Aves'') | takson6 = [[skift]]: | namme6 = [[moskeftigen]] (''Passeriformes'') | takson7 = [[ûnderskift]]: | namme7 = [[sjongfûgels]] (''Passeri'') | takson8 = [[boppefamylje]]: | namme8 = [[moskfûgels]] (''Passeroidea'') | takson9 = [[famylje (taksonomy)|famylje]]: | namme9 = graupiperfûgels (''Prunellidae'') | takson11 = | namme11 = | takson12 = | namme12 = | takson13 = | namme13 = | takson14 = | namme14 = | takson15 = | namme15 = | takson16 = | namme16 = | takson17 = | namme17 = | takson18 = | namme18 = | takson19 = | namme19 = | beskriuwer, jier = Richmond, 1908 | lânkaart = | lânkaarttekst = | lânkaartbreedte = }} De '''graupiperfûgels''' binne in in [[Famylje (taksonomy)|famylje]] (''Prunellidae'') fan [[sjongfûgels]] yn it skift fan de [[moskeftigen]] (''’Passeriformes''). Se binne lytse, meast grize en brune fûgeltsjes fan 14-18 cm, dy ’t op de grûn of in leech strewel nei fiedsel sykje. De graupiperfûgelss komme yn Jeropa (2 soarten) en Aazje (11 soarten) foar. De measten fan de soarten oars as de yn de [[Lege Lannen]] bekende [[graupiper]] libje yn it [[heechberchtme]]. == Famylje- en skaaiopbou == De famylje fan de graupiperfûgels hat mar ien [[Skaai (taksonomy)|skaai]]: * ''Famylje'': '''graupiperfûgels''' (''Prunellidae'') ** ''Skaai'': '''graupipers''' (''Prunella''), 13 soarten: *** [[Alpengraupiper]] (''Prunella collaris'') *** [[Altaigraupiper]] (''Prunella himalayana'') *** [[readboarstgraupiper]] (''Prunella rubeculoides'') *** [[streke graupiper]] (''Prunella strophiata'') *** [[berchgraupiper]] (''Prunella montanella'') *** [[brune graupiper]] (''Prunella fulvescens'') *** [[stiengraupiper]] (''Prunella ocularis'') *** [[Jemenityske graupiper]] (''Prunella fagani'') - sûnt 2017 ûnderbrocht as ûndersoarte by de stiengraupiper *** [[swartkielgraupiper]] (''Prunella atrogularis'') *** [[Mongoalske graupiper]] (''Prunella koslowi'') *** [[graupiper]] (''Prunella modularis'') *** [[Japanske graupiper]] (''Prunella rubida'') *** [[brúnrêchgraupiper]] (''Prunella immaculata'') ==Referinsjes== *[http://www.worldbirdnames.org IOC, World Bird List Version 11.1, jan. 2021] *[http://www.avionary.info Avionary, 50 Language Palaearctic Bird Names, Version 4.1, juny 2020] [[Kategory:Moskeftige]] [[Kategory:Fûgelfamylje]] [[Kategory:Graupiperfûgel| ]] 7ypx0ijtbsyly53xejejcbreycxtkli Ihrhove 0 155146 1242154 1170137 2026-10-07T13:35:55Z ~2026-53993-19 60147 stean (mulwurd) moat fansels stien wêze 1242154 wikitext text/x-wiki {{Universele ynfoboks stêd | namme = Ihrhove | ôfbylding = ChurchIhrhoveRef.jpg | ôfbyldingsbreedte = 260px | ôfbyldingstekst = <small>''Grifformearde tsjerke fan Großwolde''</small> | ynwennertal = 3626 <small>(31 desimber 2020)</small> | oerflak = 10,02 km² | befolkingstichtens = 362 /km² | stêdekloft = | hichte = 3 m boppe seenivo | lân = {{Flagge DE}} [[Dútslân]] | bestjoerlike ienheid 1 = Dielsteat | namme bestjoerlike ienheid 1= {{Flagge DE NDS}} [[Nedersaksen]] | bestjoerlike ienheid 2 = Lânkring | namme bestjoerlike ienheid 2= [[File:DEU_Landkreis_Leer_COA.svg|15px]] [[Lier (distrikt)|Lier]] | bestjoerlike ienheid 3 = Gemeente | namme bestjoerlike ienheid 3 = [[File:Flagge_Westoverledingen.svg|20px]] [[Westoverledingen]] | boargemaster = | stêdsyndieling = | stifting = | postkoade = 28610 | tiidsône = | simmertiid = | koördinaten = | webside = }} [[Ofbyld:Westoverledingen in LER.svg|thumb|264px|Kaart mei de gemeente Westoverledingen]] [[Ofbyld:Kark Jihrhoov.JPG|thumb|Frijsteande klokketoer mei it skoallegebou der tsjinoan]] [[Ofbyld:RathausIhrhove944.jpg|thumb|Gemeentehûs fan Westoverledingen yn Ihrhove]] '''Ihrhove''' ([[Eastfrysk Plat]]: ''Jirhôov'')<ref>[https://oostfraeisk.org/main.aspx?W=ihrhove&df=de&fts=J Oostfräisk Woordenbauk]</ref> is it haadplak fan de gemeente [[Westoverledingen]] yn [[East-Fryslân]]. It doarp leit oan de [[Bundesstraße 70|B70]] en leit tusken [[Lier (stêd)|Lier]] en [[Steenfelde]]. == Geografy == Ihrhove leit yn it [[Oerledingerlân]], ien fan de histoaryske [[Fryske Goaen|Fryske goaen]] yn de [[lânkring Lier]]. It doarp leit op in [[Geast (sân)|geastrêch]], 4 km eastlik fan de [[Iems]]. De terp dêr't de [[Grifformearde tsjerke (Ihrhove)|tsjerke]] op stiet hat in hichte fan 5,5 meter boppe [[seenivo]], wylst parten fan de [[himrik]], it rivierklaaigebiet njonken de Iems, ûnder de seespegel leit. Tusken it rivierklaaigbiet en de geastrêch is der noch in klaai-op-feangebiet dy't by [[Driever]] en [[Grotegaste]] oergeit nei in [[leechfean]]gebiet. Ihrhove leit sintraal yn de gemeente [[Westoverledingen]] en syn himrik grinzget oan dy fan [[Folmhusen]] yn it noarden, oan dy fan [[Ihren]] yn it súdeasten, oan dy fan [[Großwolde]] yn it suden, en oan dy fan [[Grotegaste]] yn it westen. == Skiednis == Ihrhove moat om-ende-by [[1250]] stifte wêze. Spoaren fan bewenning út eardere tiden binne net fûn. Ihrhove waard út [[Ihren]] wei stifte. De hjoeddeistige grifformearde tsjerke waard yn it midden fan de trettjinde iuw as in [[sealtsjerke]] mei in [[apsis]] boud. Der wurdt wol tocht dat der in foargonger fan hout stien hat dy't bytiden mei de Fryske sindeling [[Liudger]] yn ferbân brocht wurdt, dochs is net wis en sil nei alle gedachten net wier wêze. Foar de [[reformaasje]] hearde it [[karspel]] ta de proasdij Lier yn it [[Bisdom Múnster]]. De midsiuwske [[boarch]] fan Ihrhove, sûnt [[1735]] de ''Eskeborg'' neamd, waard yn it ramt fan it oermasterjen fan it Oerledingerlân (1407-1409) troch [[Keno II tom Brok]] en [[Fokko Ukena]], ferneatige. Wêr't de boarch krekt stien hat, kaam it measte fan mûnlinge oerleverings ôf. [[Argeology]]sk en natoerwittenskiplik ûndersyk (2006-2011) hat oanwiisd dat de boarch op it terrein op Bahnhofstraße 42 stien hat. Foar 1400 wie de boarch it sit fan wol acht pleatslike [[haadling]]en fan it Oerledingerlân. Jeltko Iderhoff, fan 1515 oant 1530 drost fan it Amt [[Berum]], wie mooglik in haadling fan Ihrhove. Nei de [[reformaasje]] sleat de tsjerkemienskip him by it [[grifformearde protestantisme]] oan. Nei it útstjerren fan de manlike laach fan it Hûs [[Sirksena]], kaam [[Eastfryslân]] oan [[Prusen]]. Yn [[1806]] waard Ihrhove part fan it [[Keninkryk Hollân]] en yn [[1810]] oan it [[Earste Frânske Keizerryk]] as part fan it [[Departemint Westeriems]]. Yn [[1815]] kaam it by it [[Keninkryk Hannover]] en yn [[1866]] fannijs by Prusen. Doe't it spoar fan [[Emden]] nei [[Rheine]] (1854-1856) oanlein waard, krige Ihrhove in [[spoarstasjon]], dy't yn [[1876]] sels in spoarkrusing waard doe't it spoar fan [[Harns (stêd)|Harns]] nei Lier oanlein waard. Dat soarge foar in bloeitiid yn Ihrhove en it rap waaksen fan de befolking. Sûnt [[1885]] heart Ihrhove by de lânkring Lier. By it foarmjen fan de gemeente Westoverledingen op 1 jannewaris 1973 waard Ihrhove, dy't oant doe in selsstannige gemeente wie, it haadplak fan de nije gemeente. Yn [[1976]] waard it nije gemeentehûs iepene. == Namme == Letmidsiuwske foarmen fan de namme wiene ''Iderhave'', ''Yderahave'', ''Yderhove'', ''Yrhave'' en ''Yrhove''. It doarp en de boarch waarden yn [[1407]] foar it earst neamd. It efterheaksel ''-hove'' waard yn it ferline gauris mei "haven" yn ferbân brocht, nei alle gedachten troch de neie lizzing fan it plak by de Iems. Dochs betsjut dy útgong "tsjerkhôf". It foarheaksel ''Ihr'' ferwiist nei it buordoarp [[Ihren]], en dus de namme ''Ihrhove'' betsjut dus "tsjerkhôf fan Ihren", of better omskreaun: "buorskip fan Ihren mei tsjerke" == Untwikkeling ynwennertal == Untwikkeling fan it tal ynwenners fan [[1823]] ôf: {| | valign="top" | {| class="wikitable" ! style="background:#efefef;" | Jier ! style="background:#efefef;" | Ynwennertal |- | 1823 || align="right" | 433 |- | 1848 || align="right" | 453 |- | 1859 || align="right" | 572 |- | 1885 || align="right" | 797 |- | 1895 || align="right" | 807 |- | 1905 || align="right" | 886 |- |} | valign="top" | {| class="wikitable" ! style="background:#efefef;" | Jier ! style="background:#efefef;" | Ynwennertal |- | 1925 || align="right" | 1248 |- | 1933 || align="right" | 1348 |- | 1939 || align="right" | 1281 |- | 1946 || align="right" | 1753 |- | 1950 || align="right" | 1882 |- | 1961 || align="right" | 1776 |- |} | valign="top" | {| class="wikitable" ! style="background:#efefef;" | Jier ! style="background:#efefef;" | Ynwennertal |- | 1970 || align="right" | 1969 |- | 1977 || align="right" | 2228 |- | 1989 || align="right" | 2878 |- | 1996 || align="right" | 3182 |- | 2004 || align="right" | 3523 |- | 2020 || align="right" | 3626 |- |} |} == Nijsgjirrich == Elts jier, it fjirde wykein yn juny, fynt yn Ihrhove de saneamde ''Bottermarkt'' (bûtermerke) plak, dy't yn 1979 úteinset waard. Dy hat syn oarsprong fan de Ihrhover bûtermerke fan de njoggentjinde iuw. Njonken bûter wurde der ek oare molkeprodukten ferkocht. It besjen wurdich binne de restaurearre [[Eastfryske pleats]]en, dy't stien foar stien fan harren oarspronklike plak ferpleatst waard njonken it rekreaasjegebiet ''Freizeitpark am Emsdeich'' by [[Grotegaste]]. Troch hiel East-Fryslân hine is ferneamd [[diskoteek]] ''Limit'' yn Ihrhove. == Keppeling om utens == * [[Ostfriesische Landschaft]]: [https://www.ostfriesischelandschaft.de/fileadmin/user%20upload/BIBLIOTHEK/HOO/HOO%20Ihrhove.pdf Ihrhove ] {{Boarnen|boarnefernijing= {{reflist}} Foar boarnen, sjoch [[:de:Ihrhove]] }} {{Koördinaten|53_10_0_N_7_27_14_E_region:DE_type:city_zoom:14|53° 10' 0" NB 7° 27' 14" EL}} {{Westoverledingen}} [[Kategory:Westoverledingen]] [[Kategory:Plak yn Lier (distrikt)]] d3xfgjk9fn1uosdyyo59kspww26bd2x Gruttoskhaaien 0 156407 1242157 1208744 2026-10-07T14:44:08Z CommonsDelinker 353 Shark_teeth_in_stone.jpg ferfongen troch [[c:File:Otodus_obliquus_teeth_in_stone.jpg|Otodus_obliquus_teeth_in_stone.jpg]] (troch [[c:User:CommonsDelinker|CommonsDelinker]] om't: [[:c:COM:FR|File renamed]]: [[:c:COM:FR#FR2|Criterion 2]]). 1242157 wikitext text/x-wiki {{Universele ynfoboks bisteryk | ôfbylding =Otodus obliquus teeth in stone.jpg | ôfbyldingsbreedte = | ôfbyldingstekst = [[Tosk]]en fan 'e [[skeaneartoskhaai]] (''Otodus obliquus''). | namme = gruttoskhaaien | takson1 = | namme1 = | takson2 = [[ryk (taksonomy)|ryk]]: | namme2 = [[dieren]] (''Animalia'') | takson3 = [[stamme (taksonomy)|stamme]]: | namme3 = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') | takson4 = [[ûnderstamme]]: | namme4 = [[wringedieren]] (''Vertebrata'') | takson5 = [[tuskenstamme]]: | namme5 = [[kaakdieren]] (''Gnathostomata'') | takson6 = [[klasse (taksonomy)|klasse]]: | namme6 = [[kreakbienfisken]] <br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;(''Chondrichthyes'') | takson7 = [[ûnderklasse]]: | namme7 = [[haaien en roggen]] <br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;(''Elasmobranchii'') | takson8 = [[tuskenklasse]]: | namme8 = [[echte haaien en roggen]] <br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;(''Euselachii'') | takson9 = [[takson|difyzje]]: | namme9 = [[moderne haaien en roggen]] <br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;(''Neoselachii'') | takson11 = [[takson|ûnderdifyzje]]: | namme11 = [[haaien]] (''Selachii'') | takson12 = [[boppeskift]]: | namme12 = [[helmhaaien]] (''Galeomorphi'') | takson13 = [[skift]]: | namme13 = [[makrielhaaien]] (''Lamniformes'') | takson14 = [[famylje (taksonomy)|famylje]]: | namme14 = '''gruttoskhaaien''' (''Otodontidae'') | takson15 = | namme15 = | takson16 = | namme16 = | takson17 = | namme17 = | takson18 = | namme18 = | takson19 = | namme19 = | beskriuwer, jier = Gluckman, 1964 }} De '''gruttoskhaaien''' ([[wittenskiplike namme]]: ''Otodontidae'') foarmje in [[fossyl|fossile]] [[famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[klasse (taksonomy)|klasse]] fan 'e [[kreakbienfisken]] (''Chondrichthyes''), de [[ûnderklasse]] fan 'e [[haaien en roggen]] (''Elasmobranchii''), de [[takson|ûnderdifyzje]] fan 'e [[haaien]] (''Selachii''), it [[boppeskift]] fan 'e [[helmhaaien]] (''Galeomorphi'') en it [[skift]] fan 'e [[makrielhaaien]] (''Lamniformes''). __TOC__ ==Beskriuwing== Gruttoskhaaien bestiene fan it iere [[Kryt (geologysk tiidrek)|Kryt]] oant it [[Plioseen]], wat rûchwei delkomt op 'e perioade fan 110&nbsp;miljoen oant 2,6&nbsp;miljoen [[jier]] lyn. De famylje bestie út teminsten acht [[skaai (taksonomy)|skaaien]], wylst de pleatsing yn dizze famylje fan in njoggende skaai ûnwis is. It bekendste skaai is dat fan 'e [[eartokshaaien]] (''Otodus''). Guon [[soarte]]n gruttoskhaaien wiene reuseftige grut, lykas de [[megalodon]] (''Otodus megalodon''), dy't in lingte berikke koe fan teminsten 18&nbsp;[[meter|m]]. Ut ûndersyk út [[2016]] nei it nij ûntdutsen skaai fan 'e [[reuzemakrielhaaien]] (''Megalolamna'') die bliken dat it skaai fan 'e eartoskhaaien sa't it oant doe ta definiëarre wie, [[parafyletysk]] (en dus [[taksonomy]]sk ûnjildich) wie. Om dat probleem op te lossen, moast it hiele eardere skaai ''Carcharocles'' yn 'e eartoskhaaien opnommen wurde. ''Carcharocles'' wurdt no beskôge as in [[synonym]] foar ''Otodus''. ==Famylje-opbou== {| class="wikitable" style="width: 450px;" |- style="vertical-align: top;" | scope="row" style="width: 50%; background-color: Honeydew;" | {{Stambeam2}} * famylje '''gruttoskhaaien''' (''Otodontidae'') † ** skaai ''[[Dwardius]]'' † ** skaai [[eartoskhaaien]] (''Otodus'') † <small>(ynkl. it eardere skaai ''Carcharocles'')</small> ** skaai ''[[Kenolamna]]'' † ** skaai [[Krytmakrielhaaien]] (''Cretolamna'') † ** skaai ''[[Megaselachus]]'' † ** skaai ''[[Palaeocarcharodon]]'' † ** skaai ''[[Parotodus]]'' † **{{Stambeam2/ein tûke}}skaai [[reuzemakrielhaaien]] (''Megalolamna'') † {{Stambeam2/ein}} |- |} De tafoeging fan it skaai ''[[Palaeocarcharodon]]'' wurdt bekreaud, mei't dat ek wol yn 'e famylje ''[[Cretoxyrhinidae]]'' pleatst wurdt. {{boarnen|boarnefernijing= Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Otodontidae ''References'', op dizze side]. }} [[Kategory:Gruttoskhaai| ]] [[Kategory:Makrielhaai]] [[Kategory:Kreakbienfiskefamylje]] pazfx98nh2syjh1xg46azhvdsskbd75 Perm (kraj) 0 159728 1242153 1162884 2026-10-07T13:32:13Z CommonsDelinker 353 "Perm_Russia.jpg" is op Commons fuorthelle [[c:User:Jameslwoodward|Jameslwoodward]] om't: per [[:c:Commons:Deletion requests/File:Perm Russia.jpg|]]. 1242153 wikitext text/x-wiki {{Universele ynfoboks gebiet (mei flagge) | namme = kraj Perm <small>Пермский край</small> | ôfbylding = [[Ofbyld:Perm in Russia.svg|300px]] | flagge = [[Ofbyld:Flag of Perm Krai.svg|80px]] | wapen = [[Ofbyld:Coat of Arms of Perm Krai.svg|40px]] | soarte gebiet = [[Oblast]] | ynwennertal = 2.556.852 <small>(2022)</small> | oerflak = 160.236 km² | befolkingstichtens = 15,96 ynw./km² | sels yn te foljen 1 = | namme sels yn te foljen 1 = | sels yn te foljen 2 = | namme sels yn te foljen 2 = | sels yn te foljen 3 = | namme sels yn te foljen 3 = | lân = [[File:Flag of Russia.svg|border|20px]] [[Ruslân]] | bestjoerlike ienheid 1 = federaal distrikt | namme bestjoerlike ienheid 1= Wolga | bestjoerlike ienheid 2 = ekonomyske regio | namme bestjoerlike ienheid 2= Oeral | bestjoerlike ienheid 3 = | namme bestjoerlike ienheid 3= | bestjoerlike ienheid 4 = | namme bestjoerlike ienheid 4= | haadplak = [[Perm (stêd)|Perm]] | grutste plak = [[Perm (stêd)|Perm]] | sels yn te foljen 4 = taal | namme sels yn te foljen 4 = [[Russysk]] | sels yn te foljen 5 = Etnyske groepen | namme sels yn te foljen 5 = Russen 87,1 <br> Tataren 4,6%, <br>Komy-Permjaken 3,2% <br> <small>Stân 2010</small> | sels yn te foljen 6 = | namme sels yn te foljen 6 = | sels yn te foljen 7 = | namme sels yn te foljen 7 = | stifting = 1 desimber 2005 | tiidsône = [[UTC]] +5 | simmertiid = | koördinaten = {{Koördinaten yn tekst|59_14_00_N_56_08_00_E_scale:12500_type:landmark_region:RU|59° 14' N 56° 08' E}} | sels yn te foljen 8 = | namme sels yn te foljen 8 = | sels yn te foljen 9 = | namme sels yn te foljen 9 = | webside = [http://www.perm.ru www.perm.ru] }} De '''kraj Perm''' ([[Russysk]]: Пермский край; ''Permski kraj'') is in [[kraj]] yn [[Europa|Jeropeesk]] [[Ruslân]]. == Skiednis == De kraj ûnstie op 1 desimber 2005 troch de gearfoeging fan de oblast Perm en it autonome distrikt Permjaakje, nei't de befolking op 7 maart 2003 yn in referindum dêrfoar keazen hie. De gebieten hiene earder sels al oanjûn foar in fúzje te wêzen. Yn maart 2004 waard de út te fieren fúzje by wet bekrêftige. De haadstêd fan de kraj is de stêd [[Perm (stêd)|Perm]], dêr't ek de measte oerheidsynstellings fan it eardere autonome distrikt Permjaakje hinne ferhûzen. De seis [[rajon]]s dy't diel fan Permjaaksje útmakken, bleaune in beskate foarm fan autonomy hâlden en alle saken dy't de [[Komy-Permjaken]] oangeane wurde yn 'e eardere Permjaakske haadstêd Kûdymkar regele. Oant 2008 hie Komy-Permjaaksje ek noch in eigen begrutting. Foar sa'n oergongstiid is keazen om't Permjaakje foar in grut part ôfhinklik is fan federale subsydzjes. == Geografy == [[Ofbyld:Камень Ветлан на реке Вишере, Пермский край.jpg|thumb|left|''[[Visjera (Kama)|Visjera-rivier]]'']] De kraj Perm leit westlik fan de hellings fan it Midden-Oeral berchtme en eastlik yn it Russyske Leechlân. De kraj leit hast hielendal yn Europa, mar 0,2% leit yn Aazje. Fan noard nei súd mjit de kraj maksimaal 645 kilometer en fan west nei east goed 417 kilometer. De kraj grinzget oan de autonome republyk [[Komy (republyk)|Komy]] yn it noarden, oan de oblast [[Kirov (oblast)|Kirov]] yn it noardwesten, de autonome republiken [[Oedmoersje]] yn it súdwesten en [[Basjkortostan]] yn it suden en de oblast [[Sverdlovsk (oblast)|Sverdlovsk]] yn it easten. De berch Tûlymski Kamen mei in hichte fan 1496 meter is de heechste berch. De kraj telt mear as 29.000 rivieren en beken mei in totale lingte fan mear as 90.000 kilometer. De langste rivieren binne de [[Kama (rivier)|Kama]] (1.805 km) en de Tsjûsovaja (592 km). Fjirtich rivieren hawwe in lingte fan 100 oant 500 kilometer. == Ekonomy == De kraj Perm heart ta de sterkste ekonomyske gebieten fan Ruslân. Fral de winning en ferwurking fan ierdoalje en potjiske, enerzjy en de gemy-, metaal-, non-ferrometaal- en houtyndustry en masinebou binne goed fertsjintwurdige. Hast de hiele foarried Russyske potjiske wurdt yn de kraj Perm fûn, dy't de grûnstof foarmet foar kalydong en fral troch de Sineeske lânbou ymportearre wurdt. Grutte bedriuwen binne Odk-Permskie Motory AO (masinebou) en de wapenfabryk Motovilicha. Ek de ynfomaasjetechnology wurdt jimmeroan belangriker. == Stêden en bestjoerlike yndieling == De kraj Perm is bestoerlik ûnder ferdield yn 14 stêden, in [[sletten stêd]] (ZATO) en 33 [[rajon]]'s. Belangrykste stêden binne de haadstêd Perm, Beresniki en Solikamsk. Meiïnoar hat de kraj 26 stêden en 26 plakken fan in stedsk karakter. {| class="wikitable sortable" style="text-align:left;" |- ! Stêd ! Russysk ! Ynwenners ! Wapen ! Lokaasje |- | style="text-align:left" | [[Perm (stêd)|Perm]] || Пермь || 1.042.763 (2022) || [[Ofbyld:Coat of Arms of Perm.svg|40px]] || style="text-align:center" | {{Koördinaten yn tekst|58_00_50_N_56_14_56_E_scale:12500_type:landmark_region:RU|58° 00' N 56° 14' E}} |- | style="text-align:left" | [[Berezniki]] || Березники || 137.091 (2021) || [[Ofbyld:Coat of Arms of Berezniki (Perm krai) (1998).png|40px]] || style="text-align:center" | {{Koördinaten yn tekst|59_24_29_N_56_48_19_E_scale:12500_type:landmark_region:RU|59° 24' N 56° 48' E}} |- | style="text-align:left" | [[Solikamsk]] || Соликамск || 91.959 (2021) || [[Ofbyld:Solikamsk COA (1999).gif|40px]] || style="text-align:center" | {{Koördinaten yn tekst|59_38_00_N_56_46_00_E_scale:12500_type:landmark_region:RU|59° 38' N 56° 46' E}} |- | style="text-align:left" | [[Tsjaikovski (stêd)|Tsjaikovski]] || Чайковский || 81.855 (2021) || [[Ofbyld:Герб Чайковского городского округа.jpg|40px]] || style="text-align:center" | {{Koördinaten yn tekst|58_00_50_N_56_14_56_E_scale:12500_type:landmark_region:RU|58° 00' N 56° 14' E}} |- | style="text-align:left" | [[Kûngoer]] || Кунгур || 63.631 (2021) || [[Ofbyld:Kungur COA (1994).gif|40px]] || style="text-align:center" | {{Koördinaten yn tekst|57_26_00_N_56_56_00_E_scale:12500_type:landmark_region:RU|57° 26' N 56° 56' E}} |- | style="text-align:left" | [[Lysva]] || Лысьва || 59.610 (2021) || [[Ofbyld:Coat of arms of Lysva (Perm krai).gif|40px]] || style="text-align:center" | {{Koördinaten yn tekst|58_06_01_N_57_48_15_E_scale:12500_type:landmark_region:RU|58° 06' N 57° 15' E}} |- | style="text-align:left" | [[Krasnokamsk]] || Краснокамск || 51.815 (2021) || [[Ofbyld:Krasnokamsk COA (2018).png|40px]] || style="text-align:center" | {{Koördinaten yn tekst|58_05_00_N_55_45_00_E_scale:12500_type:landmark_region:RU|58° 05' N 55° 45' E}} |- | style="text-align:left" | [[Tsjûsovoj]] || Чусовой || 43.299 (2021) || [[Ofbyld:Coat of Arms of Chusovskoy Urban District (Perm krai).jpg|40px]] || style="text-align:center" | {{Koördinaten yn tekst|58_17_00_N_57_49_00_E_scale:12500_type:landmark_region:RU|58° 17' N 57° 49' E}} |} == It besjen wurdich == [[Ofbyld:Kungur asv2019-05 img26 Ice Cave.jpg|thumb|250px|''Iisgrotten fan Kûngoer'']] Perm is it kulturele sintrum fan de oblast. De stêd is ryk oan teäters en musea. Belangrike musea binne: it Nasjonaal Keunstmuseum fan Perm, it Regionaal Museum fan Perm, it museum fan de Motovilicha-fabriken, it Museum fan Aldheden en it Modern Keunstmuseum fan Perm. Likernôch 43 kilometer fan Perm leit it arsjitektuer- en etnografysk museum Chochlovka, in iepenloftmuseum mei houten arsjitektuer út de Oeral. It stedsje Usolje, sa'n 190 kilometre noardlik fan de haadstêd, hat in grut tal monuminten, lykas it Stroganov-hûs en de Ferlosserkatedraal. De kraj is ryk oan tsjerken en kleasters; it neamen wurdich binne û.o. it [[Belogorski-kleaster]], de Troitski-katedraal en de [[moskee fan Perm|moskee]] fan Perm. De Orda-grot yn it Ordinski-rajon is ien fan de grutste ûnderwettergrotten fan 'e wrâld. {{Boarnen|boarnefernijing= Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [[:de:Region Perm]] {{reflist}} ---- {{Commonscat|Perm Krai|Kraj Perm}} }} {{DielgebietenRuslân}} {{DEFAULTSORT:Perm (kraj)}} [[Kategory:Perm (kraj)| ]] [[Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 2005]] b7d717p8sg3qpu3knpwg0igq5rq21i3 Mary Poppins (film) 0 167660 1242144 1119546 2026-10-07T12:09:59Z CommonsDelinker 353 "Mary_Poppins11.jpg" is op Commons fuorthelle [[c:User:Christian Ferrer|Christian Ferrer]] om't: per [[:c:Commons:Deletion requests/File:Mary Poppins11.jpg|]]. 1242144 wikitext text/x-wiki {{Universele ynfoboks film | ôfbylding = Mary Poppins6.jpg | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = | ferwizing = '''(''[[:en:File:Marypoppins.jpg|Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy]]'')''' | namme = ''Mary Poppins'' | regisseur = [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] | produsint = [[Walt Disney]] | útfierend produsint = | senario = [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]]<br>[[Don DaGradi]] | basearre op = [[Mary Poppins (romansearje)|de romansearje]] fan [[P.L. Travers]] | kamerarezjy = [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]] | muzyk = [[Inwin Kostal]] <small>([[soundtrack]])</small><br>[[bruorren Sherman]] <small>([[liet]]en)</small> | filmstudio = [[Walt Disney Productions]] | distribúsje = [[Walt Disney Studios Motion Pictures|Buena Vista Distribution]] | haadrollen = [[Julie Andrews]]<br> [[Dick Van Dyke]] | voice-over = | byrollen = [[David Tomlinson]]<br> [[Glynis Johns]]<br> [[Karen Dotrice]]<br> [[Matthew Garber]] | lân/lannen = [[File:Flag of the United States.svg|border|20px]] [[Feriene Steaten]] | premiêre = [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] | direkt op fideo = | foarm = [[langspylfilm|lange]] [[filmmusical]] | sjenre = [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]]-<br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[komeedzjefilm]] | taal = [[Ingelsk]] | spyltiid = 139 minuten | budget = $4,4–6&nbsp;miljoen | opbringst = $103,1&nbsp;miljoen <small>([[Noard-Amearika]])</small> | prizen = 5× [[Oscar]]<br>1× [[Golden Globe]]<br>2× [[Grammy Award]]<br>1× [[BAFTA]] | filmsearje = ''Mary Poppins'' | foarich diel = | folgjend diel = ''[[Mary Poppins Returns]]'' }} '''''Mary Poppins''''' is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]][[komeedzjefilm]], [[filmmusical]] en [[famyljefilm]] yn [[Technicolor]] út [[1964]]. De [[film]] stie ûnder [[rezjy]] fan [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] en hie yn 'e [[haadrol]]len [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. De [[titel (namme)|titel]] ferwiist nei de [[haadpersoan]]. De film waard basearre op 'e [[romansearje]] mei [[Mary Poppins (romansearje)|deselde namme]] fan [[skriuwster]] [[P.L. Travers]]. It [[plot|ferhaal]] giet oer in [[rykdom|rike]], mar net-funksjonearjende [[Ingelân|Ingelske]] [[húshâlding]] mei twa jonge [[bern (persoan)|bern]] yn it [[Londen]] fan [[1910]], dêr't regaad makke wurdt troch [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], in [[gûvernante]] dy't [[tsjoenderij|tsjoene]] kin. Mei har [[magy]]ske krêften ferbetteret hja de dynamyk yn it [[gesin]], om dêrnei like hommels wer ôf te setten as hja kommen is. ''Mary Poppins'' waard tige goed ûntfongen troch de [[filmkritisy]] en wie yn 'e [[bioskopen]] in grut [[kommersje]]el súkses as de meast [[opbringst (jild)|opbringende]] film fan [[1964]]. De film waard bekroane mei 5 [[Oscar]]s, in [[Golden Globe]], twa [[Grammy Award]]s en in [[BAFTA]]. Julie Andrews wûn mei har [[aktearprestaasje]] yn 'e [[titelrol]] in BAFTA en sawol de Oscar as de Golden Globe yn 'e [[kategory]] bêste [[aktrise]]. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]]. Datselde jiers waard de film ''[[Saving Mr. Banks]]'' útbrocht, in [[biografyske film|biografysk]] [[dramafilm|drama]] oer de tastânkomming fan ''Mary Poppins''. In [[ferfolchfilm]], ''[[Mary Poppins Returns]]'', kaam út yn [[2018]]. ==Plot== Yn [[Londen]] yn 'e [[maityd]] fan [[1910]] keart [[bank (finansjele ynstelling)|bankmeiwurker]] George Banks oan 'e ein fan 'e dei werom nei hûs. Fan syn [[oarehelte|frou]] Winifred, dy't aktyf is by de [[suffrazjette]]s, heart er dat de [[gûvernante]] fan harren [[bern (persoan)|bern]] Jane en Michael [[ûntslach]] nommen hat om't de bern net te hanthavenjen binne. Hjoed is no al de fjirde kear yn in [[wike]] dat se útnaaid binne. As Banks de [[plysje]] skillet om 'e bern as [[fermist]] op te jaan, wurde se krekt thúsbrocht troch [[plysje]] Jones, dy't harren allinne oan 'e fierste kant fan it [[park]] oantroffen hat. It docht bliken dat se safier ôfdwaald wiene om't se by it [[draakje (boartersguod)|draakjefleanen]] efter in losslein draakje oan sieten. De bern freegje Banks om harren te helpen en ûntwerp in better draakje, mar dat stegeret er ôf om't er wol wichtiger dingen oan 'e holle hat. Om't it mei it lêste espel gûvernantes dat Winifred oannommen hat, hieltyd op deselde wize ôftriedde is, nimt Banks it op him om diskear sels in nije gûvernante te sykjen. Jane en Michael komme op 'e lapen mei in selsopstelde [[fakatuere]] foar in [[sympaty|sympatikere]], leavere gûvernante, mar dat fynt Banks grutte flauwekul, dat hy ferskuort harren bryfke en smyt de snipels yn 'e [[iepen hurd]] (dy't net oan is). Ynstee pleatst er in [[miny-advertinsje|advertinsje]] yn ''[[The Times]]'' foar in strange gûvernante, dy't gjin rare fratsen duldet. Underwilens sûcht lykwols in sterke [[wyn (waar)|wynfleach]] de snipels fan it bryfke fan 'e bern omheech troch de [[skoarstien]], wêrnei't se fuortdwarrelje troch de [[loft]]. De oare [[moarn (deidiel)|moarns]] stiet der in hiele rige âldere, soersjende gûvernantes by de Banks' foar de doar om op [[sollisitaasjepetear]]. Ear't Banks lykwols ree is om oan [[húshâldster]] Ellen opdracht te jaan en lit se ien foar ien yn, stekt der in sterke wyn op, dy't de hiele kliber fan 'e sokken blaast en fuortwaait. Dat foarfal binne lykwols inkeld Jane en Michael tsjûge fan, en Andrew, it [[hûn]]tsje fan juffer Lark, de [[buorfrou]] fan 'e famylje Banks. Datselde jildt ek foar wat dêrnei bart: in jonge, [[skientme|tsjeppe]] [[frou]] komt út 'e loft oansaaien, hingjend oan har [[paraplu]], en lânet lichtfuottich op 'e [[stoepe]] fan 'e [[filla]] fan 'e famylje Banks. As Ellen har ynlit, docht bliken dat dizze [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] George Banks maklik mei wurden oer kin. Hja presintearret kalmkes de wer hiele, troch de bern opstelde fakatuere oan 'e [[alteraasje|feralterearre]] Banks, wêrnei't se harsels oannimt as gûvernante en him oanpraat dat dat syn idee wie. {{Plotbedjer film}} Nei't se mei Jane en Michael yn 'e kunde kommen is, helpt se harren om 'e [[bernekeamer]] op te romjen troch dêrfoar [[tsjoenderij]] yn te setten. De bern binne dan op slach ferkocht. Neitiid nimt Mary harren mei foar in eintsje [[kuierjen]] yn it park, dêr't se Mary har [[freonskip|freon]] Bert treffe. Dat is in [[Cockney]]-sprekkende hantsjemuoisfeint út 'e [[arbeidersklasse]], dy't dy deis wurket as [[trottoirskilderjen|trottoirskilder]]. Mary brûkt har [[magy]] om harsels, Bert en de bern oer te bringen yn ien fan Bert syn [[tekening]]s. Wylst de bern op in [[draaimole (merke)|draaimole]] ride, kuierje Mary en Bert in stikje, [[sang|sjonge]] in [[ferske]] en [[flirt]]e wat. Nei't se har wer by de bern jûn hawwe, betsjoent Mary de draaimolehynders sadat se dermei út te riden gean kinne troch it [[plattelân]]. Dêr kruse se it paad fan in [[foksejacht]]; Bert rêdt de [[foks]], wêrnei't se op in [[draafbaan]] bedarje, dêr't Mary op har draaimolehynder meidocht oan in [[hurddraverij]] en wint. Om 'e oerwinning te beskriuwen, brûkt se it ûnsinwurd "supercalifragilisticexpialidocious" ({{Audio|Supercalifragilisticexpialidocious.ogg|beharkje}}). It útstapke einiget abrupt as it yn Londen begjint te [[stjalprein]]en. Bert syn kryttekening spielt dêrtroch fuort, mei as gefolch dat de fjouwer aventoerslju weromskuord wurde nei de echte wrâld. De oare deis sille Mary en de bern om [[boadskipjen|boadskippen]], mar Mary, dy't blykber mei [[bisten]] prate kin, wurdt troch it hûntsje Andrew warskôge dat it wer safier is mei Bert syn [[omke]] Albert. Dat, se nimt de bern mei dêrhinne. Omke Albert blykt in eksintryk âldman te wêzen dy't, trochdat er net mear ophâlde kin fan [[laitsjen]], omheech [[sweven|sweeft]] is nei it [[plafon]] fan syn [[wente]]. Mary, Bert en de bern jouwe harren dêr by him om te [[teedrinken]], wêrby't se in protte [[grap]]pen fertelle. As George Banks de ferhalen fan Jane en Michael heart oer [[hynsteriden]] op draaimolehynders en teedrinken by it plafon, rekket er [[lulkens|opsternaat]] om't it no krekt de bedoeling wie dat de nije gûvernante de bern ôfleart sokke ûnsinpraatsjes te ferkeapjen, yn pleats dat se it harren bybringt. Hy ropt Mary Poppins by him en drigemintet mei ûntslach, mar sy [[manipulaasje|manipulearret]] him om deryn ta te stimmen dat er de bern de oare deis meinimt nei syn wurk. Dy [[jûn]]s fertelt Mary de bern oer it âldwyfke dat op 'e [[treppen]]s foar de [[Sint-Pauluskatedraal (Londen)|Sint-Pauluskatedraal]] sit en de minsken oanfiteret om 'e [[do (fûgel)|dowen]] te fuorjen dy't om har hinne fladderje. No wol it tafal dat de bank dêr't George Banks wurket, fuort foar de Sint-Pauluskatedraal oer stiet, dat wannear't Banks de oare deis de bern meinimt nei de bank, sjocht Michael it âldwyfke sitten. Hy hat in [[muntstik|munt]], in ''[[tuppence (Britske pre-desimale munt)|tuppence]]'', en dy wol er besteegje oan foer om 'e fûgels te fuorjen, sa't it âldwyfke graach wol. Banks leit dêr fluch it near op en skuort him mei nei de bank. Syn baas, de âlde hear Dawes jr., wol witte wat dy bern hjir moatte, dat Banks seit it earste dat yn him opkomt: Michael hat in ''tuppence'' en wol in [[bankrekken]] iepenje. As de eigner fan 'e bank, de tige âlde hear Dawes sr., dat heart, fiteret er Michael op agressive wize oan om syn ''tuppence'' by syn bank te ynvestearjen. Uteinlik roppet er it jonkje de munt sels út 'e hân wei. Dêrop easket Michael mei útset lûd syn jild werom, wêrmei't er by fersin in [[bankrun]] feroarsaket as oare klanten bang reitsje dat de Dawes Bank harren jild ek net weromjaan wol. Nei't Michael syn ''tuppence'' weromgrypt hat, naaie hy en Jane út, wêrnei't se ferdwaald reitsje yn it Londenske [[East End (Londen)|East End]], it diel fan 'e stêd dêr't de lju út 'e [[arbeidersklasse]] wenje. Op 't langelêst treffe se by tafal Bert wer, dy't dizze dei as [[skoarstienreager]] wurket. Hy bringt harren thús, mar om't Mary [[frije tiid|frij]] hat, de húshâldster en de [[kokkinne]] oar wurk hawwe en sysels nei in gearkomste fan 'e suffrazjettes moat, set Winifred him fuort oan it wurk as [[babysitter|berne-oppas]]. As de beide bern troch de skoarstien omheech sûgd wurde nei it [[dak]], freget Bert Mary Poppins om help, ek al is it har [[frije dei]]. Op it dak fine se de bern werom, en dêr treffe se ek in hiele kloft oare mei [[ruot]] besmodzge skoarstienreagers. Mei syn allen [[dûns]]je en sjonge se op 'e dakken, oant [[admiraal]] Boom, in eksintrike buorman fan 'e famylje Banks, harren oansjocht foar [[ynbrekker]]s en mei syn [[kanon (wapen)|skipskanon]] in lading [[fjoerwurk]] op harren ôfsjit. Wannear't Banks en de frou wer thúskomme, treffe se de skoarstienreagers al dûnsjend en sjongend yn harren [[wenkeamer]] oan, wêrnei't Bert syn maten fuortstjoert. Banks wurd opskille troch dhr. Dawes jr., dy't him freget om dy jûns nei de bank ta te kommen foar in petear oer wat syn bern oanrjochte hawwe. Tusken de regels troch lit er trochskimerje dat Banks ûntslein wurde sil. Jane en Michael hearre de iene helte fan it [[tillefoan]]petear en beseffe dat se har heit yn 'e swierrichheden brocht hawwe. Michael jout de fûl befochten ''tuppence'' oer om it goed te meitsjen. Bert praat in skoftke op Banks yn, wêrby't er him op [[slûchslimmens|slûchslimme]] wize oan it ferstân bringt dat er mear tiid mei syn bern trochbringe moat foar't se dêr te âld foar binne. By de moeting yn 'e bank wurdt Banks op [[fernedering|fernederjende]] wize syn ûntslach oansein. As him frege wurdt oft er dêr noch wat op te sizzen hat, sjocht er sykjend om wurden nei de ''tuppence'' yn syn hân, en blaft er derút: "Supercalifragilisticexpialidocious!" Ek fertelt er in [[mop]] fan omke Albert dy't er earder fan Michael heard hie ("Ik ken in man mei in houten poat dy't Smith hjit." Antwurd: "O ja? En hoe hjit syn oare skonk?"). Dêrnei jout er him laitsjend ôf nei hûs. Dhr. Dawes sr. [[prakkesearjen|prakkesearret]] djip oer de mop nei, oant de klû him lang om let begjint te daagjen. Dêrop moat er ûnbedaarlik laitsje, wêrby't er, krekt as omke Albert, omheech sweeft nei it plafon, ta skrik fan syn soan Dawes jr. en de oare leden fan it bankbestjoer. De oare deis draait de wyn, en mei't Mary Poppins yn 't foar sein hie dat se inkeld sa lang bliuwe soe as de wyn út deselde hoeke kaam, betsjut dat de ein fan har ferbliuw by de famylje Banks. In [[gelokkigens|gelokkiger]] Banks hat ûnderwilens it stikkene draakje fan syn bern reparearre en giet mei de hiele húshâlding nei it park te draakjefleanen. Dêr moetet er dhr. Dawes jr. en de oare bestjoersleden fan 'e bank, dy't ek oan it draakjefleanen binne. Dawes fertelt dat syn heit, dhr. Dawes sr., him de foargeande jûns dealake hat. Hoewol't him dat wol [[spyt]], hied er de âldman noch nea sa gelokkich sjoen as fuort foar syn [[ferstjerren]]. Hy hat dêrom besletten om Banks syn [[baan (wurk)|baan]] werom te jaan en him boppedat de frijkommen sit yn it bankbestjoer te jaan. Mei har wurk dien, brûkt Mary Poppins ûnderwilens har paraplu om fuort te sweven. As se oerkomt, ropt Bert har ta om net te lang fuort te bliuwen. ==Ferskes== # ''Life I Lead'' # ''Perfect Nanny'' # ''[[A Spoonful of Sugar]]'' # ''Jolly Holiday'' # ''[[Supercalifragilisticexpialidocious]]'' # ''I Love to Laugh'' # ''Feed the Birds'' # ''[[Fidelity Fiduciary Bank]]'' # ''[[Chim Chim Cher-ee]]'' # ''Step in Time'' # ''A Man Has Dreams'' # ''Let's Go Fly a Kite'' ==Rolferdieling== [[File:Mary Poppins5.jpg|right|thumb|220px|[[Julie Andrews]] as [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]].]] [[File:Mary Poppins3.jpg|right|thumb|220px|[[Dick Van Dyke]] as Bert.]] [[File:Mary Poppins4.jpg|right|thumb|220px|[[David Tomlinson]] as George Banks.]] [[File:Mary Poppins12.jpg|right|thumb|220px|[[Hermione Baddeley]] en [[Reta Shaw]] as Ellen de [[húshâldster]] en frou Brill, de [[kokkinne]].]] ;haadrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise'''&nbsp;&nbsp;&nbsp; |- | [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] | [[Julie Andrews]] |- | Bert | [[Dick Van Dyke]] |- |} <br> ;byrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise''' |- | George Banks | [[David Tomlinson]] |- | Winifred Banks | [[Glynis Johns]] |- | Jane Banks | [[Karen Dotrice]] |- | Michael Banks | [[Matthew Garber]] |- | Ellen de [[húshâldster]] | [[Hermione Baddeley]] |- | frou Brill de [[kokkinne]] | [[Reta Shaw]] |- | dhr. Dawes sr. | [[Dick Van Dyke]] |- | dhr. Dawes jr. | [[Arthur Malet]] |- | Katie Nanna | [[Elsa Lanchester]] |- | [[plysjeman]] Jones | [[Arthur Treacher]] |- | [[omke]] Albert | [[Ed Wynn]] |- | [[admiraal]] Boom | [[Reginald Owen]] |- | [[earste stjoerman]] Binnacle | [[Don Barclay (akteur)|Don Barclay]] <small>(fysyk)</small> en [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | Mary Poppins har [[pappegaai]]-[[paraplu]] | [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | juffer Lark | [[Marjorie Bennett]] |- | it 'fûgelwyfke' | [[Jane Darwell]] <small>(fysyk)</small> en [[Robert B. Sherman]] <small>(stim)</small> |- | juffer Persimmon | [[Marjorie Eaton]] |- | [[portier (berop)|portier]] by de [[bank (finansjele ynstelling)|bank]] | [[James Logan (akteur)|James Logan]] |- | frou Corry | [[Alma Lawton]] |- | âldwiif | [[Betty Lou Gerson]] |- | man yn bank | [[Kay E. Kuter]] |- | frou yn bank #1 | [[Doris Lloyd]] |- | frou yn bank #2 | [[Queenie Leonard]] |- | style="background:gold" colspan="2" style="text-align:center;"| '''stimakteurs tekenfilmsegmint''' |- | [[pearelparkyt]]wyfke | [[Julie Andrews]] |- | pearleparkytmantsje | [[Richard M. Sherman]] |- | pearelparkyt[[drummer]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | pearelparkyt[[banjo]]ïst | [[Robert B. Sherman]] |- | [[ko]] | [[Marc Breaux]] |- | [[lûkhynder]] | [[Paul Frees]] |- | [[skiep|raam]] | [[Bill Lee (sjonger)|Bill Lee]] |- | [[baarch]] | [[Thurl Ravenscroft]] |- | [[goes]] | [[Marni Nixon]] |- | [[laam|lammen]] | [[Ginny Tyler]] |- | [[skylpod]]den | [[Daws Butler]] |- | [[pinguïn]]-[[ober]] #1 | [[Daws Butler]] |- | pinguïn-ober #2 | [[Dallas McKennon]] |- | pinguïn-ober #3 | [[J. Pat O'Malley]] |- | pinguïn-ober #4 | [[Richard M. Sherman]] |- | pinguïn-ober #5 | [[David Tomlinson]] |- | [[draaimole (merke)|draaimole]]bewekker | [[Dallas McKennon]] |- | [[bloedhûn]] #1 | [[Sean McClory]] |- | bloedhûn #2 | [[Dallas McKennon]] |- | bloedhûn #3 | [[Alan Napier]] |- | bloedhûn #4 | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[foks]] | [[Dallas McKennon]] |- | [[jacht (aktiviteit)|jager]] | [[Alan Napier]] |- | [[rydhynder]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | jager-lieder | [[J. Pat O'Malley]] |- | bloedhûn #5 | [[George Pelling]] |- | [[jockey]] | [[David Tomlinson]] |- | [[fotograaf]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[ferslachjouwer]] #1 | [[George Pelling]] |- | ferslachjouwer #2 | [[J. Pat O'Malley]] |- | ferslachjouwer #3 | [[Alan Napier]] |- | ferslachjouwer #4 | [[Sean McClory]] |- |} ==Produksje en distribúsje== ===Foarskiednis=== ''Mary Poppins'' wie foar it meastepart basearre op ''[[Mary Poppins (roman)|Mary Poppins]]'', it earste diel út 'e [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]] fan 'e [[Austraalje (lân)|Australysk]]-[[Feriene Keninkryk|Britske]] [[skriuwster]] [[P.L. Travers]], dat ferskynde yn [[1934]]. De [[dochter]]s fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] fûnen it ferhaal sà moai, dat se him [[ûnthjit]]te lieten om it te ferfilmjen. Disney besocht al yn [[1938]] de [[filmrjochten]] fan Travers te keapjen, mar sy wegere, om't se net ferwachte dat in filmferzje har skepping rjocht dwaan soe. Fierders wie Disney doedestiden inkeld bekend as produsint fan [[tekenfilm]]s en hied er noch net in grutte [[live-action]]film makke. Mear as tweintich jier lang besocht Disney om 'e safolle tiid Travers oer te heljen om him in film oer har [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] meitsje te litten, oant se yn [[1961]] lang om let tajoech. Dêrby stelde se wol it betingst dat se sels it [[senario]] goedkarre moast. ===Produksje=== De úteinlike film wie Travers, dy't op 'e [[ôftiteling]] fermeld waard as "konsultante", net botte gelokkich mei. Se mocht net oer it fersêftsjen fan 'e skerpere kantsjes fan it [[karakter (persoanlikheid)|karakter]] fan Mary Poppins (dy't yn 'e boeken folle [[idelheid|ideler]] en folle ûnferskilliger foar de bern oer is). Fierders wifke Travers oer de fraach oft se de [[muzyk]] wol moai of gaadlik fûn en hie se sa'n grouwéligen hekel oan it tekenfilmsegmint, dat se it near lei op fierdere ferfilmings fan har wurk. Ek de [[bruorren Sherman]], dy't de [[liet]]en foar de film skreaune, wiene nau belutsen by de ûntjouwing fan 'e film. Sy wiene it, dy't foarstelden om it ferhaal net yn 'e [[1930-er jierren]] spylje te litten, lykas yn it boek fan Travers, mar yn [[1910]], in fearnsiuw earder. Travers woe dan it leafst ek muzyk út dy tiid brûke, mar dêr spriek Disney syn [[feto]] oer út. Uteinlik waard ''Mary Poppins'' [[regissearre]] troch [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] nei in [[senario]] fan [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]] en [[Don DaGradi]]. [[Walt Disney]] wie as [[filmprodusint|produsint]] by it projekt belutsen foar syn eigen [[filmstudio]] Walt Disney Productions (no [[Walt Disney Pictures]]). Foar de film wie in [[budget]] beskikber dêr't de skattings fan útinoar rinne fan [[$]]4,4 oant 6&nbsp;miljoen. De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]], en de [[filmmuzyk]] waard fersoarge troch [[Inwin Kostal]] ([[soundtrack]]) en [[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]] ([[ferske]]s). It [[tekenfilm|animearre]] filmsegmint waard regissearre troch [[Hamilton S. Luske]]. ===Casting=== Foar de [[titelrol]] fan [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] naam [[Walt Disney]] [[aktrise]]s as [[Julie Harris]], [[Angela Lansbury]] en [[Bette Davis]] yn omtinken. [[Julie Andrews]] hie op [[Broadway]] de rol fan Eliza Doolittle fertolke yn 'e [[toaniel]]produksje fan ''[[My Fair Lady (musical)|My Fair Lady]]'', en de ferwachting wie dêrom dat se deselde rol yn [[My Fair Lady (film)|'e filmadaptaasje]] taskood krije soe. Doe't se lykwols foarbyparte waard yn it foardiel fan [[Audrey Hepburn]], griep Disney syn kâns en socht er Andrews oan foar de rol fan Mary Poppins. Andrews wifele oer wat se dwaan moast, mei't se op dat stuit in fearnsjier [[swierwêzen|swier]] wie, mar Disney bewissige har derfan dat er de [[opnamen (film)|opnamen]] fan syn film útstelle soe oant nei't se [[befalling|befallen]] wie. Foar Andrews har manlike [[tsjinspiler]] yn 'e rol fan hantsjemuoisfeint Bert hie Walt Disney alderearst [[Cary Grant]] op it each, en doe't dat neat waard, naam er [[Laurence Harvey]] en [[Anthony Newley]] yn omtinken. Uteinlik [[cast]]e er lykwols [[Dick Van Dyke]] yn 'e rol nei't er ûnder de yndruk rekke wie fan dy syn [[aktearjen|aktearwurk]] yn ''[[The Dick Van Dyke Show]]''. Nei't de kar op him fallen wie, lobbyde Van Dyke om ek de rol fan dhr. Dawes sr. spylje te meien. Disney fielde dêr earst neat foar, mar Van Dyke krige syn sin nei't er der [[audysje]] foar dien hie. Hoewol't oer it algemien mei [[nocht]] weromtocht wurdt oan 'e Amerikaan Van Dyke yn 'e rol fan 'e [[Londen]]ske arbeider Bert, is freon en fijân it deroer iens dat syn neibearen fan in [[Cockney]]-[[aksint (útspraak)|aksint]] nearne nei liek. Sterker noch, it wurdt beskôge as ien fan 'e slimst mislearre aksinten yn 'e [[filmskiednis]], en it wurdt noch altyd as standertfoarbyld fan hoe't it net moat oanhelle troch oare akteurs. Van Dyke bewearde dat syn aksintcoach de [[Ingelsman]] fan [[Ieren (folk)|Iersk]] [[komôf]] [[J. Pat O'Malley]] wie, "dy't it aksint neat better neibeare koe as ik." Yn [[2017]], doe't bekendmakke waard dat Van Dyke in [[BAFTA Award]] (de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmpriiis) ûntfange soe, seid er: "Ik wurdearje dizze kâns om my te [[ûnskuldiging|ûntskuldigjen]] oan 'e leden fan 'e [[British Academy of Film and Television Arts]] foar it lije litten fan harren ûnder it alderferskriklikste Cockey-aksint út 'e skiednis fan 'e [[sinema]]." De [[foarsitter]] fan 'e Academy reägearre dêrop mei de wurden: "Wy sjogge út nei syn akseptaasjetaspraak yn hokfoar aksint er dy jûns ek mar foar kieze sil. It sil sûnder mis 'supercalifragilisticexpialidocious' wêze." [[File:Marypoppinssetdesign.jpg|right|thumb|250px|[[Dick Van Dyke]] (m.) as Bert, omjûn troch oare fleurige [[skoarstienreager]]s by it [[dûns]]nûmer op 'e [[Londen]]ske [[dak]]ken.]] ===Opnamen=== De [[opnamen (film)|opnamen]] foar ''Mary Poppins'' setten yn [[maaie]] [[1963]] útein en duorren oant en mei [[septimber]] fan dat jier. De film waard yn syn hiele hear en fear opnommen yn 'e [[Walt Disney Studios (Burbank)|Walt Disney Studios]] yn [[Burbank (Kalifornje)]], wêrby't gebrûk makke waard fan skildere [[Londen]]ske eftergrûnen. ===Distribúsje=== De [[filmdistribúsje|distribúsje]] fan ''Mary Poppins'' waard fersoarge troch Buena Vista Distribution, no [[Walt Disney Studios Motion Pictures]], de eigen filmdistribúsjedifysje fan [[The Walt Disney Company]]. De film gie op [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] yn [[Grauman's Chinese Theatre]] yn [[Los Angeles]] yn [[premiêre]]. [[P.L. Travers]] krige dêr gjin útnûging foar, mar wist dochs ien te bemachtigjen. Op 'e [[afterparty]] stapte se (neffens it tsjûgenis fan [[Richard M. Sherman]]) op [[Walt Disney]] ôf en ferklearre mei útset lûd dat it tekenfilmsegmint út 'e film moast. Disney antwurde: "Pamela, dat is in passearre stasjon," en rûn fuort. De film gie op [[24&nbsp;septimber]] [[1964]] yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[bioskopen]] yn [[premiêre]]. It byhearrende [[soundtrack]]album ferskynde yn [[1964]] op [[LP]] by [[platemaatskippij]] [[Buena Vista Records]]. Op thúsmedia waard ''Mary Poppins'' foar it earst yn [[1980]] útbrocht op [[VHS]] en [[Betamax]]. Op [[4&nbsp;oktober]] [[1988]] ferskynde de film op 'e nij op VHS-[[keapfideo]]. Yn [[1998]] wie it de earste film dy't troch The Walt Disney Company op [[dvd]] útbrocht waard. De earste [[blu-ray]]ferzje fan ''Mary Poppins'' ferskynde op [[10&nbsp;desimber]] [[2013]]. ==Untfangst== Fan 'e [[filmkritisy]] krige ''Mary Poppins'' rûnom lof. Sa omskreau [[Bosley Crowther]] fan ''[[The New York Times]]'' de film as "in alderprachtichste, opfleurjende rôlprint." Yn it [[tydskrift]] ''[[Variety (tydskrift)|Variety]]'' priizge Whitney Williams yn 't bysûnder de [[muzyk|muzikale]] dielen fan 'e film en it [[aktearjen]] fan [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. It blêd ''[[Time (tydskrift)|Time]]'' skreau: "De [[filmset|sets]] binne wielderich, de [[liet]]en lustich, it [[senario]] is [[humor]]istysk mar treftich [[sentimintaliteit|sentiminteel]], en de ûnderstypjende [[cast]] berikt op in hier nei de perfeksje." Yn ''[[The Hollywood Reporter]]'' priizge James Powers it aktearjen, de [[special effects]], de [[filmmuzyk]], it [[produksje-ûntwerp]] en de [[goreografy]]. Konkludearjend stelde er fêst dat "''Mary Poppins'' in film [is], dy't, mear as de measten, in triomf fan in grut tal ûnderskate bydragen is. En de spesjale triomf fan dizze film is dat er it wurk liket te wêzen fan ien inkele, gearhingjende yntelliginsje." Yn it tydskrift ''[[Life (tydskrift)|Life]]'' hie Ann Guerin [[krityk]] op 'e feroarings dy't de film yn it ferhaal fan it boek oanbrocht, yn 't bysûnder wat it tekenfilmsegmint oanbelange. Se murk op: "Guon opienfolgings fan [[sêne]]s hawwe echte [[sjarme]], en faaks dat [[bern (persoan)|bern]] dy foar sûkerswiet opite sille. Mar as [[folwoeksene]] fûn ik it in bytsje tefolle fan it goede." Har konklúzje wie: "Mei in bytsje mear tebekhâldendheid en in bytsje minder ferbettering fan it orizjineel wiene al dy pluspunten fan 'e film safolste better út 'e ferve kommen." Op 'e [[webside]] [[Rotten Tomatoes]], dy't resinsjes sammelet, hat ''Mary Poppins'' in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 54 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In wielderich modern [[mearke]], fierd om syn ferbjusterjende special effects, oanstekkende [[ferske]]s en Julie Andrews har legendaryske aktearprestaasje yn 'e [[titelrol]]." Op [[Metacritic]], de wichtichste [[konkurrint]] fan Rotten Tomatoes, behellet ''Mary Poppins'' in goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 13 resinsjes. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' troch de [[Library of Congress]] foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]] útornearre omreden fan [[kulturele]], [[histoarysk]]e en/of [[estetysk]]e wearde. [[File:Mary Poppins9.jpg|right|thumb|250px|[[Dick Van Dyke]] as Bert, [[dûns]]jend mei [[animaasjefilm|animearre]] [[pinguïns]] yn it [[tekenfilm]]segmint fan ''Mary Poppins''.]] ==Resultaat== ===Opbringst=== ''Mary Poppins'' draaide yn 'e [[Feriene Steaten]] en [[Kanada]] yn [[1964]] en [[1965]] mear as 32 wiken yn 'e [[bioskopen]] en brocht dêrby $31&nbsp;miljoen op. Yn it [[Feriene Keninkryk]] waarden foar de film 14&nbsp;miljoen [[tagongskaartsje|kaartsjes]] ferkocht. Hoewol't ûnbekend is wat de totale wrâldwide [[opbringst (jild)|opbringst]] fan 'e film wie, soe de folslein skjinne [[winst (ûndernimming)|winst]] yn [[1965]] $28,5&nbsp;miljoen bedroegen hawwe. Dêrmei wie ''Mary Poppins'' de meast opbringende film fan [[1964]]. [[Walt Disney]] brûkte dat jild om lân by [[Orlando (Floarida)|Orlando]] yn sintraal [[Floarida]] te keapjen en dêr de bou fan it [[ferdivedaasjepark]] [[Walt Disney World|Disney World]] te [[finansieren]]. Yn [[1973]] waard ''Mary Poppins'' op 'e nij yn 'e bioskoop útbrocht ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan [[Walt Disney Productions]]; doe waard der nochris $9&nbsp;miljoen fertsjinne. Yn [[1980]] waard de film foar de trêde kear yn 'e bioskoop brocht, mei in resultaat fan $14&nbsp;miljoen. Nei letter noch ferskate oare kearen yn 'e bioskopen draaid te hawwen, stiet anno [[2023]] de totale [[opbringst (jild)|opbringst]] fan ''Mary Poppins'' yn [[Noard-Amearika]] op $103,1&nbsp;miljoen. ===Prizen=== Yn [[1965]] waard ''Mary Poppins'' by de [[Oscar]]s nominearre foar 13 [[priis (ûnderskieding)|prizen]], wêrûnder [[Oscar foar Bêste Film|bêste film]], bêste [[regisseur]], bêste adaptearre [[senario]], bêste [[kamerarezjy]] ([[kleurefilm|kleur]]), bêste [[artdirection]] (kleur), bêste [[kostúm]]ûntwerp (kleur), bêste [[soundtrack]] en bêste [[lûd]]. De film wûn 5 Oscars, foar bêste [[aktrise]] ([[Julie Andrews]]), bêste [[filmmontaazje]] ([[Cotton Warburton]]), bêste [[filmmuzyk]] ([[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]]), bêste [[liet]] (''[[Chim Chim Cher-ee]]'' fan 'e bruorren Sherman) en bêste [[special effects]] ([[Peter Ellenshaw]], [[Eustace Lycett]] en [[Hamilton S. Luske]]) By de [[Golden Globe]]s waard ''Mary Poppins'' nominearre yn 4 [[kategory]]en, wêrûnder [[Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje|bêste film (musical of komeedzje)]], bêste [[akteur]] yn in [[filmmusical|musical]] of [[komeedzjefilm|komeedzje]] ([[Dick Van Dyke]]) en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn de Golden Globe foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje ([[Julie Andrews]]). By de [[BAFTA's]] de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmprizen, wûn Andrews yn 'e kategory meast ûnthjittende nijynkommeling yn in haadrol. ''Mary Poppins'' wûn fierders ek 2 [[Grammy Award]]s, de wichtichste Amerikaanske prizen op it mêd fan [[muzyk]], foar bêste opname foar bern en bêste orizjinele filmmuzyk. ==Films oer tastânkomming en ferfolchfilm== De problematyske [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] fan [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] mei [[P.L. Travers]], de geastlike mem fan it [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], wie it ûnderwerp fan twa [[dokumintêre]]s oer de tastânkomming fan 'e film ''Mary Poppins''. Dat binne ''The Shadow of Mary Poppins'', út [[2002]], en ''The Real Mary Poppins'' út [[2013]]. Oer harren relaasje waard ek it [[biografyske film|biografyske]] [[dramafilm|filmdrama]] ''[[Saving Mr. Banks]]'' makke, út [[2013]], mei [[Tom Hanks]] as Disney en [[Emma Thompson]] as Travers. Yn [[desimber]] [[2018]] waard fierders troch [[Walt Disney Pictures]] in [[ferfolch]] op ''Mary Poppins'' útbrocht, mei as titel ''[[Mary Poppins Returns]]''. Dy film spilet 25 jier letter en is in op him sels steande adaptaasje fan 'e restearjende sân boeken út Travers har [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]]. [[Emily Blunt]] spile de titelrol, wylst [[Dick Van Dyke]] weromkearde as dhr. Dawes jr. ==Keppelings om utens== * {{en}} [http://movies.disney.com/mary-poppins Offisjele webside fan ''Mary Poppins''] * {{en}} [http://www.imdb.com/title/tt0058331/ Ynformaasje oer ''Mary Poppins'' yn 'e Internet Movie Database (IMDb)] {{boarnen|boarnefernijing= Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Mary_Poppins_(film) ''References'', op dizze side]. ---- {{commonscat|Mary Poppins (film)}} }} {{DISPLAYTITLE:''Mary Poppins'' (film)}} [[Kategory:Amerikaanske fantasyfilm]] [[Kategory:Amerikaanske komeedzjefilm]] [[Kategory:Amerikaanske histoaryske film]] [[Kategory:Amerikaanske filmmusical]] [[Kategory:Amerikaanske famyljefilm]] [[Kategory:Fantasykomeedzjefilm]] [[Kategory:Histoaryske fantasyfilm]] [[Kategory:Histoaryske komeedzjefilm]] [[Kategory:Komeedzjefilmmusical]] [[Kategory:Histoaryske filmmusical]] [[Kategory:Fantasyfilmmusical]] [[Kategory:Film mei live-action en animaasje]] [[Kategory:Ingelsktalige film]] [[Kategory:Film fan Walt Disney Pictures]] [[Kategory:Film fan Robert Stevenson]] [[Kategory:Film út 1964]] [[Kategory:Film oer in gûvernante of bernefamke]] [[Kategory:Film oer in bern]] [[Kategory:Film oer tsjoenderij]] [[Kategory:Film oer suffrazjettes]] [[Kategory:Film basearre op in literêr wurk]] 2oar4s7hsjp3h5wujaztiupa0j20lmx 1242145 1242144 2026-10-07T12:15:30Z CommonsDelinker 353 "Marypoppinssetdesign.jpg" is op Commons fuorthelle [[c:User:Christian Ferrer|Christian Ferrer]] om't: per [[:c:Commons:Deletion requests/Files in Category:Mary Poppins (film)|]]. 1242145 wikitext text/x-wiki {{Universele ynfoboks film | ôfbylding = Mary Poppins6.jpg | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = | ferwizing = '''(''[[:en:File:Marypoppins.jpg|Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy]]'')''' | namme = ''Mary Poppins'' | regisseur = [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] | produsint = [[Walt Disney]] | útfierend produsint = | senario = [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]]<br>[[Don DaGradi]] | basearre op = [[Mary Poppins (romansearje)|de romansearje]] fan [[P.L. Travers]] | kamerarezjy = [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]] | muzyk = [[Inwin Kostal]] <small>([[soundtrack]])</small><br>[[bruorren Sherman]] <small>([[liet]]en)</small> | filmstudio = [[Walt Disney Productions]] | distribúsje = [[Walt Disney Studios Motion Pictures|Buena Vista Distribution]] | haadrollen = [[Julie Andrews]]<br> [[Dick Van Dyke]] | voice-over = | byrollen = [[David Tomlinson]]<br> [[Glynis Johns]]<br> [[Karen Dotrice]]<br> [[Matthew Garber]] | lân/lannen = [[File:Flag of the United States.svg|border|20px]] [[Feriene Steaten]] | premiêre = [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] | direkt op fideo = | foarm = [[langspylfilm|lange]] [[filmmusical]] | sjenre = [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]]-<br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[komeedzjefilm]] | taal = [[Ingelsk]] | spyltiid = 139 minuten | budget = $4,4–6&nbsp;miljoen | opbringst = $103,1&nbsp;miljoen <small>([[Noard-Amearika]])</small> | prizen = 5× [[Oscar]]<br>1× [[Golden Globe]]<br>2× [[Grammy Award]]<br>1× [[BAFTA]] | filmsearje = ''Mary Poppins'' | foarich diel = | folgjend diel = ''[[Mary Poppins Returns]]'' }} '''''Mary Poppins''''' is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]][[komeedzjefilm]], [[filmmusical]] en [[famyljefilm]] yn [[Technicolor]] út [[1964]]. De [[film]] stie ûnder [[rezjy]] fan [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] en hie yn 'e [[haadrol]]len [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. De [[titel (namme)|titel]] ferwiist nei de [[haadpersoan]]. De film waard basearre op 'e [[romansearje]] mei [[Mary Poppins (romansearje)|deselde namme]] fan [[skriuwster]] [[P.L. Travers]]. It [[plot|ferhaal]] giet oer in [[rykdom|rike]], mar net-funksjonearjende [[Ingelân|Ingelske]] [[húshâlding]] mei twa jonge [[bern (persoan)|bern]] yn it [[Londen]] fan [[1910]], dêr't regaad makke wurdt troch [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], in [[gûvernante]] dy't [[tsjoenderij|tsjoene]] kin. Mei har [[magy]]ske krêften ferbetteret hja de dynamyk yn it [[gesin]], om dêrnei like hommels wer ôf te setten as hja kommen is. ''Mary Poppins'' waard tige goed ûntfongen troch de [[filmkritisy]] en wie yn 'e [[bioskopen]] in grut [[kommersje]]el súkses as de meast [[opbringst (jild)|opbringende]] film fan [[1964]]. De film waard bekroane mei 5 [[Oscar]]s, in [[Golden Globe]], twa [[Grammy Award]]s en in [[BAFTA]]. Julie Andrews wûn mei har [[aktearprestaasje]] yn 'e [[titelrol]] in BAFTA en sawol de Oscar as de Golden Globe yn 'e [[kategory]] bêste [[aktrise]]. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]]. Datselde jiers waard de film ''[[Saving Mr. Banks]]'' útbrocht, in [[biografyske film|biografysk]] [[dramafilm|drama]] oer de tastânkomming fan ''Mary Poppins''. In [[ferfolchfilm]], ''[[Mary Poppins Returns]]'', kaam út yn [[2018]]. ==Plot== Yn [[Londen]] yn 'e [[maityd]] fan [[1910]] keart [[bank (finansjele ynstelling)|bankmeiwurker]] George Banks oan 'e ein fan 'e dei werom nei hûs. Fan syn [[oarehelte|frou]] Winifred, dy't aktyf is by de [[suffrazjette]]s, heart er dat de [[gûvernante]] fan harren [[bern (persoan)|bern]] Jane en Michael [[ûntslach]] nommen hat om't de bern net te hanthavenjen binne. Hjoed is no al de fjirde kear yn in [[wike]] dat se útnaaid binne. As Banks de [[plysje]] skillet om 'e bern as [[fermist]] op te jaan, wurde se krekt thúsbrocht troch [[plysje]] Jones, dy't harren allinne oan 'e fierste kant fan it [[park]] oantroffen hat. It docht bliken dat se safier ôfdwaald wiene om't se by it [[draakje (boartersguod)|draakjefleanen]] efter in losslein draakje oan sieten. De bern freegje Banks om harren te helpen en ûntwerp in better draakje, mar dat stegeret er ôf om't er wol wichtiger dingen oan 'e holle hat. Om't it mei it lêste espel gûvernantes dat Winifred oannommen hat, hieltyd op deselde wize ôftriedde is, nimt Banks it op him om diskear sels in nije gûvernante te sykjen. Jane en Michael komme op 'e lapen mei in selsopstelde [[fakatuere]] foar in [[sympaty|sympatikere]], leavere gûvernante, mar dat fynt Banks grutte flauwekul, dat hy ferskuort harren bryfke en smyt de snipels yn 'e [[iepen hurd]] (dy't net oan is). Ynstee pleatst er in [[miny-advertinsje|advertinsje]] yn ''[[The Times]]'' foar in strange gûvernante, dy't gjin rare fratsen duldet. Underwilens sûcht lykwols in sterke [[wyn (waar)|wynfleach]] de snipels fan it bryfke fan 'e bern omheech troch de [[skoarstien]], wêrnei't se fuortdwarrelje troch de [[loft]]. De oare [[moarn (deidiel)|moarns]] stiet der in hiele rige âldere, soersjende gûvernantes by de Banks' foar de doar om op [[sollisitaasjepetear]]. Ear't Banks lykwols ree is om oan [[húshâldster]] Ellen opdracht te jaan en lit se ien foar ien yn, stekt der in sterke wyn op, dy't de hiele kliber fan 'e sokken blaast en fuortwaait. Dat foarfal binne lykwols inkeld Jane en Michael tsjûge fan, en Andrew, it [[hûn]]tsje fan juffer Lark, de [[buorfrou]] fan 'e famylje Banks. Datselde jildt ek foar wat dêrnei bart: in jonge, [[skientme|tsjeppe]] [[frou]] komt út 'e loft oansaaien, hingjend oan har [[paraplu]], en lânet lichtfuottich op 'e [[stoepe]] fan 'e [[filla]] fan 'e famylje Banks. As Ellen har ynlit, docht bliken dat dizze [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] George Banks maklik mei wurden oer kin. Hja presintearret kalmkes de wer hiele, troch de bern opstelde fakatuere oan 'e [[alteraasje|feralterearre]] Banks, wêrnei't se harsels oannimt as gûvernante en him oanpraat dat dat syn idee wie. {{Plotbedjer film}} Nei't se mei Jane en Michael yn 'e kunde kommen is, helpt se harren om 'e [[bernekeamer]] op te romjen troch dêrfoar [[tsjoenderij]] yn te setten. De bern binne dan op slach ferkocht. Neitiid nimt Mary harren mei foar in eintsje [[kuierjen]] yn it park, dêr't se Mary har [[freonskip|freon]] Bert treffe. Dat is in [[Cockney]]-sprekkende hantsjemuoisfeint út 'e [[arbeidersklasse]], dy't dy deis wurket as [[trottoirskilderjen|trottoirskilder]]. Mary brûkt har [[magy]] om harsels, Bert en de bern oer te bringen yn ien fan Bert syn [[tekening]]s. Wylst de bern op in [[draaimole (merke)|draaimole]] ride, kuierje Mary en Bert in stikje, [[sang|sjonge]] in [[ferske]] en [[flirt]]e wat. Nei't se har wer by de bern jûn hawwe, betsjoent Mary de draaimolehynders sadat se dermei út te riden gean kinne troch it [[plattelân]]. Dêr kruse se it paad fan in [[foksejacht]]; Bert rêdt de [[foks]], wêrnei't se op in [[draafbaan]] bedarje, dêr't Mary op har draaimolehynder meidocht oan in [[hurddraverij]] en wint. Om 'e oerwinning te beskriuwen, brûkt se it ûnsinwurd "supercalifragilisticexpialidocious" ({{Audio|Supercalifragilisticexpialidocious.ogg|beharkje}}). It útstapke einiget abrupt as it yn Londen begjint te [[stjalprein]]en. Bert syn kryttekening spielt dêrtroch fuort, mei as gefolch dat de fjouwer aventoerslju weromskuord wurde nei de echte wrâld. De oare deis sille Mary en de bern om [[boadskipjen|boadskippen]], mar Mary, dy't blykber mei [[bisten]] prate kin, wurdt troch it hûntsje Andrew warskôge dat it wer safier is mei Bert syn [[omke]] Albert. Dat, se nimt de bern mei dêrhinne. Omke Albert blykt in eksintryk âldman te wêzen dy't, trochdat er net mear ophâlde kin fan [[laitsjen]], omheech [[sweven|sweeft]] is nei it [[plafon]] fan syn [[wente]]. Mary, Bert en de bern jouwe harren dêr by him om te [[teedrinken]], wêrby't se in protte [[grap]]pen fertelle. As George Banks de ferhalen fan Jane en Michael heart oer [[hynsteriden]] op draaimolehynders en teedrinken by it plafon, rekket er [[lulkens|opsternaat]] om't it no krekt de bedoeling wie dat de nije gûvernante de bern ôfleart sokke ûnsinpraatsjes te ferkeapjen, yn pleats dat se it harren bybringt. Hy ropt Mary Poppins by him en drigemintet mei ûntslach, mar sy [[manipulaasje|manipulearret]] him om deryn ta te stimmen dat er de bern de oare deis meinimt nei syn wurk. Dy [[jûn]]s fertelt Mary de bern oer it âldwyfke dat op 'e [[treppen]]s foar de [[Sint-Pauluskatedraal (Londen)|Sint-Pauluskatedraal]] sit en de minsken oanfiteret om 'e [[do (fûgel)|dowen]] te fuorjen dy't om har hinne fladderje. No wol it tafal dat de bank dêr't George Banks wurket, fuort foar de Sint-Pauluskatedraal oer stiet, dat wannear't Banks de oare deis de bern meinimt nei de bank, sjocht Michael it âldwyfke sitten. Hy hat in [[muntstik|munt]], in ''[[tuppence (Britske pre-desimale munt)|tuppence]]'', en dy wol er besteegje oan foer om 'e fûgels te fuorjen, sa't it âldwyfke graach wol. Banks leit dêr fluch it near op en skuort him mei nei de bank. Syn baas, de âlde hear Dawes jr., wol witte wat dy bern hjir moatte, dat Banks seit it earste dat yn him opkomt: Michael hat in ''tuppence'' en wol in [[bankrekken]] iepenje. As de eigner fan 'e bank, de tige âlde hear Dawes sr., dat heart, fiteret er Michael op agressive wize oan om syn ''tuppence'' by syn bank te ynvestearjen. Uteinlik roppet er it jonkje de munt sels út 'e hân wei. Dêrop easket Michael mei útset lûd syn jild werom, wêrmei't er by fersin in [[bankrun]] feroarsaket as oare klanten bang reitsje dat de Dawes Bank harren jild ek net weromjaan wol. Nei't Michael syn ''tuppence'' weromgrypt hat, naaie hy en Jane út, wêrnei't se ferdwaald reitsje yn it Londenske [[East End (Londen)|East End]], it diel fan 'e stêd dêr't de lju út 'e [[arbeidersklasse]] wenje. Op 't langelêst treffe se by tafal Bert wer, dy't dizze dei as [[skoarstienreager]] wurket. Hy bringt harren thús, mar om't Mary [[frije tiid|frij]] hat, de húshâldster en de [[kokkinne]] oar wurk hawwe en sysels nei in gearkomste fan 'e suffrazjettes moat, set Winifred him fuort oan it wurk as [[babysitter|berne-oppas]]. As de beide bern troch de skoarstien omheech sûgd wurde nei it [[dak]], freget Bert Mary Poppins om help, ek al is it har [[frije dei]]. Op it dak fine se de bern werom, en dêr treffe se ek in hiele kloft oare mei [[ruot]] besmodzge skoarstienreagers. Mei syn allen [[dûns]]je en sjonge se op 'e dakken, oant [[admiraal]] Boom, in eksintrike buorman fan 'e famylje Banks, harren oansjocht foar [[ynbrekker]]s en mei syn [[kanon (wapen)|skipskanon]] in lading [[fjoerwurk]] op harren ôfsjit. Wannear't Banks en de frou wer thúskomme, treffe se de skoarstienreagers al dûnsjend en sjongend yn harren [[wenkeamer]] oan, wêrnei't Bert syn maten fuortstjoert. Banks wurd opskille troch dhr. Dawes jr., dy't him freget om dy jûns nei de bank ta te kommen foar in petear oer wat syn bern oanrjochte hawwe. Tusken de regels troch lit er trochskimerje dat Banks ûntslein wurde sil. Jane en Michael hearre de iene helte fan it [[tillefoan]]petear en beseffe dat se har heit yn 'e swierrichheden brocht hawwe. Michael jout de fûl befochten ''tuppence'' oer om it goed te meitsjen. Bert praat in skoftke op Banks yn, wêrby't er him op [[slûchslimmens|slûchslimme]] wize oan it ferstân bringt dat er mear tiid mei syn bern trochbringe moat foar't se dêr te âld foar binne. By de moeting yn 'e bank wurdt Banks op [[fernedering|fernederjende]] wize syn ûntslach oansein. As him frege wurdt oft er dêr noch wat op te sizzen hat, sjocht er sykjend om wurden nei de ''tuppence'' yn syn hân, en blaft er derút: "Supercalifragilisticexpialidocious!" Ek fertelt er in [[mop]] fan omke Albert dy't er earder fan Michael heard hie ("Ik ken in man mei in houten poat dy't Smith hjit." Antwurd: "O ja? En hoe hjit syn oare skonk?"). Dêrnei jout er him laitsjend ôf nei hûs. Dhr. Dawes sr. [[prakkesearjen|prakkesearret]] djip oer de mop nei, oant de klû him lang om let begjint te daagjen. Dêrop moat er ûnbedaarlik laitsje, wêrby't er, krekt as omke Albert, omheech sweeft nei it plafon, ta skrik fan syn soan Dawes jr. en de oare leden fan it bankbestjoer. De oare deis draait de wyn, en mei't Mary Poppins yn 't foar sein hie dat se inkeld sa lang bliuwe soe as de wyn út deselde hoeke kaam, betsjut dat de ein fan har ferbliuw by de famylje Banks. In [[gelokkigens|gelokkiger]] Banks hat ûnderwilens it stikkene draakje fan syn bern reparearre en giet mei de hiele húshâlding nei it park te draakjefleanen. Dêr moetet er dhr. Dawes jr. en de oare bestjoersleden fan 'e bank, dy't ek oan it draakjefleanen binne. Dawes fertelt dat syn heit, dhr. Dawes sr., him de foargeande jûns dealake hat. Hoewol't him dat wol [[spyt]], hied er de âldman noch nea sa gelokkich sjoen as fuort foar syn [[ferstjerren]]. Hy hat dêrom besletten om Banks syn [[baan (wurk)|baan]] werom te jaan en him boppedat de frijkommen sit yn it bankbestjoer te jaan. Mei har wurk dien, brûkt Mary Poppins ûnderwilens har paraplu om fuort te sweven. As se oerkomt, ropt Bert har ta om net te lang fuort te bliuwen. ==Ferskes== # ''Life I Lead'' # ''Perfect Nanny'' # ''[[A Spoonful of Sugar]]'' # ''Jolly Holiday'' # ''[[Supercalifragilisticexpialidocious]]'' # ''I Love to Laugh'' # ''Feed the Birds'' # ''[[Fidelity Fiduciary Bank]]'' # ''[[Chim Chim Cher-ee]]'' # ''Step in Time'' # ''A Man Has Dreams'' # ''Let's Go Fly a Kite'' ==Rolferdieling== [[File:Mary Poppins5.jpg|right|thumb|220px|[[Julie Andrews]] as [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]].]] [[File:Mary Poppins3.jpg|right|thumb|220px|[[Dick Van Dyke]] as Bert.]] [[File:Mary Poppins4.jpg|right|thumb|220px|[[David Tomlinson]] as George Banks.]] [[File:Mary Poppins12.jpg|right|thumb|220px|[[Hermione Baddeley]] en [[Reta Shaw]] as Ellen de [[húshâldster]] en frou Brill, de [[kokkinne]].]] ;haadrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise'''&nbsp;&nbsp;&nbsp; |- | [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] | [[Julie Andrews]] |- | Bert | [[Dick Van Dyke]] |- |} <br> ;byrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise''' |- | George Banks | [[David Tomlinson]] |- | Winifred Banks | [[Glynis Johns]] |- | Jane Banks | [[Karen Dotrice]] |- | Michael Banks | [[Matthew Garber]] |- | Ellen de [[húshâldster]] | [[Hermione Baddeley]] |- | frou Brill de [[kokkinne]] | [[Reta Shaw]] |- | dhr. Dawes sr. | [[Dick Van Dyke]] |- | dhr. Dawes jr. | [[Arthur Malet]] |- | Katie Nanna | [[Elsa Lanchester]] |- | [[plysjeman]] Jones | [[Arthur Treacher]] |- | [[omke]] Albert | [[Ed Wynn]] |- | [[admiraal]] Boom | [[Reginald Owen]] |- | [[earste stjoerman]] Binnacle | [[Don Barclay (akteur)|Don Barclay]] <small>(fysyk)</small> en [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | Mary Poppins har [[pappegaai]]-[[paraplu]] | [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | juffer Lark | [[Marjorie Bennett]] |- | it 'fûgelwyfke' | [[Jane Darwell]] <small>(fysyk)</small> en [[Robert B. Sherman]] <small>(stim)</small> |- | juffer Persimmon | [[Marjorie Eaton]] |- | [[portier (berop)|portier]] by de [[bank (finansjele ynstelling)|bank]] | [[James Logan (akteur)|James Logan]] |- | frou Corry | [[Alma Lawton]] |- | âldwiif | [[Betty Lou Gerson]] |- | man yn bank | [[Kay E. Kuter]] |- | frou yn bank #1 | [[Doris Lloyd]] |- | frou yn bank #2 | [[Queenie Leonard]] |- | style="background:gold" colspan="2" style="text-align:center;"| '''stimakteurs tekenfilmsegmint''' |- | [[pearelparkyt]]wyfke | [[Julie Andrews]] |- | pearleparkytmantsje | [[Richard M. Sherman]] |- | pearelparkyt[[drummer]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | pearelparkyt[[banjo]]ïst | [[Robert B. Sherman]] |- | [[ko]] | [[Marc Breaux]] |- | [[lûkhynder]] | [[Paul Frees]] |- | [[skiep|raam]] | [[Bill Lee (sjonger)|Bill Lee]] |- | [[baarch]] | [[Thurl Ravenscroft]] |- | [[goes]] | [[Marni Nixon]] |- | [[laam|lammen]] | [[Ginny Tyler]] |- | [[skylpod]]den | [[Daws Butler]] |- | [[pinguïn]]-[[ober]] #1 | [[Daws Butler]] |- | pinguïn-ober #2 | [[Dallas McKennon]] |- | pinguïn-ober #3 | [[J. Pat O'Malley]] |- | pinguïn-ober #4 | [[Richard M. Sherman]] |- | pinguïn-ober #5 | [[David Tomlinson]] |- | [[draaimole (merke)|draaimole]]bewekker | [[Dallas McKennon]] |- | [[bloedhûn]] #1 | [[Sean McClory]] |- | bloedhûn #2 | [[Dallas McKennon]] |- | bloedhûn #3 | [[Alan Napier]] |- | bloedhûn #4 | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[foks]] | [[Dallas McKennon]] |- | [[jacht (aktiviteit)|jager]] | [[Alan Napier]] |- | [[rydhynder]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | jager-lieder | [[J. Pat O'Malley]] |- | bloedhûn #5 | [[George Pelling]] |- | [[jockey]] | [[David Tomlinson]] |- | [[fotograaf]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[ferslachjouwer]] #1 | [[George Pelling]] |- | ferslachjouwer #2 | [[J. Pat O'Malley]] |- | ferslachjouwer #3 | [[Alan Napier]] |- | ferslachjouwer #4 | [[Sean McClory]] |- |} ==Produksje en distribúsje== ===Foarskiednis=== ''Mary Poppins'' wie foar it meastepart basearre op ''[[Mary Poppins (roman)|Mary Poppins]]'', it earste diel út 'e [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]] fan 'e [[Austraalje (lân)|Australysk]]-[[Feriene Keninkryk|Britske]] [[skriuwster]] [[P.L. Travers]], dat ferskynde yn [[1934]]. De [[dochter]]s fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] fûnen it ferhaal sà moai, dat se him [[ûnthjit]]te lieten om it te ferfilmjen. Disney besocht al yn [[1938]] de [[filmrjochten]] fan Travers te keapjen, mar sy wegere, om't se net ferwachte dat in filmferzje har skepping rjocht dwaan soe. Fierders wie Disney doedestiden inkeld bekend as produsint fan [[tekenfilm]]s en hied er noch net in grutte [[live-action]]film makke. Mear as tweintich jier lang besocht Disney om 'e safolle tiid Travers oer te heljen om him in film oer har [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] meitsje te litten, oant se yn [[1961]] lang om let tajoech. Dêrby stelde se wol it betingst dat se sels it [[senario]] goedkarre moast. ===Produksje=== De úteinlike film wie Travers, dy't op 'e [[ôftiteling]] fermeld waard as "konsultante", net botte gelokkich mei. Se mocht net oer it fersêftsjen fan 'e skerpere kantsjes fan it [[karakter (persoanlikheid)|karakter]] fan Mary Poppins (dy't yn 'e boeken folle [[idelheid|ideler]] en folle ûnferskilliger foar de bern oer is). Fierders wifke Travers oer de fraach oft se de [[muzyk]] wol moai of gaadlik fûn en hie se sa'n grouwéligen hekel oan it tekenfilmsegmint, dat se it near lei op fierdere ferfilmings fan har wurk. Ek de [[bruorren Sherman]], dy't de [[liet]]en foar de film skreaune, wiene nau belutsen by de ûntjouwing fan 'e film. Sy wiene it, dy't foarstelden om it ferhaal net yn 'e [[1930-er jierren]] spylje te litten, lykas yn it boek fan Travers, mar yn [[1910]], in fearnsiuw earder. Travers woe dan it leafst ek muzyk út dy tiid brûke, mar dêr spriek Disney syn [[feto]] oer út. Uteinlik waard ''Mary Poppins'' [[regissearre]] troch [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] nei in [[senario]] fan [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]] en [[Don DaGradi]]. [[Walt Disney]] wie as [[filmprodusint|produsint]] by it projekt belutsen foar syn eigen [[filmstudio]] Walt Disney Productions (no [[Walt Disney Pictures]]). Foar de film wie in [[budget]] beskikber dêr't de skattings fan útinoar rinne fan [[$]]4,4 oant 6&nbsp;miljoen. De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]], en de [[filmmuzyk]] waard fersoarge troch [[Inwin Kostal]] ([[soundtrack]]) en [[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]] ([[ferske]]s). It [[tekenfilm|animearre]] filmsegmint waard regissearre troch [[Hamilton S. Luske]]. ===Casting=== Foar de [[titelrol]] fan [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] naam [[Walt Disney]] [[aktrise]]s as [[Julie Harris]], [[Angela Lansbury]] en [[Bette Davis]] yn omtinken. [[Julie Andrews]] hie op [[Broadway]] de rol fan Eliza Doolittle fertolke yn 'e [[toaniel]]produksje fan ''[[My Fair Lady (musical)|My Fair Lady]]'', en de ferwachting wie dêrom dat se deselde rol yn [[My Fair Lady (film)|'e filmadaptaasje]] taskood krije soe. Doe't se lykwols foarbyparte waard yn it foardiel fan [[Audrey Hepburn]], griep Disney syn kâns en socht er Andrews oan foar de rol fan Mary Poppins. Andrews wifele oer wat se dwaan moast, mei't se op dat stuit in fearnsjier [[swierwêzen|swier]] wie, mar Disney bewissige har derfan dat er de [[opnamen (film)|opnamen]] fan syn film útstelle soe oant nei't se [[befalling|befallen]] wie. Foar Andrews har manlike [[tsjinspiler]] yn 'e rol fan hantsjemuoisfeint Bert hie Walt Disney alderearst [[Cary Grant]] op it each, en doe't dat neat waard, naam er [[Laurence Harvey]] en [[Anthony Newley]] yn omtinken. Uteinlik [[cast]]e er lykwols [[Dick Van Dyke]] yn 'e rol nei't er ûnder de yndruk rekke wie fan dy syn [[aktearjen|aktearwurk]] yn ''[[The Dick Van Dyke Show]]''. Nei't de kar op him fallen wie, lobbyde Van Dyke om ek de rol fan dhr. Dawes sr. spylje te meien. Disney fielde dêr earst neat foar, mar Van Dyke krige syn sin nei't er der [[audysje]] foar dien hie. Hoewol't oer it algemien mei [[nocht]] weromtocht wurdt oan 'e Amerikaan Van Dyke yn 'e rol fan 'e [[Londen]]ske arbeider Bert, is freon en fijân it deroer iens dat syn neibearen fan in [[Cockney]]-[[aksint (útspraak)|aksint]] nearne nei liek. Sterker noch, it wurdt beskôge as ien fan 'e slimst mislearre aksinten yn 'e [[filmskiednis]], en it wurdt noch altyd as standertfoarbyld fan hoe't it net moat oanhelle troch oare akteurs. Van Dyke bewearde dat syn aksintcoach de [[Ingelsman]] fan [[Ieren (folk)|Iersk]] [[komôf]] [[J. Pat O'Malley]] wie, "dy't it aksint neat better neibeare koe as ik." Yn [[2017]], doe't bekendmakke waard dat Van Dyke in [[BAFTA Award]] (de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmpriiis) ûntfange soe, seid er: "Ik wurdearje dizze kâns om my te [[ûnskuldiging|ûntskuldigjen]] oan 'e leden fan 'e [[British Academy of Film and Television Arts]] foar it lije litten fan harren ûnder it alderferskriklikste Cockey-aksint út 'e skiednis fan 'e [[sinema]]." De [[foarsitter]] fan 'e Academy reägearre dêrop mei de wurden: "Wy sjogge út nei syn akseptaasjetaspraak yn hokfoar aksint er dy jûns ek mar foar kieze sil. It sil sûnder mis 'supercalifragilisticexpialidocious' wêze." ===Opnamen=== De [[opnamen (film)|opnamen]] foar ''Mary Poppins'' setten yn [[maaie]] [[1963]] útein en duorren oant en mei [[septimber]] fan dat jier. De film waard yn syn hiele hear en fear opnommen yn 'e [[Walt Disney Studios (Burbank)|Walt Disney Studios]] yn [[Burbank (Kalifornje)]], wêrby't gebrûk makke waard fan skildere [[Londen]]ske eftergrûnen. ===Distribúsje=== De [[filmdistribúsje|distribúsje]] fan ''Mary Poppins'' waard fersoarge troch Buena Vista Distribution, no [[Walt Disney Studios Motion Pictures]], de eigen filmdistribúsjedifysje fan [[The Walt Disney Company]]. De film gie op [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] yn [[Grauman's Chinese Theatre]] yn [[Los Angeles]] yn [[premiêre]]. [[P.L. Travers]] krige dêr gjin útnûging foar, mar wist dochs ien te bemachtigjen. Op 'e [[afterparty]] stapte se (neffens it tsjûgenis fan [[Richard M. Sherman]]) op [[Walt Disney]] ôf en ferklearre mei útset lûd dat it tekenfilmsegmint út 'e film moast. Disney antwurde: "Pamela, dat is in passearre stasjon," en rûn fuort. De film gie op [[24&nbsp;septimber]] [[1964]] yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[bioskopen]] yn [[premiêre]]. It byhearrende [[soundtrack]]album ferskynde yn [[1964]] op [[LP]] by [[platemaatskippij]] [[Buena Vista Records]]. Op thúsmedia waard ''Mary Poppins'' foar it earst yn [[1980]] útbrocht op [[VHS]] en [[Betamax]]. Op [[4&nbsp;oktober]] [[1988]] ferskynde de film op 'e nij op VHS-[[keapfideo]]. Yn [[1998]] wie it de earste film dy't troch The Walt Disney Company op [[dvd]] útbrocht waard. De earste [[blu-ray]]ferzje fan ''Mary Poppins'' ferskynde op [[10&nbsp;desimber]] [[2013]]. ==Untfangst== Fan 'e [[filmkritisy]] krige ''Mary Poppins'' rûnom lof. Sa omskreau [[Bosley Crowther]] fan ''[[The New York Times]]'' de film as "in alderprachtichste, opfleurjende rôlprint." Yn it [[tydskrift]] ''[[Variety (tydskrift)|Variety]]'' priizge Whitney Williams yn 't bysûnder de [[muzyk|muzikale]] dielen fan 'e film en it [[aktearjen]] fan [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. It blêd ''[[Time (tydskrift)|Time]]'' skreau: "De [[filmset|sets]] binne wielderich, de [[liet]]en lustich, it [[senario]] is [[humor]]istysk mar treftich [[sentimintaliteit|sentiminteel]], en de ûnderstypjende [[cast]] berikt op in hier nei de perfeksje." Yn ''[[The Hollywood Reporter]]'' priizge James Powers it aktearjen, de [[special effects]], de [[filmmuzyk]], it [[produksje-ûntwerp]] en de [[goreografy]]. Konkludearjend stelde er fêst dat "''Mary Poppins'' in film [is], dy't, mear as de measten, in triomf fan in grut tal ûnderskate bydragen is. En de spesjale triomf fan dizze film is dat er it wurk liket te wêzen fan ien inkele, gearhingjende yntelliginsje." Yn it tydskrift ''[[Life (tydskrift)|Life]]'' hie Ann Guerin [[krityk]] op 'e feroarings dy't de film yn it ferhaal fan it boek oanbrocht, yn 't bysûnder wat it tekenfilmsegmint oanbelange. Se murk op: "Guon opienfolgings fan [[sêne]]s hawwe echte [[sjarme]], en faaks dat [[bern (persoan)|bern]] dy foar sûkerswiet opite sille. Mar as [[folwoeksene]] fûn ik it in bytsje tefolle fan it goede." Har konklúzje wie: "Mei in bytsje mear tebekhâldendheid en in bytsje minder ferbettering fan it orizjineel wiene al dy pluspunten fan 'e film safolste better út 'e ferve kommen." Op 'e [[webside]] [[Rotten Tomatoes]], dy't resinsjes sammelet, hat ''Mary Poppins'' in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 54 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In wielderich modern [[mearke]], fierd om syn ferbjusterjende special effects, oanstekkende [[ferske]]s en Julie Andrews har legendaryske aktearprestaasje yn 'e [[titelrol]]." Op [[Metacritic]], de wichtichste [[konkurrint]] fan Rotten Tomatoes, behellet ''Mary Poppins'' in goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 13 resinsjes. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' troch de [[Library of Congress]] foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]] útornearre omreden fan [[kulturele]], [[histoarysk]]e en/of [[estetysk]]e wearde. [[File:Mary Poppins9.jpg|right|thumb|250px|[[Dick Van Dyke]] as Bert, [[dûns]]jend mei [[animaasjefilm|animearre]] [[pinguïns]] yn it [[tekenfilm]]segmint fan ''Mary Poppins''.]] ==Resultaat== ===Opbringst=== ''Mary Poppins'' draaide yn 'e [[Feriene Steaten]] en [[Kanada]] yn [[1964]] en [[1965]] mear as 32 wiken yn 'e [[bioskopen]] en brocht dêrby $31&nbsp;miljoen op. Yn it [[Feriene Keninkryk]] waarden foar de film 14&nbsp;miljoen [[tagongskaartsje|kaartsjes]] ferkocht. Hoewol't ûnbekend is wat de totale wrâldwide [[opbringst (jild)|opbringst]] fan 'e film wie, soe de folslein skjinne [[winst (ûndernimming)|winst]] yn [[1965]] $28,5&nbsp;miljoen bedroegen hawwe. Dêrmei wie ''Mary Poppins'' de meast opbringende film fan [[1964]]. [[Walt Disney]] brûkte dat jild om lân by [[Orlando (Floarida)|Orlando]] yn sintraal [[Floarida]] te keapjen en dêr de bou fan it [[ferdivedaasjepark]] [[Walt Disney World|Disney World]] te [[finansieren]]. Yn [[1973]] waard ''Mary Poppins'' op 'e nij yn 'e bioskoop útbrocht ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan [[Walt Disney Productions]]; doe waard der nochris $9&nbsp;miljoen fertsjinne. Yn [[1980]] waard de film foar de trêde kear yn 'e bioskoop brocht, mei in resultaat fan $14&nbsp;miljoen. Nei letter noch ferskate oare kearen yn 'e bioskopen draaid te hawwen, stiet anno [[2023]] de totale [[opbringst (jild)|opbringst]] fan ''Mary Poppins'' yn [[Noard-Amearika]] op $103,1&nbsp;miljoen. ===Prizen=== Yn [[1965]] waard ''Mary Poppins'' by de [[Oscar]]s nominearre foar 13 [[priis (ûnderskieding)|prizen]], wêrûnder [[Oscar foar Bêste Film|bêste film]], bêste [[regisseur]], bêste adaptearre [[senario]], bêste [[kamerarezjy]] ([[kleurefilm|kleur]]), bêste [[artdirection]] (kleur), bêste [[kostúm]]ûntwerp (kleur), bêste [[soundtrack]] en bêste [[lûd]]. De film wûn 5 Oscars, foar bêste [[aktrise]] ([[Julie Andrews]]), bêste [[filmmontaazje]] ([[Cotton Warburton]]), bêste [[filmmuzyk]] ([[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]]), bêste [[liet]] (''[[Chim Chim Cher-ee]]'' fan 'e bruorren Sherman) en bêste [[special effects]] ([[Peter Ellenshaw]], [[Eustace Lycett]] en [[Hamilton S. Luske]]) By de [[Golden Globe]]s waard ''Mary Poppins'' nominearre yn 4 [[kategory]]en, wêrûnder [[Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje|bêste film (musical of komeedzje)]], bêste [[akteur]] yn in [[filmmusical|musical]] of [[komeedzjefilm|komeedzje]] ([[Dick Van Dyke]]) en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn de Golden Globe foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje ([[Julie Andrews]]). By de [[BAFTA's]] de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmprizen, wûn Andrews yn 'e kategory meast ûnthjittende nijynkommeling yn in haadrol. ''Mary Poppins'' wûn fierders ek 2 [[Grammy Award]]s, de wichtichste Amerikaanske prizen op it mêd fan [[muzyk]], foar bêste opname foar bern en bêste orizjinele filmmuzyk. ==Films oer tastânkomming en ferfolchfilm== De problematyske [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] fan [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] mei [[P.L. Travers]], de geastlike mem fan it [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], wie it ûnderwerp fan twa [[dokumintêre]]s oer de tastânkomming fan 'e film ''Mary Poppins''. Dat binne ''The Shadow of Mary Poppins'', út [[2002]], en ''The Real Mary Poppins'' út [[2013]]. Oer harren relaasje waard ek it [[biografyske film|biografyske]] [[dramafilm|filmdrama]] ''[[Saving Mr. Banks]]'' makke, út [[2013]], mei [[Tom Hanks]] as Disney en [[Emma Thompson]] as Travers. Yn [[desimber]] [[2018]] waard fierders troch [[Walt Disney Pictures]] in [[ferfolch]] op ''Mary Poppins'' útbrocht, mei as titel ''[[Mary Poppins Returns]]''. Dy film spilet 25 jier letter en is in op him sels steande adaptaasje fan 'e restearjende sân boeken út Travers har [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]]. [[Emily Blunt]] spile de titelrol, wylst [[Dick Van Dyke]] weromkearde as dhr. Dawes jr. ==Keppelings om utens== * {{en}} [http://movies.disney.com/mary-poppins Offisjele webside fan ''Mary Poppins''] * {{en}} [http://www.imdb.com/title/tt0058331/ Ynformaasje oer ''Mary Poppins'' yn 'e Internet Movie Database (IMDb)] {{boarnen|boarnefernijing= Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Mary_Poppins_(film) ''References'', op dizze side]. ---- {{commonscat|Mary Poppins (film)}} }} {{DISPLAYTITLE:''Mary Poppins'' (film)}} [[Kategory:Amerikaanske fantasyfilm]] [[Kategory:Amerikaanske komeedzjefilm]] [[Kategory:Amerikaanske histoaryske film]] [[Kategory:Amerikaanske filmmusical]] [[Kategory:Amerikaanske famyljefilm]] [[Kategory:Fantasykomeedzjefilm]] [[Kategory:Histoaryske fantasyfilm]] [[Kategory:Histoaryske komeedzjefilm]] [[Kategory:Komeedzjefilmmusical]] [[Kategory:Histoaryske filmmusical]] [[Kategory:Fantasyfilmmusical]] [[Kategory:Film mei live-action en animaasje]] [[Kategory:Ingelsktalige film]] [[Kategory:Film fan Walt Disney Pictures]] [[Kategory:Film fan Robert Stevenson]] [[Kategory:Film út 1964]] [[Kategory:Film oer in gûvernante of bernefamke]] [[Kategory:Film oer in bern]] [[Kategory:Film oer tsjoenderij]] [[Kategory:Film oer suffrazjettes]] [[Kategory:Film basearre op in literêr wurk]] 6s8xmq37xqyr5yule6ix87z7l11ki5l 1242146 1242145 2026-10-07T12:16:39Z CommonsDelinker 353 "Mary_Poppins9.jpg" is op Commons fuorthelle [[c:User:Christian Ferrer|Christian Ferrer]] om't: per [[:c:Commons:Deletion requests/Files in Category:Mary Poppins (film)|]]. 1242146 wikitext text/x-wiki {{Universele ynfoboks film | ôfbylding = Mary Poppins6.jpg | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = | ferwizing = '''(''[[:en:File:Marypoppins.jpg|Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy]]'')''' | namme = ''Mary Poppins'' | regisseur = [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] | produsint = [[Walt Disney]] | útfierend produsint = | senario = [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]]<br>[[Don DaGradi]] | basearre op = [[Mary Poppins (romansearje)|de romansearje]] fan [[P.L. Travers]] | kamerarezjy = [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]] | muzyk = [[Inwin Kostal]] <small>([[soundtrack]])</small><br>[[bruorren Sherman]] <small>([[liet]]en)</small> | filmstudio = [[Walt Disney Productions]] | distribúsje = [[Walt Disney Studios Motion Pictures|Buena Vista Distribution]] | haadrollen = [[Julie Andrews]]<br> [[Dick Van Dyke]] | voice-over = | byrollen = [[David Tomlinson]]<br> [[Glynis Johns]]<br> [[Karen Dotrice]]<br> [[Matthew Garber]] | lân/lannen = [[File:Flag of the United States.svg|border|20px]] [[Feriene Steaten]] | premiêre = [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] | direkt op fideo = | foarm = [[langspylfilm|lange]] [[filmmusical]] | sjenre = [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]]-<br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[komeedzjefilm]] | taal = [[Ingelsk]] | spyltiid = 139 minuten | budget = $4,4–6&nbsp;miljoen | opbringst = $103,1&nbsp;miljoen <small>([[Noard-Amearika]])</small> | prizen = 5× [[Oscar]]<br>1× [[Golden Globe]]<br>2× [[Grammy Award]]<br>1× [[BAFTA]] | filmsearje = ''Mary Poppins'' | foarich diel = | folgjend diel = ''[[Mary Poppins Returns]]'' }} '''''Mary Poppins''''' is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]][[komeedzjefilm]], [[filmmusical]] en [[famyljefilm]] yn [[Technicolor]] út [[1964]]. De [[film]] stie ûnder [[rezjy]] fan [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] en hie yn 'e [[haadrol]]len [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. De [[titel (namme)|titel]] ferwiist nei de [[haadpersoan]]. De film waard basearre op 'e [[romansearje]] mei [[Mary Poppins (romansearje)|deselde namme]] fan [[skriuwster]] [[P.L. Travers]]. It [[plot|ferhaal]] giet oer in [[rykdom|rike]], mar net-funksjonearjende [[Ingelân|Ingelske]] [[húshâlding]] mei twa jonge [[bern (persoan)|bern]] yn it [[Londen]] fan [[1910]], dêr't regaad makke wurdt troch [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], in [[gûvernante]] dy't [[tsjoenderij|tsjoene]] kin. Mei har [[magy]]ske krêften ferbetteret hja de dynamyk yn it [[gesin]], om dêrnei like hommels wer ôf te setten as hja kommen is. ''Mary Poppins'' waard tige goed ûntfongen troch de [[filmkritisy]] en wie yn 'e [[bioskopen]] in grut [[kommersje]]el súkses as de meast [[opbringst (jild)|opbringende]] film fan [[1964]]. De film waard bekroane mei 5 [[Oscar]]s, in [[Golden Globe]], twa [[Grammy Award]]s en in [[BAFTA]]. Julie Andrews wûn mei har [[aktearprestaasje]] yn 'e [[titelrol]] in BAFTA en sawol de Oscar as de Golden Globe yn 'e [[kategory]] bêste [[aktrise]]. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]]. Datselde jiers waard de film ''[[Saving Mr. Banks]]'' útbrocht, in [[biografyske film|biografysk]] [[dramafilm|drama]] oer de tastânkomming fan ''Mary Poppins''. In [[ferfolchfilm]], ''[[Mary Poppins Returns]]'', kaam út yn [[2018]]. ==Plot== Yn [[Londen]] yn 'e [[maityd]] fan [[1910]] keart [[bank (finansjele ynstelling)|bankmeiwurker]] George Banks oan 'e ein fan 'e dei werom nei hûs. Fan syn [[oarehelte|frou]] Winifred, dy't aktyf is by de [[suffrazjette]]s, heart er dat de [[gûvernante]] fan harren [[bern (persoan)|bern]] Jane en Michael [[ûntslach]] nommen hat om't de bern net te hanthavenjen binne. Hjoed is no al de fjirde kear yn in [[wike]] dat se útnaaid binne. As Banks de [[plysje]] skillet om 'e bern as [[fermist]] op te jaan, wurde se krekt thúsbrocht troch [[plysje]] Jones, dy't harren allinne oan 'e fierste kant fan it [[park]] oantroffen hat. It docht bliken dat se safier ôfdwaald wiene om't se by it [[draakje (boartersguod)|draakjefleanen]] efter in losslein draakje oan sieten. De bern freegje Banks om harren te helpen en ûntwerp in better draakje, mar dat stegeret er ôf om't er wol wichtiger dingen oan 'e holle hat. Om't it mei it lêste espel gûvernantes dat Winifred oannommen hat, hieltyd op deselde wize ôftriedde is, nimt Banks it op him om diskear sels in nije gûvernante te sykjen. Jane en Michael komme op 'e lapen mei in selsopstelde [[fakatuere]] foar in [[sympaty|sympatikere]], leavere gûvernante, mar dat fynt Banks grutte flauwekul, dat hy ferskuort harren bryfke en smyt de snipels yn 'e [[iepen hurd]] (dy't net oan is). Ynstee pleatst er in [[miny-advertinsje|advertinsje]] yn ''[[The Times]]'' foar in strange gûvernante, dy't gjin rare fratsen duldet. Underwilens sûcht lykwols in sterke [[wyn (waar)|wynfleach]] de snipels fan it bryfke fan 'e bern omheech troch de [[skoarstien]], wêrnei't se fuortdwarrelje troch de [[loft]]. De oare [[moarn (deidiel)|moarns]] stiet der in hiele rige âldere, soersjende gûvernantes by de Banks' foar de doar om op [[sollisitaasjepetear]]. Ear't Banks lykwols ree is om oan [[húshâldster]] Ellen opdracht te jaan en lit se ien foar ien yn, stekt der in sterke wyn op, dy't de hiele kliber fan 'e sokken blaast en fuortwaait. Dat foarfal binne lykwols inkeld Jane en Michael tsjûge fan, en Andrew, it [[hûn]]tsje fan juffer Lark, de [[buorfrou]] fan 'e famylje Banks. Datselde jildt ek foar wat dêrnei bart: in jonge, [[skientme|tsjeppe]] [[frou]] komt út 'e loft oansaaien, hingjend oan har [[paraplu]], en lânet lichtfuottich op 'e [[stoepe]] fan 'e [[filla]] fan 'e famylje Banks. As Ellen har ynlit, docht bliken dat dizze [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] George Banks maklik mei wurden oer kin. Hja presintearret kalmkes de wer hiele, troch de bern opstelde fakatuere oan 'e [[alteraasje|feralterearre]] Banks, wêrnei't se harsels oannimt as gûvernante en him oanpraat dat dat syn idee wie. {{Plotbedjer film}} Nei't se mei Jane en Michael yn 'e kunde kommen is, helpt se harren om 'e [[bernekeamer]] op te romjen troch dêrfoar [[tsjoenderij]] yn te setten. De bern binne dan op slach ferkocht. Neitiid nimt Mary harren mei foar in eintsje [[kuierjen]] yn it park, dêr't se Mary har [[freonskip|freon]] Bert treffe. Dat is in [[Cockney]]-sprekkende hantsjemuoisfeint út 'e [[arbeidersklasse]], dy't dy deis wurket as [[trottoirskilderjen|trottoirskilder]]. Mary brûkt har [[magy]] om harsels, Bert en de bern oer te bringen yn ien fan Bert syn [[tekening]]s. Wylst de bern op in [[draaimole (merke)|draaimole]] ride, kuierje Mary en Bert in stikje, [[sang|sjonge]] in [[ferske]] en [[flirt]]e wat. Nei't se har wer by de bern jûn hawwe, betsjoent Mary de draaimolehynders sadat se dermei út te riden gean kinne troch it [[plattelân]]. Dêr kruse se it paad fan in [[foksejacht]]; Bert rêdt de [[foks]], wêrnei't se op in [[draafbaan]] bedarje, dêr't Mary op har draaimolehynder meidocht oan in [[hurddraverij]] en wint. Om 'e oerwinning te beskriuwen, brûkt se it ûnsinwurd "supercalifragilisticexpialidocious" ({{Audio|Supercalifragilisticexpialidocious.ogg|beharkje}}). It útstapke einiget abrupt as it yn Londen begjint te [[stjalprein]]en. Bert syn kryttekening spielt dêrtroch fuort, mei as gefolch dat de fjouwer aventoerslju weromskuord wurde nei de echte wrâld. De oare deis sille Mary en de bern om [[boadskipjen|boadskippen]], mar Mary, dy't blykber mei [[bisten]] prate kin, wurdt troch it hûntsje Andrew warskôge dat it wer safier is mei Bert syn [[omke]] Albert. Dat, se nimt de bern mei dêrhinne. Omke Albert blykt in eksintryk âldman te wêzen dy't, trochdat er net mear ophâlde kin fan [[laitsjen]], omheech [[sweven|sweeft]] is nei it [[plafon]] fan syn [[wente]]. Mary, Bert en de bern jouwe harren dêr by him om te [[teedrinken]], wêrby't se in protte [[grap]]pen fertelle. As George Banks de ferhalen fan Jane en Michael heart oer [[hynsteriden]] op draaimolehynders en teedrinken by it plafon, rekket er [[lulkens|opsternaat]] om't it no krekt de bedoeling wie dat de nije gûvernante de bern ôfleart sokke ûnsinpraatsjes te ferkeapjen, yn pleats dat se it harren bybringt. Hy ropt Mary Poppins by him en drigemintet mei ûntslach, mar sy [[manipulaasje|manipulearret]] him om deryn ta te stimmen dat er de bern de oare deis meinimt nei syn wurk. Dy [[jûn]]s fertelt Mary de bern oer it âldwyfke dat op 'e [[treppen]]s foar de [[Sint-Pauluskatedraal (Londen)|Sint-Pauluskatedraal]] sit en de minsken oanfiteret om 'e [[do (fûgel)|dowen]] te fuorjen dy't om har hinne fladderje. No wol it tafal dat de bank dêr't George Banks wurket, fuort foar de Sint-Pauluskatedraal oer stiet, dat wannear't Banks de oare deis de bern meinimt nei de bank, sjocht Michael it âldwyfke sitten. Hy hat in [[muntstik|munt]], in ''[[tuppence (Britske pre-desimale munt)|tuppence]]'', en dy wol er besteegje oan foer om 'e fûgels te fuorjen, sa't it âldwyfke graach wol. Banks leit dêr fluch it near op en skuort him mei nei de bank. Syn baas, de âlde hear Dawes jr., wol witte wat dy bern hjir moatte, dat Banks seit it earste dat yn him opkomt: Michael hat in ''tuppence'' en wol in [[bankrekken]] iepenje. As de eigner fan 'e bank, de tige âlde hear Dawes sr., dat heart, fiteret er Michael op agressive wize oan om syn ''tuppence'' by syn bank te ynvestearjen. Uteinlik roppet er it jonkje de munt sels út 'e hân wei. Dêrop easket Michael mei útset lûd syn jild werom, wêrmei't er by fersin in [[bankrun]] feroarsaket as oare klanten bang reitsje dat de Dawes Bank harren jild ek net weromjaan wol. Nei't Michael syn ''tuppence'' weromgrypt hat, naaie hy en Jane út, wêrnei't se ferdwaald reitsje yn it Londenske [[East End (Londen)|East End]], it diel fan 'e stêd dêr't de lju út 'e [[arbeidersklasse]] wenje. Op 't langelêst treffe se by tafal Bert wer, dy't dizze dei as [[skoarstienreager]] wurket. Hy bringt harren thús, mar om't Mary [[frije tiid|frij]] hat, de húshâldster en de [[kokkinne]] oar wurk hawwe en sysels nei in gearkomste fan 'e suffrazjettes moat, set Winifred him fuort oan it wurk as [[babysitter|berne-oppas]]. As de beide bern troch de skoarstien omheech sûgd wurde nei it [[dak]], freget Bert Mary Poppins om help, ek al is it har [[frije dei]]. Op it dak fine se de bern werom, en dêr treffe se ek in hiele kloft oare mei [[ruot]] besmodzge skoarstienreagers. Mei syn allen [[dûns]]je en sjonge se op 'e dakken, oant [[admiraal]] Boom, in eksintrike buorman fan 'e famylje Banks, harren oansjocht foar [[ynbrekker]]s en mei syn [[kanon (wapen)|skipskanon]] in lading [[fjoerwurk]] op harren ôfsjit. Wannear't Banks en de frou wer thúskomme, treffe se de skoarstienreagers al dûnsjend en sjongend yn harren [[wenkeamer]] oan, wêrnei't Bert syn maten fuortstjoert. Banks wurd opskille troch dhr. Dawes jr., dy't him freget om dy jûns nei de bank ta te kommen foar in petear oer wat syn bern oanrjochte hawwe. Tusken de regels troch lit er trochskimerje dat Banks ûntslein wurde sil. Jane en Michael hearre de iene helte fan it [[tillefoan]]petear en beseffe dat se har heit yn 'e swierrichheden brocht hawwe. Michael jout de fûl befochten ''tuppence'' oer om it goed te meitsjen. Bert praat in skoftke op Banks yn, wêrby't er him op [[slûchslimmens|slûchslimme]] wize oan it ferstân bringt dat er mear tiid mei syn bern trochbringe moat foar't se dêr te âld foar binne. By de moeting yn 'e bank wurdt Banks op [[fernedering|fernederjende]] wize syn ûntslach oansein. As him frege wurdt oft er dêr noch wat op te sizzen hat, sjocht er sykjend om wurden nei de ''tuppence'' yn syn hân, en blaft er derút: "Supercalifragilisticexpialidocious!" Ek fertelt er in [[mop]] fan omke Albert dy't er earder fan Michael heard hie ("Ik ken in man mei in houten poat dy't Smith hjit." Antwurd: "O ja? En hoe hjit syn oare skonk?"). Dêrnei jout er him laitsjend ôf nei hûs. Dhr. Dawes sr. [[prakkesearjen|prakkesearret]] djip oer de mop nei, oant de klû him lang om let begjint te daagjen. Dêrop moat er ûnbedaarlik laitsje, wêrby't er, krekt as omke Albert, omheech sweeft nei it plafon, ta skrik fan syn soan Dawes jr. en de oare leden fan it bankbestjoer. De oare deis draait de wyn, en mei't Mary Poppins yn 't foar sein hie dat se inkeld sa lang bliuwe soe as de wyn út deselde hoeke kaam, betsjut dat de ein fan har ferbliuw by de famylje Banks. In [[gelokkigens|gelokkiger]] Banks hat ûnderwilens it stikkene draakje fan syn bern reparearre en giet mei de hiele húshâlding nei it park te draakjefleanen. Dêr moetet er dhr. Dawes jr. en de oare bestjoersleden fan 'e bank, dy't ek oan it draakjefleanen binne. Dawes fertelt dat syn heit, dhr. Dawes sr., him de foargeande jûns dealake hat. Hoewol't him dat wol [[spyt]], hied er de âldman noch nea sa gelokkich sjoen as fuort foar syn [[ferstjerren]]. Hy hat dêrom besletten om Banks syn [[baan (wurk)|baan]] werom te jaan en him boppedat de frijkommen sit yn it bankbestjoer te jaan. Mei har wurk dien, brûkt Mary Poppins ûnderwilens har paraplu om fuort te sweven. As se oerkomt, ropt Bert har ta om net te lang fuort te bliuwen. ==Ferskes== # ''Life I Lead'' # ''Perfect Nanny'' # ''[[A Spoonful of Sugar]]'' # ''Jolly Holiday'' # ''[[Supercalifragilisticexpialidocious]]'' # ''I Love to Laugh'' # ''Feed the Birds'' # ''[[Fidelity Fiduciary Bank]]'' # ''[[Chim Chim Cher-ee]]'' # ''Step in Time'' # ''A Man Has Dreams'' # ''Let's Go Fly a Kite'' ==Rolferdieling== [[File:Mary Poppins5.jpg|right|thumb|220px|[[Julie Andrews]] as [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]].]] [[File:Mary Poppins3.jpg|right|thumb|220px|[[Dick Van Dyke]] as Bert.]] [[File:Mary Poppins4.jpg|right|thumb|220px|[[David Tomlinson]] as George Banks.]] [[File:Mary Poppins12.jpg|right|thumb|220px|[[Hermione Baddeley]] en [[Reta Shaw]] as Ellen de [[húshâldster]] en frou Brill, de [[kokkinne]].]] ;haadrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise'''&nbsp;&nbsp;&nbsp; |- | [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] | [[Julie Andrews]] |- | Bert | [[Dick Van Dyke]] |- |} <br> ;byrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise''' |- | George Banks | [[David Tomlinson]] |- | Winifred Banks | [[Glynis Johns]] |- | Jane Banks | [[Karen Dotrice]] |- | Michael Banks | [[Matthew Garber]] |- | Ellen de [[húshâldster]] | [[Hermione Baddeley]] |- | frou Brill de [[kokkinne]] | [[Reta Shaw]] |- | dhr. Dawes sr. | [[Dick Van Dyke]] |- | dhr. Dawes jr. | [[Arthur Malet]] |- | Katie Nanna | [[Elsa Lanchester]] |- | [[plysjeman]] Jones | [[Arthur Treacher]] |- | [[omke]] Albert | [[Ed Wynn]] |- | [[admiraal]] Boom | [[Reginald Owen]] |- | [[earste stjoerman]] Binnacle | [[Don Barclay (akteur)|Don Barclay]] <small>(fysyk)</small> en [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | Mary Poppins har [[pappegaai]]-[[paraplu]] | [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | juffer Lark | [[Marjorie Bennett]] |- | it 'fûgelwyfke' | [[Jane Darwell]] <small>(fysyk)</small> en [[Robert B. Sherman]] <small>(stim)</small> |- | juffer Persimmon | [[Marjorie Eaton]] |- | [[portier (berop)|portier]] by de [[bank (finansjele ynstelling)|bank]] | [[James Logan (akteur)|James Logan]] |- | frou Corry | [[Alma Lawton]] |- | âldwiif | [[Betty Lou Gerson]] |- | man yn bank | [[Kay E. Kuter]] |- | frou yn bank #1 | [[Doris Lloyd]] |- | frou yn bank #2 | [[Queenie Leonard]] |- | style="background:gold" colspan="2" style="text-align:center;"| '''stimakteurs tekenfilmsegmint''' |- | [[pearelparkyt]]wyfke | [[Julie Andrews]] |- | pearleparkytmantsje | [[Richard M. Sherman]] |- | pearelparkyt[[drummer]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | pearelparkyt[[banjo]]ïst | [[Robert B. Sherman]] |- | [[ko]] | [[Marc Breaux]] |- | [[lûkhynder]] | [[Paul Frees]] |- | [[skiep|raam]] | [[Bill Lee (sjonger)|Bill Lee]] |- | [[baarch]] | [[Thurl Ravenscroft]] |- | [[goes]] | [[Marni Nixon]] |- | [[laam|lammen]] | [[Ginny Tyler]] |- | [[skylpod]]den | [[Daws Butler]] |- | [[pinguïn]]-[[ober]] #1 | [[Daws Butler]] |- | pinguïn-ober #2 | [[Dallas McKennon]] |- | pinguïn-ober #3 | [[J. Pat O'Malley]] |- | pinguïn-ober #4 | [[Richard M. Sherman]] |- | pinguïn-ober #5 | [[David Tomlinson]] |- | [[draaimole (merke)|draaimole]]bewekker | [[Dallas McKennon]] |- | [[bloedhûn]] #1 | [[Sean McClory]] |- | bloedhûn #2 | [[Dallas McKennon]] |- | bloedhûn #3 | [[Alan Napier]] |- | bloedhûn #4 | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[foks]] | [[Dallas McKennon]] |- | [[jacht (aktiviteit)|jager]] | [[Alan Napier]] |- | [[rydhynder]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | jager-lieder | [[J. Pat O'Malley]] |- | bloedhûn #5 | [[George Pelling]] |- | [[jockey]] | [[David Tomlinson]] |- | [[fotograaf]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[ferslachjouwer]] #1 | [[George Pelling]] |- | ferslachjouwer #2 | [[J. Pat O'Malley]] |- | ferslachjouwer #3 | [[Alan Napier]] |- | ferslachjouwer #4 | [[Sean McClory]] |- |} ==Produksje en distribúsje== ===Foarskiednis=== ''Mary Poppins'' wie foar it meastepart basearre op ''[[Mary Poppins (roman)|Mary Poppins]]'', it earste diel út 'e [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]] fan 'e [[Austraalje (lân)|Australysk]]-[[Feriene Keninkryk|Britske]] [[skriuwster]] [[P.L. Travers]], dat ferskynde yn [[1934]]. De [[dochter]]s fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] fûnen it ferhaal sà moai, dat se him [[ûnthjit]]te lieten om it te ferfilmjen. Disney besocht al yn [[1938]] de [[filmrjochten]] fan Travers te keapjen, mar sy wegere, om't se net ferwachte dat in filmferzje har skepping rjocht dwaan soe. Fierders wie Disney doedestiden inkeld bekend as produsint fan [[tekenfilm]]s en hied er noch net in grutte [[live-action]]film makke. Mear as tweintich jier lang besocht Disney om 'e safolle tiid Travers oer te heljen om him in film oer har [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] meitsje te litten, oant se yn [[1961]] lang om let tajoech. Dêrby stelde se wol it betingst dat se sels it [[senario]] goedkarre moast. ===Produksje=== De úteinlike film wie Travers, dy't op 'e [[ôftiteling]] fermeld waard as "konsultante", net botte gelokkich mei. Se mocht net oer it fersêftsjen fan 'e skerpere kantsjes fan it [[karakter (persoanlikheid)|karakter]] fan Mary Poppins (dy't yn 'e boeken folle [[idelheid|ideler]] en folle ûnferskilliger foar de bern oer is). Fierders wifke Travers oer de fraach oft se de [[muzyk]] wol moai of gaadlik fûn en hie se sa'n grouwéligen hekel oan it tekenfilmsegmint, dat se it near lei op fierdere ferfilmings fan har wurk. Ek de [[bruorren Sherman]], dy't de [[liet]]en foar de film skreaune, wiene nau belutsen by de ûntjouwing fan 'e film. Sy wiene it, dy't foarstelden om it ferhaal net yn 'e [[1930-er jierren]] spylje te litten, lykas yn it boek fan Travers, mar yn [[1910]], in fearnsiuw earder. Travers woe dan it leafst ek muzyk út dy tiid brûke, mar dêr spriek Disney syn [[feto]] oer út. Uteinlik waard ''Mary Poppins'' [[regissearre]] troch [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] nei in [[senario]] fan [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]] en [[Don DaGradi]]. [[Walt Disney]] wie as [[filmprodusint|produsint]] by it projekt belutsen foar syn eigen [[filmstudio]] Walt Disney Productions (no [[Walt Disney Pictures]]). Foar de film wie in [[budget]] beskikber dêr't de skattings fan útinoar rinne fan [[$]]4,4 oant 6&nbsp;miljoen. De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]], en de [[filmmuzyk]] waard fersoarge troch [[Inwin Kostal]] ([[soundtrack]]) en [[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]] ([[ferske]]s). It [[tekenfilm|animearre]] filmsegmint waard regissearre troch [[Hamilton S. Luske]]. ===Casting=== Foar de [[titelrol]] fan [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] naam [[Walt Disney]] [[aktrise]]s as [[Julie Harris]], [[Angela Lansbury]] en [[Bette Davis]] yn omtinken. [[Julie Andrews]] hie op [[Broadway]] de rol fan Eliza Doolittle fertolke yn 'e [[toaniel]]produksje fan ''[[My Fair Lady (musical)|My Fair Lady]]'', en de ferwachting wie dêrom dat se deselde rol yn [[My Fair Lady (film)|'e filmadaptaasje]] taskood krije soe. Doe't se lykwols foarbyparte waard yn it foardiel fan [[Audrey Hepburn]], griep Disney syn kâns en socht er Andrews oan foar de rol fan Mary Poppins. Andrews wifele oer wat se dwaan moast, mei't se op dat stuit in fearnsjier [[swierwêzen|swier]] wie, mar Disney bewissige har derfan dat er de [[opnamen (film)|opnamen]] fan syn film útstelle soe oant nei't se [[befalling|befallen]] wie. Foar Andrews har manlike [[tsjinspiler]] yn 'e rol fan hantsjemuoisfeint Bert hie Walt Disney alderearst [[Cary Grant]] op it each, en doe't dat neat waard, naam er [[Laurence Harvey]] en [[Anthony Newley]] yn omtinken. Uteinlik [[cast]]e er lykwols [[Dick Van Dyke]] yn 'e rol nei't er ûnder de yndruk rekke wie fan dy syn [[aktearjen|aktearwurk]] yn ''[[The Dick Van Dyke Show]]''. Nei't de kar op him fallen wie, lobbyde Van Dyke om ek de rol fan dhr. Dawes sr. spylje te meien. Disney fielde dêr earst neat foar, mar Van Dyke krige syn sin nei't er der [[audysje]] foar dien hie. Hoewol't oer it algemien mei [[nocht]] weromtocht wurdt oan 'e Amerikaan Van Dyke yn 'e rol fan 'e [[Londen]]ske arbeider Bert, is freon en fijân it deroer iens dat syn neibearen fan in [[Cockney]]-[[aksint (útspraak)|aksint]] nearne nei liek. Sterker noch, it wurdt beskôge as ien fan 'e slimst mislearre aksinten yn 'e [[filmskiednis]], en it wurdt noch altyd as standertfoarbyld fan hoe't it net moat oanhelle troch oare akteurs. Van Dyke bewearde dat syn aksintcoach de [[Ingelsman]] fan [[Ieren (folk)|Iersk]] [[komôf]] [[J. Pat O'Malley]] wie, "dy't it aksint neat better neibeare koe as ik." Yn [[2017]], doe't bekendmakke waard dat Van Dyke in [[BAFTA Award]] (de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmpriiis) ûntfange soe, seid er: "Ik wurdearje dizze kâns om my te [[ûnskuldiging|ûntskuldigjen]] oan 'e leden fan 'e [[British Academy of Film and Television Arts]] foar it lije litten fan harren ûnder it alderferskriklikste Cockey-aksint út 'e skiednis fan 'e [[sinema]]." De [[foarsitter]] fan 'e Academy reägearre dêrop mei de wurden: "Wy sjogge út nei syn akseptaasjetaspraak yn hokfoar aksint er dy jûns ek mar foar kieze sil. It sil sûnder mis 'supercalifragilisticexpialidocious' wêze." ===Opnamen=== De [[opnamen (film)|opnamen]] foar ''Mary Poppins'' setten yn [[maaie]] [[1963]] útein en duorren oant en mei [[septimber]] fan dat jier. De film waard yn syn hiele hear en fear opnommen yn 'e [[Walt Disney Studios (Burbank)|Walt Disney Studios]] yn [[Burbank (Kalifornje)]], wêrby't gebrûk makke waard fan skildere [[Londen]]ske eftergrûnen. ===Distribúsje=== De [[filmdistribúsje|distribúsje]] fan ''Mary Poppins'' waard fersoarge troch Buena Vista Distribution, no [[Walt Disney Studios Motion Pictures]], de eigen filmdistribúsjedifysje fan [[The Walt Disney Company]]. De film gie op [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] yn [[Grauman's Chinese Theatre]] yn [[Los Angeles]] yn [[premiêre]]. [[P.L. Travers]] krige dêr gjin útnûging foar, mar wist dochs ien te bemachtigjen. Op 'e [[afterparty]] stapte se (neffens it tsjûgenis fan [[Richard M. Sherman]]) op [[Walt Disney]] ôf en ferklearre mei útset lûd dat it tekenfilmsegmint út 'e film moast. Disney antwurde: "Pamela, dat is in passearre stasjon," en rûn fuort. De film gie op [[24&nbsp;septimber]] [[1964]] yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[bioskopen]] yn [[premiêre]]. It byhearrende [[soundtrack]]album ferskynde yn [[1964]] op [[LP]] by [[platemaatskippij]] [[Buena Vista Records]]. Op thúsmedia waard ''Mary Poppins'' foar it earst yn [[1980]] útbrocht op [[VHS]] en [[Betamax]]. Op [[4&nbsp;oktober]] [[1988]] ferskynde de film op 'e nij op VHS-[[keapfideo]]. Yn [[1998]] wie it de earste film dy't troch The Walt Disney Company op [[dvd]] útbrocht waard. De earste [[blu-ray]]ferzje fan ''Mary Poppins'' ferskynde op [[10&nbsp;desimber]] [[2013]]. ==Untfangst== Fan 'e [[filmkritisy]] krige ''Mary Poppins'' rûnom lof. Sa omskreau [[Bosley Crowther]] fan ''[[The New York Times]]'' de film as "in alderprachtichste, opfleurjende rôlprint." Yn it [[tydskrift]] ''[[Variety (tydskrift)|Variety]]'' priizge Whitney Williams yn 't bysûnder de [[muzyk|muzikale]] dielen fan 'e film en it [[aktearjen]] fan [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. It blêd ''[[Time (tydskrift)|Time]]'' skreau: "De [[filmset|sets]] binne wielderich, de [[liet]]en lustich, it [[senario]] is [[humor]]istysk mar treftich [[sentimintaliteit|sentiminteel]], en de ûnderstypjende [[cast]] berikt op in hier nei de perfeksje." Yn ''[[The Hollywood Reporter]]'' priizge James Powers it aktearjen, de [[special effects]], de [[filmmuzyk]], it [[produksje-ûntwerp]] en de [[goreografy]]. Konkludearjend stelde er fêst dat "''Mary Poppins'' in film [is], dy't, mear as de measten, in triomf fan in grut tal ûnderskate bydragen is. En de spesjale triomf fan dizze film is dat er it wurk liket te wêzen fan ien inkele, gearhingjende yntelliginsje." Yn it tydskrift ''[[Life (tydskrift)|Life]]'' hie Ann Guerin [[krityk]] op 'e feroarings dy't de film yn it ferhaal fan it boek oanbrocht, yn 't bysûnder wat it tekenfilmsegmint oanbelange. Se murk op: "Guon opienfolgings fan [[sêne]]s hawwe echte [[sjarme]], en faaks dat [[bern (persoan)|bern]] dy foar sûkerswiet opite sille. Mar as [[folwoeksene]] fûn ik it in bytsje tefolle fan it goede." Har konklúzje wie: "Mei in bytsje mear tebekhâldendheid en in bytsje minder ferbettering fan it orizjineel wiene al dy pluspunten fan 'e film safolste better út 'e ferve kommen." Op 'e [[webside]] [[Rotten Tomatoes]], dy't resinsjes sammelet, hat ''Mary Poppins'' in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 54 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In wielderich modern [[mearke]], fierd om syn ferbjusterjende special effects, oanstekkende [[ferske]]s en Julie Andrews har legendaryske aktearprestaasje yn 'e [[titelrol]]." Op [[Metacritic]], de wichtichste [[konkurrint]] fan Rotten Tomatoes, behellet ''Mary Poppins'' in goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 13 resinsjes. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' troch de [[Library of Congress]] foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]] útornearre omreden fan [[kulturele]], [[histoarysk]]e en/of [[estetysk]]e wearde. ==Resultaat== ===Opbringst=== ''Mary Poppins'' draaide yn 'e [[Feriene Steaten]] en [[Kanada]] yn [[1964]] en [[1965]] mear as 32 wiken yn 'e [[bioskopen]] en brocht dêrby $31&nbsp;miljoen op. Yn it [[Feriene Keninkryk]] waarden foar de film 14&nbsp;miljoen [[tagongskaartsje|kaartsjes]] ferkocht. Hoewol't ûnbekend is wat de totale wrâldwide [[opbringst (jild)|opbringst]] fan 'e film wie, soe de folslein skjinne [[winst (ûndernimming)|winst]] yn [[1965]] $28,5&nbsp;miljoen bedroegen hawwe. Dêrmei wie ''Mary Poppins'' de meast opbringende film fan [[1964]]. [[Walt Disney]] brûkte dat jild om lân by [[Orlando (Floarida)|Orlando]] yn sintraal [[Floarida]] te keapjen en dêr de bou fan it [[ferdivedaasjepark]] [[Walt Disney World|Disney World]] te [[finansieren]]. Yn [[1973]] waard ''Mary Poppins'' op 'e nij yn 'e bioskoop útbrocht ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan [[Walt Disney Productions]]; doe waard der nochris $9&nbsp;miljoen fertsjinne. Yn [[1980]] waard de film foar de trêde kear yn 'e bioskoop brocht, mei in resultaat fan $14&nbsp;miljoen. Nei letter noch ferskate oare kearen yn 'e bioskopen draaid te hawwen, stiet anno [[2023]] de totale [[opbringst (jild)|opbringst]] fan ''Mary Poppins'' yn [[Noard-Amearika]] op $103,1&nbsp;miljoen. ===Prizen=== Yn [[1965]] waard ''Mary Poppins'' by de [[Oscar]]s nominearre foar 13 [[priis (ûnderskieding)|prizen]], wêrûnder [[Oscar foar Bêste Film|bêste film]], bêste [[regisseur]], bêste adaptearre [[senario]], bêste [[kamerarezjy]] ([[kleurefilm|kleur]]), bêste [[artdirection]] (kleur), bêste [[kostúm]]ûntwerp (kleur), bêste [[soundtrack]] en bêste [[lûd]]. De film wûn 5 Oscars, foar bêste [[aktrise]] ([[Julie Andrews]]), bêste [[filmmontaazje]] ([[Cotton Warburton]]), bêste [[filmmuzyk]] ([[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]]), bêste [[liet]] (''[[Chim Chim Cher-ee]]'' fan 'e bruorren Sherman) en bêste [[special effects]] ([[Peter Ellenshaw]], [[Eustace Lycett]] en [[Hamilton S. Luske]]) By de [[Golden Globe]]s waard ''Mary Poppins'' nominearre yn 4 [[kategory]]en, wêrûnder [[Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje|bêste film (musical of komeedzje)]], bêste [[akteur]] yn in [[filmmusical|musical]] of [[komeedzjefilm|komeedzje]] ([[Dick Van Dyke]]) en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn de Golden Globe foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje ([[Julie Andrews]]). By de [[BAFTA's]] de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmprizen, wûn Andrews yn 'e kategory meast ûnthjittende nijynkommeling yn in haadrol. ''Mary Poppins'' wûn fierders ek 2 [[Grammy Award]]s, de wichtichste Amerikaanske prizen op it mêd fan [[muzyk]], foar bêste opname foar bern en bêste orizjinele filmmuzyk. ==Films oer tastânkomming en ferfolchfilm== De problematyske [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] fan [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] mei [[P.L. Travers]], de geastlike mem fan it [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], wie it ûnderwerp fan twa [[dokumintêre]]s oer de tastânkomming fan 'e film ''Mary Poppins''. Dat binne ''The Shadow of Mary Poppins'', út [[2002]], en ''The Real Mary Poppins'' út [[2013]]. Oer harren relaasje waard ek it [[biografyske film|biografyske]] [[dramafilm|filmdrama]] ''[[Saving Mr. Banks]]'' makke, út [[2013]], mei [[Tom Hanks]] as Disney en [[Emma Thompson]] as Travers. Yn [[desimber]] [[2018]] waard fierders troch [[Walt Disney Pictures]] in [[ferfolch]] op ''Mary Poppins'' útbrocht, mei as titel ''[[Mary Poppins Returns]]''. Dy film spilet 25 jier letter en is in op him sels steande adaptaasje fan 'e restearjende sân boeken út Travers har [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]]. [[Emily Blunt]] spile de titelrol, wylst [[Dick Van Dyke]] weromkearde as dhr. Dawes jr. ==Keppelings om utens== * {{en}} [http://movies.disney.com/mary-poppins Offisjele webside fan ''Mary Poppins''] * {{en}} [http://www.imdb.com/title/tt0058331/ Ynformaasje oer ''Mary Poppins'' yn 'e Internet Movie Database (IMDb)] {{boarnen|boarnefernijing= Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Mary_Poppins_(film) ''References'', op dizze side]. ---- {{commonscat|Mary Poppins (film)}} }} {{DISPLAYTITLE:''Mary Poppins'' (film)}} [[Kategory:Amerikaanske fantasyfilm]] [[Kategory:Amerikaanske komeedzjefilm]] [[Kategory:Amerikaanske histoaryske film]] [[Kategory:Amerikaanske filmmusical]] [[Kategory:Amerikaanske famyljefilm]] [[Kategory:Fantasykomeedzjefilm]] [[Kategory:Histoaryske fantasyfilm]] [[Kategory:Histoaryske komeedzjefilm]] [[Kategory:Komeedzjefilmmusical]] [[Kategory:Histoaryske filmmusical]] [[Kategory:Fantasyfilmmusical]] [[Kategory:Film mei live-action en animaasje]] [[Kategory:Ingelsktalige film]] [[Kategory:Film fan Walt Disney Pictures]] [[Kategory:Film fan Robert Stevenson]] [[Kategory:Film út 1964]] [[Kategory:Film oer in gûvernante of bernefamke]] [[Kategory:Film oer in bern]] [[Kategory:Film oer tsjoenderij]] [[Kategory:Film oer suffrazjettes]] [[Kategory:Film basearre op in literêr wurk]] pjwv6aejnah10s7r8882v02r9vnh3xw 1242147 1242146 2026-10-07T12:17:23Z CommonsDelinker 353 "Mary_Poppins6.jpg" is op Commons fuorthelle [[c:User:Christian Ferrer|Christian Ferrer]] om't: per [[:c:Commons:Deletion requests/Files in Category:Mary Poppins (film)|]]. 1242147 wikitext text/x-wiki {{Universele ynfoboks film | ôfbylding = | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = | ferwizing = '''(''[[:en:File:Marypoppins.jpg|Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy]]'')''' | namme = ''Mary Poppins'' | regisseur = [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] | produsint = [[Walt Disney]] | útfierend produsint = | senario = [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]]<br>[[Don DaGradi]] | basearre op = [[Mary Poppins (romansearje)|de romansearje]] fan [[P.L. Travers]] | kamerarezjy = [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]] | muzyk = [[Inwin Kostal]] <small>([[soundtrack]])</small><br>[[bruorren Sherman]] <small>([[liet]]en)</small> | filmstudio = [[Walt Disney Productions]] | distribúsje = [[Walt Disney Studios Motion Pictures|Buena Vista Distribution]] | haadrollen = [[Julie Andrews]]<br> [[Dick Van Dyke]] | voice-over = | byrollen = [[David Tomlinson]]<br> [[Glynis Johns]]<br> [[Karen Dotrice]]<br> [[Matthew Garber]] | lân/lannen = [[File:Flag of the United States.svg|border|20px]] [[Feriene Steaten]] | premiêre = [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] | direkt op fideo = | foarm = [[langspylfilm|lange]] [[filmmusical]] | sjenre = [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]]-<br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[komeedzjefilm]] | taal = [[Ingelsk]] | spyltiid = 139 minuten | budget = $4,4–6&nbsp;miljoen | opbringst = $103,1&nbsp;miljoen <small>([[Noard-Amearika]])</small> | prizen = 5× [[Oscar]]<br>1× [[Golden Globe]]<br>2× [[Grammy Award]]<br>1× [[BAFTA]] | filmsearje = ''Mary Poppins'' | foarich diel = | folgjend diel = ''[[Mary Poppins Returns]]'' }} '''''Mary Poppins''''' is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]][[komeedzjefilm]], [[filmmusical]] en [[famyljefilm]] yn [[Technicolor]] út [[1964]]. De [[film]] stie ûnder [[rezjy]] fan [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] en hie yn 'e [[haadrol]]len [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. De [[titel (namme)|titel]] ferwiist nei de [[haadpersoan]]. De film waard basearre op 'e [[romansearje]] mei [[Mary Poppins (romansearje)|deselde namme]] fan [[skriuwster]] [[P.L. Travers]]. It [[plot|ferhaal]] giet oer in [[rykdom|rike]], mar net-funksjonearjende [[Ingelân|Ingelske]] [[húshâlding]] mei twa jonge [[bern (persoan)|bern]] yn it [[Londen]] fan [[1910]], dêr't regaad makke wurdt troch [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], in [[gûvernante]] dy't [[tsjoenderij|tsjoene]] kin. Mei har [[magy]]ske krêften ferbetteret hja de dynamyk yn it [[gesin]], om dêrnei like hommels wer ôf te setten as hja kommen is. ''Mary Poppins'' waard tige goed ûntfongen troch de [[filmkritisy]] en wie yn 'e [[bioskopen]] in grut [[kommersje]]el súkses as de meast [[opbringst (jild)|opbringende]] film fan [[1964]]. De film waard bekroane mei 5 [[Oscar]]s, in [[Golden Globe]], twa [[Grammy Award]]s en in [[BAFTA]]. Julie Andrews wûn mei har [[aktearprestaasje]] yn 'e [[titelrol]] in BAFTA en sawol de Oscar as de Golden Globe yn 'e [[kategory]] bêste [[aktrise]]. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]]. Datselde jiers waard de film ''[[Saving Mr. Banks]]'' útbrocht, in [[biografyske film|biografysk]] [[dramafilm|drama]] oer de tastânkomming fan ''Mary Poppins''. In [[ferfolchfilm]], ''[[Mary Poppins Returns]]'', kaam út yn [[2018]]. ==Plot== Yn [[Londen]] yn 'e [[maityd]] fan [[1910]] keart [[bank (finansjele ynstelling)|bankmeiwurker]] George Banks oan 'e ein fan 'e dei werom nei hûs. Fan syn [[oarehelte|frou]] Winifred, dy't aktyf is by de [[suffrazjette]]s, heart er dat de [[gûvernante]] fan harren [[bern (persoan)|bern]] Jane en Michael [[ûntslach]] nommen hat om't de bern net te hanthavenjen binne. Hjoed is no al de fjirde kear yn in [[wike]] dat se útnaaid binne. As Banks de [[plysje]] skillet om 'e bern as [[fermist]] op te jaan, wurde se krekt thúsbrocht troch [[plysje]] Jones, dy't harren allinne oan 'e fierste kant fan it [[park]] oantroffen hat. It docht bliken dat se safier ôfdwaald wiene om't se by it [[draakje (boartersguod)|draakjefleanen]] efter in losslein draakje oan sieten. De bern freegje Banks om harren te helpen en ûntwerp in better draakje, mar dat stegeret er ôf om't er wol wichtiger dingen oan 'e holle hat. Om't it mei it lêste espel gûvernantes dat Winifred oannommen hat, hieltyd op deselde wize ôftriedde is, nimt Banks it op him om diskear sels in nije gûvernante te sykjen. Jane en Michael komme op 'e lapen mei in selsopstelde [[fakatuere]] foar in [[sympaty|sympatikere]], leavere gûvernante, mar dat fynt Banks grutte flauwekul, dat hy ferskuort harren bryfke en smyt de snipels yn 'e [[iepen hurd]] (dy't net oan is). Ynstee pleatst er in [[miny-advertinsje|advertinsje]] yn ''[[The Times]]'' foar in strange gûvernante, dy't gjin rare fratsen duldet. Underwilens sûcht lykwols in sterke [[wyn (waar)|wynfleach]] de snipels fan it bryfke fan 'e bern omheech troch de [[skoarstien]], wêrnei't se fuortdwarrelje troch de [[loft]]. De oare [[moarn (deidiel)|moarns]] stiet der in hiele rige âldere, soersjende gûvernantes by de Banks' foar de doar om op [[sollisitaasjepetear]]. Ear't Banks lykwols ree is om oan [[húshâldster]] Ellen opdracht te jaan en lit se ien foar ien yn, stekt der in sterke wyn op, dy't de hiele kliber fan 'e sokken blaast en fuortwaait. Dat foarfal binne lykwols inkeld Jane en Michael tsjûge fan, en Andrew, it [[hûn]]tsje fan juffer Lark, de [[buorfrou]] fan 'e famylje Banks. Datselde jildt ek foar wat dêrnei bart: in jonge, [[skientme|tsjeppe]] [[frou]] komt út 'e loft oansaaien, hingjend oan har [[paraplu]], en lânet lichtfuottich op 'e [[stoepe]] fan 'e [[filla]] fan 'e famylje Banks. As Ellen har ynlit, docht bliken dat dizze [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] George Banks maklik mei wurden oer kin. Hja presintearret kalmkes de wer hiele, troch de bern opstelde fakatuere oan 'e [[alteraasje|feralterearre]] Banks, wêrnei't se harsels oannimt as gûvernante en him oanpraat dat dat syn idee wie. {{Plotbedjer film}} Nei't se mei Jane en Michael yn 'e kunde kommen is, helpt se harren om 'e [[bernekeamer]] op te romjen troch dêrfoar [[tsjoenderij]] yn te setten. De bern binne dan op slach ferkocht. Neitiid nimt Mary harren mei foar in eintsje [[kuierjen]] yn it park, dêr't se Mary har [[freonskip|freon]] Bert treffe. Dat is in [[Cockney]]-sprekkende hantsjemuoisfeint út 'e [[arbeidersklasse]], dy't dy deis wurket as [[trottoirskilderjen|trottoirskilder]]. Mary brûkt har [[magy]] om harsels, Bert en de bern oer te bringen yn ien fan Bert syn [[tekening]]s. Wylst de bern op in [[draaimole (merke)|draaimole]] ride, kuierje Mary en Bert in stikje, [[sang|sjonge]] in [[ferske]] en [[flirt]]e wat. Nei't se har wer by de bern jûn hawwe, betsjoent Mary de draaimolehynders sadat se dermei út te riden gean kinne troch it [[plattelân]]. Dêr kruse se it paad fan in [[foksejacht]]; Bert rêdt de [[foks]], wêrnei't se op in [[draafbaan]] bedarje, dêr't Mary op har draaimolehynder meidocht oan in [[hurddraverij]] en wint. Om 'e oerwinning te beskriuwen, brûkt se it ûnsinwurd "supercalifragilisticexpialidocious" ({{Audio|Supercalifragilisticexpialidocious.ogg|beharkje}}). It útstapke einiget abrupt as it yn Londen begjint te [[stjalprein]]en. Bert syn kryttekening spielt dêrtroch fuort, mei as gefolch dat de fjouwer aventoerslju weromskuord wurde nei de echte wrâld. De oare deis sille Mary en de bern om [[boadskipjen|boadskippen]], mar Mary, dy't blykber mei [[bisten]] prate kin, wurdt troch it hûntsje Andrew warskôge dat it wer safier is mei Bert syn [[omke]] Albert. Dat, se nimt de bern mei dêrhinne. Omke Albert blykt in eksintryk âldman te wêzen dy't, trochdat er net mear ophâlde kin fan [[laitsjen]], omheech [[sweven|sweeft]] is nei it [[plafon]] fan syn [[wente]]. Mary, Bert en de bern jouwe harren dêr by him om te [[teedrinken]], wêrby't se in protte [[grap]]pen fertelle. As George Banks de ferhalen fan Jane en Michael heart oer [[hynsteriden]] op draaimolehynders en teedrinken by it plafon, rekket er [[lulkens|opsternaat]] om't it no krekt de bedoeling wie dat de nije gûvernante de bern ôfleart sokke ûnsinpraatsjes te ferkeapjen, yn pleats dat se it harren bybringt. Hy ropt Mary Poppins by him en drigemintet mei ûntslach, mar sy [[manipulaasje|manipulearret]] him om deryn ta te stimmen dat er de bern de oare deis meinimt nei syn wurk. Dy [[jûn]]s fertelt Mary de bern oer it âldwyfke dat op 'e [[treppen]]s foar de [[Sint-Pauluskatedraal (Londen)|Sint-Pauluskatedraal]] sit en de minsken oanfiteret om 'e [[do (fûgel)|dowen]] te fuorjen dy't om har hinne fladderje. No wol it tafal dat de bank dêr't George Banks wurket, fuort foar de Sint-Pauluskatedraal oer stiet, dat wannear't Banks de oare deis de bern meinimt nei de bank, sjocht Michael it âldwyfke sitten. Hy hat in [[muntstik|munt]], in ''[[tuppence (Britske pre-desimale munt)|tuppence]]'', en dy wol er besteegje oan foer om 'e fûgels te fuorjen, sa't it âldwyfke graach wol. Banks leit dêr fluch it near op en skuort him mei nei de bank. Syn baas, de âlde hear Dawes jr., wol witte wat dy bern hjir moatte, dat Banks seit it earste dat yn him opkomt: Michael hat in ''tuppence'' en wol in [[bankrekken]] iepenje. As de eigner fan 'e bank, de tige âlde hear Dawes sr., dat heart, fiteret er Michael op agressive wize oan om syn ''tuppence'' by syn bank te ynvestearjen. Uteinlik roppet er it jonkje de munt sels út 'e hân wei. Dêrop easket Michael mei útset lûd syn jild werom, wêrmei't er by fersin in [[bankrun]] feroarsaket as oare klanten bang reitsje dat de Dawes Bank harren jild ek net weromjaan wol. Nei't Michael syn ''tuppence'' weromgrypt hat, naaie hy en Jane út, wêrnei't se ferdwaald reitsje yn it Londenske [[East End (Londen)|East End]], it diel fan 'e stêd dêr't de lju út 'e [[arbeidersklasse]] wenje. Op 't langelêst treffe se by tafal Bert wer, dy't dizze dei as [[skoarstienreager]] wurket. Hy bringt harren thús, mar om't Mary [[frije tiid|frij]] hat, de húshâldster en de [[kokkinne]] oar wurk hawwe en sysels nei in gearkomste fan 'e suffrazjettes moat, set Winifred him fuort oan it wurk as [[babysitter|berne-oppas]]. As de beide bern troch de skoarstien omheech sûgd wurde nei it [[dak]], freget Bert Mary Poppins om help, ek al is it har [[frije dei]]. Op it dak fine se de bern werom, en dêr treffe se ek in hiele kloft oare mei [[ruot]] besmodzge skoarstienreagers. Mei syn allen [[dûns]]je en sjonge se op 'e dakken, oant [[admiraal]] Boom, in eksintrike buorman fan 'e famylje Banks, harren oansjocht foar [[ynbrekker]]s en mei syn [[kanon (wapen)|skipskanon]] in lading [[fjoerwurk]] op harren ôfsjit. Wannear't Banks en de frou wer thúskomme, treffe se de skoarstienreagers al dûnsjend en sjongend yn harren [[wenkeamer]] oan, wêrnei't Bert syn maten fuortstjoert. Banks wurd opskille troch dhr. Dawes jr., dy't him freget om dy jûns nei de bank ta te kommen foar in petear oer wat syn bern oanrjochte hawwe. Tusken de regels troch lit er trochskimerje dat Banks ûntslein wurde sil. Jane en Michael hearre de iene helte fan it [[tillefoan]]petear en beseffe dat se har heit yn 'e swierrichheden brocht hawwe. Michael jout de fûl befochten ''tuppence'' oer om it goed te meitsjen. Bert praat in skoftke op Banks yn, wêrby't er him op [[slûchslimmens|slûchslimme]] wize oan it ferstân bringt dat er mear tiid mei syn bern trochbringe moat foar't se dêr te âld foar binne. By de moeting yn 'e bank wurdt Banks op [[fernedering|fernederjende]] wize syn ûntslach oansein. As him frege wurdt oft er dêr noch wat op te sizzen hat, sjocht er sykjend om wurden nei de ''tuppence'' yn syn hân, en blaft er derút: "Supercalifragilisticexpialidocious!" Ek fertelt er in [[mop]] fan omke Albert dy't er earder fan Michael heard hie ("Ik ken in man mei in houten poat dy't Smith hjit." Antwurd: "O ja? En hoe hjit syn oare skonk?"). Dêrnei jout er him laitsjend ôf nei hûs. Dhr. Dawes sr. [[prakkesearjen|prakkesearret]] djip oer de mop nei, oant de klû him lang om let begjint te daagjen. Dêrop moat er ûnbedaarlik laitsje, wêrby't er, krekt as omke Albert, omheech sweeft nei it plafon, ta skrik fan syn soan Dawes jr. en de oare leden fan it bankbestjoer. De oare deis draait de wyn, en mei't Mary Poppins yn 't foar sein hie dat se inkeld sa lang bliuwe soe as de wyn út deselde hoeke kaam, betsjut dat de ein fan har ferbliuw by de famylje Banks. In [[gelokkigens|gelokkiger]] Banks hat ûnderwilens it stikkene draakje fan syn bern reparearre en giet mei de hiele húshâlding nei it park te draakjefleanen. Dêr moetet er dhr. Dawes jr. en de oare bestjoersleden fan 'e bank, dy't ek oan it draakjefleanen binne. Dawes fertelt dat syn heit, dhr. Dawes sr., him de foargeande jûns dealake hat. Hoewol't him dat wol [[spyt]], hied er de âldman noch nea sa gelokkich sjoen as fuort foar syn [[ferstjerren]]. Hy hat dêrom besletten om Banks syn [[baan (wurk)|baan]] werom te jaan en him boppedat de frijkommen sit yn it bankbestjoer te jaan. Mei har wurk dien, brûkt Mary Poppins ûnderwilens har paraplu om fuort te sweven. As se oerkomt, ropt Bert har ta om net te lang fuort te bliuwen. ==Ferskes== # ''Life I Lead'' # ''Perfect Nanny'' # ''[[A Spoonful of Sugar]]'' # ''Jolly Holiday'' # ''[[Supercalifragilisticexpialidocious]]'' # ''I Love to Laugh'' # ''Feed the Birds'' # ''[[Fidelity Fiduciary Bank]]'' # ''[[Chim Chim Cher-ee]]'' # ''Step in Time'' # ''A Man Has Dreams'' # ''Let's Go Fly a Kite'' ==Rolferdieling== [[File:Mary Poppins5.jpg|right|thumb|220px|[[Julie Andrews]] as [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]].]] [[File:Mary Poppins3.jpg|right|thumb|220px|[[Dick Van Dyke]] as Bert.]] [[File:Mary Poppins4.jpg|right|thumb|220px|[[David Tomlinson]] as George Banks.]] [[File:Mary Poppins12.jpg|right|thumb|220px|[[Hermione Baddeley]] en [[Reta Shaw]] as Ellen de [[húshâldster]] en frou Brill, de [[kokkinne]].]] ;haadrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise'''&nbsp;&nbsp;&nbsp; |- | [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] | [[Julie Andrews]] |- | Bert | [[Dick Van Dyke]] |- |} <br> ;byrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise''' |- | George Banks | [[David Tomlinson]] |- | Winifred Banks | [[Glynis Johns]] |- | Jane Banks | [[Karen Dotrice]] |- | Michael Banks | [[Matthew Garber]] |- | Ellen de [[húshâldster]] | [[Hermione Baddeley]] |- | frou Brill de [[kokkinne]] | [[Reta Shaw]] |- | dhr. Dawes sr. | [[Dick Van Dyke]] |- | dhr. Dawes jr. | [[Arthur Malet]] |- | Katie Nanna | [[Elsa Lanchester]] |- | [[plysjeman]] Jones | [[Arthur Treacher]] |- | [[omke]] Albert | [[Ed Wynn]] |- | [[admiraal]] Boom | [[Reginald Owen]] |- | [[earste stjoerman]] Binnacle | [[Don Barclay (akteur)|Don Barclay]] <small>(fysyk)</small> en [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | Mary Poppins har [[pappegaai]]-[[paraplu]] | [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | juffer Lark | [[Marjorie Bennett]] |- | it 'fûgelwyfke' | [[Jane Darwell]] <small>(fysyk)</small> en [[Robert B. Sherman]] <small>(stim)</small> |- | juffer Persimmon | [[Marjorie Eaton]] |- | [[portier (berop)|portier]] by de [[bank (finansjele ynstelling)|bank]] | [[James Logan (akteur)|James Logan]] |- | frou Corry | [[Alma Lawton]] |- | âldwiif | [[Betty Lou Gerson]] |- | man yn bank | [[Kay E. Kuter]] |- | frou yn bank #1 | [[Doris Lloyd]] |- | frou yn bank #2 | [[Queenie Leonard]] |- | style="background:gold" colspan="2" style="text-align:center;"| '''stimakteurs tekenfilmsegmint''' |- | [[pearelparkyt]]wyfke | [[Julie Andrews]] |- | pearleparkytmantsje | [[Richard M. Sherman]] |- | pearelparkyt[[drummer]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | pearelparkyt[[banjo]]ïst | [[Robert B. Sherman]] |- | [[ko]] | [[Marc Breaux]] |- | [[lûkhynder]] | [[Paul Frees]] |- | [[skiep|raam]] | [[Bill Lee (sjonger)|Bill Lee]] |- | [[baarch]] | [[Thurl Ravenscroft]] |- | [[goes]] | [[Marni Nixon]] |- | [[laam|lammen]] | [[Ginny Tyler]] |- | [[skylpod]]den | [[Daws Butler]] |- | [[pinguïn]]-[[ober]] #1 | [[Daws Butler]] |- | pinguïn-ober #2 | [[Dallas McKennon]] |- | pinguïn-ober #3 | [[J. Pat O'Malley]] |- | pinguïn-ober #4 | [[Richard M. Sherman]] |- | pinguïn-ober #5 | [[David Tomlinson]] |- | [[draaimole (merke)|draaimole]]bewekker | [[Dallas McKennon]] |- | [[bloedhûn]] #1 | [[Sean McClory]] |- | bloedhûn #2 | [[Dallas McKennon]] |- | bloedhûn #3 | [[Alan Napier]] |- | bloedhûn #4 | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[foks]] | [[Dallas McKennon]] |- | [[jacht (aktiviteit)|jager]] | [[Alan Napier]] |- | [[rydhynder]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | jager-lieder | [[J. Pat O'Malley]] |- | bloedhûn #5 | [[George Pelling]] |- | [[jockey]] | [[David Tomlinson]] |- | [[fotograaf]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[ferslachjouwer]] #1 | [[George Pelling]] |- | ferslachjouwer #2 | [[J. Pat O'Malley]] |- | ferslachjouwer #3 | [[Alan Napier]] |- | ferslachjouwer #4 | [[Sean McClory]] |- |} ==Produksje en distribúsje== ===Foarskiednis=== ''Mary Poppins'' wie foar it meastepart basearre op ''[[Mary Poppins (roman)|Mary Poppins]]'', it earste diel út 'e [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]] fan 'e [[Austraalje (lân)|Australysk]]-[[Feriene Keninkryk|Britske]] [[skriuwster]] [[P.L. Travers]], dat ferskynde yn [[1934]]. De [[dochter]]s fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] fûnen it ferhaal sà moai, dat se him [[ûnthjit]]te lieten om it te ferfilmjen. Disney besocht al yn [[1938]] de [[filmrjochten]] fan Travers te keapjen, mar sy wegere, om't se net ferwachte dat in filmferzje har skepping rjocht dwaan soe. Fierders wie Disney doedestiden inkeld bekend as produsint fan [[tekenfilm]]s en hied er noch net in grutte [[live-action]]film makke. Mear as tweintich jier lang besocht Disney om 'e safolle tiid Travers oer te heljen om him in film oer har [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] meitsje te litten, oant se yn [[1961]] lang om let tajoech. Dêrby stelde se wol it betingst dat se sels it [[senario]] goedkarre moast. ===Produksje=== De úteinlike film wie Travers, dy't op 'e [[ôftiteling]] fermeld waard as "konsultante", net botte gelokkich mei. Se mocht net oer it fersêftsjen fan 'e skerpere kantsjes fan it [[karakter (persoanlikheid)|karakter]] fan Mary Poppins (dy't yn 'e boeken folle [[idelheid|ideler]] en folle ûnferskilliger foar de bern oer is). Fierders wifke Travers oer de fraach oft se de [[muzyk]] wol moai of gaadlik fûn en hie se sa'n grouwéligen hekel oan it tekenfilmsegmint, dat se it near lei op fierdere ferfilmings fan har wurk. Ek de [[bruorren Sherman]], dy't de [[liet]]en foar de film skreaune, wiene nau belutsen by de ûntjouwing fan 'e film. Sy wiene it, dy't foarstelden om it ferhaal net yn 'e [[1930-er jierren]] spylje te litten, lykas yn it boek fan Travers, mar yn [[1910]], in fearnsiuw earder. Travers woe dan it leafst ek muzyk út dy tiid brûke, mar dêr spriek Disney syn [[feto]] oer út. Uteinlik waard ''Mary Poppins'' [[regissearre]] troch [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] nei in [[senario]] fan [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]] en [[Don DaGradi]]. [[Walt Disney]] wie as [[filmprodusint|produsint]] by it projekt belutsen foar syn eigen [[filmstudio]] Walt Disney Productions (no [[Walt Disney Pictures]]). Foar de film wie in [[budget]] beskikber dêr't de skattings fan útinoar rinne fan [[$]]4,4 oant 6&nbsp;miljoen. De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]], en de [[filmmuzyk]] waard fersoarge troch [[Inwin Kostal]] ([[soundtrack]]) en [[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]] ([[ferske]]s). It [[tekenfilm|animearre]] filmsegmint waard regissearre troch [[Hamilton S. Luske]]. ===Casting=== Foar de [[titelrol]] fan [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] naam [[Walt Disney]] [[aktrise]]s as [[Julie Harris]], [[Angela Lansbury]] en [[Bette Davis]] yn omtinken. [[Julie Andrews]] hie op [[Broadway]] de rol fan Eliza Doolittle fertolke yn 'e [[toaniel]]produksje fan ''[[My Fair Lady (musical)|My Fair Lady]]'', en de ferwachting wie dêrom dat se deselde rol yn [[My Fair Lady (film)|'e filmadaptaasje]] taskood krije soe. Doe't se lykwols foarbyparte waard yn it foardiel fan [[Audrey Hepburn]], griep Disney syn kâns en socht er Andrews oan foar de rol fan Mary Poppins. Andrews wifele oer wat se dwaan moast, mei't se op dat stuit in fearnsjier [[swierwêzen|swier]] wie, mar Disney bewissige har derfan dat er de [[opnamen (film)|opnamen]] fan syn film útstelle soe oant nei't se [[befalling|befallen]] wie. Foar Andrews har manlike [[tsjinspiler]] yn 'e rol fan hantsjemuoisfeint Bert hie Walt Disney alderearst [[Cary Grant]] op it each, en doe't dat neat waard, naam er [[Laurence Harvey]] en [[Anthony Newley]] yn omtinken. Uteinlik [[cast]]e er lykwols [[Dick Van Dyke]] yn 'e rol nei't er ûnder de yndruk rekke wie fan dy syn [[aktearjen|aktearwurk]] yn ''[[The Dick Van Dyke Show]]''. Nei't de kar op him fallen wie, lobbyde Van Dyke om ek de rol fan dhr. Dawes sr. spylje te meien. Disney fielde dêr earst neat foar, mar Van Dyke krige syn sin nei't er der [[audysje]] foar dien hie. Hoewol't oer it algemien mei [[nocht]] weromtocht wurdt oan 'e Amerikaan Van Dyke yn 'e rol fan 'e [[Londen]]ske arbeider Bert, is freon en fijân it deroer iens dat syn neibearen fan in [[Cockney]]-[[aksint (útspraak)|aksint]] nearne nei liek. Sterker noch, it wurdt beskôge as ien fan 'e slimst mislearre aksinten yn 'e [[filmskiednis]], en it wurdt noch altyd as standertfoarbyld fan hoe't it net moat oanhelle troch oare akteurs. Van Dyke bewearde dat syn aksintcoach de [[Ingelsman]] fan [[Ieren (folk)|Iersk]] [[komôf]] [[J. Pat O'Malley]] wie, "dy't it aksint neat better neibeare koe as ik." Yn [[2017]], doe't bekendmakke waard dat Van Dyke in [[BAFTA Award]] (de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmpriiis) ûntfange soe, seid er: "Ik wurdearje dizze kâns om my te [[ûnskuldiging|ûntskuldigjen]] oan 'e leden fan 'e [[British Academy of Film and Television Arts]] foar it lije litten fan harren ûnder it alderferskriklikste Cockey-aksint út 'e skiednis fan 'e [[sinema]]." De [[foarsitter]] fan 'e Academy reägearre dêrop mei de wurden: "Wy sjogge út nei syn akseptaasjetaspraak yn hokfoar aksint er dy jûns ek mar foar kieze sil. It sil sûnder mis 'supercalifragilisticexpialidocious' wêze." ===Opnamen=== De [[opnamen (film)|opnamen]] foar ''Mary Poppins'' setten yn [[maaie]] [[1963]] útein en duorren oant en mei [[septimber]] fan dat jier. De film waard yn syn hiele hear en fear opnommen yn 'e [[Walt Disney Studios (Burbank)|Walt Disney Studios]] yn [[Burbank (Kalifornje)]], wêrby't gebrûk makke waard fan skildere [[Londen]]ske eftergrûnen. ===Distribúsje=== De [[filmdistribúsje|distribúsje]] fan ''Mary Poppins'' waard fersoarge troch Buena Vista Distribution, no [[Walt Disney Studios Motion Pictures]], de eigen filmdistribúsjedifysje fan [[The Walt Disney Company]]. De film gie op [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] yn [[Grauman's Chinese Theatre]] yn [[Los Angeles]] yn [[premiêre]]. [[P.L. Travers]] krige dêr gjin útnûging foar, mar wist dochs ien te bemachtigjen. Op 'e [[afterparty]] stapte se (neffens it tsjûgenis fan [[Richard M. Sherman]]) op [[Walt Disney]] ôf en ferklearre mei útset lûd dat it tekenfilmsegmint út 'e film moast. Disney antwurde: "Pamela, dat is in passearre stasjon," en rûn fuort. De film gie op [[24&nbsp;septimber]] [[1964]] yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[bioskopen]] yn [[premiêre]]. It byhearrende [[soundtrack]]album ferskynde yn [[1964]] op [[LP]] by [[platemaatskippij]] [[Buena Vista Records]]. Op thúsmedia waard ''Mary Poppins'' foar it earst yn [[1980]] útbrocht op [[VHS]] en [[Betamax]]. Op [[4&nbsp;oktober]] [[1988]] ferskynde de film op 'e nij op VHS-[[keapfideo]]. Yn [[1998]] wie it de earste film dy't troch The Walt Disney Company op [[dvd]] útbrocht waard. De earste [[blu-ray]]ferzje fan ''Mary Poppins'' ferskynde op [[10&nbsp;desimber]] [[2013]]. ==Untfangst== Fan 'e [[filmkritisy]] krige ''Mary Poppins'' rûnom lof. Sa omskreau [[Bosley Crowther]] fan ''[[The New York Times]]'' de film as "in alderprachtichste, opfleurjende rôlprint." Yn it [[tydskrift]] ''[[Variety (tydskrift)|Variety]]'' priizge Whitney Williams yn 't bysûnder de [[muzyk|muzikale]] dielen fan 'e film en it [[aktearjen]] fan [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. It blêd ''[[Time (tydskrift)|Time]]'' skreau: "De [[filmset|sets]] binne wielderich, de [[liet]]en lustich, it [[senario]] is [[humor]]istysk mar treftich [[sentimintaliteit|sentiminteel]], en de ûnderstypjende [[cast]] berikt op in hier nei de perfeksje." Yn ''[[The Hollywood Reporter]]'' priizge James Powers it aktearjen, de [[special effects]], de [[filmmuzyk]], it [[produksje-ûntwerp]] en de [[goreografy]]. Konkludearjend stelde er fêst dat "''Mary Poppins'' in film [is], dy't, mear as de measten, in triomf fan in grut tal ûnderskate bydragen is. En de spesjale triomf fan dizze film is dat er it wurk liket te wêzen fan ien inkele, gearhingjende yntelliginsje." Yn it tydskrift ''[[Life (tydskrift)|Life]]'' hie Ann Guerin [[krityk]] op 'e feroarings dy't de film yn it ferhaal fan it boek oanbrocht, yn 't bysûnder wat it tekenfilmsegmint oanbelange. Se murk op: "Guon opienfolgings fan [[sêne]]s hawwe echte [[sjarme]], en faaks dat [[bern (persoan)|bern]] dy foar sûkerswiet opite sille. Mar as [[folwoeksene]] fûn ik it in bytsje tefolle fan it goede." Har konklúzje wie: "Mei in bytsje mear tebekhâldendheid en in bytsje minder ferbettering fan it orizjineel wiene al dy pluspunten fan 'e film safolste better út 'e ferve kommen." Op 'e [[webside]] [[Rotten Tomatoes]], dy't resinsjes sammelet, hat ''Mary Poppins'' in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 54 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In wielderich modern [[mearke]], fierd om syn ferbjusterjende special effects, oanstekkende [[ferske]]s en Julie Andrews har legendaryske aktearprestaasje yn 'e [[titelrol]]." Op [[Metacritic]], de wichtichste [[konkurrint]] fan Rotten Tomatoes, behellet ''Mary Poppins'' in goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 13 resinsjes. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' troch de [[Library of Congress]] foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]] útornearre omreden fan [[kulturele]], [[histoarysk]]e en/of [[estetysk]]e wearde. ==Resultaat== ===Opbringst=== ''Mary Poppins'' draaide yn 'e [[Feriene Steaten]] en [[Kanada]] yn [[1964]] en [[1965]] mear as 32 wiken yn 'e [[bioskopen]] en brocht dêrby $31&nbsp;miljoen op. Yn it [[Feriene Keninkryk]] waarden foar de film 14&nbsp;miljoen [[tagongskaartsje|kaartsjes]] ferkocht. Hoewol't ûnbekend is wat de totale wrâldwide [[opbringst (jild)|opbringst]] fan 'e film wie, soe de folslein skjinne [[winst (ûndernimming)|winst]] yn [[1965]] $28,5&nbsp;miljoen bedroegen hawwe. Dêrmei wie ''Mary Poppins'' de meast opbringende film fan [[1964]]. [[Walt Disney]] brûkte dat jild om lân by [[Orlando (Floarida)|Orlando]] yn sintraal [[Floarida]] te keapjen en dêr de bou fan it [[ferdivedaasjepark]] [[Walt Disney World|Disney World]] te [[finansieren]]. Yn [[1973]] waard ''Mary Poppins'' op 'e nij yn 'e bioskoop útbrocht ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan [[Walt Disney Productions]]; doe waard der nochris $9&nbsp;miljoen fertsjinne. Yn [[1980]] waard de film foar de trêde kear yn 'e bioskoop brocht, mei in resultaat fan $14&nbsp;miljoen. Nei letter noch ferskate oare kearen yn 'e bioskopen draaid te hawwen, stiet anno [[2023]] de totale [[opbringst (jild)|opbringst]] fan ''Mary Poppins'' yn [[Noard-Amearika]] op $103,1&nbsp;miljoen. ===Prizen=== Yn [[1965]] waard ''Mary Poppins'' by de [[Oscar]]s nominearre foar 13 [[priis (ûnderskieding)|prizen]], wêrûnder [[Oscar foar Bêste Film|bêste film]], bêste [[regisseur]], bêste adaptearre [[senario]], bêste [[kamerarezjy]] ([[kleurefilm|kleur]]), bêste [[artdirection]] (kleur), bêste [[kostúm]]ûntwerp (kleur), bêste [[soundtrack]] en bêste [[lûd]]. De film wûn 5 Oscars, foar bêste [[aktrise]] ([[Julie Andrews]]), bêste [[filmmontaazje]] ([[Cotton Warburton]]), bêste [[filmmuzyk]] ([[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]]), bêste [[liet]] (''[[Chim Chim Cher-ee]]'' fan 'e bruorren Sherman) en bêste [[special effects]] ([[Peter Ellenshaw]], [[Eustace Lycett]] en [[Hamilton S. Luske]]) By de [[Golden Globe]]s waard ''Mary Poppins'' nominearre yn 4 [[kategory]]en, wêrûnder [[Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje|bêste film (musical of komeedzje)]], bêste [[akteur]] yn in [[filmmusical|musical]] of [[komeedzjefilm|komeedzje]] ([[Dick Van Dyke]]) en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn de Golden Globe foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje ([[Julie Andrews]]). By de [[BAFTA's]] de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmprizen, wûn Andrews yn 'e kategory meast ûnthjittende nijynkommeling yn in haadrol. ''Mary Poppins'' wûn fierders ek 2 [[Grammy Award]]s, de wichtichste Amerikaanske prizen op it mêd fan [[muzyk]], foar bêste opname foar bern en bêste orizjinele filmmuzyk. ==Films oer tastânkomming en ferfolchfilm== De problematyske [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] fan [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] mei [[P.L. Travers]], de geastlike mem fan it [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], wie it ûnderwerp fan twa [[dokumintêre]]s oer de tastânkomming fan 'e film ''Mary Poppins''. Dat binne ''The Shadow of Mary Poppins'', út [[2002]], en ''The Real Mary Poppins'' út [[2013]]. Oer harren relaasje waard ek it [[biografyske film|biografyske]] [[dramafilm|filmdrama]] ''[[Saving Mr. Banks]]'' makke, út [[2013]], mei [[Tom Hanks]] as Disney en [[Emma Thompson]] as Travers. Yn [[desimber]] [[2018]] waard fierders troch [[Walt Disney Pictures]] in [[ferfolch]] op ''Mary Poppins'' útbrocht, mei as titel ''[[Mary Poppins Returns]]''. Dy film spilet 25 jier letter en is in op him sels steande adaptaasje fan 'e restearjende sân boeken út Travers har [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]]. [[Emily Blunt]] spile de titelrol, wylst [[Dick Van Dyke]] weromkearde as dhr. Dawes jr. ==Keppelings om utens== * {{en}} [http://movies.disney.com/mary-poppins Offisjele webside fan ''Mary Poppins''] * {{en}} [http://www.imdb.com/title/tt0058331/ Ynformaasje oer ''Mary Poppins'' yn 'e Internet Movie Database (IMDb)] {{boarnen|boarnefernijing= Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Mary_Poppins_(film) ''References'', op dizze side]. ---- {{commonscat|Mary Poppins (film)}} }} {{DISPLAYTITLE:''Mary Poppins'' (film)}} [[Kategory:Amerikaanske fantasyfilm]] [[Kategory:Amerikaanske komeedzjefilm]] [[Kategory:Amerikaanske histoaryske film]] [[Kategory:Amerikaanske filmmusical]] [[Kategory:Amerikaanske famyljefilm]] [[Kategory:Fantasykomeedzjefilm]] [[Kategory:Histoaryske fantasyfilm]] [[Kategory:Histoaryske komeedzjefilm]] [[Kategory:Komeedzjefilmmusical]] [[Kategory:Histoaryske filmmusical]] [[Kategory:Fantasyfilmmusical]] [[Kategory:Film mei live-action en animaasje]] [[Kategory:Ingelsktalige film]] [[Kategory:Film fan Walt Disney Pictures]] [[Kategory:Film fan Robert Stevenson]] [[Kategory:Film út 1964]] [[Kategory:Film oer in gûvernante of bernefamke]] [[Kategory:Film oer in bern]] [[Kategory:Film oer tsjoenderij]] [[Kategory:Film oer suffrazjettes]] [[Kategory:Film basearre op in literêr wurk]] crkt42jjjac9qmdjrctt2nbdraj8c6c 1242148 1242147 2026-10-07T12:21:09Z CommonsDelinker 353 "Mary_Poppins5.jpg" is op Commons fuorthelle [[c:User:Christian Ferrer|Christian Ferrer]] om't: per [[:c:Commons:Deletion requests/Files in Category:Mary Poppins (film)|]]. 1242148 wikitext text/x-wiki {{Universele ynfoboks film | ôfbylding = | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = | ferwizing = '''(''[[:en:File:Marypoppins.jpg|Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy]]'')''' | namme = ''Mary Poppins'' | regisseur = [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] | produsint = [[Walt Disney]] | útfierend produsint = | senario = [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]]<br>[[Don DaGradi]] | basearre op = [[Mary Poppins (romansearje)|de romansearje]] fan [[P.L. Travers]] | kamerarezjy = [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]] | muzyk = [[Inwin Kostal]] <small>([[soundtrack]])</small><br>[[bruorren Sherman]] <small>([[liet]]en)</small> | filmstudio = [[Walt Disney Productions]] | distribúsje = [[Walt Disney Studios Motion Pictures|Buena Vista Distribution]] | haadrollen = [[Julie Andrews]]<br> [[Dick Van Dyke]] | voice-over = | byrollen = [[David Tomlinson]]<br> [[Glynis Johns]]<br> [[Karen Dotrice]]<br> [[Matthew Garber]] | lân/lannen = [[File:Flag of the United States.svg|border|20px]] [[Feriene Steaten]] | premiêre = [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] | direkt op fideo = | foarm = [[langspylfilm|lange]] [[filmmusical]] | sjenre = [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]]-<br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[komeedzjefilm]] | taal = [[Ingelsk]] | spyltiid = 139 minuten | budget = $4,4–6&nbsp;miljoen | opbringst = $103,1&nbsp;miljoen <small>([[Noard-Amearika]])</small> | prizen = 5× [[Oscar]]<br>1× [[Golden Globe]]<br>2× [[Grammy Award]]<br>1× [[BAFTA]] | filmsearje = ''Mary Poppins'' | foarich diel = | folgjend diel = ''[[Mary Poppins Returns]]'' }} '''''Mary Poppins''''' is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]][[komeedzjefilm]], [[filmmusical]] en [[famyljefilm]] yn [[Technicolor]] út [[1964]]. De [[film]] stie ûnder [[rezjy]] fan [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] en hie yn 'e [[haadrol]]len [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. De [[titel (namme)|titel]] ferwiist nei de [[haadpersoan]]. De film waard basearre op 'e [[romansearje]] mei [[Mary Poppins (romansearje)|deselde namme]] fan [[skriuwster]] [[P.L. Travers]]. It [[plot|ferhaal]] giet oer in [[rykdom|rike]], mar net-funksjonearjende [[Ingelân|Ingelske]] [[húshâlding]] mei twa jonge [[bern (persoan)|bern]] yn it [[Londen]] fan [[1910]], dêr't regaad makke wurdt troch [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], in [[gûvernante]] dy't [[tsjoenderij|tsjoene]] kin. Mei har [[magy]]ske krêften ferbetteret hja de dynamyk yn it [[gesin]], om dêrnei like hommels wer ôf te setten as hja kommen is. ''Mary Poppins'' waard tige goed ûntfongen troch de [[filmkritisy]] en wie yn 'e [[bioskopen]] in grut [[kommersje]]el súkses as de meast [[opbringst (jild)|opbringende]] film fan [[1964]]. De film waard bekroane mei 5 [[Oscar]]s, in [[Golden Globe]], twa [[Grammy Award]]s en in [[BAFTA]]. Julie Andrews wûn mei har [[aktearprestaasje]] yn 'e [[titelrol]] in BAFTA en sawol de Oscar as de Golden Globe yn 'e [[kategory]] bêste [[aktrise]]. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]]. Datselde jiers waard de film ''[[Saving Mr. Banks]]'' útbrocht, in [[biografyske film|biografysk]] [[dramafilm|drama]] oer de tastânkomming fan ''Mary Poppins''. In [[ferfolchfilm]], ''[[Mary Poppins Returns]]'', kaam út yn [[2018]]. ==Plot== Yn [[Londen]] yn 'e [[maityd]] fan [[1910]] keart [[bank (finansjele ynstelling)|bankmeiwurker]] George Banks oan 'e ein fan 'e dei werom nei hûs. Fan syn [[oarehelte|frou]] Winifred, dy't aktyf is by de [[suffrazjette]]s, heart er dat de [[gûvernante]] fan harren [[bern (persoan)|bern]] Jane en Michael [[ûntslach]] nommen hat om't de bern net te hanthavenjen binne. Hjoed is no al de fjirde kear yn in [[wike]] dat se útnaaid binne. As Banks de [[plysje]] skillet om 'e bern as [[fermist]] op te jaan, wurde se krekt thúsbrocht troch [[plysje]] Jones, dy't harren allinne oan 'e fierste kant fan it [[park]] oantroffen hat. It docht bliken dat se safier ôfdwaald wiene om't se by it [[draakje (boartersguod)|draakjefleanen]] efter in losslein draakje oan sieten. De bern freegje Banks om harren te helpen en ûntwerp in better draakje, mar dat stegeret er ôf om't er wol wichtiger dingen oan 'e holle hat. Om't it mei it lêste espel gûvernantes dat Winifred oannommen hat, hieltyd op deselde wize ôftriedde is, nimt Banks it op him om diskear sels in nije gûvernante te sykjen. Jane en Michael komme op 'e lapen mei in selsopstelde [[fakatuere]] foar in [[sympaty|sympatikere]], leavere gûvernante, mar dat fynt Banks grutte flauwekul, dat hy ferskuort harren bryfke en smyt de snipels yn 'e [[iepen hurd]] (dy't net oan is). Ynstee pleatst er in [[miny-advertinsje|advertinsje]] yn ''[[The Times]]'' foar in strange gûvernante, dy't gjin rare fratsen duldet. Underwilens sûcht lykwols in sterke [[wyn (waar)|wynfleach]] de snipels fan it bryfke fan 'e bern omheech troch de [[skoarstien]], wêrnei't se fuortdwarrelje troch de [[loft]]. De oare [[moarn (deidiel)|moarns]] stiet der in hiele rige âldere, soersjende gûvernantes by de Banks' foar de doar om op [[sollisitaasjepetear]]. Ear't Banks lykwols ree is om oan [[húshâldster]] Ellen opdracht te jaan en lit se ien foar ien yn, stekt der in sterke wyn op, dy't de hiele kliber fan 'e sokken blaast en fuortwaait. Dat foarfal binne lykwols inkeld Jane en Michael tsjûge fan, en Andrew, it [[hûn]]tsje fan juffer Lark, de [[buorfrou]] fan 'e famylje Banks. Datselde jildt ek foar wat dêrnei bart: in jonge, [[skientme|tsjeppe]] [[frou]] komt út 'e loft oansaaien, hingjend oan har [[paraplu]], en lânet lichtfuottich op 'e [[stoepe]] fan 'e [[filla]] fan 'e famylje Banks. As Ellen har ynlit, docht bliken dat dizze [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] George Banks maklik mei wurden oer kin. Hja presintearret kalmkes de wer hiele, troch de bern opstelde fakatuere oan 'e [[alteraasje|feralterearre]] Banks, wêrnei't se harsels oannimt as gûvernante en him oanpraat dat dat syn idee wie. {{Plotbedjer film}} Nei't se mei Jane en Michael yn 'e kunde kommen is, helpt se harren om 'e [[bernekeamer]] op te romjen troch dêrfoar [[tsjoenderij]] yn te setten. De bern binne dan op slach ferkocht. Neitiid nimt Mary harren mei foar in eintsje [[kuierjen]] yn it park, dêr't se Mary har [[freonskip|freon]] Bert treffe. Dat is in [[Cockney]]-sprekkende hantsjemuoisfeint út 'e [[arbeidersklasse]], dy't dy deis wurket as [[trottoirskilderjen|trottoirskilder]]. Mary brûkt har [[magy]] om harsels, Bert en de bern oer te bringen yn ien fan Bert syn [[tekening]]s. Wylst de bern op in [[draaimole (merke)|draaimole]] ride, kuierje Mary en Bert in stikje, [[sang|sjonge]] in [[ferske]] en [[flirt]]e wat. Nei't se har wer by de bern jûn hawwe, betsjoent Mary de draaimolehynders sadat se dermei út te riden gean kinne troch it [[plattelân]]. Dêr kruse se it paad fan in [[foksejacht]]; Bert rêdt de [[foks]], wêrnei't se op in [[draafbaan]] bedarje, dêr't Mary op har draaimolehynder meidocht oan in [[hurddraverij]] en wint. Om 'e oerwinning te beskriuwen, brûkt se it ûnsinwurd "supercalifragilisticexpialidocious" ({{Audio|Supercalifragilisticexpialidocious.ogg|beharkje}}). It útstapke einiget abrupt as it yn Londen begjint te [[stjalprein]]en. Bert syn kryttekening spielt dêrtroch fuort, mei as gefolch dat de fjouwer aventoerslju weromskuord wurde nei de echte wrâld. De oare deis sille Mary en de bern om [[boadskipjen|boadskippen]], mar Mary, dy't blykber mei [[bisten]] prate kin, wurdt troch it hûntsje Andrew warskôge dat it wer safier is mei Bert syn [[omke]] Albert. Dat, se nimt de bern mei dêrhinne. Omke Albert blykt in eksintryk âldman te wêzen dy't, trochdat er net mear ophâlde kin fan [[laitsjen]], omheech [[sweven|sweeft]] is nei it [[plafon]] fan syn [[wente]]. Mary, Bert en de bern jouwe harren dêr by him om te [[teedrinken]], wêrby't se in protte [[grap]]pen fertelle. As George Banks de ferhalen fan Jane en Michael heart oer [[hynsteriden]] op draaimolehynders en teedrinken by it plafon, rekket er [[lulkens|opsternaat]] om't it no krekt de bedoeling wie dat de nije gûvernante de bern ôfleart sokke ûnsinpraatsjes te ferkeapjen, yn pleats dat se it harren bybringt. Hy ropt Mary Poppins by him en drigemintet mei ûntslach, mar sy [[manipulaasje|manipulearret]] him om deryn ta te stimmen dat er de bern de oare deis meinimt nei syn wurk. Dy [[jûn]]s fertelt Mary de bern oer it âldwyfke dat op 'e [[treppen]]s foar de [[Sint-Pauluskatedraal (Londen)|Sint-Pauluskatedraal]] sit en de minsken oanfiteret om 'e [[do (fûgel)|dowen]] te fuorjen dy't om har hinne fladderje. No wol it tafal dat de bank dêr't George Banks wurket, fuort foar de Sint-Pauluskatedraal oer stiet, dat wannear't Banks de oare deis de bern meinimt nei de bank, sjocht Michael it âldwyfke sitten. Hy hat in [[muntstik|munt]], in ''[[tuppence (Britske pre-desimale munt)|tuppence]]'', en dy wol er besteegje oan foer om 'e fûgels te fuorjen, sa't it âldwyfke graach wol. Banks leit dêr fluch it near op en skuort him mei nei de bank. Syn baas, de âlde hear Dawes jr., wol witte wat dy bern hjir moatte, dat Banks seit it earste dat yn him opkomt: Michael hat in ''tuppence'' en wol in [[bankrekken]] iepenje. As de eigner fan 'e bank, de tige âlde hear Dawes sr., dat heart, fiteret er Michael op agressive wize oan om syn ''tuppence'' by syn bank te ynvestearjen. Uteinlik roppet er it jonkje de munt sels út 'e hân wei. Dêrop easket Michael mei útset lûd syn jild werom, wêrmei't er by fersin in [[bankrun]] feroarsaket as oare klanten bang reitsje dat de Dawes Bank harren jild ek net weromjaan wol. Nei't Michael syn ''tuppence'' weromgrypt hat, naaie hy en Jane út, wêrnei't se ferdwaald reitsje yn it Londenske [[East End (Londen)|East End]], it diel fan 'e stêd dêr't de lju út 'e [[arbeidersklasse]] wenje. Op 't langelêst treffe se by tafal Bert wer, dy't dizze dei as [[skoarstienreager]] wurket. Hy bringt harren thús, mar om't Mary [[frije tiid|frij]] hat, de húshâldster en de [[kokkinne]] oar wurk hawwe en sysels nei in gearkomste fan 'e suffrazjettes moat, set Winifred him fuort oan it wurk as [[babysitter|berne-oppas]]. As de beide bern troch de skoarstien omheech sûgd wurde nei it [[dak]], freget Bert Mary Poppins om help, ek al is it har [[frije dei]]. Op it dak fine se de bern werom, en dêr treffe se ek in hiele kloft oare mei [[ruot]] besmodzge skoarstienreagers. Mei syn allen [[dûns]]je en sjonge se op 'e dakken, oant [[admiraal]] Boom, in eksintrike buorman fan 'e famylje Banks, harren oansjocht foar [[ynbrekker]]s en mei syn [[kanon (wapen)|skipskanon]] in lading [[fjoerwurk]] op harren ôfsjit. Wannear't Banks en de frou wer thúskomme, treffe se de skoarstienreagers al dûnsjend en sjongend yn harren [[wenkeamer]] oan, wêrnei't Bert syn maten fuortstjoert. Banks wurd opskille troch dhr. Dawes jr., dy't him freget om dy jûns nei de bank ta te kommen foar in petear oer wat syn bern oanrjochte hawwe. Tusken de regels troch lit er trochskimerje dat Banks ûntslein wurde sil. Jane en Michael hearre de iene helte fan it [[tillefoan]]petear en beseffe dat se har heit yn 'e swierrichheden brocht hawwe. Michael jout de fûl befochten ''tuppence'' oer om it goed te meitsjen. Bert praat in skoftke op Banks yn, wêrby't er him op [[slûchslimmens|slûchslimme]] wize oan it ferstân bringt dat er mear tiid mei syn bern trochbringe moat foar't se dêr te âld foar binne. By de moeting yn 'e bank wurdt Banks op [[fernedering|fernederjende]] wize syn ûntslach oansein. As him frege wurdt oft er dêr noch wat op te sizzen hat, sjocht er sykjend om wurden nei de ''tuppence'' yn syn hân, en blaft er derút: "Supercalifragilisticexpialidocious!" Ek fertelt er in [[mop]] fan omke Albert dy't er earder fan Michael heard hie ("Ik ken in man mei in houten poat dy't Smith hjit." Antwurd: "O ja? En hoe hjit syn oare skonk?"). Dêrnei jout er him laitsjend ôf nei hûs. Dhr. Dawes sr. [[prakkesearjen|prakkesearret]] djip oer de mop nei, oant de klû him lang om let begjint te daagjen. Dêrop moat er ûnbedaarlik laitsje, wêrby't er, krekt as omke Albert, omheech sweeft nei it plafon, ta skrik fan syn soan Dawes jr. en de oare leden fan it bankbestjoer. De oare deis draait de wyn, en mei't Mary Poppins yn 't foar sein hie dat se inkeld sa lang bliuwe soe as de wyn út deselde hoeke kaam, betsjut dat de ein fan har ferbliuw by de famylje Banks. In [[gelokkigens|gelokkiger]] Banks hat ûnderwilens it stikkene draakje fan syn bern reparearre en giet mei de hiele húshâlding nei it park te draakjefleanen. Dêr moetet er dhr. Dawes jr. en de oare bestjoersleden fan 'e bank, dy't ek oan it draakjefleanen binne. Dawes fertelt dat syn heit, dhr. Dawes sr., him de foargeande jûns dealake hat. Hoewol't him dat wol [[spyt]], hied er de âldman noch nea sa gelokkich sjoen as fuort foar syn [[ferstjerren]]. Hy hat dêrom besletten om Banks syn [[baan (wurk)|baan]] werom te jaan en him boppedat de frijkommen sit yn it bankbestjoer te jaan. Mei har wurk dien, brûkt Mary Poppins ûnderwilens har paraplu om fuort te sweven. As se oerkomt, ropt Bert har ta om net te lang fuort te bliuwen. ==Ferskes== # ''Life I Lead'' # ''Perfect Nanny'' # ''[[A Spoonful of Sugar]]'' # ''Jolly Holiday'' # ''[[Supercalifragilisticexpialidocious]]'' # ''I Love to Laugh'' # ''Feed the Birds'' # ''[[Fidelity Fiduciary Bank]]'' # ''[[Chim Chim Cher-ee]]'' # ''Step in Time'' # ''A Man Has Dreams'' # ''Let's Go Fly a Kite'' ==Rolferdieling== [[File:Mary Poppins3.jpg|right|thumb|220px|[[Dick Van Dyke]] as Bert.]] [[File:Mary Poppins4.jpg|right|thumb|220px|[[David Tomlinson]] as George Banks.]] [[File:Mary Poppins12.jpg|right|thumb|220px|[[Hermione Baddeley]] en [[Reta Shaw]] as Ellen de [[húshâldster]] en frou Brill, de [[kokkinne]].]] ;haadrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise'''&nbsp;&nbsp;&nbsp; |- | [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] | [[Julie Andrews]] |- | Bert | [[Dick Van Dyke]] |- |} <br> ;byrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise''' |- | George Banks | [[David Tomlinson]] |- | Winifred Banks | [[Glynis Johns]] |- | Jane Banks | [[Karen Dotrice]] |- | Michael Banks | [[Matthew Garber]] |- | Ellen de [[húshâldster]] | [[Hermione Baddeley]] |- | frou Brill de [[kokkinne]] | [[Reta Shaw]] |- | dhr. Dawes sr. | [[Dick Van Dyke]] |- | dhr. Dawes jr. | [[Arthur Malet]] |- | Katie Nanna | [[Elsa Lanchester]] |- | [[plysjeman]] Jones | [[Arthur Treacher]] |- | [[omke]] Albert | [[Ed Wynn]] |- | [[admiraal]] Boom | [[Reginald Owen]] |- | [[earste stjoerman]] Binnacle | [[Don Barclay (akteur)|Don Barclay]] <small>(fysyk)</small> en [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | Mary Poppins har [[pappegaai]]-[[paraplu]] | [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | juffer Lark | [[Marjorie Bennett]] |- | it 'fûgelwyfke' | [[Jane Darwell]] <small>(fysyk)</small> en [[Robert B. Sherman]] <small>(stim)</small> |- | juffer Persimmon | [[Marjorie Eaton]] |- | [[portier (berop)|portier]] by de [[bank (finansjele ynstelling)|bank]] | [[James Logan (akteur)|James Logan]] |- | frou Corry | [[Alma Lawton]] |- | âldwiif | [[Betty Lou Gerson]] |- | man yn bank | [[Kay E. Kuter]] |- | frou yn bank #1 | [[Doris Lloyd]] |- | frou yn bank #2 | [[Queenie Leonard]] |- | style="background:gold" colspan="2" style="text-align:center;"| '''stimakteurs tekenfilmsegmint''' |- | [[pearelparkyt]]wyfke | [[Julie Andrews]] |- | pearleparkytmantsje | [[Richard M. Sherman]] |- | pearelparkyt[[drummer]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | pearelparkyt[[banjo]]ïst | [[Robert B. Sherman]] |- | [[ko]] | [[Marc Breaux]] |- | [[lûkhynder]] | [[Paul Frees]] |- | [[skiep|raam]] | [[Bill Lee (sjonger)|Bill Lee]] |- | [[baarch]] | [[Thurl Ravenscroft]] |- | [[goes]] | [[Marni Nixon]] |- | [[laam|lammen]] | [[Ginny Tyler]] |- | [[skylpod]]den | [[Daws Butler]] |- | [[pinguïn]]-[[ober]] #1 | [[Daws Butler]] |- | pinguïn-ober #2 | [[Dallas McKennon]] |- | pinguïn-ober #3 | [[J. Pat O'Malley]] |- | pinguïn-ober #4 | [[Richard M. Sherman]] |- | pinguïn-ober #5 | [[David Tomlinson]] |- | [[draaimole (merke)|draaimole]]bewekker | [[Dallas McKennon]] |- | [[bloedhûn]] #1 | [[Sean McClory]] |- | bloedhûn #2 | [[Dallas McKennon]] |- | bloedhûn #3 | [[Alan Napier]] |- | bloedhûn #4 | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[foks]] | [[Dallas McKennon]] |- | [[jacht (aktiviteit)|jager]] | [[Alan Napier]] |- | [[rydhynder]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | jager-lieder | [[J. Pat O'Malley]] |- | bloedhûn #5 | [[George Pelling]] |- | [[jockey]] | [[David Tomlinson]] |- | [[fotograaf]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[ferslachjouwer]] #1 | [[George Pelling]] |- | ferslachjouwer #2 | [[J. Pat O'Malley]] |- | ferslachjouwer #3 | [[Alan Napier]] |- | ferslachjouwer #4 | [[Sean McClory]] |- |} ==Produksje en distribúsje== ===Foarskiednis=== ''Mary Poppins'' wie foar it meastepart basearre op ''[[Mary Poppins (roman)|Mary Poppins]]'', it earste diel út 'e [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]] fan 'e [[Austraalje (lân)|Australysk]]-[[Feriene Keninkryk|Britske]] [[skriuwster]] [[P.L. Travers]], dat ferskynde yn [[1934]]. De [[dochter]]s fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] fûnen it ferhaal sà moai, dat se him [[ûnthjit]]te lieten om it te ferfilmjen. Disney besocht al yn [[1938]] de [[filmrjochten]] fan Travers te keapjen, mar sy wegere, om't se net ferwachte dat in filmferzje har skepping rjocht dwaan soe. Fierders wie Disney doedestiden inkeld bekend as produsint fan [[tekenfilm]]s en hied er noch net in grutte [[live-action]]film makke. Mear as tweintich jier lang besocht Disney om 'e safolle tiid Travers oer te heljen om him in film oer har [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] meitsje te litten, oant se yn [[1961]] lang om let tajoech. Dêrby stelde se wol it betingst dat se sels it [[senario]] goedkarre moast. ===Produksje=== De úteinlike film wie Travers, dy't op 'e [[ôftiteling]] fermeld waard as "konsultante", net botte gelokkich mei. Se mocht net oer it fersêftsjen fan 'e skerpere kantsjes fan it [[karakter (persoanlikheid)|karakter]] fan Mary Poppins (dy't yn 'e boeken folle [[idelheid|ideler]] en folle ûnferskilliger foar de bern oer is). Fierders wifke Travers oer de fraach oft se de [[muzyk]] wol moai of gaadlik fûn en hie se sa'n grouwéligen hekel oan it tekenfilmsegmint, dat se it near lei op fierdere ferfilmings fan har wurk. Ek de [[bruorren Sherman]], dy't de [[liet]]en foar de film skreaune, wiene nau belutsen by de ûntjouwing fan 'e film. Sy wiene it, dy't foarstelden om it ferhaal net yn 'e [[1930-er jierren]] spylje te litten, lykas yn it boek fan Travers, mar yn [[1910]], in fearnsiuw earder. Travers woe dan it leafst ek muzyk út dy tiid brûke, mar dêr spriek Disney syn [[feto]] oer út. Uteinlik waard ''Mary Poppins'' [[regissearre]] troch [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] nei in [[senario]] fan [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]] en [[Don DaGradi]]. [[Walt Disney]] wie as [[filmprodusint|produsint]] by it projekt belutsen foar syn eigen [[filmstudio]] Walt Disney Productions (no [[Walt Disney Pictures]]). Foar de film wie in [[budget]] beskikber dêr't de skattings fan útinoar rinne fan [[$]]4,4 oant 6&nbsp;miljoen. De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]], en de [[filmmuzyk]] waard fersoarge troch [[Inwin Kostal]] ([[soundtrack]]) en [[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]] ([[ferske]]s). It [[tekenfilm|animearre]] filmsegmint waard regissearre troch [[Hamilton S. Luske]]. ===Casting=== Foar de [[titelrol]] fan [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] naam [[Walt Disney]] [[aktrise]]s as [[Julie Harris]], [[Angela Lansbury]] en [[Bette Davis]] yn omtinken. [[Julie Andrews]] hie op [[Broadway]] de rol fan Eliza Doolittle fertolke yn 'e [[toaniel]]produksje fan ''[[My Fair Lady (musical)|My Fair Lady]]'', en de ferwachting wie dêrom dat se deselde rol yn [[My Fair Lady (film)|'e filmadaptaasje]] taskood krije soe. Doe't se lykwols foarbyparte waard yn it foardiel fan [[Audrey Hepburn]], griep Disney syn kâns en socht er Andrews oan foar de rol fan Mary Poppins. Andrews wifele oer wat se dwaan moast, mei't se op dat stuit in fearnsjier [[swierwêzen|swier]] wie, mar Disney bewissige har derfan dat er de [[opnamen (film)|opnamen]] fan syn film útstelle soe oant nei't se [[befalling|befallen]] wie. Foar Andrews har manlike [[tsjinspiler]] yn 'e rol fan hantsjemuoisfeint Bert hie Walt Disney alderearst [[Cary Grant]] op it each, en doe't dat neat waard, naam er [[Laurence Harvey]] en [[Anthony Newley]] yn omtinken. Uteinlik [[cast]]e er lykwols [[Dick Van Dyke]] yn 'e rol nei't er ûnder de yndruk rekke wie fan dy syn [[aktearjen|aktearwurk]] yn ''[[The Dick Van Dyke Show]]''. Nei't de kar op him fallen wie, lobbyde Van Dyke om ek de rol fan dhr. Dawes sr. spylje te meien. Disney fielde dêr earst neat foar, mar Van Dyke krige syn sin nei't er der [[audysje]] foar dien hie. Hoewol't oer it algemien mei [[nocht]] weromtocht wurdt oan 'e Amerikaan Van Dyke yn 'e rol fan 'e [[Londen]]ske arbeider Bert, is freon en fijân it deroer iens dat syn neibearen fan in [[Cockney]]-[[aksint (útspraak)|aksint]] nearne nei liek. Sterker noch, it wurdt beskôge as ien fan 'e slimst mislearre aksinten yn 'e [[filmskiednis]], en it wurdt noch altyd as standertfoarbyld fan hoe't it net moat oanhelle troch oare akteurs. Van Dyke bewearde dat syn aksintcoach de [[Ingelsman]] fan [[Ieren (folk)|Iersk]] [[komôf]] [[J. Pat O'Malley]] wie, "dy't it aksint neat better neibeare koe as ik." Yn [[2017]], doe't bekendmakke waard dat Van Dyke in [[BAFTA Award]] (de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmpriiis) ûntfange soe, seid er: "Ik wurdearje dizze kâns om my te [[ûnskuldiging|ûntskuldigjen]] oan 'e leden fan 'e [[British Academy of Film and Television Arts]] foar it lije litten fan harren ûnder it alderferskriklikste Cockey-aksint út 'e skiednis fan 'e [[sinema]]." De [[foarsitter]] fan 'e Academy reägearre dêrop mei de wurden: "Wy sjogge út nei syn akseptaasjetaspraak yn hokfoar aksint er dy jûns ek mar foar kieze sil. It sil sûnder mis 'supercalifragilisticexpialidocious' wêze." ===Opnamen=== De [[opnamen (film)|opnamen]] foar ''Mary Poppins'' setten yn [[maaie]] [[1963]] útein en duorren oant en mei [[septimber]] fan dat jier. De film waard yn syn hiele hear en fear opnommen yn 'e [[Walt Disney Studios (Burbank)|Walt Disney Studios]] yn [[Burbank (Kalifornje)]], wêrby't gebrûk makke waard fan skildere [[Londen]]ske eftergrûnen. ===Distribúsje=== De [[filmdistribúsje|distribúsje]] fan ''Mary Poppins'' waard fersoarge troch Buena Vista Distribution, no [[Walt Disney Studios Motion Pictures]], de eigen filmdistribúsjedifysje fan [[The Walt Disney Company]]. De film gie op [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] yn [[Grauman's Chinese Theatre]] yn [[Los Angeles]] yn [[premiêre]]. [[P.L. Travers]] krige dêr gjin útnûging foar, mar wist dochs ien te bemachtigjen. Op 'e [[afterparty]] stapte se (neffens it tsjûgenis fan [[Richard M. Sherman]]) op [[Walt Disney]] ôf en ferklearre mei útset lûd dat it tekenfilmsegmint út 'e film moast. Disney antwurde: "Pamela, dat is in passearre stasjon," en rûn fuort. De film gie op [[24&nbsp;septimber]] [[1964]] yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[bioskopen]] yn [[premiêre]]. It byhearrende [[soundtrack]]album ferskynde yn [[1964]] op [[LP]] by [[platemaatskippij]] [[Buena Vista Records]]. Op thúsmedia waard ''Mary Poppins'' foar it earst yn [[1980]] útbrocht op [[VHS]] en [[Betamax]]. Op [[4&nbsp;oktober]] [[1988]] ferskynde de film op 'e nij op VHS-[[keapfideo]]. Yn [[1998]] wie it de earste film dy't troch The Walt Disney Company op [[dvd]] útbrocht waard. De earste [[blu-ray]]ferzje fan ''Mary Poppins'' ferskynde op [[10&nbsp;desimber]] [[2013]]. ==Untfangst== Fan 'e [[filmkritisy]] krige ''Mary Poppins'' rûnom lof. Sa omskreau [[Bosley Crowther]] fan ''[[The New York Times]]'' de film as "in alderprachtichste, opfleurjende rôlprint." Yn it [[tydskrift]] ''[[Variety (tydskrift)|Variety]]'' priizge Whitney Williams yn 't bysûnder de [[muzyk|muzikale]] dielen fan 'e film en it [[aktearjen]] fan [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. It blêd ''[[Time (tydskrift)|Time]]'' skreau: "De [[filmset|sets]] binne wielderich, de [[liet]]en lustich, it [[senario]] is [[humor]]istysk mar treftich [[sentimintaliteit|sentiminteel]], en de ûnderstypjende [[cast]] berikt op in hier nei de perfeksje." Yn ''[[The Hollywood Reporter]]'' priizge James Powers it aktearjen, de [[special effects]], de [[filmmuzyk]], it [[produksje-ûntwerp]] en de [[goreografy]]. Konkludearjend stelde er fêst dat "''Mary Poppins'' in film [is], dy't, mear as de measten, in triomf fan in grut tal ûnderskate bydragen is. En de spesjale triomf fan dizze film is dat er it wurk liket te wêzen fan ien inkele, gearhingjende yntelliginsje." Yn it tydskrift ''[[Life (tydskrift)|Life]]'' hie Ann Guerin [[krityk]] op 'e feroarings dy't de film yn it ferhaal fan it boek oanbrocht, yn 't bysûnder wat it tekenfilmsegmint oanbelange. Se murk op: "Guon opienfolgings fan [[sêne]]s hawwe echte [[sjarme]], en faaks dat [[bern (persoan)|bern]] dy foar sûkerswiet opite sille. Mar as [[folwoeksene]] fûn ik it in bytsje tefolle fan it goede." Har konklúzje wie: "Mei in bytsje mear tebekhâldendheid en in bytsje minder ferbettering fan it orizjineel wiene al dy pluspunten fan 'e film safolste better út 'e ferve kommen." Op 'e [[webside]] [[Rotten Tomatoes]], dy't resinsjes sammelet, hat ''Mary Poppins'' in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 54 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In wielderich modern [[mearke]], fierd om syn ferbjusterjende special effects, oanstekkende [[ferske]]s en Julie Andrews har legendaryske aktearprestaasje yn 'e [[titelrol]]." Op [[Metacritic]], de wichtichste [[konkurrint]] fan Rotten Tomatoes, behellet ''Mary Poppins'' in goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 13 resinsjes. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' troch de [[Library of Congress]] foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]] útornearre omreden fan [[kulturele]], [[histoarysk]]e en/of [[estetysk]]e wearde. ==Resultaat== ===Opbringst=== ''Mary Poppins'' draaide yn 'e [[Feriene Steaten]] en [[Kanada]] yn [[1964]] en [[1965]] mear as 32 wiken yn 'e [[bioskopen]] en brocht dêrby $31&nbsp;miljoen op. Yn it [[Feriene Keninkryk]] waarden foar de film 14&nbsp;miljoen [[tagongskaartsje|kaartsjes]] ferkocht. Hoewol't ûnbekend is wat de totale wrâldwide [[opbringst (jild)|opbringst]] fan 'e film wie, soe de folslein skjinne [[winst (ûndernimming)|winst]] yn [[1965]] $28,5&nbsp;miljoen bedroegen hawwe. Dêrmei wie ''Mary Poppins'' de meast opbringende film fan [[1964]]. [[Walt Disney]] brûkte dat jild om lân by [[Orlando (Floarida)|Orlando]] yn sintraal [[Floarida]] te keapjen en dêr de bou fan it [[ferdivedaasjepark]] [[Walt Disney World|Disney World]] te [[finansieren]]. Yn [[1973]] waard ''Mary Poppins'' op 'e nij yn 'e bioskoop útbrocht ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan [[Walt Disney Productions]]; doe waard der nochris $9&nbsp;miljoen fertsjinne. Yn [[1980]] waard de film foar de trêde kear yn 'e bioskoop brocht, mei in resultaat fan $14&nbsp;miljoen. Nei letter noch ferskate oare kearen yn 'e bioskopen draaid te hawwen, stiet anno [[2023]] de totale [[opbringst (jild)|opbringst]] fan ''Mary Poppins'' yn [[Noard-Amearika]] op $103,1&nbsp;miljoen. ===Prizen=== Yn [[1965]] waard ''Mary Poppins'' by de [[Oscar]]s nominearre foar 13 [[priis (ûnderskieding)|prizen]], wêrûnder [[Oscar foar Bêste Film|bêste film]], bêste [[regisseur]], bêste adaptearre [[senario]], bêste [[kamerarezjy]] ([[kleurefilm|kleur]]), bêste [[artdirection]] (kleur), bêste [[kostúm]]ûntwerp (kleur), bêste [[soundtrack]] en bêste [[lûd]]. De film wûn 5 Oscars, foar bêste [[aktrise]] ([[Julie Andrews]]), bêste [[filmmontaazje]] ([[Cotton Warburton]]), bêste [[filmmuzyk]] ([[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]]), bêste [[liet]] (''[[Chim Chim Cher-ee]]'' fan 'e bruorren Sherman) en bêste [[special effects]] ([[Peter Ellenshaw]], [[Eustace Lycett]] en [[Hamilton S. Luske]]) By de [[Golden Globe]]s waard ''Mary Poppins'' nominearre yn 4 [[kategory]]en, wêrûnder [[Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje|bêste film (musical of komeedzje)]], bêste [[akteur]] yn in [[filmmusical|musical]] of [[komeedzjefilm|komeedzje]] ([[Dick Van Dyke]]) en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn de Golden Globe foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje ([[Julie Andrews]]). By de [[BAFTA's]] de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmprizen, wûn Andrews yn 'e kategory meast ûnthjittende nijynkommeling yn in haadrol. ''Mary Poppins'' wûn fierders ek 2 [[Grammy Award]]s, de wichtichste Amerikaanske prizen op it mêd fan [[muzyk]], foar bêste opname foar bern en bêste orizjinele filmmuzyk. ==Films oer tastânkomming en ferfolchfilm== De problematyske [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] fan [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] mei [[P.L. Travers]], de geastlike mem fan it [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], wie it ûnderwerp fan twa [[dokumintêre]]s oer de tastânkomming fan 'e film ''Mary Poppins''. Dat binne ''The Shadow of Mary Poppins'', út [[2002]], en ''The Real Mary Poppins'' út [[2013]]. Oer harren relaasje waard ek it [[biografyske film|biografyske]] [[dramafilm|filmdrama]] ''[[Saving Mr. Banks]]'' makke, út [[2013]], mei [[Tom Hanks]] as Disney en [[Emma Thompson]] as Travers. Yn [[desimber]] [[2018]] waard fierders troch [[Walt Disney Pictures]] in [[ferfolch]] op ''Mary Poppins'' útbrocht, mei as titel ''[[Mary Poppins Returns]]''. Dy film spilet 25 jier letter en is in op him sels steande adaptaasje fan 'e restearjende sân boeken út Travers har [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]]. [[Emily Blunt]] spile de titelrol, wylst [[Dick Van Dyke]] weromkearde as dhr. Dawes jr. ==Keppelings om utens== * {{en}} [http://movies.disney.com/mary-poppins Offisjele webside fan ''Mary Poppins''] * {{en}} [http://www.imdb.com/title/tt0058331/ Ynformaasje oer ''Mary Poppins'' yn 'e Internet Movie Database (IMDb)] {{boarnen|boarnefernijing= Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Mary_Poppins_(film) ''References'', op dizze side]. ---- {{commonscat|Mary Poppins (film)}} }} {{DISPLAYTITLE:''Mary Poppins'' (film)}} [[Kategory:Amerikaanske fantasyfilm]] [[Kategory:Amerikaanske komeedzjefilm]] [[Kategory:Amerikaanske histoaryske film]] [[Kategory:Amerikaanske filmmusical]] [[Kategory:Amerikaanske famyljefilm]] [[Kategory:Fantasykomeedzjefilm]] [[Kategory:Histoaryske fantasyfilm]] [[Kategory:Histoaryske komeedzjefilm]] [[Kategory:Komeedzjefilmmusical]] [[Kategory:Histoaryske filmmusical]] [[Kategory:Fantasyfilmmusical]] [[Kategory:Film mei live-action en animaasje]] [[Kategory:Ingelsktalige film]] [[Kategory:Film fan Walt Disney Pictures]] [[Kategory:Film fan Robert Stevenson]] [[Kategory:Film út 1964]] [[Kategory:Film oer in gûvernante of bernefamke]] [[Kategory:Film oer in bern]] [[Kategory:Film oer tsjoenderij]] [[Kategory:Film oer suffrazjettes]] [[Kategory:Film basearre op in literêr wurk]] fy342uax9ca3y0fx6sx9jpr25ng7if3 1242149 1242148 2026-10-07T12:22:15Z CommonsDelinker 353 "Mary_Poppins4.jpg" is op Commons fuorthelle [[c:User:Christian Ferrer|Christian Ferrer]] om't: per [[:c:Commons:Deletion requests/Files in Category:Mary Poppins (film)|]]. 1242149 wikitext text/x-wiki {{Universele ynfoboks film | ôfbylding = | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = | ferwizing = '''(''[[:en:File:Marypoppins.jpg|Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy]]'')''' | namme = ''Mary Poppins'' | regisseur = [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] | produsint = [[Walt Disney]] | útfierend produsint = | senario = [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]]<br>[[Don DaGradi]] | basearre op = [[Mary Poppins (romansearje)|de romansearje]] fan [[P.L. Travers]] | kamerarezjy = [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]] | muzyk = [[Inwin Kostal]] <small>([[soundtrack]])</small><br>[[bruorren Sherman]] <small>([[liet]]en)</small> | filmstudio = [[Walt Disney Productions]] | distribúsje = [[Walt Disney Studios Motion Pictures|Buena Vista Distribution]] | haadrollen = [[Julie Andrews]]<br> [[Dick Van Dyke]] | voice-over = | byrollen = [[David Tomlinson]]<br> [[Glynis Johns]]<br> [[Karen Dotrice]]<br> [[Matthew Garber]] | lân/lannen = [[File:Flag of the United States.svg|border|20px]] [[Feriene Steaten]] | premiêre = [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] | direkt op fideo = | foarm = [[langspylfilm|lange]] [[filmmusical]] | sjenre = [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]]-<br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[komeedzjefilm]] | taal = [[Ingelsk]] | spyltiid = 139 minuten | budget = $4,4–6&nbsp;miljoen | opbringst = $103,1&nbsp;miljoen <small>([[Noard-Amearika]])</small> | prizen = 5× [[Oscar]]<br>1× [[Golden Globe]]<br>2× [[Grammy Award]]<br>1× [[BAFTA]] | filmsearje = ''Mary Poppins'' | foarich diel = | folgjend diel = ''[[Mary Poppins Returns]]'' }} '''''Mary Poppins''''' is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]][[komeedzjefilm]], [[filmmusical]] en [[famyljefilm]] yn [[Technicolor]] út [[1964]]. De [[film]] stie ûnder [[rezjy]] fan [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] en hie yn 'e [[haadrol]]len [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. De [[titel (namme)|titel]] ferwiist nei de [[haadpersoan]]. De film waard basearre op 'e [[romansearje]] mei [[Mary Poppins (romansearje)|deselde namme]] fan [[skriuwster]] [[P.L. Travers]]. It [[plot|ferhaal]] giet oer in [[rykdom|rike]], mar net-funksjonearjende [[Ingelân|Ingelske]] [[húshâlding]] mei twa jonge [[bern (persoan)|bern]] yn it [[Londen]] fan [[1910]], dêr't regaad makke wurdt troch [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], in [[gûvernante]] dy't [[tsjoenderij|tsjoene]] kin. Mei har [[magy]]ske krêften ferbetteret hja de dynamyk yn it [[gesin]], om dêrnei like hommels wer ôf te setten as hja kommen is. ''Mary Poppins'' waard tige goed ûntfongen troch de [[filmkritisy]] en wie yn 'e [[bioskopen]] in grut [[kommersje]]el súkses as de meast [[opbringst (jild)|opbringende]] film fan [[1964]]. De film waard bekroane mei 5 [[Oscar]]s, in [[Golden Globe]], twa [[Grammy Award]]s en in [[BAFTA]]. Julie Andrews wûn mei har [[aktearprestaasje]] yn 'e [[titelrol]] in BAFTA en sawol de Oscar as de Golden Globe yn 'e [[kategory]] bêste [[aktrise]]. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]]. Datselde jiers waard de film ''[[Saving Mr. Banks]]'' útbrocht, in [[biografyske film|biografysk]] [[dramafilm|drama]] oer de tastânkomming fan ''Mary Poppins''. In [[ferfolchfilm]], ''[[Mary Poppins Returns]]'', kaam út yn [[2018]]. ==Plot== Yn [[Londen]] yn 'e [[maityd]] fan [[1910]] keart [[bank (finansjele ynstelling)|bankmeiwurker]] George Banks oan 'e ein fan 'e dei werom nei hûs. Fan syn [[oarehelte|frou]] Winifred, dy't aktyf is by de [[suffrazjette]]s, heart er dat de [[gûvernante]] fan harren [[bern (persoan)|bern]] Jane en Michael [[ûntslach]] nommen hat om't de bern net te hanthavenjen binne. Hjoed is no al de fjirde kear yn in [[wike]] dat se útnaaid binne. As Banks de [[plysje]] skillet om 'e bern as [[fermist]] op te jaan, wurde se krekt thúsbrocht troch [[plysje]] Jones, dy't harren allinne oan 'e fierste kant fan it [[park]] oantroffen hat. It docht bliken dat se safier ôfdwaald wiene om't se by it [[draakje (boartersguod)|draakjefleanen]] efter in losslein draakje oan sieten. De bern freegje Banks om harren te helpen en ûntwerp in better draakje, mar dat stegeret er ôf om't er wol wichtiger dingen oan 'e holle hat. Om't it mei it lêste espel gûvernantes dat Winifred oannommen hat, hieltyd op deselde wize ôftriedde is, nimt Banks it op him om diskear sels in nije gûvernante te sykjen. Jane en Michael komme op 'e lapen mei in selsopstelde [[fakatuere]] foar in [[sympaty|sympatikere]], leavere gûvernante, mar dat fynt Banks grutte flauwekul, dat hy ferskuort harren bryfke en smyt de snipels yn 'e [[iepen hurd]] (dy't net oan is). Ynstee pleatst er in [[miny-advertinsje|advertinsje]] yn ''[[The Times]]'' foar in strange gûvernante, dy't gjin rare fratsen duldet. Underwilens sûcht lykwols in sterke [[wyn (waar)|wynfleach]] de snipels fan it bryfke fan 'e bern omheech troch de [[skoarstien]], wêrnei't se fuortdwarrelje troch de [[loft]]. De oare [[moarn (deidiel)|moarns]] stiet der in hiele rige âldere, soersjende gûvernantes by de Banks' foar de doar om op [[sollisitaasjepetear]]. Ear't Banks lykwols ree is om oan [[húshâldster]] Ellen opdracht te jaan en lit se ien foar ien yn, stekt der in sterke wyn op, dy't de hiele kliber fan 'e sokken blaast en fuortwaait. Dat foarfal binne lykwols inkeld Jane en Michael tsjûge fan, en Andrew, it [[hûn]]tsje fan juffer Lark, de [[buorfrou]] fan 'e famylje Banks. Datselde jildt ek foar wat dêrnei bart: in jonge, [[skientme|tsjeppe]] [[frou]] komt út 'e loft oansaaien, hingjend oan har [[paraplu]], en lânet lichtfuottich op 'e [[stoepe]] fan 'e [[filla]] fan 'e famylje Banks. As Ellen har ynlit, docht bliken dat dizze [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] George Banks maklik mei wurden oer kin. Hja presintearret kalmkes de wer hiele, troch de bern opstelde fakatuere oan 'e [[alteraasje|feralterearre]] Banks, wêrnei't se harsels oannimt as gûvernante en him oanpraat dat dat syn idee wie. {{Plotbedjer film}} Nei't se mei Jane en Michael yn 'e kunde kommen is, helpt se harren om 'e [[bernekeamer]] op te romjen troch dêrfoar [[tsjoenderij]] yn te setten. De bern binne dan op slach ferkocht. Neitiid nimt Mary harren mei foar in eintsje [[kuierjen]] yn it park, dêr't se Mary har [[freonskip|freon]] Bert treffe. Dat is in [[Cockney]]-sprekkende hantsjemuoisfeint út 'e [[arbeidersklasse]], dy't dy deis wurket as [[trottoirskilderjen|trottoirskilder]]. Mary brûkt har [[magy]] om harsels, Bert en de bern oer te bringen yn ien fan Bert syn [[tekening]]s. Wylst de bern op in [[draaimole (merke)|draaimole]] ride, kuierje Mary en Bert in stikje, [[sang|sjonge]] in [[ferske]] en [[flirt]]e wat. Nei't se har wer by de bern jûn hawwe, betsjoent Mary de draaimolehynders sadat se dermei út te riden gean kinne troch it [[plattelân]]. Dêr kruse se it paad fan in [[foksejacht]]; Bert rêdt de [[foks]], wêrnei't se op in [[draafbaan]] bedarje, dêr't Mary op har draaimolehynder meidocht oan in [[hurddraverij]] en wint. Om 'e oerwinning te beskriuwen, brûkt se it ûnsinwurd "supercalifragilisticexpialidocious" ({{Audio|Supercalifragilisticexpialidocious.ogg|beharkje}}). It útstapke einiget abrupt as it yn Londen begjint te [[stjalprein]]en. Bert syn kryttekening spielt dêrtroch fuort, mei as gefolch dat de fjouwer aventoerslju weromskuord wurde nei de echte wrâld. De oare deis sille Mary en de bern om [[boadskipjen|boadskippen]], mar Mary, dy't blykber mei [[bisten]] prate kin, wurdt troch it hûntsje Andrew warskôge dat it wer safier is mei Bert syn [[omke]] Albert. Dat, se nimt de bern mei dêrhinne. Omke Albert blykt in eksintryk âldman te wêzen dy't, trochdat er net mear ophâlde kin fan [[laitsjen]], omheech [[sweven|sweeft]] is nei it [[plafon]] fan syn [[wente]]. Mary, Bert en de bern jouwe harren dêr by him om te [[teedrinken]], wêrby't se in protte [[grap]]pen fertelle. As George Banks de ferhalen fan Jane en Michael heart oer [[hynsteriden]] op draaimolehynders en teedrinken by it plafon, rekket er [[lulkens|opsternaat]] om't it no krekt de bedoeling wie dat de nije gûvernante de bern ôfleart sokke ûnsinpraatsjes te ferkeapjen, yn pleats dat se it harren bybringt. Hy ropt Mary Poppins by him en drigemintet mei ûntslach, mar sy [[manipulaasje|manipulearret]] him om deryn ta te stimmen dat er de bern de oare deis meinimt nei syn wurk. Dy [[jûn]]s fertelt Mary de bern oer it âldwyfke dat op 'e [[treppen]]s foar de [[Sint-Pauluskatedraal (Londen)|Sint-Pauluskatedraal]] sit en de minsken oanfiteret om 'e [[do (fûgel)|dowen]] te fuorjen dy't om har hinne fladderje. No wol it tafal dat de bank dêr't George Banks wurket, fuort foar de Sint-Pauluskatedraal oer stiet, dat wannear't Banks de oare deis de bern meinimt nei de bank, sjocht Michael it âldwyfke sitten. Hy hat in [[muntstik|munt]], in ''[[tuppence (Britske pre-desimale munt)|tuppence]]'', en dy wol er besteegje oan foer om 'e fûgels te fuorjen, sa't it âldwyfke graach wol. Banks leit dêr fluch it near op en skuort him mei nei de bank. Syn baas, de âlde hear Dawes jr., wol witte wat dy bern hjir moatte, dat Banks seit it earste dat yn him opkomt: Michael hat in ''tuppence'' en wol in [[bankrekken]] iepenje. As de eigner fan 'e bank, de tige âlde hear Dawes sr., dat heart, fiteret er Michael op agressive wize oan om syn ''tuppence'' by syn bank te ynvestearjen. Uteinlik roppet er it jonkje de munt sels út 'e hân wei. Dêrop easket Michael mei útset lûd syn jild werom, wêrmei't er by fersin in [[bankrun]] feroarsaket as oare klanten bang reitsje dat de Dawes Bank harren jild ek net weromjaan wol. Nei't Michael syn ''tuppence'' weromgrypt hat, naaie hy en Jane út, wêrnei't se ferdwaald reitsje yn it Londenske [[East End (Londen)|East End]], it diel fan 'e stêd dêr't de lju út 'e [[arbeidersklasse]] wenje. Op 't langelêst treffe se by tafal Bert wer, dy't dizze dei as [[skoarstienreager]] wurket. Hy bringt harren thús, mar om't Mary [[frije tiid|frij]] hat, de húshâldster en de [[kokkinne]] oar wurk hawwe en sysels nei in gearkomste fan 'e suffrazjettes moat, set Winifred him fuort oan it wurk as [[babysitter|berne-oppas]]. As de beide bern troch de skoarstien omheech sûgd wurde nei it [[dak]], freget Bert Mary Poppins om help, ek al is it har [[frije dei]]. Op it dak fine se de bern werom, en dêr treffe se ek in hiele kloft oare mei [[ruot]] besmodzge skoarstienreagers. Mei syn allen [[dûns]]je en sjonge se op 'e dakken, oant [[admiraal]] Boom, in eksintrike buorman fan 'e famylje Banks, harren oansjocht foar [[ynbrekker]]s en mei syn [[kanon (wapen)|skipskanon]] in lading [[fjoerwurk]] op harren ôfsjit. Wannear't Banks en de frou wer thúskomme, treffe se de skoarstienreagers al dûnsjend en sjongend yn harren [[wenkeamer]] oan, wêrnei't Bert syn maten fuortstjoert. Banks wurd opskille troch dhr. Dawes jr., dy't him freget om dy jûns nei de bank ta te kommen foar in petear oer wat syn bern oanrjochte hawwe. Tusken de regels troch lit er trochskimerje dat Banks ûntslein wurde sil. Jane en Michael hearre de iene helte fan it [[tillefoan]]petear en beseffe dat se har heit yn 'e swierrichheden brocht hawwe. Michael jout de fûl befochten ''tuppence'' oer om it goed te meitsjen. Bert praat in skoftke op Banks yn, wêrby't er him op [[slûchslimmens|slûchslimme]] wize oan it ferstân bringt dat er mear tiid mei syn bern trochbringe moat foar't se dêr te âld foar binne. By de moeting yn 'e bank wurdt Banks op [[fernedering|fernederjende]] wize syn ûntslach oansein. As him frege wurdt oft er dêr noch wat op te sizzen hat, sjocht er sykjend om wurden nei de ''tuppence'' yn syn hân, en blaft er derút: "Supercalifragilisticexpialidocious!" Ek fertelt er in [[mop]] fan omke Albert dy't er earder fan Michael heard hie ("Ik ken in man mei in houten poat dy't Smith hjit." Antwurd: "O ja? En hoe hjit syn oare skonk?"). Dêrnei jout er him laitsjend ôf nei hûs. Dhr. Dawes sr. [[prakkesearjen|prakkesearret]] djip oer de mop nei, oant de klû him lang om let begjint te daagjen. Dêrop moat er ûnbedaarlik laitsje, wêrby't er, krekt as omke Albert, omheech sweeft nei it plafon, ta skrik fan syn soan Dawes jr. en de oare leden fan it bankbestjoer. De oare deis draait de wyn, en mei't Mary Poppins yn 't foar sein hie dat se inkeld sa lang bliuwe soe as de wyn út deselde hoeke kaam, betsjut dat de ein fan har ferbliuw by de famylje Banks. In [[gelokkigens|gelokkiger]] Banks hat ûnderwilens it stikkene draakje fan syn bern reparearre en giet mei de hiele húshâlding nei it park te draakjefleanen. Dêr moetet er dhr. Dawes jr. en de oare bestjoersleden fan 'e bank, dy't ek oan it draakjefleanen binne. Dawes fertelt dat syn heit, dhr. Dawes sr., him de foargeande jûns dealake hat. Hoewol't him dat wol [[spyt]], hied er de âldman noch nea sa gelokkich sjoen as fuort foar syn [[ferstjerren]]. Hy hat dêrom besletten om Banks syn [[baan (wurk)|baan]] werom te jaan en him boppedat de frijkommen sit yn it bankbestjoer te jaan. Mei har wurk dien, brûkt Mary Poppins ûnderwilens har paraplu om fuort te sweven. As se oerkomt, ropt Bert har ta om net te lang fuort te bliuwen. ==Ferskes== # ''Life I Lead'' # ''Perfect Nanny'' # ''[[A Spoonful of Sugar]]'' # ''Jolly Holiday'' # ''[[Supercalifragilisticexpialidocious]]'' # ''I Love to Laugh'' # ''Feed the Birds'' # ''[[Fidelity Fiduciary Bank]]'' # ''[[Chim Chim Cher-ee]]'' # ''Step in Time'' # ''A Man Has Dreams'' # ''Let's Go Fly a Kite'' ==Rolferdieling== [[File:Mary Poppins3.jpg|right|thumb|220px|[[Dick Van Dyke]] as Bert.]] [[File:Mary Poppins12.jpg|right|thumb|220px|[[Hermione Baddeley]] en [[Reta Shaw]] as Ellen de [[húshâldster]] en frou Brill, de [[kokkinne]].]] ;haadrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise'''&nbsp;&nbsp;&nbsp; |- | [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] | [[Julie Andrews]] |- | Bert | [[Dick Van Dyke]] |- |} <br> ;byrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise''' |- | George Banks | [[David Tomlinson]] |- | Winifred Banks | [[Glynis Johns]] |- | Jane Banks | [[Karen Dotrice]] |- | Michael Banks | [[Matthew Garber]] |- | Ellen de [[húshâldster]] | [[Hermione Baddeley]] |- | frou Brill de [[kokkinne]] | [[Reta Shaw]] |- | dhr. Dawes sr. | [[Dick Van Dyke]] |- | dhr. Dawes jr. | [[Arthur Malet]] |- | Katie Nanna | [[Elsa Lanchester]] |- | [[plysjeman]] Jones | [[Arthur Treacher]] |- | [[omke]] Albert | [[Ed Wynn]] |- | [[admiraal]] Boom | [[Reginald Owen]] |- | [[earste stjoerman]] Binnacle | [[Don Barclay (akteur)|Don Barclay]] <small>(fysyk)</small> en [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | Mary Poppins har [[pappegaai]]-[[paraplu]] | [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | juffer Lark | [[Marjorie Bennett]] |- | it 'fûgelwyfke' | [[Jane Darwell]] <small>(fysyk)</small> en [[Robert B. Sherman]] <small>(stim)</small> |- | juffer Persimmon | [[Marjorie Eaton]] |- | [[portier (berop)|portier]] by de [[bank (finansjele ynstelling)|bank]] | [[James Logan (akteur)|James Logan]] |- | frou Corry | [[Alma Lawton]] |- | âldwiif | [[Betty Lou Gerson]] |- | man yn bank | [[Kay E. Kuter]] |- | frou yn bank #1 | [[Doris Lloyd]] |- | frou yn bank #2 | [[Queenie Leonard]] |- | style="background:gold" colspan="2" style="text-align:center;"| '''stimakteurs tekenfilmsegmint''' |- | [[pearelparkyt]]wyfke | [[Julie Andrews]] |- | pearleparkytmantsje | [[Richard M. Sherman]] |- | pearelparkyt[[drummer]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | pearelparkyt[[banjo]]ïst | [[Robert B. Sherman]] |- | [[ko]] | [[Marc Breaux]] |- | [[lûkhynder]] | [[Paul Frees]] |- | [[skiep|raam]] | [[Bill Lee (sjonger)|Bill Lee]] |- | [[baarch]] | [[Thurl Ravenscroft]] |- | [[goes]] | [[Marni Nixon]] |- | [[laam|lammen]] | [[Ginny Tyler]] |- | [[skylpod]]den | [[Daws Butler]] |- | [[pinguïn]]-[[ober]] #1 | [[Daws Butler]] |- | pinguïn-ober #2 | [[Dallas McKennon]] |- | pinguïn-ober #3 | [[J. Pat O'Malley]] |- | pinguïn-ober #4 | [[Richard M. Sherman]] |- | pinguïn-ober #5 | [[David Tomlinson]] |- | [[draaimole (merke)|draaimole]]bewekker | [[Dallas McKennon]] |- | [[bloedhûn]] #1 | [[Sean McClory]] |- | bloedhûn #2 | [[Dallas McKennon]] |- | bloedhûn #3 | [[Alan Napier]] |- | bloedhûn #4 | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[foks]] | [[Dallas McKennon]] |- | [[jacht (aktiviteit)|jager]] | [[Alan Napier]] |- | [[rydhynder]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | jager-lieder | [[J. Pat O'Malley]] |- | bloedhûn #5 | [[George Pelling]] |- | [[jockey]] | [[David Tomlinson]] |- | [[fotograaf]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[ferslachjouwer]] #1 | [[George Pelling]] |- | ferslachjouwer #2 | [[J. Pat O'Malley]] |- | ferslachjouwer #3 | [[Alan Napier]] |- | ferslachjouwer #4 | [[Sean McClory]] |- |} ==Produksje en distribúsje== ===Foarskiednis=== ''Mary Poppins'' wie foar it meastepart basearre op ''[[Mary Poppins (roman)|Mary Poppins]]'', it earste diel út 'e [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]] fan 'e [[Austraalje (lân)|Australysk]]-[[Feriene Keninkryk|Britske]] [[skriuwster]] [[P.L. Travers]], dat ferskynde yn [[1934]]. De [[dochter]]s fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] fûnen it ferhaal sà moai, dat se him [[ûnthjit]]te lieten om it te ferfilmjen. Disney besocht al yn [[1938]] de [[filmrjochten]] fan Travers te keapjen, mar sy wegere, om't se net ferwachte dat in filmferzje har skepping rjocht dwaan soe. Fierders wie Disney doedestiden inkeld bekend as produsint fan [[tekenfilm]]s en hied er noch net in grutte [[live-action]]film makke. Mear as tweintich jier lang besocht Disney om 'e safolle tiid Travers oer te heljen om him in film oer har [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] meitsje te litten, oant se yn [[1961]] lang om let tajoech. Dêrby stelde se wol it betingst dat se sels it [[senario]] goedkarre moast. ===Produksje=== De úteinlike film wie Travers, dy't op 'e [[ôftiteling]] fermeld waard as "konsultante", net botte gelokkich mei. Se mocht net oer it fersêftsjen fan 'e skerpere kantsjes fan it [[karakter (persoanlikheid)|karakter]] fan Mary Poppins (dy't yn 'e boeken folle [[idelheid|ideler]] en folle ûnferskilliger foar de bern oer is). Fierders wifke Travers oer de fraach oft se de [[muzyk]] wol moai of gaadlik fûn en hie se sa'n grouwéligen hekel oan it tekenfilmsegmint, dat se it near lei op fierdere ferfilmings fan har wurk. Ek de [[bruorren Sherman]], dy't de [[liet]]en foar de film skreaune, wiene nau belutsen by de ûntjouwing fan 'e film. Sy wiene it, dy't foarstelden om it ferhaal net yn 'e [[1930-er jierren]] spylje te litten, lykas yn it boek fan Travers, mar yn [[1910]], in fearnsiuw earder. Travers woe dan it leafst ek muzyk út dy tiid brûke, mar dêr spriek Disney syn [[feto]] oer út. Uteinlik waard ''Mary Poppins'' [[regissearre]] troch [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] nei in [[senario]] fan [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]] en [[Don DaGradi]]. [[Walt Disney]] wie as [[filmprodusint|produsint]] by it projekt belutsen foar syn eigen [[filmstudio]] Walt Disney Productions (no [[Walt Disney Pictures]]). Foar de film wie in [[budget]] beskikber dêr't de skattings fan útinoar rinne fan [[$]]4,4 oant 6&nbsp;miljoen. De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]], en de [[filmmuzyk]] waard fersoarge troch [[Inwin Kostal]] ([[soundtrack]]) en [[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]] ([[ferske]]s). It [[tekenfilm|animearre]] filmsegmint waard regissearre troch [[Hamilton S. Luske]]. ===Casting=== Foar de [[titelrol]] fan [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] naam [[Walt Disney]] [[aktrise]]s as [[Julie Harris]], [[Angela Lansbury]] en [[Bette Davis]] yn omtinken. [[Julie Andrews]] hie op [[Broadway]] de rol fan Eliza Doolittle fertolke yn 'e [[toaniel]]produksje fan ''[[My Fair Lady (musical)|My Fair Lady]]'', en de ferwachting wie dêrom dat se deselde rol yn [[My Fair Lady (film)|'e filmadaptaasje]] taskood krije soe. Doe't se lykwols foarbyparte waard yn it foardiel fan [[Audrey Hepburn]], griep Disney syn kâns en socht er Andrews oan foar de rol fan Mary Poppins. Andrews wifele oer wat se dwaan moast, mei't se op dat stuit in fearnsjier [[swierwêzen|swier]] wie, mar Disney bewissige har derfan dat er de [[opnamen (film)|opnamen]] fan syn film útstelle soe oant nei't se [[befalling|befallen]] wie. Foar Andrews har manlike [[tsjinspiler]] yn 'e rol fan hantsjemuoisfeint Bert hie Walt Disney alderearst [[Cary Grant]] op it each, en doe't dat neat waard, naam er [[Laurence Harvey]] en [[Anthony Newley]] yn omtinken. Uteinlik [[cast]]e er lykwols [[Dick Van Dyke]] yn 'e rol nei't er ûnder de yndruk rekke wie fan dy syn [[aktearjen|aktearwurk]] yn ''[[The Dick Van Dyke Show]]''. Nei't de kar op him fallen wie, lobbyde Van Dyke om ek de rol fan dhr. Dawes sr. spylje te meien. Disney fielde dêr earst neat foar, mar Van Dyke krige syn sin nei't er der [[audysje]] foar dien hie. Hoewol't oer it algemien mei [[nocht]] weromtocht wurdt oan 'e Amerikaan Van Dyke yn 'e rol fan 'e [[Londen]]ske arbeider Bert, is freon en fijân it deroer iens dat syn neibearen fan in [[Cockney]]-[[aksint (útspraak)|aksint]] nearne nei liek. Sterker noch, it wurdt beskôge as ien fan 'e slimst mislearre aksinten yn 'e [[filmskiednis]], en it wurdt noch altyd as standertfoarbyld fan hoe't it net moat oanhelle troch oare akteurs. Van Dyke bewearde dat syn aksintcoach de [[Ingelsman]] fan [[Ieren (folk)|Iersk]] [[komôf]] [[J. Pat O'Malley]] wie, "dy't it aksint neat better neibeare koe as ik." Yn [[2017]], doe't bekendmakke waard dat Van Dyke in [[BAFTA Award]] (de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmpriiis) ûntfange soe, seid er: "Ik wurdearje dizze kâns om my te [[ûnskuldiging|ûntskuldigjen]] oan 'e leden fan 'e [[British Academy of Film and Television Arts]] foar it lije litten fan harren ûnder it alderferskriklikste Cockey-aksint út 'e skiednis fan 'e [[sinema]]." De [[foarsitter]] fan 'e Academy reägearre dêrop mei de wurden: "Wy sjogge út nei syn akseptaasjetaspraak yn hokfoar aksint er dy jûns ek mar foar kieze sil. It sil sûnder mis 'supercalifragilisticexpialidocious' wêze." ===Opnamen=== De [[opnamen (film)|opnamen]] foar ''Mary Poppins'' setten yn [[maaie]] [[1963]] útein en duorren oant en mei [[septimber]] fan dat jier. De film waard yn syn hiele hear en fear opnommen yn 'e [[Walt Disney Studios (Burbank)|Walt Disney Studios]] yn [[Burbank (Kalifornje)]], wêrby't gebrûk makke waard fan skildere [[Londen]]ske eftergrûnen. ===Distribúsje=== De [[filmdistribúsje|distribúsje]] fan ''Mary Poppins'' waard fersoarge troch Buena Vista Distribution, no [[Walt Disney Studios Motion Pictures]], de eigen filmdistribúsjedifysje fan [[The Walt Disney Company]]. De film gie op [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] yn [[Grauman's Chinese Theatre]] yn [[Los Angeles]] yn [[premiêre]]. [[P.L. Travers]] krige dêr gjin útnûging foar, mar wist dochs ien te bemachtigjen. Op 'e [[afterparty]] stapte se (neffens it tsjûgenis fan [[Richard M. Sherman]]) op [[Walt Disney]] ôf en ferklearre mei útset lûd dat it tekenfilmsegmint út 'e film moast. Disney antwurde: "Pamela, dat is in passearre stasjon," en rûn fuort. De film gie op [[24&nbsp;septimber]] [[1964]] yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[bioskopen]] yn [[premiêre]]. It byhearrende [[soundtrack]]album ferskynde yn [[1964]] op [[LP]] by [[platemaatskippij]] [[Buena Vista Records]]. Op thúsmedia waard ''Mary Poppins'' foar it earst yn [[1980]] útbrocht op [[VHS]] en [[Betamax]]. Op [[4&nbsp;oktober]] [[1988]] ferskynde de film op 'e nij op VHS-[[keapfideo]]. Yn [[1998]] wie it de earste film dy't troch The Walt Disney Company op [[dvd]] útbrocht waard. De earste [[blu-ray]]ferzje fan ''Mary Poppins'' ferskynde op [[10&nbsp;desimber]] [[2013]]. ==Untfangst== Fan 'e [[filmkritisy]] krige ''Mary Poppins'' rûnom lof. Sa omskreau [[Bosley Crowther]] fan ''[[The New York Times]]'' de film as "in alderprachtichste, opfleurjende rôlprint." Yn it [[tydskrift]] ''[[Variety (tydskrift)|Variety]]'' priizge Whitney Williams yn 't bysûnder de [[muzyk|muzikale]] dielen fan 'e film en it [[aktearjen]] fan [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. It blêd ''[[Time (tydskrift)|Time]]'' skreau: "De [[filmset|sets]] binne wielderich, de [[liet]]en lustich, it [[senario]] is [[humor]]istysk mar treftich [[sentimintaliteit|sentiminteel]], en de ûnderstypjende [[cast]] berikt op in hier nei de perfeksje." Yn ''[[The Hollywood Reporter]]'' priizge James Powers it aktearjen, de [[special effects]], de [[filmmuzyk]], it [[produksje-ûntwerp]] en de [[goreografy]]. Konkludearjend stelde er fêst dat "''Mary Poppins'' in film [is], dy't, mear as de measten, in triomf fan in grut tal ûnderskate bydragen is. En de spesjale triomf fan dizze film is dat er it wurk liket te wêzen fan ien inkele, gearhingjende yntelliginsje." Yn it tydskrift ''[[Life (tydskrift)|Life]]'' hie Ann Guerin [[krityk]] op 'e feroarings dy't de film yn it ferhaal fan it boek oanbrocht, yn 't bysûnder wat it tekenfilmsegmint oanbelange. Se murk op: "Guon opienfolgings fan [[sêne]]s hawwe echte [[sjarme]], en faaks dat [[bern (persoan)|bern]] dy foar sûkerswiet opite sille. Mar as [[folwoeksene]] fûn ik it in bytsje tefolle fan it goede." Har konklúzje wie: "Mei in bytsje mear tebekhâldendheid en in bytsje minder ferbettering fan it orizjineel wiene al dy pluspunten fan 'e film safolste better út 'e ferve kommen." Op 'e [[webside]] [[Rotten Tomatoes]], dy't resinsjes sammelet, hat ''Mary Poppins'' in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 54 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In wielderich modern [[mearke]], fierd om syn ferbjusterjende special effects, oanstekkende [[ferske]]s en Julie Andrews har legendaryske aktearprestaasje yn 'e [[titelrol]]." Op [[Metacritic]], de wichtichste [[konkurrint]] fan Rotten Tomatoes, behellet ''Mary Poppins'' in goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 13 resinsjes. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' troch de [[Library of Congress]] foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]] útornearre omreden fan [[kulturele]], [[histoarysk]]e en/of [[estetysk]]e wearde. ==Resultaat== ===Opbringst=== ''Mary Poppins'' draaide yn 'e [[Feriene Steaten]] en [[Kanada]] yn [[1964]] en [[1965]] mear as 32 wiken yn 'e [[bioskopen]] en brocht dêrby $31&nbsp;miljoen op. Yn it [[Feriene Keninkryk]] waarden foar de film 14&nbsp;miljoen [[tagongskaartsje|kaartsjes]] ferkocht. Hoewol't ûnbekend is wat de totale wrâldwide [[opbringst (jild)|opbringst]] fan 'e film wie, soe de folslein skjinne [[winst (ûndernimming)|winst]] yn [[1965]] $28,5&nbsp;miljoen bedroegen hawwe. Dêrmei wie ''Mary Poppins'' de meast opbringende film fan [[1964]]. [[Walt Disney]] brûkte dat jild om lân by [[Orlando (Floarida)|Orlando]] yn sintraal [[Floarida]] te keapjen en dêr de bou fan it [[ferdivedaasjepark]] [[Walt Disney World|Disney World]] te [[finansieren]]. Yn [[1973]] waard ''Mary Poppins'' op 'e nij yn 'e bioskoop útbrocht ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan [[Walt Disney Productions]]; doe waard der nochris $9&nbsp;miljoen fertsjinne. Yn [[1980]] waard de film foar de trêde kear yn 'e bioskoop brocht, mei in resultaat fan $14&nbsp;miljoen. Nei letter noch ferskate oare kearen yn 'e bioskopen draaid te hawwen, stiet anno [[2023]] de totale [[opbringst (jild)|opbringst]] fan ''Mary Poppins'' yn [[Noard-Amearika]] op $103,1&nbsp;miljoen. ===Prizen=== Yn [[1965]] waard ''Mary Poppins'' by de [[Oscar]]s nominearre foar 13 [[priis (ûnderskieding)|prizen]], wêrûnder [[Oscar foar Bêste Film|bêste film]], bêste [[regisseur]], bêste adaptearre [[senario]], bêste [[kamerarezjy]] ([[kleurefilm|kleur]]), bêste [[artdirection]] (kleur), bêste [[kostúm]]ûntwerp (kleur), bêste [[soundtrack]] en bêste [[lûd]]. De film wûn 5 Oscars, foar bêste [[aktrise]] ([[Julie Andrews]]), bêste [[filmmontaazje]] ([[Cotton Warburton]]), bêste [[filmmuzyk]] ([[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]]), bêste [[liet]] (''[[Chim Chim Cher-ee]]'' fan 'e bruorren Sherman) en bêste [[special effects]] ([[Peter Ellenshaw]], [[Eustace Lycett]] en [[Hamilton S. Luske]]) By de [[Golden Globe]]s waard ''Mary Poppins'' nominearre yn 4 [[kategory]]en, wêrûnder [[Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje|bêste film (musical of komeedzje)]], bêste [[akteur]] yn in [[filmmusical|musical]] of [[komeedzjefilm|komeedzje]] ([[Dick Van Dyke]]) en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn de Golden Globe foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje ([[Julie Andrews]]). By de [[BAFTA's]] de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmprizen, wûn Andrews yn 'e kategory meast ûnthjittende nijynkommeling yn in haadrol. ''Mary Poppins'' wûn fierders ek 2 [[Grammy Award]]s, de wichtichste Amerikaanske prizen op it mêd fan [[muzyk]], foar bêste opname foar bern en bêste orizjinele filmmuzyk. ==Films oer tastânkomming en ferfolchfilm== De problematyske [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] fan [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] mei [[P.L. Travers]], de geastlike mem fan it [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], wie it ûnderwerp fan twa [[dokumintêre]]s oer de tastânkomming fan 'e film ''Mary Poppins''. Dat binne ''The Shadow of Mary Poppins'', út [[2002]], en ''The Real Mary Poppins'' út [[2013]]. Oer harren relaasje waard ek it [[biografyske film|biografyske]] [[dramafilm|filmdrama]] ''[[Saving Mr. Banks]]'' makke, út [[2013]], mei [[Tom Hanks]] as Disney en [[Emma Thompson]] as Travers. Yn [[desimber]] [[2018]] waard fierders troch [[Walt Disney Pictures]] in [[ferfolch]] op ''Mary Poppins'' útbrocht, mei as titel ''[[Mary Poppins Returns]]''. Dy film spilet 25 jier letter en is in op him sels steande adaptaasje fan 'e restearjende sân boeken út Travers har [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]]. [[Emily Blunt]] spile de titelrol, wylst [[Dick Van Dyke]] weromkearde as dhr. Dawes jr. ==Keppelings om utens== * {{en}} [http://movies.disney.com/mary-poppins Offisjele webside fan ''Mary Poppins''] * {{en}} [http://www.imdb.com/title/tt0058331/ Ynformaasje oer ''Mary Poppins'' yn 'e Internet Movie Database (IMDb)] {{boarnen|boarnefernijing= Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Mary_Poppins_(film) ''References'', op dizze side]. ---- {{commonscat|Mary Poppins (film)}} }} {{DISPLAYTITLE:''Mary Poppins'' (film)}} [[Kategory:Amerikaanske fantasyfilm]] [[Kategory:Amerikaanske komeedzjefilm]] [[Kategory:Amerikaanske histoaryske film]] [[Kategory:Amerikaanske filmmusical]] [[Kategory:Amerikaanske famyljefilm]] [[Kategory:Fantasykomeedzjefilm]] [[Kategory:Histoaryske fantasyfilm]] [[Kategory:Histoaryske komeedzjefilm]] [[Kategory:Komeedzjefilmmusical]] [[Kategory:Histoaryske filmmusical]] [[Kategory:Fantasyfilmmusical]] [[Kategory:Film mei live-action en animaasje]] [[Kategory:Ingelsktalige film]] [[Kategory:Film fan Walt Disney Pictures]] [[Kategory:Film fan Robert Stevenson]] [[Kategory:Film út 1964]] [[Kategory:Film oer in gûvernante of bernefamke]] [[Kategory:Film oer in bern]] [[Kategory:Film oer tsjoenderij]] [[Kategory:Film oer suffrazjettes]] [[Kategory:Film basearre op in literêr wurk]] e873ex96v2c26dq10h1b4i9kuaxsw4j 1242150 1242149 2026-10-07T12:25:16Z CommonsDelinker 353 "Mary_Poppins3.jpg" is op Commons fuorthelle [[c:User:Christian Ferrer|Christian Ferrer]] om't: per [[:c:Commons:Deletion requests/Files in Category:Mary Poppins (film)|]]. 1242150 wikitext text/x-wiki {{Universele ynfoboks film | ôfbylding = | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = | ferwizing = '''(''[[:en:File:Marypoppins.jpg|Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy]]'')''' | namme = ''Mary Poppins'' | regisseur = [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] | produsint = [[Walt Disney]] | útfierend produsint = | senario = [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]]<br>[[Don DaGradi]] | basearre op = [[Mary Poppins (romansearje)|de romansearje]] fan [[P.L. Travers]] | kamerarezjy = [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]] | muzyk = [[Inwin Kostal]] <small>([[soundtrack]])</small><br>[[bruorren Sherman]] <small>([[liet]]en)</small> | filmstudio = [[Walt Disney Productions]] | distribúsje = [[Walt Disney Studios Motion Pictures|Buena Vista Distribution]] | haadrollen = [[Julie Andrews]]<br> [[Dick Van Dyke]] | voice-over = | byrollen = [[David Tomlinson]]<br> [[Glynis Johns]]<br> [[Karen Dotrice]]<br> [[Matthew Garber]] | lân/lannen = [[File:Flag of the United States.svg|border|20px]] [[Feriene Steaten]] | premiêre = [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] | direkt op fideo = | foarm = [[langspylfilm|lange]] [[filmmusical]] | sjenre = [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]]-<br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[komeedzjefilm]] | taal = [[Ingelsk]] | spyltiid = 139 minuten | budget = $4,4–6&nbsp;miljoen | opbringst = $103,1&nbsp;miljoen <small>([[Noard-Amearika]])</small> | prizen = 5× [[Oscar]]<br>1× [[Golden Globe]]<br>2× [[Grammy Award]]<br>1× [[BAFTA]] | filmsearje = ''Mary Poppins'' | foarich diel = | folgjend diel = ''[[Mary Poppins Returns]]'' }} '''''Mary Poppins''''' is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]][[komeedzjefilm]], [[filmmusical]] en [[famyljefilm]] yn [[Technicolor]] út [[1964]]. De [[film]] stie ûnder [[rezjy]] fan [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] en hie yn 'e [[haadrol]]len [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. De [[titel (namme)|titel]] ferwiist nei de [[haadpersoan]]. De film waard basearre op 'e [[romansearje]] mei [[Mary Poppins (romansearje)|deselde namme]] fan [[skriuwster]] [[P.L. Travers]]. It [[plot|ferhaal]] giet oer in [[rykdom|rike]], mar net-funksjonearjende [[Ingelân|Ingelske]] [[húshâlding]] mei twa jonge [[bern (persoan)|bern]] yn it [[Londen]] fan [[1910]], dêr't regaad makke wurdt troch [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], in [[gûvernante]] dy't [[tsjoenderij|tsjoene]] kin. Mei har [[magy]]ske krêften ferbetteret hja de dynamyk yn it [[gesin]], om dêrnei like hommels wer ôf te setten as hja kommen is. ''Mary Poppins'' waard tige goed ûntfongen troch de [[filmkritisy]] en wie yn 'e [[bioskopen]] in grut [[kommersje]]el súkses as de meast [[opbringst (jild)|opbringende]] film fan [[1964]]. De film waard bekroane mei 5 [[Oscar]]s, in [[Golden Globe]], twa [[Grammy Award]]s en in [[BAFTA]]. Julie Andrews wûn mei har [[aktearprestaasje]] yn 'e [[titelrol]] in BAFTA en sawol de Oscar as de Golden Globe yn 'e [[kategory]] bêste [[aktrise]]. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]]. Datselde jiers waard de film ''[[Saving Mr. Banks]]'' útbrocht, in [[biografyske film|biografysk]] [[dramafilm|drama]] oer de tastânkomming fan ''Mary Poppins''. In [[ferfolchfilm]], ''[[Mary Poppins Returns]]'', kaam út yn [[2018]]. ==Plot== Yn [[Londen]] yn 'e [[maityd]] fan [[1910]] keart [[bank (finansjele ynstelling)|bankmeiwurker]] George Banks oan 'e ein fan 'e dei werom nei hûs. Fan syn [[oarehelte|frou]] Winifred, dy't aktyf is by de [[suffrazjette]]s, heart er dat de [[gûvernante]] fan harren [[bern (persoan)|bern]] Jane en Michael [[ûntslach]] nommen hat om't de bern net te hanthavenjen binne. Hjoed is no al de fjirde kear yn in [[wike]] dat se útnaaid binne. As Banks de [[plysje]] skillet om 'e bern as [[fermist]] op te jaan, wurde se krekt thúsbrocht troch [[plysje]] Jones, dy't harren allinne oan 'e fierste kant fan it [[park]] oantroffen hat. It docht bliken dat se safier ôfdwaald wiene om't se by it [[draakje (boartersguod)|draakjefleanen]] efter in losslein draakje oan sieten. De bern freegje Banks om harren te helpen en ûntwerp in better draakje, mar dat stegeret er ôf om't er wol wichtiger dingen oan 'e holle hat. Om't it mei it lêste espel gûvernantes dat Winifred oannommen hat, hieltyd op deselde wize ôftriedde is, nimt Banks it op him om diskear sels in nije gûvernante te sykjen. Jane en Michael komme op 'e lapen mei in selsopstelde [[fakatuere]] foar in [[sympaty|sympatikere]], leavere gûvernante, mar dat fynt Banks grutte flauwekul, dat hy ferskuort harren bryfke en smyt de snipels yn 'e [[iepen hurd]] (dy't net oan is). Ynstee pleatst er in [[miny-advertinsje|advertinsje]] yn ''[[The Times]]'' foar in strange gûvernante, dy't gjin rare fratsen duldet. Underwilens sûcht lykwols in sterke [[wyn (waar)|wynfleach]] de snipels fan it bryfke fan 'e bern omheech troch de [[skoarstien]], wêrnei't se fuortdwarrelje troch de [[loft]]. De oare [[moarn (deidiel)|moarns]] stiet der in hiele rige âldere, soersjende gûvernantes by de Banks' foar de doar om op [[sollisitaasjepetear]]. Ear't Banks lykwols ree is om oan [[húshâldster]] Ellen opdracht te jaan en lit se ien foar ien yn, stekt der in sterke wyn op, dy't de hiele kliber fan 'e sokken blaast en fuortwaait. Dat foarfal binne lykwols inkeld Jane en Michael tsjûge fan, en Andrew, it [[hûn]]tsje fan juffer Lark, de [[buorfrou]] fan 'e famylje Banks. Datselde jildt ek foar wat dêrnei bart: in jonge, [[skientme|tsjeppe]] [[frou]] komt út 'e loft oansaaien, hingjend oan har [[paraplu]], en lânet lichtfuottich op 'e [[stoepe]] fan 'e [[filla]] fan 'e famylje Banks. As Ellen har ynlit, docht bliken dat dizze [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] George Banks maklik mei wurden oer kin. Hja presintearret kalmkes de wer hiele, troch de bern opstelde fakatuere oan 'e [[alteraasje|feralterearre]] Banks, wêrnei't se harsels oannimt as gûvernante en him oanpraat dat dat syn idee wie. {{Plotbedjer film}} Nei't se mei Jane en Michael yn 'e kunde kommen is, helpt se harren om 'e [[bernekeamer]] op te romjen troch dêrfoar [[tsjoenderij]] yn te setten. De bern binne dan op slach ferkocht. Neitiid nimt Mary harren mei foar in eintsje [[kuierjen]] yn it park, dêr't se Mary har [[freonskip|freon]] Bert treffe. Dat is in [[Cockney]]-sprekkende hantsjemuoisfeint út 'e [[arbeidersklasse]], dy't dy deis wurket as [[trottoirskilderjen|trottoirskilder]]. Mary brûkt har [[magy]] om harsels, Bert en de bern oer te bringen yn ien fan Bert syn [[tekening]]s. Wylst de bern op in [[draaimole (merke)|draaimole]] ride, kuierje Mary en Bert in stikje, [[sang|sjonge]] in [[ferske]] en [[flirt]]e wat. Nei't se har wer by de bern jûn hawwe, betsjoent Mary de draaimolehynders sadat se dermei út te riden gean kinne troch it [[plattelân]]. Dêr kruse se it paad fan in [[foksejacht]]; Bert rêdt de [[foks]], wêrnei't se op in [[draafbaan]] bedarje, dêr't Mary op har draaimolehynder meidocht oan in [[hurddraverij]] en wint. Om 'e oerwinning te beskriuwen, brûkt se it ûnsinwurd "supercalifragilisticexpialidocious" ({{Audio|Supercalifragilisticexpialidocious.ogg|beharkje}}). It útstapke einiget abrupt as it yn Londen begjint te [[stjalprein]]en. Bert syn kryttekening spielt dêrtroch fuort, mei as gefolch dat de fjouwer aventoerslju weromskuord wurde nei de echte wrâld. De oare deis sille Mary en de bern om [[boadskipjen|boadskippen]], mar Mary, dy't blykber mei [[bisten]] prate kin, wurdt troch it hûntsje Andrew warskôge dat it wer safier is mei Bert syn [[omke]] Albert. Dat, se nimt de bern mei dêrhinne. Omke Albert blykt in eksintryk âldman te wêzen dy't, trochdat er net mear ophâlde kin fan [[laitsjen]], omheech [[sweven|sweeft]] is nei it [[plafon]] fan syn [[wente]]. Mary, Bert en de bern jouwe harren dêr by him om te [[teedrinken]], wêrby't se in protte [[grap]]pen fertelle. As George Banks de ferhalen fan Jane en Michael heart oer [[hynsteriden]] op draaimolehynders en teedrinken by it plafon, rekket er [[lulkens|opsternaat]] om't it no krekt de bedoeling wie dat de nije gûvernante de bern ôfleart sokke ûnsinpraatsjes te ferkeapjen, yn pleats dat se it harren bybringt. Hy ropt Mary Poppins by him en drigemintet mei ûntslach, mar sy [[manipulaasje|manipulearret]] him om deryn ta te stimmen dat er de bern de oare deis meinimt nei syn wurk. Dy [[jûn]]s fertelt Mary de bern oer it âldwyfke dat op 'e [[treppen]]s foar de [[Sint-Pauluskatedraal (Londen)|Sint-Pauluskatedraal]] sit en de minsken oanfiteret om 'e [[do (fûgel)|dowen]] te fuorjen dy't om har hinne fladderje. No wol it tafal dat de bank dêr't George Banks wurket, fuort foar de Sint-Pauluskatedraal oer stiet, dat wannear't Banks de oare deis de bern meinimt nei de bank, sjocht Michael it âldwyfke sitten. Hy hat in [[muntstik|munt]], in ''[[tuppence (Britske pre-desimale munt)|tuppence]]'', en dy wol er besteegje oan foer om 'e fûgels te fuorjen, sa't it âldwyfke graach wol. Banks leit dêr fluch it near op en skuort him mei nei de bank. Syn baas, de âlde hear Dawes jr., wol witte wat dy bern hjir moatte, dat Banks seit it earste dat yn him opkomt: Michael hat in ''tuppence'' en wol in [[bankrekken]] iepenje. As de eigner fan 'e bank, de tige âlde hear Dawes sr., dat heart, fiteret er Michael op agressive wize oan om syn ''tuppence'' by syn bank te ynvestearjen. Uteinlik roppet er it jonkje de munt sels út 'e hân wei. Dêrop easket Michael mei útset lûd syn jild werom, wêrmei't er by fersin in [[bankrun]] feroarsaket as oare klanten bang reitsje dat de Dawes Bank harren jild ek net weromjaan wol. Nei't Michael syn ''tuppence'' weromgrypt hat, naaie hy en Jane út, wêrnei't se ferdwaald reitsje yn it Londenske [[East End (Londen)|East End]], it diel fan 'e stêd dêr't de lju út 'e [[arbeidersklasse]] wenje. Op 't langelêst treffe se by tafal Bert wer, dy't dizze dei as [[skoarstienreager]] wurket. Hy bringt harren thús, mar om't Mary [[frije tiid|frij]] hat, de húshâldster en de [[kokkinne]] oar wurk hawwe en sysels nei in gearkomste fan 'e suffrazjettes moat, set Winifred him fuort oan it wurk as [[babysitter|berne-oppas]]. As de beide bern troch de skoarstien omheech sûgd wurde nei it [[dak]], freget Bert Mary Poppins om help, ek al is it har [[frije dei]]. Op it dak fine se de bern werom, en dêr treffe se ek in hiele kloft oare mei [[ruot]] besmodzge skoarstienreagers. Mei syn allen [[dûns]]je en sjonge se op 'e dakken, oant [[admiraal]] Boom, in eksintrike buorman fan 'e famylje Banks, harren oansjocht foar [[ynbrekker]]s en mei syn [[kanon (wapen)|skipskanon]] in lading [[fjoerwurk]] op harren ôfsjit. Wannear't Banks en de frou wer thúskomme, treffe se de skoarstienreagers al dûnsjend en sjongend yn harren [[wenkeamer]] oan, wêrnei't Bert syn maten fuortstjoert. Banks wurd opskille troch dhr. Dawes jr., dy't him freget om dy jûns nei de bank ta te kommen foar in petear oer wat syn bern oanrjochte hawwe. Tusken de regels troch lit er trochskimerje dat Banks ûntslein wurde sil. Jane en Michael hearre de iene helte fan it [[tillefoan]]petear en beseffe dat se har heit yn 'e swierrichheden brocht hawwe. Michael jout de fûl befochten ''tuppence'' oer om it goed te meitsjen. Bert praat in skoftke op Banks yn, wêrby't er him op [[slûchslimmens|slûchslimme]] wize oan it ferstân bringt dat er mear tiid mei syn bern trochbringe moat foar't se dêr te âld foar binne. By de moeting yn 'e bank wurdt Banks op [[fernedering|fernederjende]] wize syn ûntslach oansein. As him frege wurdt oft er dêr noch wat op te sizzen hat, sjocht er sykjend om wurden nei de ''tuppence'' yn syn hân, en blaft er derút: "Supercalifragilisticexpialidocious!" Ek fertelt er in [[mop]] fan omke Albert dy't er earder fan Michael heard hie ("Ik ken in man mei in houten poat dy't Smith hjit." Antwurd: "O ja? En hoe hjit syn oare skonk?"). Dêrnei jout er him laitsjend ôf nei hûs. Dhr. Dawes sr. [[prakkesearjen|prakkesearret]] djip oer de mop nei, oant de klû him lang om let begjint te daagjen. Dêrop moat er ûnbedaarlik laitsje, wêrby't er, krekt as omke Albert, omheech sweeft nei it plafon, ta skrik fan syn soan Dawes jr. en de oare leden fan it bankbestjoer. De oare deis draait de wyn, en mei't Mary Poppins yn 't foar sein hie dat se inkeld sa lang bliuwe soe as de wyn út deselde hoeke kaam, betsjut dat de ein fan har ferbliuw by de famylje Banks. In [[gelokkigens|gelokkiger]] Banks hat ûnderwilens it stikkene draakje fan syn bern reparearre en giet mei de hiele húshâlding nei it park te draakjefleanen. Dêr moetet er dhr. Dawes jr. en de oare bestjoersleden fan 'e bank, dy't ek oan it draakjefleanen binne. Dawes fertelt dat syn heit, dhr. Dawes sr., him de foargeande jûns dealake hat. Hoewol't him dat wol [[spyt]], hied er de âldman noch nea sa gelokkich sjoen as fuort foar syn [[ferstjerren]]. Hy hat dêrom besletten om Banks syn [[baan (wurk)|baan]] werom te jaan en him boppedat de frijkommen sit yn it bankbestjoer te jaan. Mei har wurk dien, brûkt Mary Poppins ûnderwilens har paraplu om fuort te sweven. As se oerkomt, ropt Bert har ta om net te lang fuort te bliuwen. ==Ferskes== # ''Life I Lead'' # ''Perfect Nanny'' # ''[[A Spoonful of Sugar]]'' # ''Jolly Holiday'' # ''[[Supercalifragilisticexpialidocious]]'' # ''I Love to Laugh'' # ''Feed the Birds'' # ''[[Fidelity Fiduciary Bank]]'' # ''[[Chim Chim Cher-ee]]'' # ''Step in Time'' # ''A Man Has Dreams'' # ''Let's Go Fly a Kite'' ==Rolferdieling== [[File:Mary Poppins12.jpg|right|thumb|220px|[[Hermione Baddeley]] en [[Reta Shaw]] as Ellen de [[húshâldster]] en frou Brill, de [[kokkinne]].]] ;haadrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise'''&nbsp;&nbsp;&nbsp; |- | [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] | [[Julie Andrews]] |- | Bert | [[Dick Van Dyke]] |- |} <br> ;byrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise''' |- | George Banks | [[David Tomlinson]] |- | Winifred Banks | [[Glynis Johns]] |- | Jane Banks | [[Karen Dotrice]] |- | Michael Banks | [[Matthew Garber]] |- | Ellen de [[húshâldster]] | [[Hermione Baddeley]] |- | frou Brill de [[kokkinne]] | [[Reta Shaw]] |- | dhr. Dawes sr. | [[Dick Van Dyke]] |- | dhr. Dawes jr. | [[Arthur Malet]] |- | Katie Nanna | [[Elsa Lanchester]] |- | [[plysjeman]] Jones | [[Arthur Treacher]] |- | [[omke]] Albert | [[Ed Wynn]] |- | [[admiraal]] Boom | [[Reginald Owen]] |- | [[earste stjoerman]] Binnacle | [[Don Barclay (akteur)|Don Barclay]] <small>(fysyk)</small> en [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | Mary Poppins har [[pappegaai]]-[[paraplu]] | [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | juffer Lark | [[Marjorie Bennett]] |- | it 'fûgelwyfke' | [[Jane Darwell]] <small>(fysyk)</small> en [[Robert B. Sherman]] <small>(stim)</small> |- | juffer Persimmon | [[Marjorie Eaton]] |- | [[portier (berop)|portier]] by de [[bank (finansjele ynstelling)|bank]] | [[James Logan (akteur)|James Logan]] |- | frou Corry | [[Alma Lawton]] |- | âldwiif | [[Betty Lou Gerson]] |- | man yn bank | [[Kay E. Kuter]] |- | frou yn bank #1 | [[Doris Lloyd]] |- | frou yn bank #2 | [[Queenie Leonard]] |- | style="background:gold" colspan="2" style="text-align:center;"| '''stimakteurs tekenfilmsegmint''' |- | [[pearelparkyt]]wyfke | [[Julie Andrews]] |- | pearleparkytmantsje | [[Richard M. Sherman]] |- | pearelparkyt[[drummer]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | pearelparkyt[[banjo]]ïst | [[Robert B. Sherman]] |- | [[ko]] | [[Marc Breaux]] |- | [[lûkhynder]] | [[Paul Frees]] |- | [[skiep|raam]] | [[Bill Lee (sjonger)|Bill Lee]] |- | [[baarch]] | [[Thurl Ravenscroft]] |- | [[goes]] | [[Marni Nixon]] |- | [[laam|lammen]] | [[Ginny Tyler]] |- | [[skylpod]]den | [[Daws Butler]] |- | [[pinguïn]]-[[ober]] #1 | [[Daws Butler]] |- | pinguïn-ober #2 | [[Dallas McKennon]] |- | pinguïn-ober #3 | [[J. Pat O'Malley]] |- | pinguïn-ober #4 | [[Richard M. Sherman]] |- | pinguïn-ober #5 | [[David Tomlinson]] |- | [[draaimole (merke)|draaimole]]bewekker | [[Dallas McKennon]] |- | [[bloedhûn]] #1 | [[Sean McClory]] |- | bloedhûn #2 | [[Dallas McKennon]] |- | bloedhûn #3 | [[Alan Napier]] |- | bloedhûn #4 | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[foks]] | [[Dallas McKennon]] |- | [[jacht (aktiviteit)|jager]] | [[Alan Napier]] |- | [[rydhynder]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | jager-lieder | [[J. Pat O'Malley]] |- | bloedhûn #5 | [[George Pelling]] |- | [[jockey]] | [[David Tomlinson]] |- | [[fotograaf]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[ferslachjouwer]] #1 | [[George Pelling]] |- | ferslachjouwer #2 | [[J. Pat O'Malley]] |- | ferslachjouwer #3 | [[Alan Napier]] |- | ferslachjouwer #4 | [[Sean McClory]] |- |} ==Produksje en distribúsje== ===Foarskiednis=== ''Mary Poppins'' wie foar it meastepart basearre op ''[[Mary Poppins (roman)|Mary Poppins]]'', it earste diel út 'e [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]] fan 'e [[Austraalje (lân)|Australysk]]-[[Feriene Keninkryk|Britske]] [[skriuwster]] [[P.L. Travers]], dat ferskynde yn [[1934]]. De [[dochter]]s fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] fûnen it ferhaal sà moai, dat se him [[ûnthjit]]te lieten om it te ferfilmjen. Disney besocht al yn [[1938]] de [[filmrjochten]] fan Travers te keapjen, mar sy wegere, om't se net ferwachte dat in filmferzje har skepping rjocht dwaan soe. Fierders wie Disney doedestiden inkeld bekend as produsint fan [[tekenfilm]]s en hied er noch net in grutte [[live-action]]film makke. Mear as tweintich jier lang besocht Disney om 'e safolle tiid Travers oer te heljen om him in film oer har [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] meitsje te litten, oant se yn [[1961]] lang om let tajoech. Dêrby stelde se wol it betingst dat se sels it [[senario]] goedkarre moast. ===Produksje=== De úteinlike film wie Travers, dy't op 'e [[ôftiteling]] fermeld waard as "konsultante", net botte gelokkich mei. Se mocht net oer it fersêftsjen fan 'e skerpere kantsjes fan it [[karakter (persoanlikheid)|karakter]] fan Mary Poppins (dy't yn 'e boeken folle [[idelheid|ideler]] en folle ûnferskilliger foar de bern oer is). Fierders wifke Travers oer de fraach oft se de [[muzyk]] wol moai of gaadlik fûn en hie se sa'n grouwéligen hekel oan it tekenfilmsegmint, dat se it near lei op fierdere ferfilmings fan har wurk. Ek de [[bruorren Sherman]], dy't de [[liet]]en foar de film skreaune, wiene nau belutsen by de ûntjouwing fan 'e film. Sy wiene it, dy't foarstelden om it ferhaal net yn 'e [[1930-er jierren]] spylje te litten, lykas yn it boek fan Travers, mar yn [[1910]], in fearnsiuw earder. Travers woe dan it leafst ek muzyk út dy tiid brûke, mar dêr spriek Disney syn [[feto]] oer út. Uteinlik waard ''Mary Poppins'' [[regissearre]] troch [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] nei in [[senario]] fan [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]] en [[Don DaGradi]]. [[Walt Disney]] wie as [[filmprodusint|produsint]] by it projekt belutsen foar syn eigen [[filmstudio]] Walt Disney Productions (no [[Walt Disney Pictures]]). Foar de film wie in [[budget]] beskikber dêr't de skattings fan útinoar rinne fan [[$]]4,4 oant 6&nbsp;miljoen. De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]], en de [[filmmuzyk]] waard fersoarge troch [[Inwin Kostal]] ([[soundtrack]]) en [[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]] ([[ferske]]s). It [[tekenfilm|animearre]] filmsegmint waard regissearre troch [[Hamilton S. Luske]]. ===Casting=== Foar de [[titelrol]] fan [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] naam [[Walt Disney]] [[aktrise]]s as [[Julie Harris]], [[Angela Lansbury]] en [[Bette Davis]] yn omtinken. [[Julie Andrews]] hie op [[Broadway]] de rol fan Eliza Doolittle fertolke yn 'e [[toaniel]]produksje fan ''[[My Fair Lady (musical)|My Fair Lady]]'', en de ferwachting wie dêrom dat se deselde rol yn [[My Fair Lady (film)|'e filmadaptaasje]] taskood krije soe. Doe't se lykwols foarbyparte waard yn it foardiel fan [[Audrey Hepburn]], griep Disney syn kâns en socht er Andrews oan foar de rol fan Mary Poppins. Andrews wifele oer wat se dwaan moast, mei't se op dat stuit in fearnsjier [[swierwêzen|swier]] wie, mar Disney bewissige har derfan dat er de [[opnamen (film)|opnamen]] fan syn film útstelle soe oant nei't se [[befalling|befallen]] wie. Foar Andrews har manlike [[tsjinspiler]] yn 'e rol fan hantsjemuoisfeint Bert hie Walt Disney alderearst [[Cary Grant]] op it each, en doe't dat neat waard, naam er [[Laurence Harvey]] en [[Anthony Newley]] yn omtinken. Uteinlik [[cast]]e er lykwols [[Dick Van Dyke]] yn 'e rol nei't er ûnder de yndruk rekke wie fan dy syn [[aktearjen|aktearwurk]] yn ''[[The Dick Van Dyke Show]]''. Nei't de kar op him fallen wie, lobbyde Van Dyke om ek de rol fan dhr. Dawes sr. spylje te meien. Disney fielde dêr earst neat foar, mar Van Dyke krige syn sin nei't er der [[audysje]] foar dien hie. Hoewol't oer it algemien mei [[nocht]] weromtocht wurdt oan 'e Amerikaan Van Dyke yn 'e rol fan 'e [[Londen]]ske arbeider Bert, is freon en fijân it deroer iens dat syn neibearen fan in [[Cockney]]-[[aksint (útspraak)|aksint]] nearne nei liek. Sterker noch, it wurdt beskôge as ien fan 'e slimst mislearre aksinten yn 'e [[filmskiednis]], en it wurdt noch altyd as standertfoarbyld fan hoe't it net moat oanhelle troch oare akteurs. Van Dyke bewearde dat syn aksintcoach de [[Ingelsman]] fan [[Ieren (folk)|Iersk]] [[komôf]] [[J. Pat O'Malley]] wie, "dy't it aksint neat better neibeare koe as ik." Yn [[2017]], doe't bekendmakke waard dat Van Dyke in [[BAFTA Award]] (de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmpriiis) ûntfange soe, seid er: "Ik wurdearje dizze kâns om my te [[ûnskuldiging|ûntskuldigjen]] oan 'e leden fan 'e [[British Academy of Film and Television Arts]] foar it lije litten fan harren ûnder it alderferskriklikste Cockey-aksint út 'e skiednis fan 'e [[sinema]]." De [[foarsitter]] fan 'e Academy reägearre dêrop mei de wurden: "Wy sjogge út nei syn akseptaasjetaspraak yn hokfoar aksint er dy jûns ek mar foar kieze sil. It sil sûnder mis 'supercalifragilisticexpialidocious' wêze." ===Opnamen=== De [[opnamen (film)|opnamen]] foar ''Mary Poppins'' setten yn [[maaie]] [[1963]] útein en duorren oant en mei [[septimber]] fan dat jier. De film waard yn syn hiele hear en fear opnommen yn 'e [[Walt Disney Studios (Burbank)|Walt Disney Studios]] yn [[Burbank (Kalifornje)]], wêrby't gebrûk makke waard fan skildere [[Londen]]ske eftergrûnen. ===Distribúsje=== De [[filmdistribúsje|distribúsje]] fan ''Mary Poppins'' waard fersoarge troch Buena Vista Distribution, no [[Walt Disney Studios Motion Pictures]], de eigen filmdistribúsjedifysje fan [[The Walt Disney Company]]. De film gie op [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] yn [[Grauman's Chinese Theatre]] yn [[Los Angeles]] yn [[premiêre]]. [[P.L. Travers]] krige dêr gjin útnûging foar, mar wist dochs ien te bemachtigjen. Op 'e [[afterparty]] stapte se (neffens it tsjûgenis fan [[Richard M. Sherman]]) op [[Walt Disney]] ôf en ferklearre mei útset lûd dat it tekenfilmsegmint út 'e film moast. Disney antwurde: "Pamela, dat is in passearre stasjon," en rûn fuort. De film gie op [[24&nbsp;septimber]] [[1964]] yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[bioskopen]] yn [[premiêre]]. It byhearrende [[soundtrack]]album ferskynde yn [[1964]] op [[LP]] by [[platemaatskippij]] [[Buena Vista Records]]. Op thúsmedia waard ''Mary Poppins'' foar it earst yn [[1980]] útbrocht op [[VHS]] en [[Betamax]]. Op [[4&nbsp;oktober]] [[1988]] ferskynde de film op 'e nij op VHS-[[keapfideo]]. Yn [[1998]] wie it de earste film dy't troch The Walt Disney Company op [[dvd]] útbrocht waard. De earste [[blu-ray]]ferzje fan ''Mary Poppins'' ferskynde op [[10&nbsp;desimber]] [[2013]]. ==Untfangst== Fan 'e [[filmkritisy]] krige ''Mary Poppins'' rûnom lof. Sa omskreau [[Bosley Crowther]] fan ''[[The New York Times]]'' de film as "in alderprachtichste, opfleurjende rôlprint." Yn it [[tydskrift]] ''[[Variety (tydskrift)|Variety]]'' priizge Whitney Williams yn 't bysûnder de [[muzyk|muzikale]] dielen fan 'e film en it [[aktearjen]] fan [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. It blêd ''[[Time (tydskrift)|Time]]'' skreau: "De [[filmset|sets]] binne wielderich, de [[liet]]en lustich, it [[senario]] is [[humor]]istysk mar treftich [[sentimintaliteit|sentiminteel]], en de ûnderstypjende [[cast]] berikt op in hier nei de perfeksje." Yn ''[[The Hollywood Reporter]]'' priizge James Powers it aktearjen, de [[special effects]], de [[filmmuzyk]], it [[produksje-ûntwerp]] en de [[goreografy]]. Konkludearjend stelde er fêst dat "''Mary Poppins'' in film [is], dy't, mear as de measten, in triomf fan in grut tal ûnderskate bydragen is. En de spesjale triomf fan dizze film is dat er it wurk liket te wêzen fan ien inkele, gearhingjende yntelliginsje." Yn it tydskrift ''[[Life (tydskrift)|Life]]'' hie Ann Guerin [[krityk]] op 'e feroarings dy't de film yn it ferhaal fan it boek oanbrocht, yn 't bysûnder wat it tekenfilmsegmint oanbelange. Se murk op: "Guon opienfolgings fan [[sêne]]s hawwe echte [[sjarme]], en faaks dat [[bern (persoan)|bern]] dy foar sûkerswiet opite sille. Mar as [[folwoeksene]] fûn ik it in bytsje tefolle fan it goede." Har konklúzje wie: "Mei in bytsje mear tebekhâldendheid en in bytsje minder ferbettering fan it orizjineel wiene al dy pluspunten fan 'e film safolste better út 'e ferve kommen." Op 'e [[webside]] [[Rotten Tomatoes]], dy't resinsjes sammelet, hat ''Mary Poppins'' in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 54 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In wielderich modern [[mearke]], fierd om syn ferbjusterjende special effects, oanstekkende [[ferske]]s en Julie Andrews har legendaryske aktearprestaasje yn 'e [[titelrol]]." Op [[Metacritic]], de wichtichste [[konkurrint]] fan Rotten Tomatoes, behellet ''Mary Poppins'' in goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 13 resinsjes. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' troch de [[Library of Congress]] foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]] útornearre omreden fan [[kulturele]], [[histoarysk]]e en/of [[estetysk]]e wearde. ==Resultaat== ===Opbringst=== ''Mary Poppins'' draaide yn 'e [[Feriene Steaten]] en [[Kanada]] yn [[1964]] en [[1965]] mear as 32 wiken yn 'e [[bioskopen]] en brocht dêrby $31&nbsp;miljoen op. Yn it [[Feriene Keninkryk]] waarden foar de film 14&nbsp;miljoen [[tagongskaartsje|kaartsjes]] ferkocht. Hoewol't ûnbekend is wat de totale wrâldwide [[opbringst (jild)|opbringst]] fan 'e film wie, soe de folslein skjinne [[winst (ûndernimming)|winst]] yn [[1965]] $28,5&nbsp;miljoen bedroegen hawwe. Dêrmei wie ''Mary Poppins'' de meast opbringende film fan [[1964]]. [[Walt Disney]] brûkte dat jild om lân by [[Orlando (Floarida)|Orlando]] yn sintraal [[Floarida]] te keapjen en dêr de bou fan it [[ferdivedaasjepark]] [[Walt Disney World|Disney World]] te [[finansieren]]. Yn [[1973]] waard ''Mary Poppins'' op 'e nij yn 'e bioskoop útbrocht ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan [[Walt Disney Productions]]; doe waard der nochris $9&nbsp;miljoen fertsjinne. Yn [[1980]] waard de film foar de trêde kear yn 'e bioskoop brocht, mei in resultaat fan $14&nbsp;miljoen. Nei letter noch ferskate oare kearen yn 'e bioskopen draaid te hawwen, stiet anno [[2023]] de totale [[opbringst (jild)|opbringst]] fan ''Mary Poppins'' yn [[Noard-Amearika]] op $103,1&nbsp;miljoen. ===Prizen=== Yn [[1965]] waard ''Mary Poppins'' by de [[Oscar]]s nominearre foar 13 [[priis (ûnderskieding)|prizen]], wêrûnder [[Oscar foar Bêste Film|bêste film]], bêste [[regisseur]], bêste adaptearre [[senario]], bêste [[kamerarezjy]] ([[kleurefilm|kleur]]), bêste [[artdirection]] (kleur), bêste [[kostúm]]ûntwerp (kleur), bêste [[soundtrack]] en bêste [[lûd]]. De film wûn 5 Oscars, foar bêste [[aktrise]] ([[Julie Andrews]]), bêste [[filmmontaazje]] ([[Cotton Warburton]]), bêste [[filmmuzyk]] ([[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]]), bêste [[liet]] (''[[Chim Chim Cher-ee]]'' fan 'e bruorren Sherman) en bêste [[special effects]] ([[Peter Ellenshaw]], [[Eustace Lycett]] en [[Hamilton S. Luske]]) By de [[Golden Globe]]s waard ''Mary Poppins'' nominearre yn 4 [[kategory]]en, wêrûnder [[Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje|bêste film (musical of komeedzje)]], bêste [[akteur]] yn in [[filmmusical|musical]] of [[komeedzjefilm|komeedzje]] ([[Dick Van Dyke]]) en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn de Golden Globe foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje ([[Julie Andrews]]). By de [[BAFTA's]] de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmprizen, wûn Andrews yn 'e kategory meast ûnthjittende nijynkommeling yn in haadrol. ''Mary Poppins'' wûn fierders ek 2 [[Grammy Award]]s, de wichtichste Amerikaanske prizen op it mêd fan [[muzyk]], foar bêste opname foar bern en bêste orizjinele filmmuzyk. ==Films oer tastânkomming en ferfolchfilm== De problematyske [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] fan [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] mei [[P.L. Travers]], de geastlike mem fan it [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], wie it ûnderwerp fan twa [[dokumintêre]]s oer de tastânkomming fan 'e film ''Mary Poppins''. Dat binne ''The Shadow of Mary Poppins'', út [[2002]], en ''The Real Mary Poppins'' út [[2013]]. Oer harren relaasje waard ek it [[biografyske film|biografyske]] [[dramafilm|filmdrama]] ''[[Saving Mr. Banks]]'' makke, út [[2013]], mei [[Tom Hanks]] as Disney en [[Emma Thompson]] as Travers. Yn [[desimber]] [[2018]] waard fierders troch [[Walt Disney Pictures]] in [[ferfolch]] op ''Mary Poppins'' útbrocht, mei as titel ''[[Mary Poppins Returns]]''. Dy film spilet 25 jier letter en is in op him sels steande adaptaasje fan 'e restearjende sân boeken út Travers har [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]]. [[Emily Blunt]] spile de titelrol, wylst [[Dick Van Dyke]] weromkearde as dhr. Dawes jr. ==Keppelings om utens== * {{en}} [http://movies.disney.com/mary-poppins Offisjele webside fan ''Mary Poppins''] * {{en}} [http://www.imdb.com/title/tt0058331/ Ynformaasje oer ''Mary Poppins'' yn 'e Internet Movie Database (IMDb)] {{boarnen|boarnefernijing= Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Mary_Poppins_(film) ''References'', op dizze side]. ---- {{commonscat|Mary Poppins (film)}} }} {{DISPLAYTITLE:''Mary Poppins'' (film)}} [[Kategory:Amerikaanske fantasyfilm]] [[Kategory:Amerikaanske komeedzjefilm]] [[Kategory:Amerikaanske histoaryske film]] [[Kategory:Amerikaanske filmmusical]] [[Kategory:Amerikaanske famyljefilm]] [[Kategory:Fantasykomeedzjefilm]] [[Kategory:Histoaryske fantasyfilm]] [[Kategory:Histoaryske komeedzjefilm]] [[Kategory:Komeedzjefilmmusical]] [[Kategory:Histoaryske filmmusical]] [[Kategory:Fantasyfilmmusical]] [[Kategory:Film mei live-action en animaasje]] [[Kategory:Ingelsktalige film]] [[Kategory:Film fan Walt Disney Pictures]] [[Kategory:Film fan Robert Stevenson]] [[Kategory:Film út 1964]] [[Kategory:Film oer in gûvernante of bernefamke]] [[Kategory:Film oer in bern]] [[Kategory:Film oer tsjoenderij]] [[Kategory:Film oer suffrazjettes]] [[Kategory:Film basearre op in literêr wurk]] 6212qojiniuwypq4rdxsqdqy33x6ygj 1242151 1242150 2026-10-07T12:26:42Z CommonsDelinker 353 "Mary_Poppins12.jpg" is op Commons fuorthelle [[c:User:Christian Ferrer|Christian Ferrer]] om't: per [[:c:Commons:Deletion requests/Files in Category:Mary Poppins (film)|]]. 1242151 wikitext text/x-wiki {{Universele ynfoboks film | ôfbylding = | ôfbyldingstekst = | ôfbyldingsbreedte = | ferwizing = '''(''[[:en:File:Marypoppins.jpg|Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy]]'')''' | namme = ''Mary Poppins'' | regisseur = [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] | produsint = [[Walt Disney]] | útfierend produsint = | senario = [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]]<br>[[Don DaGradi]] | basearre op = [[Mary Poppins (romansearje)|de romansearje]] fan [[P.L. Travers]] | kamerarezjy = [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]] | muzyk = [[Inwin Kostal]] <small>([[soundtrack]])</small><br>[[bruorren Sherman]] <small>([[liet]]en)</small> | filmstudio = [[Walt Disney Productions]] | distribúsje = [[Walt Disney Studios Motion Pictures|Buena Vista Distribution]] | haadrollen = [[Julie Andrews]]<br> [[Dick Van Dyke]] | voice-over = | byrollen = [[David Tomlinson]]<br> [[Glynis Johns]]<br> [[Karen Dotrice]]<br> [[Matthew Garber]] | lân/lannen = [[File:Flag of the United States.svg|border|20px]] [[Feriene Steaten]] | premiêre = [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] | direkt op fideo = | foarm = [[langspylfilm|lange]] [[filmmusical]] | sjenre = [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]]-<br>&nbsp;&nbsp;&nbsp;[[komeedzjefilm]] | taal = [[Ingelsk]] | spyltiid = 139 minuten | budget = $4,4–6&nbsp;miljoen | opbringst = $103,1&nbsp;miljoen <small>([[Noard-Amearika]])</small> | prizen = 5× [[Oscar]]<br>1× [[Golden Globe]]<br>2× [[Grammy Award]]<br>1× [[BAFTA]] | filmsearje = ''Mary Poppins'' | foarich diel = | folgjend diel = ''[[Mary Poppins Returns]]'' }} '''''Mary Poppins''''' is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[histoaryske film|histoaryske]] [[fantasyfilm|fantasy]][[komeedzjefilm]], [[filmmusical]] en [[famyljefilm]] yn [[Technicolor]] út [[1964]]. De [[film]] stie ûnder [[rezjy]] fan [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] en hie yn 'e [[haadrol]]len [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. De [[titel (namme)|titel]] ferwiist nei de [[haadpersoan]]. De film waard basearre op 'e [[romansearje]] mei [[Mary Poppins (romansearje)|deselde namme]] fan [[skriuwster]] [[P.L. Travers]]. It [[plot|ferhaal]] giet oer in [[rykdom|rike]], mar net-funksjonearjende [[Ingelân|Ingelske]] [[húshâlding]] mei twa jonge [[bern (persoan)|bern]] yn it [[Londen]] fan [[1910]], dêr't regaad makke wurdt troch [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], in [[gûvernante]] dy't [[tsjoenderij|tsjoene]] kin. Mei har [[magy]]ske krêften ferbetteret hja de dynamyk yn it [[gesin]], om dêrnei like hommels wer ôf te setten as hja kommen is. ''Mary Poppins'' waard tige goed ûntfongen troch de [[filmkritisy]] en wie yn 'e [[bioskopen]] in grut [[kommersje]]el súkses as de meast [[opbringst (jild)|opbringende]] film fan [[1964]]. De film waard bekroane mei 5 [[Oscar]]s, in [[Golden Globe]], twa [[Grammy Award]]s en in [[BAFTA]]. Julie Andrews wûn mei har [[aktearprestaasje]] yn 'e [[titelrol]] in BAFTA en sawol de Oscar as de Golden Globe yn 'e [[kategory]] bêste [[aktrise]]. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' foar preservearring foar de ivichheid opnommen yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]]. Datselde jiers waard de film ''[[Saving Mr. Banks]]'' útbrocht, in [[biografyske film|biografysk]] [[dramafilm|drama]] oer de tastânkomming fan ''Mary Poppins''. In [[ferfolchfilm]], ''[[Mary Poppins Returns]]'', kaam út yn [[2018]]. ==Plot== Yn [[Londen]] yn 'e [[maityd]] fan [[1910]] keart [[bank (finansjele ynstelling)|bankmeiwurker]] George Banks oan 'e ein fan 'e dei werom nei hûs. Fan syn [[oarehelte|frou]] Winifred, dy't aktyf is by de [[suffrazjette]]s, heart er dat de [[gûvernante]] fan harren [[bern (persoan)|bern]] Jane en Michael [[ûntslach]] nommen hat om't de bern net te hanthavenjen binne. Hjoed is no al de fjirde kear yn in [[wike]] dat se útnaaid binne. As Banks de [[plysje]] skillet om 'e bern as [[fermist]] op te jaan, wurde se krekt thúsbrocht troch [[plysje]] Jones, dy't harren allinne oan 'e fierste kant fan it [[park]] oantroffen hat. It docht bliken dat se safier ôfdwaald wiene om't se by it [[draakje (boartersguod)|draakjefleanen]] efter in losslein draakje oan sieten. De bern freegje Banks om harren te helpen en ûntwerp in better draakje, mar dat stegeret er ôf om't er wol wichtiger dingen oan 'e holle hat. Om't it mei it lêste espel gûvernantes dat Winifred oannommen hat, hieltyd op deselde wize ôftriedde is, nimt Banks it op him om diskear sels in nije gûvernante te sykjen. Jane en Michael komme op 'e lapen mei in selsopstelde [[fakatuere]] foar in [[sympaty|sympatikere]], leavere gûvernante, mar dat fynt Banks grutte flauwekul, dat hy ferskuort harren bryfke en smyt de snipels yn 'e [[iepen hurd]] (dy't net oan is). Ynstee pleatst er in [[miny-advertinsje|advertinsje]] yn ''[[The Times]]'' foar in strange gûvernante, dy't gjin rare fratsen duldet. Underwilens sûcht lykwols in sterke [[wyn (waar)|wynfleach]] de snipels fan it bryfke fan 'e bern omheech troch de [[skoarstien]], wêrnei't se fuortdwarrelje troch de [[loft]]. De oare [[moarn (deidiel)|moarns]] stiet der in hiele rige âldere, soersjende gûvernantes by de Banks' foar de doar om op [[sollisitaasjepetear]]. Ear't Banks lykwols ree is om oan [[húshâldster]] Ellen opdracht te jaan en lit se ien foar ien yn, stekt der in sterke wyn op, dy't de hiele kliber fan 'e sokken blaast en fuortwaait. Dat foarfal binne lykwols inkeld Jane en Michael tsjûge fan, en Andrew, it [[hûn]]tsje fan juffer Lark, de [[buorfrou]] fan 'e famylje Banks. Datselde jildt ek foar wat dêrnei bart: in jonge, [[skientme|tsjeppe]] [[frou]] komt út 'e loft oansaaien, hingjend oan har [[paraplu]], en lânet lichtfuottich op 'e [[stoepe]] fan 'e [[filla]] fan 'e famylje Banks. As Ellen har ynlit, docht bliken dat dizze [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] George Banks maklik mei wurden oer kin. Hja presintearret kalmkes de wer hiele, troch de bern opstelde fakatuere oan 'e [[alteraasje|feralterearre]] Banks, wêrnei't se harsels oannimt as gûvernante en him oanpraat dat dat syn idee wie. {{Plotbedjer film}} Nei't se mei Jane en Michael yn 'e kunde kommen is, helpt se harren om 'e [[bernekeamer]] op te romjen troch dêrfoar [[tsjoenderij]] yn te setten. De bern binne dan op slach ferkocht. Neitiid nimt Mary harren mei foar in eintsje [[kuierjen]] yn it park, dêr't se Mary har [[freonskip|freon]] Bert treffe. Dat is in [[Cockney]]-sprekkende hantsjemuoisfeint út 'e [[arbeidersklasse]], dy't dy deis wurket as [[trottoirskilderjen|trottoirskilder]]. Mary brûkt har [[magy]] om harsels, Bert en de bern oer te bringen yn ien fan Bert syn [[tekening]]s. Wylst de bern op in [[draaimole (merke)|draaimole]] ride, kuierje Mary en Bert in stikje, [[sang|sjonge]] in [[ferske]] en [[flirt]]e wat. Nei't se har wer by de bern jûn hawwe, betsjoent Mary de draaimolehynders sadat se dermei út te riden gean kinne troch it [[plattelân]]. Dêr kruse se it paad fan in [[foksejacht]]; Bert rêdt de [[foks]], wêrnei't se op in [[draafbaan]] bedarje, dêr't Mary op har draaimolehynder meidocht oan in [[hurddraverij]] en wint. Om 'e oerwinning te beskriuwen, brûkt se it ûnsinwurd "supercalifragilisticexpialidocious" ({{Audio|Supercalifragilisticexpialidocious.ogg|beharkje}}). It útstapke einiget abrupt as it yn Londen begjint te [[stjalprein]]en. Bert syn kryttekening spielt dêrtroch fuort, mei as gefolch dat de fjouwer aventoerslju weromskuord wurde nei de echte wrâld. De oare deis sille Mary en de bern om [[boadskipjen|boadskippen]], mar Mary, dy't blykber mei [[bisten]] prate kin, wurdt troch it hûntsje Andrew warskôge dat it wer safier is mei Bert syn [[omke]] Albert. Dat, se nimt de bern mei dêrhinne. Omke Albert blykt in eksintryk âldman te wêzen dy't, trochdat er net mear ophâlde kin fan [[laitsjen]], omheech [[sweven|sweeft]] is nei it [[plafon]] fan syn [[wente]]. Mary, Bert en de bern jouwe harren dêr by him om te [[teedrinken]], wêrby't se in protte [[grap]]pen fertelle. As George Banks de ferhalen fan Jane en Michael heart oer [[hynsteriden]] op draaimolehynders en teedrinken by it plafon, rekket er [[lulkens|opsternaat]] om't it no krekt de bedoeling wie dat de nije gûvernante de bern ôfleart sokke ûnsinpraatsjes te ferkeapjen, yn pleats dat se it harren bybringt. Hy ropt Mary Poppins by him en drigemintet mei ûntslach, mar sy [[manipulaasje|manipulearret]] him om deryn ta te stimmen dat er de bern de oare deis meinimt nei syn wurk. Dy [[jûn]]s fertelt Mary de bern oer it âldwyfke dat op 'e [[treppen]]s foar de [[Sint-Pauluskatedraal (Londen)|Sint-Pauluskatedraal]] sit en de minsken oanfiteret om 'e [[do (fûgel)|dowen]] te fuorjen dy't om har hinne fladderje. No wol it tafal dat de bank dêr't George Banks wurket, fuort foar de Sint-Pauluskatedraal oer stiet, dat wannear't Banks de oare deis de bern meinimt nei de bank, sjocht Michael it âldwyfke sitten. Hy hat in [[muntstik|munt]], in ''[[tuppence (Britske pre-desimale munt)|tuppence]]'', en dy wol er besteegje oan foer om 'e fûgels te fuorjen, sa't it âldwyfke graach wol. Banks leit dêr fluch it near op en skuort him mei nei de bank. Syn baas, de âlde hear Dawes jr., wol witte wat dy bern hjir moatte, dat Banks seit it earste dat yn him opkomt: Michael hat in ''tuppence'' en wol in [[bankrekken]] iepenje. As de eigner fan 'e bank, de tige âlde hear Dawes sr., dat heart, fiteret er Michael op agressive wize oan om syn ''tuppence'' by syn bank te ynvestearjen. Uteinlik roppet er it jonkje de munt sels út 'e hân wei. Dêrop easket Michael mei útset lûd syn jild werom, wêrmei't er by fersin in [[bankrun]] feroarsaket as oare klanten bang reitsje dat de Dawes Bank harren jild ek net weromjaan wol. Nei't Michael syn ''tuppence'' weromgrypt hat, naaie hy en Jane út, wêrnei't se ferdwaald reitsje yn it Londenske [[East End (Londen)|East End]], it diel fan 'e stêd dêr't de lju út 'e [[arbeidersklasse]] wenje. Op 't langelêst treffe se by tafal Bert wer, dy't dizze dei as [[skoarstienreager]] wurket. Hy bringt harren thús, mar om't Mary [[frije tiid|frij]] hat, de húshâldster en de [[kokkinne]] oar wurk hawwe en sysels nei in gearkomste fan 'e suffrazjettes moat, set Winifred him fuort oan it wurk as [[babysitter|berne-oppas]]. As de beide bern troch de skoarstien omheech sûgd wurde nei it [[dak]], freget Bert Mary Poppins om help, ek al is it har [[frije dei]]. Op it dak fine se de bern werom, en dêr treffe se ek in hiele kloft oare mei [[ruot]] besmodzge skoarstienreagers. Mei syn allen [[dûns]]je en sjonge se op 'e dakken, oant [[admiraal]] Boom, in eksintrike buorman fan 'e famylje Banks, harren oansjocht foar [[ynbrekker]]s en mei syn [[kanon (wapen)|skipskanon]] in lading [[fjoerwurk]] op harren ôfsjit. Wannear't Banks en de frou wer thúskomme, treffe se de skoarstienreagers al dûnsjend en sjongend yn harren [[wenkeamer]] oan, wêrnei't Bert syn maten fuortstjoert. Banks wurd opskille troch dhr. Dawes jr., dy't him freget om dy jûns nei de bank ta te kommen foar in petear oer wat syn bern oanrjochte hawwe. Tusken de regels troch lit er trochskimerje dat Banks ûntslein wurde sil. Jane en Michael hearre de iene helte fan it [[tillefoan]]petear en beseffe dat se har heit yn 'e swierrichheden brocht hawwe. Michael jout de fûl befochten ''tuppence'' oer om it goed te meitsjen. Bert praat in skoftke op Banks yn, wêrby't er him op [[slûchslimmens|slûchslimme]] wize oan it ferstân bringt dat er mear tiid mei syn bern trochbringe moat foar't se dêr te âld foar binne. By de moeting yn 'e bank wurdt Banks op [[fernedering|fernederjende]] wize syn ûntslach oansein. As him frege wurdt oft er dêr noch wat op te sizzen hat, sjocht er sykjend om wurden nei de ''tuppence'' yn syn hân, en blaft er derút: "Supercalifragilisticexpialidocious!" Ek fertelt er in [[mop]] fan omke Albert dy't er earder fan Michael heard hie ("Ik ken in man mei in houten poat dy't Smith hjit." Antwurd: "O ja? En hoe hjit syn oare skonk?"). Dêrnei jout er him laitsjend ôf nei hûs. Dhr. Dawes sr. [[prakkesearjen|prakkesearret]] djip oer de mop nei, oant de klû him lang om let begjint te daagjen. Dêrop moat er ûnbedaarlik laitsje, wêrby't er, krekt as omke Albert, omheech sweeft nei it plafon, ta skrik fan syn soan Dawes jr. en de oare leden fan it bankbestjoer. De oare deis draait de wyn, en mei't Mary Poppins yn 't foar sein hie dat se inkeld sa lang bliuwe soe as de wyn út deselde hoeke kaam, betsjut dat de ein fan har ferbliuw by de famylje Banks. In [[gelokkigens|gelokkiger]] Banks hat ûnderwilens it stikkene draakje fan syn bern reparearre en giet mei de hiele húshâlding nei it park te draakjefleanen. Dêr moetet er dhr. Dawes jr. en de oare bestjoersleden fan 'e bank, dy't ek oan it draakjefleanen binne. Dawes fertelt dat syn heit, dhr. Dawes sr., him de foargeande jûns dealake hat. Hoewol't him dat wol [[spyt]], hied er de âldman noch nea sa gelokkich sjoen as fuort foar syn [[ferstjerren]]. Hy hat dêrom besletten om Banks syn [[baan (wurk)|baan]] werom te jaan en him boppedat de frijkommen sit yn it bankbestjoer te jaan. Mei har wurk dien, brûkt Mary Poppins ûnderwilens har paraplu om fuort te sweven. As se oerkomt, ropt Bert har ta om net te lang fuort te bliuwen. ==Ferskes== # ''Life I Lead'' # ''Perfect Nanny'' # ''[[A Spoonful of Sugar]]'' # ''Jolly Holiday'' # ''[[Supercalifragilisticexpialidocious]]'' # ''I Love to Laugh'' # ''Feed the Birds'' # ''[[Fidelity Fiduciary Bank]]'' # ''[[Chim Chim Cher-ee]]'' # ''Step in Time'' # ''A Man Has Dreams'' # ''Let's Go Fly a Kite'' ==Rolferdieling== ;haadrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise'''&nbsp;&nbsp;&nbsp; |- | [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] | [[Julie Andrews]] |- | Bert | [[Dick Van Dyke]] |- |} <br> ;byrollen {| height="100px" width="550px" style="background:#F8F8F8; border:1px solid #aaaaaa" | style="background:gold"| '''personaazje''' | style="background:gold"| '''akteur/aktrise''' |- | George Banks | [[David Tomlinson]] |- | Winifred Banks | [[Glynis Johns]] |- | Jane Banks | [[Karen Dotrice]] |- | Michael Banks | [[Matthew Garber]] |- | Ellen de [[húshâldster]] | [[Hermione Baddeley]] |- | frou Brill de [[kokkinne]] | [[Reta Shaw]] |- | dhr. Dawes sr. | [[Dick Van Dyke]] |- | dhr. Dawes jr. | [[Arthur Malet]] |- | Katie Nanna | [[Elsa Lanchester]] |- | [[plysjeman]] Jones | [[Arthur Treacher]] |- | [[omke]] Albert | [[Ed Wynn]] |- | [[admiraal]] Boom | [[Reginald Owen]] |- | [[earste stjoerman]] Binnacle | [[Don Barclay (akteur)|Don Barclay]] <small>(fysyk)</small> en [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | Mary Poppins har [[pappegaai]]-[[paraplu]] | [[David Tomlinson]] <small>(stim)</small> |- | juffer Lark | [[Marjorie Bennett]] |- | it 'fûgelwyfke' | [[Jane Darwell]] <small>(fysyk)</small> en [[Robert B. Sherman]] <small>(stim)</small> |- | juffer Persimmon | [[Marjorie Eaton]] |- | [[portier (berop)|portier]] by de [[bank (finansjele ynstelling)|bank]] | [[James Logan (akteur)|James Logan]] |- | frou Corry | [[Alma Lawton]] |- | âldwiif | [[Betty Lou Gerson]] |- | man yn bank | [[Kay E. Kuter]] |- | frou yn bank #1 | [[Doris Lloyd]] |- | frou yn bank #2 | [[Queenie Leonard]] |- | style="background:gold" colspan="2" style="text-align:center;"| '''stimakteurs tekenfilmsegmint''' |- | [[pearelparkyt]]wyfke | [[Julie Andrews]] |- | pearleparkytmantsje | [[Richard M. Sherman]] |- | pearelparkyt[[drummer]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | pearelparkyt[[banjo]]ïst | [[Robert B. Sherman]] |- | [[ko]] | [[Marc Breaux]] |- | [[lûkhynder]] | [[Paul Frees]] |- | [[skiep|raam]] | [[Bill Lee (sjonger)|Bill Lee]] |- | [[baarch]] | [[Thurl Ravenscroft]] |- | [[goes]] | [[Marni Nixon]] |- | [[laam|lammen]] | [[Ginny Tyler]] |- | [[skylpod]]den | [[Daws Butler]] |- | [[pinguïn]]-[[ober]] #1 | [[Daws Butler]] |- | pinguïn-ober #2 | [[Dallas McKennon]] |- | pinguïn-ober #3 | [[J. Pat O'Malley]] |- | pinguïn-ober #4 | [[Richard M. Sherman]] |- | pinguïn-ober #5 | [[David Tomlinson]] |- | [[draaimole (merke)|draaimole]]bewekker | [[Dallas McKennon]] |- | [[bloedhûn]] #1 | [[Sean McClory]] |- | bloedhûn #2 | [[Dallas McKennon]] |- | bloedhûn #3 | [[Alan Napier]] |- | bloedhûn #4 | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[foks]] | [[Dallas McKennon]] |- | [[jacht (aktiviteit)|jager]] | [[Alan Napier]] |- | [[rydhynder]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | jager-lieder | [[J. Pat O'Malley]] |- | bloedhûn #5 | [[George Pelling]] |- | [[jockey]] | [[David Tomlinson]] |- | [[fotograaf]] | [[J. Pat O'Malley]] |- | [[ferslachjouwer]] #1 | [[George Pelling]] |- | ferslachjouwer #2 | [[J. Pat O'Malley]] |- | ferslachjouwer #3 | [[Alan Napier]] |- | ferslachjouwer #4 | [[Sean McClory]] |- |} ==Produksje en distribúsje== ===Foarskiednis=== ''Mary Poppins'' wie foar it meastepart basearre op ''[[Mary Poppins (roman)|Mary Poppins]]'', it earste diel út 'e [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]] fan 'e [[Austraalje (lân)|Australysk]]-[[Feriene Keninkryk|Britske]] [[skriuwster]] [[P.L. Travers]], dat ferskynde yn [[1934]]. De [[dochter]]s fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] fûnen it ferhaal sà moai, dat se him [[ûnthjit]]te lieten om it te ferfilmjen. Disney besocht al yn [[1938]] de [[filmrjochten]] fan Travers te keapjen, mar sy wegere, om't se net ferwachte dat in filmferzje har skepping rjocht dwaan soe. Fierders wie Disney doedestiden inkeld bekend as produsint fan [[tekenfilm]]s en hied er noch net in grutte [[live-action]]film makke. Mear as tweintich jier lang besocht Disney om 'e safolle tiid Travers oer te heljen om him in film oer har [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] meitsje te litten, oant se yn [[1961]] lang om let tajoech. Dêrby stelde se wol it betingst dat se sels it [[senario]] goedkarre moast. ===Produksje=== De úteinlike film wie Travers, dy't op 'e [[ôftiteling]] fermeld waard as "konsultante", net botte gelokkich mei. Se mocht net oer it fersêftsjen fan 'e skerpere kantsjes fan it [[karakter (persoanlikheid)|karakter]] fan Mary Poppins (dy't yn 'e boeken folle [[idelheid|ideler]] en folle ûnferskilliger foar de bern oer is). Fierders wifke Travers oer de fraach oft se de [[muzyk]] wol moai of gaadlik fûn en hie se sa'n grouwéligen hekel oan it tekenfilmsegmint, dat se it near lei op fierdere ferfilmings fan har wurk. Ek de [[bruorren Sherman]], dy't de [[liet]]en foar de film skreaune, wiene nau belutsen by de ûntjouwing fan 'e film. Sy wiene it, dy't foarstelden om it ferhaal net yn 'e [[1930-er jierren]] spylje te litten, lykas yn it boek fan Travers, mar yn [[1910]], in fearnsiuw earder. Travers woe dan it leafst ek muzyk út dy tiid brûke, mar dêr spriek Disney syn [[feto]] oer út. Uteinlik waard ''Mary Poppins'' [[regissearre]] troch [[Robert Stevenson (regisseur)|Robert Stevenson]] nei in [[senario]] fan [[Bill Walsh (produsint)|Bill Walsh]] en [[Don DaGradi]]. [[Walt Disney]] wie as [[filmprodusint|produsint]] by it projekt belutsen foar syn eigen [[filmstudio]] Walt Disney Productions (no [[Walt Disney Pictures]]). Foar de film wie in [[budget]] beskikber dêr't de skattings fan útinoar rinne fan [[$]]4,4 oant 6&nbsp;miljoen. De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Edward Colman (kameraregisseur)|Edward Colman]], en de [[filmmuzyk]] waard fersoarge troch [[Inwin Kostal]] ([[soundtrack]]) en [[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]] ([[ferske]]s). It [[tekenfilm|animearre]] filmsegmint waard regissearre troch [[Hamilton S. Luske]]. ===Casting=== Foar de [[titelrol]] fan [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]] naam [[Walt Disney]] [[aktrise]]s as [[Julie Harris]], [[Angela Lansbury]] en [[Bette Davis]] yn omtinken. [[Julie Andrews]] hie op [[Broadway]] de rol fan Eliza Doolittle fertolke yn 'e [[toaniel]]produksje fan ''[[My Fair Lady (musical)|My Fair Lady]]'', en de ferwachting wie dêrom dat se deselde rol yn [[My Fair Lady (film)|'e filmadaptaasje]] taskood krije soe. Doe't se lykwols foarbyparte waard yn it foardiel fan [[Audrey Hepburn]], griep Disney syn kâns en socht er Andrews oan foar de rol fan Mary Poppins. Andrews wifele oer wat se dwaan moast, mei't se op dat stuit in fearnsjier [[swierwêzen|swier]] wie, mar Disney bewissige har derfan dat er de [[opnamen (film)|opnamen]] fan syn film útstelle soe oant nei't se [[befalling|befallen]] wie. Foar Andrews har manlike [[tsjinspiler]] yn 'e rol fan hantsjemuoisfeint Bert hie Walt Disney alderearst [[Cary Grant]] op it each, en doe't dat neat waard, naam er [[Laurence Harvey]] en [[Anthony Newley]] yn omtinken. Uteinlik [[cast]]e er lykwols [[Dick Van Dyke]] yn 'e rol nei't er ûnder de yndruk rekke wie fan dy syn [[aktearjen|aktearwurk]] yn ''[[The Dick Van Dyke Show]]''. Nei't de kar op him fallen wie, lobbyde Van Dyke om ek de rol fan dhr. Dawes sr. spylje te meien. Disney fielde dêr earst neat foar, mar Van Dyke krige syn sin nei't er der [[audysje]] foar dien hie. Hoewol't oer it algemien mei [[nocht]] weromtocht wurdt oan 'e Amerikaan Van Dyke yn 'e rol fan 'e [[Londen]]ske arbeider Bert, is freon en fijân it deroer iens dat syn neibearen fan in [[Cockney]]-[[aksint (útspraak)|aksint]] nearne nei liek. Sterker noch, it wurdt beskôge as ien fan 'e slimst mislearre aksinten yn 'e [[filmskiednis]], en it wurdt noch altyd as standertfoarbyld fan hoe't it net moat oanhelle troch oare akteurs. Van Dyke bewearde dat syn aksintcoach de [[Ingelsman]] fan [[Ieren (folk)|Iersk]] [[komôf]] [[J. Pat O'Malley]] wie, "dy't it aksint neat better neibeare koe as ik." Yn [[2017]], doe't bekendmakke waard dat Van Dyke in [[BAFTA Award]] (de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmpriiis) ûntfange soe, seid er: "Ik wurdearje dizze kâns om my te [[ûnskuldiging|ûntskuldigjen]] oan 'e leden fan 'e [[British Academy of Film and Television Arts]] foar it lije litten fan harren ûnder it alderferskriklikste Cockey-aksint út 'e skiednis fan 'e [[sinema]]." De [[foarsitter]] fan 'e Academy reägearre dêrop mei de wurden: "Wy sjogge út nei syn akseptaasjetaspraak yn hokfoar aksint er dy jûns ek mar foar kieze sil. It sil sûnder mis 'supercalifragilisticexpialidocious' wêze." ===Opnamen=== De [[opnamen (film)|opnamen]] foar ''Mary Poppins'' setten yn [[maaie]] [[1963]] útein en duorren oant en mei [[septimber]] fan dat jier. De film waard yn syn hiele hear en fear opnommen yn 'e [[Walt Disney Studios (Burbank)|Walt Disney Studios]] yn [[Burbank (Kalifornje)]], wêrby't gebrûk makke waard fan skildere [[Londen]]ske eftergrûnen. ===Distribúsje=== De [[filmdistribúsje|distribúsje]] fan ''Mary Poppins'' waard fersoarge troch Buena Vista Distribution, no [[Walt Disney Studios Motion Pictures]], de eigen filmdistribúsjedifysje fan [[The Walt Disney Company]]. De film gie op [[27&nbsp;augustus]] [[1964]] yn [[Grauman's Chinese Theatre]] yn [[Los Angeles]] yn [[premiêre]]. [[P.L. Travers]] krige dêr gjin útnûging foar, mar wist dochs ien te bemachtigjen. Op 'e [[afterparty]] stapte se (neffens it tsjûgenis fan [[Richard M. Sherman]]) op [[Walt Disney]] ôf en ferklearre mei útset lûd dat it tekenfilmsegmint út 'e film moast. Disney antwurde: "Pamela, dat is in passearre stasjon," en rûn fuort. De film gie op [[24&nbsp;septimber]] [[1964]] yn 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[bioskopen]] yn [[premiêre]]. It byhearrende [[soundtrack]]album ferskynde yn [[1964]] op [[LP]] by [[platemaatskippij]] [[Buena Vista Records]]. Op thúsmedia waard ''Mary Poppins'' foar it earst yn [[1980]] útbrocht op [[VHS]] en [[Betamax]]. Op [[4&nbsp;oktober]] [[1988]] ferskynde de film op 'e nij op VHS-[[keapfideo]]. Yn [[1998]] wie it de earste film dy't troch The Walt Disney Company op [[dvd]] útbrocht waard. De earste [[blu-ray]]ferzje fan ''Mary Poppins'' ferskynde op [[10&nbsp;desimber]] [[2013]]. ==Untfangst== Fan 'e [[filmkritisy]] krige ''Mary Poppins'' rûnom lof. Sa omskreau [[Bosley Crowther]] fan ''[[The New York Times]]'' de film as "in alderprachtichste, opfleurjende rôlprint." Yn it [[tydskrift]] ''[[Variety (tydskrift)|Variety]]'' priizge Whitney Williams yn 't bysûnder de [[muzyk|muzikale]] dielen fan 'e film en it [[aktearjen]] fan [[Julie Andrews]] en [[Dick Van Dyke]]. It blêd ''[[Time (tydskrift)|Time]]'' skreau: "De [[filmset|sets]] binne wielderich, de [[liet]]en lustich, it [[senario]] is [[humor]]istysk mar treftich [[sentimintaliteit|sentiminteel]], en de ûnderstypjende [[cast]] berikt op in hier nei de perfeksje." Yn ''[[The Hollywood Reporter]]'' priizge James Powers it aktearjen, de [[special effects]], de [[filmmuzyk]], it [[produksje-ûntwerp]] en de [[goreografy]]. Konkludearjend stelde er fêst dat "''Mary Poppins'' in film [is], dy't, mear as de measten, in triomf fan in grut tal ûnderskate bydragen is. En de spesjale triomf fan dizze film is dat er it wurk liket te wêzen fan ien inkele, gearhingjende yntelliginsje." Yn it tydskrift ''[[Life (tydskrift)|Life]]'' hie Ann Guerin [[krityk]] op 'e feroarings dy't de film yn it ferhaal fan it boek oanbrocht, yn 't bysûnder wat it tekenfilmsegmint oanbelange. Se murk op: "Guon opienfolgings fan [[sêne]]s hawwe echte [[sjarme]], en faaks dat [[bern (persoan)|bern]] dy foar sûkerswiet opite sille. Mar as [[folwoeksene]] fûn ik it in bytsje tefolle fan it goede." Har konklúzje wie: "Mei in bytsje mear tebekhâldendheid en in bytsje minder ferbettering fan it orizjineel wiene al dy pluspunten fan 'e film safolste better út 'e ferve kommen." Op 'e [[webside]] [[Rotten Tomatoes]], dy't resinsjes sammelet, hat ''Mary Poppins'' in tige heech goedkarringspersintaazje fan 96%, basearre op 54 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "In wielderich modern [[mearke]], fierd om syn ferbjusterjende special effects, oanstekkende [[ferske]]s en Julie Andrews har legendaryske aktearprestaasje yn 'e [[titelrol]]." Op [[Metacritic]], de wichtichste [[konkurrint]] fan Rotten Tomatoes, behellet ''Mary Poppins'' in goedkarringspersintaazje fan 88%, basearre op 13 resinsjes. Yn [[2013]] waard ''Mary Poppins'' troch de [[Library of Congress]] foar preservearring foar de ivichheid yn it Amerikaanske [[Nasjonaal Film Register]] útornearre omreden fan [[kulturele]], [[histoarysk]]e en/of [[estetysk]]e wearde. ==Resultaat== ===Opbringst=== ''Mary Poppins'' draaide yn 'e [[Feriene Steaten]] en [[Kanada]] yn [[1964]] en [[1965]] mear as 32 wiken yn 'e [[bioskopen]] en brocht dêrby $31&nbsp;miljoen op. Yn it [[Feriene Keninkryk]] waarden foar de film 14&nbsp;miljoen [[tagongskaartsje|kaartsjes]] ferkocht. Hoewol't ûnbekend is wat de totale wrâldwide [[opbringst (jild)|opbringst]] fan 'e film wie, soe de folslein skjinne [[winst (ûndernimming)|winst]] yn [[1965]] $28,5&nbsp;miljoen bedroegen hawwe. Dêrmei wie ''Mary Poppins'' de meast opbringende film fan [[1964]]. [[Walt Disney]] brûkte dat jild om lân by [[Orlando (Floarida)|Orlando]] yn sintraal [[Floarida]] te keapjen en dêr de bou fan it [[ferdivedaasjepark]] [[Walt Disney World|Disney World]] te [[finansieren]]. Yn [[1973]] waard ''Mary Poppins'' op 'e nij yn 'e bioskoop útbrocht ta gelegenheid fan it fyftichjierrich bestean fan [[Walt Disney Productions]]; doe waard der nochris $9&nbsp;miljoen fertsjinne. Yn [[1980]] waard de film foar de trêde kear yn 'e bioskoop brocht, mei in resultaat fan $14&nbsp;miljoen. Nei letter noch ferskate oare kearen yn 'e bioskopen draaid te hawwen, stiet anno [[2023]] de totale [[opbringst (jild)|opbringst]] fan ''Mary Poppins'' yn [[Noard-Amearika]] op $103,1&nbsp;miljoen. ===Prizen=== Yn [[1965]] waard ''Mary Poppins'' by de [[Oscar]]s nominearre foar 13 [[priis (ûnderskieding)|prizen]], wêrûnder [[Oscar foar Bêste Film|bêste film]], bêste [[regisseur]], bêste adaptearre [[senario]], bêste [[kamerarezjy]] ([[kleurefilm|kleur]]), bêste [[artdirection]] (kleur), bêste [[kostúm]]ûntwerp (kleur), bêste [[soundtrack]] en bêste [[lûd]]. De film wûn 5 Oscars, foar bêste [[aktrise]] ([[Julie Andrews]]), bêste [[filmmontaazje]] ([[Cotton Warburton]]), bêste [[filmmuzyk]] ([[Richard M. Sherman]] en [[Robert B. Sherman]]), bêste [[liet]] (''[[Chim Chim Cher-ee]]'' fan 'e bruorren Sherman) en bêste [[special effects]] ([[Peter Ellenshaw]], [[Eustace Lycett]] en [[Hamilton S. Luske]]) By de [[Golden Globe]]s waard ''Mary Poppins'' nominearre yn 4 [[kategory]]en, wêrûnder [[Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje|bêste film (musical of komeedzje)]], bêste [[akteur]] yn in [[filmmusical|musical]] of [[komeedzjefilm|komeedzje]] ([[Dick Van Dyke]]) en bêste orizjinele filmmuzyk. De film wûn de Golden Globe foar bêste aktrise yn in musical of komeedzje ([[Julie Andrews]]). By de [[BAFTA's]] de wichtichste [[Feriene Keninkryk|Britske]] filmprizen, wûn Andrews yn 'e kategory meast ûnthjittende nijynkommeling yn in haadrol. ''Mary Poppins'' wûn fierders ek 2 [[Grammy Award]]s, de wichtichste Amerikaanske prizen op it mêd fan [[muzyk]], foar bêste opname foar bern en bêste orizjinele filmmuzyk. ==Films oer tastânkomming en ferfolchfilm== De problematyske [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] fan [[filmprodusint]] [[Walt Disney]] mei [[P.L. Travers]], de geastlike mem fan it [[personaazje]] [[Mary Poppins (personaazje)|Mary Poppins]], wie it ûnderwerp fan twa [[dokumintêre]]s oer de tastânkomming fan 'e film ''Mary Poppins''. Dat binne ''The Shadow of Mary Poppins'', út [[2002]], en ''The Real Mary Poppins'' út [[2013]]. Oer harren relaasje waard ek it [[biografyske film|biografyske]] [[dramafilm|filmdrama]] ''[[Saving Mr. Banks]]'' makke, út [[2013]], mei [[Tom Hanks]] as Disney en [[Emma Thompson]] as Travers. Yn [[desimber]] [[2018]] waard fierders troch [[Walt Disney Pictures]] in [[ferfolch]] op ''Mary Poppins'' útbrocht, mei as titel ''[[Mary Poppins Returns]]''. Dy film spilet 25 jier letter en is in op him sels steande adaptaasje fan 'e restearjende sân boeken út Travers har [[Mary Poppins (romansearje)|''Mary Poppins''-romansearje]]. [[Emily Blunt]] spile de titelrol, wylst [[Dick Van Dyke]] weromkearde as dhr. Dawes jr. ==Keppelings om utens== * {{en}} [http://movies.disney.com/mary-poppins Offisjele webside fan ''Mary Poppins''] * {{en}} [http://www.imdb.com/title/tt0058331/ Ynformaasje oer ''Mary Poppins'' yn 'e Internet Movie Database (IMDb)] {{boarnen|boarnefernijing= Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Mary_Poppins_(film) ''References'', op dizze side]. ---- {{commonscat|Mary Poppins (film)}} }} {{DISPLAYTITLE:''Mary Poppins'' (film)}} [[Kategory:Amerikaanske fantasyfilm]] [[Kategory:Amerikaanske komeedzjefilm]] [[Kategory:Amerikaanske histoaryske film]] [[Kategory:Amerikaanske filmmusical]] [[Kategory:Amerikaanske famyljefilm]] [[Kategory:Fantasykomeedzjefilm]] [[Kategory:Histoaryske fantasyfilm]] [[Kategory:Histoaryske komeedzjefilm]] [[Kategory:Komeedzjefilmmusical]] [[Kategory:Histoaryske filmmusical]] [[Kategory:Fantasyfilmmusical]] [[Kategory:Film mei live-action en animaasje]] [[Kategory:Ingelsktalige film]] [[Kategory:Film fan Walt Disney Pictures]] [[Kategory:Film fan Robert Stevenson]] [[Kategory:Film út 1964]] [[Kategory:Film oer in gûvernante of bernefamke]] [[Kategory:Film oer in bern]] [[Kategory:Film oer tsjoenderij]] [[Kategory:Film oer suffrazjettes]] [[Kategory:Film basearre op in literêr wurk]] bfyaqsz9adlnwsykh8ugpvg5irrel8n Stiengraupiper 0 194388 1242174 1242081 2026-10-08T08:34:41Z RomkeHoekstra 10582 nammekorreksje (sjoch graupiperfûgels). 1242174 wikitext text/x-wiki {{Bistesoarte |Namme = stiengraupiper |Ofbyld = [[Ofbyld:Prunella ocularis 18275836.jpg|250px]] |lûd = |Ryk = [[dieren]] (''Animalia'') |Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') |Klasse = [[fûgels]] (''Aves'') |Skift = [[moskeftigen]] (''Passeriformes'') |Famylje = [[graupiperfûgels]] (''Prunellidae'') |Skaai = [[graupipers]] (''Prunella'') |Wittenskiplike namme= Prunella ocularis |Beskriuwer, jier= [[Gustav Radde|Radde]], 1884 |IUCN-status= [[IUCN-status]]: [[Ofbyld:IUCN-LC.png|250px]] ---- |lânkaart = [[Ofbyld:Prunella ocularis dist.png|250px]] }} De '''stiengraupiper''' (''Prunella ocularis'') is in [[fûgel]] yn 'e [[Famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[graupipers]] (''Prunellidae'') út it [[Skift (taksonomy)|skift]] fan 'e [[moskeftigen]] (''Passeriformes''). De soarte komt foar yn it [[Midden-Easten]]. == Skaaimerken == De stiengraupiper is in lytse, moskeftige fûgel mei in smelle snaffel en in lichemslingte fan 13–14 sintimeter; wat grutte oanbelanget is de soarte ferlykber mei de gewoane [[graupiper]] (''Prunella modularis''). Syn fearrekleed liket in soad op dat fan 'e [[berchgraupiper]] (''Prunella montanella''), mei donkere wangen, in donkere krún, in brede wite wynbraustreek en in waarmbêzje ûnderkant. De wynbraustreek is lykwols earder brutsen wyt as gielbêzje, de boppedielen binne koelbrún ynstee fan waarmbrún, en de ûnderkant hat benammen op it boarst in oranje tint. == Fersprieding en taksonomy == De stiengraupiper wurdt ferdield yn twa [[ûndersoarte]]n mei it folgjende ferspriedingsgebiet: * ''Prunella ocularis ocularis'' – [[stânfûgel]] of trekfûgel op hichte yn 'e berchgebieten fan [[Turkije]], [[Armeenje]], Noard-[[Georgje]] en [[Iran]]. * ''Prunella ocularis fagani'' – berchgebieten fan [[Jemen]]. De ûndersoarte ''fagani'' waard foarhinne as in aparte soarte beskôge: de Jemenityske graupiper (''Prunella fagani''). [[BirdLife International]] hat dizze lykwols ûnderbrocht by de stiengraupiper as ûndersoarte, op basis fan oerienkomsten yn uterlik en lûd en fanwegen minimale genetyske ferskillen. Stúdzjes út 2017 hawwe dat befêstige, en sûnt dy tiid hawwe ek it [[International Ornithological Congress]] en eBird/Clements dit foarbyld folge. == Ekology == De stiengraupiper briedt yn Turkije op rotsich gerslân mei fersprate beiestrûken, en yn 'e [[Kaukasus]] op berchhellingen mei leechbliuwende jeneverbei en seder. Winterdeis wurdt de fûgel ek waarnommen yn strewellen by berchbeekjes. Oer de briedbiology is in soad ûnbekend, mar der binne tusken juny en augustus nêsten mei trije oant fjouwer aaien oantroffen. De ûndersoarte ''fagani'' komt foar op hichten tusken 1850 en 3000 meter, op iepen, rotsige hellings mei relatyf tichte fegetaasje — besteande út gerssoarten en lytse strûken (lykas ''Rumex'' en ''Acanthus'') — faak yn 'e omkriten fan hast fertikale rotsformaasjes. In pear waarnemingen yn 'e winter yn gebieten krekt wat súdliker fan it briedgebiet suggerearje dat op syn minst in part fan 'e populaasje by 't winter legere dielen opsiket. == Status == De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De [[IUCN|Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer]] (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (''Least Concern'' of LC). De wrâldpopulaasje wurdt op 40.000 oant 121.000 folwoeksen yndividuen rûsd. De populaasje yn Jemen waard earder, doe't er as in aparte soarte beskôge waard, as gefoelich (''Near Threatened'' of NT) klassifisearre op basis fan in beheind ferspriedingsgebiet en in lytse, mar stabile populaasje fan 2.500 oant 10.000 yndividuen. ''Fagani'' is allinnich bekend fan seis lokaasjes, wêrfan't er by ien relatyf gewoan is. {{Boarnen|boarnefernijing= * [https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/raddes-accentor-prunella-ocularis BirdLife, oproppen 4 oktober 2026.] * [https://ebird.org/species/radacc2?siteLanguage=nl&continue eBird, oproppen 4 oktober 2026.] * [https://birdsoftheworld.org/bow/species/radacc2/cur/introduction Birds of the World, oproppen 4 oktober 2026.] ---- {{Commonscat|Prunella ocularis|stiengraupiper}} }} {{DEFAULTSORT:stiengraupiper}} [[Kategory:Fûgelsoarte]] [[Kategory:Graupiper]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Iran]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Irak]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Israel]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije]] 9wjj29t9g6f2dv7hq8czyxm37pdtvdd 1242175 1242174 2026-10-08T08:35:07Z RomkeHoekstra 10582 RomkeHoekstra hat de side [[Arabyske graupiper]] omneamd ta [[Stiengraupiper]]: Sjoch graupiperfûgels. 1242174 wikitext text/x-wiki {{Bistesoarte |Namme = stiengraupiper |Ofbyld = [[Ofbyld:Prunella ocularis 18275836.jpg|250px]] |lûd = |Ryk = [[dieren]] (''Animalia'') |Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') |Klasse = [[fûgels]] (''Aves'') |Skift = [[moskeftigen]] (''Passeriformes'') |Famylje = [[graupiperfûgels]] (''Prunellidae'') |Skaai = [[graupipers]] (''Prunella'') |Wittenskiplike namme= Prunella ocularis |Beskriuwer, jier= [[Gustav Radde|Radde]], 1884 |IUCN-status= [[IUCN-status]]: [[Ofbyld:IUCN-LC.png|250px]] ---- |lânkaart = [[Ofbyld:Prunella ocularis dist.png|250px]] }} De '''stiengraupiper''' (''Prunella ocularis'') is in [[fûgel]] yn 'e [[Famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[graupipers]] (''Prunellidae'') út it [[Skift (taksonomy)|skift]] fan 'e [[moskeftigen]] (''Passeriformes''). De soarte komt foar yn it [[Midden-Easten]]. == Skaaimerken == De stiengraupiper is in lytse, moskeftige fûgel mei in smelle snaffel en in lichemslingte fan 13–14 sintimeter; wat grutte oanbelanget is de soarte ferlykber mei de gewoane [[graupiper]] (''Prunella modularis''). Syn fearrekleed liket in soad op dat fan 'e [[berchgraupiper]] (''Prunella montanella''), mei donkere wangen, in donkere krún, in brede wite wynbraustreek en in waarmbêzje ûnderkant. De wynbraustreek is lykwols earder brutsen wyt as gielbêzje, de boppedielen binne koelbrún ynstee fan waarmbrún, en de ûnderkant hat benammen op it boarst in oranje tint. == Fersprieding en taksonomy == De stiengraupiper wurdt ferdield yn twa [[ûndersoarte]]n mei it folgjende ferspriedingsgebiet: * ''Prunella ocularis ocularis'' – [[stânfûgel]] of trekfûgel op hichte yn 'e berchgebieten fan [[Turkije]], [[Armeenje]], Noard-[[Georgje]] en [[Iran]]. * ''Prunella ocularis fagani'' – berchgebieten fan [[Jemen]]. De ûndersoarte ''fagani'' waard foarhinne as in aparte soarte beskôge: de Jemenityske graupiper (''Prunella fagani''). [[BirdLife International]] hat dizze lykwols ûnderbrocht by de stiengraupiper as ûndersoarte, op basis fan oerienkomsten yn uterlik en lûd en fanwegen minimale genetyske ferskillen. Stúdzjes út 2017 hawwe dat befêstige, en sûnt dy tiid hawwe ek it [[International Ornithological Congress]] en eBird/Clements dit foarbyld folge. == Ekology == De stiengraupiper briedt yn Turkije op rotsich gerslân mei fersprate beiestrûken, en yn 'e [[Kaukasus]] op berchhellingen mei leechbliuwende jeneverbei en seder. Winterdeis wurdt de fûgel ek waarnommen yn strewellen by berchbeekjes. Oer de briedbiology is in soad ûnbekend, mar der binne tusken juny en augustus nêsten mei trije oant fjouwer aaien oantroffen. De ûndersoarte ''fagani'' komt foar op hichten tusken 1850 en 3000 meter, op iepen, rotsige hellings mei relatyf tichte fegetaasje — besteande út gerssoarten en lytse strûken (lykas ''Rumex'' en ''Acanthus'') — faak yn 'e omkriten fan hast fertikale rotsformaasjes. In pear waarnemingen yn 'e winter yn gebieten krekt wat súdliker fan it briedgebiet suggerearje dat op syn minst in part fan 'e populaasje by 't winter legere dielen opsiket. == Status == De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De [[IUCN|Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer]] (IUCN) klassifisearret de soarte dêrom as net bedrige (''Least Concern'' of LC). De wrâldpopulaasje wurdt op 40.000 oant 121.000 folwoeksen yndividuen rûsd. De populaasje yn Jemen waard earder, doe't er as in aparte soarte beskôge waard, as gefoelich (''Near Threatened'' of NT) klassifisearre op basis fan in beheind ferspriedingsgebiet en in lytse, mar stabile populaasje fan 2.500 oant 10.000 yndividuen. ''Fagani'' is allinnich bekend fan seis lokaasjes, wêrfan't er by ien relatyf gewoan is. {{Boarnen|boarnefernijing= * [https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/raddes-accentor-prunella-ocularis BirdLife, oproppen 4 oktober 2026.] * [https://ebird.org/species/radacc2?siteLanguage=nl&continue eBird, oproppen 4 oktober 2026.] * [https://birdsoftheworld.org/bow/species/radacc2/cur/introduction Birds of the World, oproppen 4 oktober 2026.] ---- {{Commonscat|Prunella ocularis|stiengraupiper}} }} {{DEFAULTSORT:stiengraupiper}} [[Kategory:Fûgelsoarte]] [[Kategory:Graupiper]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Iran]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Irak]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Israel]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije]] 9wjj29t9g6f2dv7hq8czyxm37pdtvdd Noardlik Realisme 0 194414 1242160 2026-10-07T14:55:26Z Drewes 2754 Ferwiist troch nei [[Noardlike Realisten]] 1242160 wikitext text/x-wiki #REDIRECT [[Noardlike Realisten]] cfkgy50fuohktd5xytlrs73q6paes8t Dielsteaten fan Brazylje 0 194415 1242164 2026-10-07T20:53:47Z RomkeHoekstra 10582 Side makke mei "[[Ofbyld:Brazil Regions.svg|260px|thumb|Regio's fan Brazylje<small><br>{{Color box|#EF9BA0|(1) Sintraal-West}}<br>{{Color box|#E77816|(2) Noardeast}}<br>{{Color box|#84C224|(3) Noard}}<br>{{Color box|#F5DD00|(4) Sûdeast}}<br>{{Color box|#DB204B|(5) Súd}}]] [[Brazylje]] bestiet út 26 [[dielsteat]]en en ien federaal distrikt (''Distrito Federal''). Likernôch 90% fan 'e befolking konsintrearret him op 'e dielsteaten oan 'e east- en súdkust, dêr't in befolkingsdichtens is..." 1242164 wikitext text/x-wiki [[Ofbyld:Brazil Regions.svg|260px|thumb|Regio's fan Brazylje<small><br>{{Color box|#EF9BA0|(1) Sintraal-West}}<br>{{Color box|#E77816|(2) Noardeast}}<br>{{Color box|#84C224|(3) Noard}}<br>{{Color box|#F5DD00|(4) Sûdeast}}<br>{{Color box|#DB204B|(5) Súd}}]] [[Brazylje]] bestiet út 26 [[dielsteat]]en en ien federaal distrikt (''Distrito Federal''). Likernôch 90% fan 'e befolking konsintrearret him op 'e dielsteaten oan 'e east- en súdkust, dêr't in befolkingsdichtens is fan 20 oant mear as 300 ynwenners/km². De rest, mei it Amazônegebiet en de berchregio's, hat wol it grutste oandiel yn it oerflak, mar in hiel lege befolkingstichtens. De dielsteaten binne statistysk ferdield yn fiif regio's (sjoch de kaart rjochts). {| class="wikitable sortable zebra" |- !width="50" class="unsortable"| Flagge !width="110"| Dielsteat !width="110"| Haadstêd !width="90" class="unsortable"| Lokaasje !width="90"| Regio !width="90"| Ynwenners<br />(2022) !width="90"| Oerflak<br />(km²) !width="60"| Dielsteat<br />sûnt … |- | [[Ofbyld:Bandeira do Acre.svg|50px|border]] | [[Acre (steat)|Acre]] | [[Rio Branco (Acre)|Rio Branco]] | [[Ofbyld:Brazil State Acre.svg|90px]] | Noard | 830.018 | 164.122 | 1962 |- | [[Ofbyld:Bandeira de Alagoas.svg|50px|border]] | [[Alagoas]] | [[Maceió]] | [[Ofbyld:Brazil State Alagoas.svg|90px]] | Noardeast | 3.127.683 | 27.768 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira do Amapá.svg|50px|border]] | [[Amapá]] | [[Macapá]] | [[Ofbyld:Brazil State Amapa.svg|90px]] | Noard | 733.759 | 142.815 | 1988 |- | [[Ofbyld:Bandeira do Amazonas.svg|50px|border]] | [[Amazonas (Brazylje)|Amazonas]] | [[Manaus]] | [[Ofbyld:Brazil State Amazonas.svg|90px]] | Noard | 3.941.613 | 1.570.746 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira da Bahia.svg|50px|border]] | [[Bahia]] | [[Salvador (Bahia)|Salvador]] | [[Ofbyld:Brazil State Bahia.svg|90px]] | Noardeast | 14.141.626 | 564.693 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira do Ceará.svg|50px|border]] | [[Ceará]] | [[Fortaleza]] | [[Ofbyld:Brazil State Ceara.svg|90px]] | Noardeast | 8.794.957 | 148.826 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira do Distrito Federal (Brasil).svg|50px|border]] | [[Federaal Distrikt (Brazylje)|Federaal Distrikt]] | [[Brasília]] | [[Ofbyld:Brazil State DistritoFederal.svg|90px]] | Sintraal-West | 2.817.381 | 5.822 | 1960 |- | [[Ofbyld:Bandeira do Espírito Santo.svg|50px|border]] | [[Espírito Santo]] | [[Vitória (Espírito Santo)|Vitória]] | [[Ofbyld:Brazil State EspiritoSanto.svg|90px]] | Sûdeast | 3.833.712 | 46.078 | 1889 |- | [[Ofbyld:Flag of Goiás.svg|50px|border]] | [[Goiás]] | [[Goiânia]] | [[Ofbyld:Brazil State Goias.svg|90px]] | Sintraal-West | 7.056.495 | 340.087 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira do Maranhão.svg|50px|border]] | [[Maranhão]] | [[São Luís]] | [[Ofbyld:Brazil State Maranhao.svg|90px]] | Noardeast | 6.775.805 | 331.983 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira de Mato Grosso.svg|50px|border]] | [[Mato Grosso]] | [[Cuiabá]] | [[Ofbyld:Brazil State MatoGrosso.svg|90px]] | Sintraal-West | 3.658.649 | 903.358 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira de Mato Grosso do Sul.svg|50px|border]] | [[Mato Grosso do Sul]] | [[Campo Grande]] | [[Ofbyld:Brazil State MatoGrossodoSul.svg|90px]] | Sintraal-West | 2.757.013 | 357.125 | 1979 |- | [[Ofbyld:Bandeira de Minas Gerais.svg|50px|border]] | [[Minas Gerais]] | [[Belo Horizonte]] | [[Ofbyld:Brazil State MinasGerais.svg|90px]] | Sûdeast | 20.539.989 | 586.528 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira do Pará.svg|50px|border]] | [[Pará]] | [[Belém (Pará)|Belém]] | [[Ofbyld:Brazil State Para.svg|90px]] | Noard | 8.121.025 | 1.247.690 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira da Paraíba.svg|50px|border]] | [[Paraíba]] | [[João Pessoa]] | [[Ofbyld:Brazil State Paraiba.svg|90px]] | Noardeast | 3.974.685 | 56.440 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira do Paraná.svg|50px|border]] | [[Paraná (steat)|Paraná]] | [[Curitiba]] | [[Ofbyld:Brazil State Parana.svg|90px]] | Súd | 11.444.380 | 199.315 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira de Pernambuco.svg|50px|border]] | [[Pernambuco]] | [[Recife]] | [[Ofbyld:Brazil State Pernambuco.svg|90px]] | Noardeast | 9.058.931 | 98.312 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira do Piauí.svg|50px|border]] | [[Piauí]] | [[Teresina]] | [[Ofbyld:Brazil State Piaui.svg|90px]] | Noardeast | 3.271.199 | 251.529 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira do estado do Rio de Janeiro.svg|50px|border]] | [[Rio de Janeiro (steat)|Rio de Janeiro]] | [[Rio de Janeiro (stêd)|Rio de Janeiro]] | [[Ofbyld:Brazil State RiodeJaneiro.svg|90px]] | Súdeast | 16.055.174 | 43.696 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira do Rio Grande do Norte.svg|50px|border]] | [[Rio Grande do Norte]] | [[Natal (Brazylje)|Natal]] | [[Ofbyld:Brazil State RioGrandedoNorte.svg|90px]] | Noardeast | 3.302.729 | 52.797 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira do Rio Grande do Sul.svg|50px|border]] | [[Rio Grande do Sul]] | [[Porto Alegre]] | [[Ofbyld:Brazil State RioGrandedoSul.svg|90px]] | Súd | 11.882.965 | 281.749 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira de Rondônia.svg|50px|border]] | [[Rondônia]] | [[Porto Velho]] | [[Ofbyld:Brazil State Rondonia.svg|90px]] | Noard | 1.581.196 | 237.576 | 1981 |- | [[Ofbyld:Bandeira de Roraima.svg|50px|border]] | [[Roraima]] | [[Boa Vista (Roraima)|Boa Vista]] | [[Ofbyld:Brazil State Roraima.svg|90px]] | Noard | 636.707 | 224.299 | 1988 |- | [[Ofbyld:Bandeira de Santa Catarina.svg|50px|border]] | [[Santa Catarina (steat)|Santa Catarina]] | [[Florianópolis]] | [[Ofbyld:Brazil State SantaCatarina.svg|90px]] | Súd | 7.610.361 | 95.346 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira do estado de São Paulo.svg|50px|border]] | [[São Paulo (steat)|São Paulo]] | [[São Paulo (stêd)|São Paulo]] | [[Ofbyld:Brazil State SaoPaulo.svg|90px]] | Sûdeast | 44.411.238 | 248.209 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira de Sergipe.svg|50px|border]] | [[Sergipe]] | [[Aracaju]] | [[Ofbyld:Brazil State Sergipe.svg|90px]] | Noardeast | 2.210.004 | 21.910 | 1889 |- | [[Ofbyld:Bandeira do Tocantins.svg|50px|border]] | [[Tocantins]] | [[Palmas (Tocantins)|Palmas]] | [[Ofbyld:Brazil State Tocantins.svg|90px]] | Noard | 1.511.460 | 277.621 | 1988 |} {{boarnen|boarnefernijing= * [https://www.ibge.gov.br/cidades-e-estados/am.html Instituto Brasileiro de Geografia e Estatística (IBGE)] <references/> ---- {{Commonscat|States of Brazil}} }} {{Dielsteat fan Brazylje}} [[Kategory:Steat fan Brazylje| ]] 6j1jamiknoi5zx5pw1sibwfbvoe7mnb Brúnrêchgraupiper 0 194416 1242168 2026-10-08T06:49:10Z RomkeHoekstra 10582 Side makke mei "{{Bistesoarte |Namme = brúnrêchgraupiper |Ofbyld = [[Ofbyld:1J6A0053-Maroon Backed Accentor.jpg|250px]] |lûd = |Ryk = [[dieren]] (''Animalia'') |Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') |Klasse = [[fûgels]] (''Aves'') |Skift = [[moskeftigen]] (''Passeriformes'') |Famylje = [[graupiperfûgels]] (''Prunellidae'') |Skaai = [[graupipers]] (''Prunella'') |Wittenskiplike namme= Prunella immaculata |Beskriuwer, jier= Brian Houghton Hodgson|Ho..." 1242168 wikitext text/x-wiki {{Bistesoarte |Namme = brúnrêchgraupiper |Ofbyld = [[Ofbyld:1J6A0053-Maroon Backed Accentor.jpg|250px]] |lûd = |Ryk = [[dieren]] (''Animalia'') |Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') |Klasse = [[fûgels]] (''Aves'') |Skift = [[moskeftigen]] (''Passeriformes'') |Famylje = [[graupiperfûgels]] (''Prunellidae'') |Skaai = [[graupipers]] (''Prunella'') |Wittenskiplike namme= Prunella immaculata |Beskriuwer, jier= [[Brian Houghton Hodgson|Hodgson]], 1845 |IUCN-status= [[Ofbyld:IUCN-LC.png|250px]] |lânkaart = [[Ofbyld:Prunella immaculata dist.png|250px]] }} De '''brúnrêchgraupiper''' (''Prunella immaculata'') is in Aziatyske berchfûgel yn 'e [[Famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[graupipers]] (''Prunellidae'') út it [[Skift (taksonomy)|skift]] fan 'e [[moskeftigen]] (''Passeriformes''). == Uterlik en rop == De brúnrêchgraupiper is in opfallende, donkere graupiper sûnder streken, mei in lingte fan 14,5 sintimeter. De fûgel hat in grize kop en in griis boarst, in kastanjebrune rêch en búk en in gielwyt each. Jonge fûgels binne lykas folwoeksen fûgels, mar mei swarte plakken en donkere eagen. De rop wurdt yn Ingelstalige literatuer omskreaun as "zeh dzit". == Fersprieding == De brúnrêchgraupiper briedt yn 'e eastlike [[Himalaya]] en Súd-[[Sina]]; it ferspriedingsgebiet rint fan it súdeasten fan Xizang ([[Tibet]]) yn eastlike rjochting oant yn it súden fan [[Gansu]] en [[Sichuan]]. Winterdeis komt de soarte foar oant yn Sintraal-[[Nepal]] yn it westen en Sintraal-[[Yunnan]] yn it súden. Der binne ek waarnimmings bekend út it noarden fan [[Birma]], al is de status fan 'e fûgel dêre net dúdlik. == Systematyk == De soarte liket gjin nauwe sibben yn 'e famylje te hawwen; ynstee dêrfan is it de sustersoarte fan alle oare soarten, mei útsûndering fan it ôfwykjende pear dat foarme wurdt troch de [[Alpengraupiper|alpengraupiper]] en de [[Altaigraupiper]]. De soarte is [[Monotypysk takson|monotypysk]], wat betsjut dat er net yn [[ûndersoarte]]n ûnderferdield wurdt. == Libbenswize == De brúnrêchgraupiper briedt yn fochtige nullebosken en rododendronbosken – faak tichteby wetter – op hichten tusken de 2900 en 5000 meter. De fûgel foerazjearret op 'e grûn, meast ûnder tichte begroeiïng en komselden yn 'e iepen loft, op syk nei wringeleaze beestjes, sied en guon beien. De briedtiid rint fan maaie oant july; it nêst sit goed ferside en leech yn in strûk by de grûn. Fierder is der net in soad bekend oer de briedbiology. De soarte is in [[stânfûgel]] dy't op hichte migrearret: winterdeis lûkt er nei legere gebieten, faak yn groepen. == Status en bedrigings == De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte, stabile populaasje. Der binne gjin grutte bedrigingen bekend. Op basis fan dy kritearia kwalifisearret de [[IUCN|Ynternasjonale Uny foar Natuerbeskerming]] (IUCN) de soarte as '[[net bedrige]]' (''Least Concern'', LC). De grutte fan 'e wrâldpopulaasje is net rûsd, mar de soarte wurdt omskreaun as seldsum yn Sina en net in soad foarkommend yn Noard-[[Yndia]] en [[Bûtan]]. {{Boarnen|boarnefernijing= * [https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/maroon-backed-accentor-prunella-immaculata BirdLife, oproppen 8 oktober 2026.] * [https://ebird.org/species/mabacc1?siteLanguage=nl&continue eBird, oproppen 8 oktober 2026.] * [https://birdsoftheworld.org/bow/species/mabacc1/cur/introduction Birds of the World, oproppen 8 oktober 2026.] ---- {{Commonscat|Prunella immaculata|brúnrêchgraupiper}} }} {{DEFAULTSORT:brunrechgraupiper}} [[Kategory:Fûgelsoarte]] [[Kategory:Graupiper]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Sina]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Birma]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal]] iv9g8zhzj6e593pbbwzt2vgtffjdxse Prunella immaculata 0 194417 1242169 2026-10-08T06:49:38Z RomkeHoekstra 10582 Ferwiist troch nei [[Brúnrêchgraupiper]] 1242169 wikitext text/x-wiki #REDIRECT [[Brúnrêchgraupiper]] cza1ie55qyyjl37lsw07kv55zuauhnv Berchgraupiper 0 194418 1242170 2026-10-08T07:32:11Z RomkeHoekstra 10582 Side makke mei "{{Bistesoarte |Namme = berchgraupiper |Ofbyld = [[Ofbyld:Siberian Accentor (Prunella montanella) - Сибирийн хайруулдай (16435139700).jpg|250px]] |lûd = |Ryk = [[dieren]] (''Animalia'') |Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') |Klasse = [[fûgels]] (''Aves'') |Skift = [[moskeftigen]] (''Passeriformes'') |Famylje = [[graupiperfûgels]] (''Prunellidae'') |Skaai = [[graupipers]] (''Prunella'') |Wittenskiplike namme= Prunella..." 1242170 wikitext text/x-wiki {{Bistesoarte |Namme = berchgraupiper |Ofbyld = [[Ofbyld:Siberian Accentor (Prunella montanella) - Сибирийн хайруулдай (16435139700).jpg|250px]] |lûd = |Ryk = [[dieren]] (''Animalia'') |Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') |Klasse = [[fûgels]] (''Aves'') |Skift = [[moskeftigen]] (''Passeriformes'') |Famylje = [[graupiperfûgels]] (''Prunellidae'') |Skaai = [[graupipers]] (''Prunella'') |Wittenskiplike namme= Prunella montanella |Beskriuwer, jier= [[Peter Simon Pallas|Pallas]], 1776 |IUCN-status= [[Ofbyld:IUCN-LC.png|250px]] |lânkaart = [[Ofbyld:Prunella montanella map2.png|250px]] }} De '''berchgraupiper''' (''Prunella montanella'') is in [[moskeftigen|moskeftige]] [[fûgel]] út 'e [[Famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[graupipers]] (''Prunellidae''). == Skaaimerken == De berchgraupiper hat in rustbrune rêch mei donkere streken, in okergiele ûnderkant, in swarte krún en earstreek en in lange okergiele wynbraustreek. Mantsjes en wyfkes hawwe itselde fearrekleed. De berchgraupiper wurdt 13–14,5 sintimeter grut. == Libbenswize == Syn iten bestiet út wringeleaze bisten, beien en sied. Hy is skou en hâldt him meastentiids skûl yn 'e fegetaasje. == Fersprieding == Dizze soarte komt foar yn it noarden fan [[Sibearje]], fan 'e westlike [[Oeral (berchtme)|Oeral]] oant it [[Tsjûktsjenskiereilân]], en yn Sintraal-[[Aazje]] fan it [[Altaiberchtme]] oant de [[Baikalmar]]. Yn septimber of oktober lûkt er nei Súdeast-[[Aazje]], [[Sina]] en [[Koreä]], en yn maart of april keart er wer werom nei syn briedgebiet. De berchgraupiper briedt yn iepen nullebosken op 'e [[taiga]], yn wylge- en bjirkebosken op 'e [[tûndra]] en yn tichte fegetaasje fan rivierdellingen. De soarte telt twa [[ûndersoarte]]n: * ''Prunella montanella montanella'' – fan noardeastlik [[Europa]] oant noardwestlik en it súdlike diel fan Sintraal-Sibearje en súdlik [[Ruslân]]. * ''Prunella montanella badia'' – noardeastlik Sibearje. == Fuortplanting == [[Ofbyld:Prunella montanella MHNT.ZOO.2010.11.185.19.jpg|thumb|left|Aai fan 'e berchgraupiper]] It nêst wurdt leech by de grûn yn 'e begroeiïng boud fan tûkjes, woartels, strie en moas en wurdt beklaaid mei hier en moas. Der wurde fan maaie oant july 4–6 blaugriene aaien lein. De jongen komme nei 11–12 dagen út. === Foarkommen yn Nederlân === De berchgraupiper is in [[dwaalgast]] yn Nederlân. == Status == De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en wurdt troch de [[IUCN]] as [[net bedrige]] (''Least Concern'', LC) klassifisearre. De trend yn 'e grutte fan 'e populaasje is net bekend. {{Boarnen|boarnefernijing= * [https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/siberian-accentor-prunella-montanella BirdLife, oproppen 8 oktober 2026.] * [https://ebird.org/species/sibacc eBird, oproppen 8 oktober 2026.] * [https://birdsoftheworld.org/bow/species/sibacc/cur/introduction Birds of the World, oproppen 8 oktober 2026.] * [https://waarneming.nl/species/77967/observations/? Waarneming.nl] ---- {{Commonscat|Prunella montanella|berchgraupiper}} }} {{DEFAULTSORT:berchgraupiper}} [[Kategory:Fûgelsoarte]] [[Kategory:Graupiper]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Sina]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä]] 77iyeo3tk0yr934a572jerv0vu5i3zu Prunella montanella 0 194419 1242171 2026-10-08T07:32:39Z RomkeHoekstra 10582 Ferwiist troch nei [[Berchgraupiper]] 1242171 wikitext text/x-wiki #REDIRECT: [[Berchgraupiper]] l463iizr99fr43we77rld17j8pv3s8q Swartkielgraupiper 0 194420 1242172 2026-10-08T08:17:29Z RomkeHoekstra 10582 Side makke mei "{{Bistesoarte |Namme = swartkielgraupiper |Ofbyld = [[Ofbyld:Black-throated Accentor (Prunella atrogularis) (15275386173).jpg|250px]] |lûd = |Ryk = [[dieren]] (''Animalia'') |Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') |Klasse = [[fûgels]] (''Aves'') |Skift = [[moskeftigen]] (''Passeriformes'') |Famylje = [[graupiperfûgels]] (''Prunellidae'') |Skaai = [[graupipers]] (''Prunella'') |Wittenskiplike namme= Prunella atrogularis |Beskriuwer, jier..." 1242172 wikitext text/x-wiki {{Bistesoarte |Namme = swartkielgraupiper |Ofbyld = [[Ofbyld:Black-throated Accentor (Prunella atrogularis) (15275386173).jpg|250px]] |lûd = |Ryk = [[dieren]] (''Animalia'') |Stamme = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'') |Klasse = [[fûgels]] (''Aves'') |Skift = [[moskeftigen]] (''Passeriformes'') |Famylje = [[graupiperfûgels]] (''Prunellidae'') |Skaai = [[graupipers]] (''Prunella'') |Wittenskiplike namme= Prunella atrogularis |Beskriuwer, jier= [[Johann Friedrich von Brandt|Brandt]], 1884 |IUCN-status= [[Ofbyld:IUCN-LC.png|250px]] |lânkaart = [[Ofbyld:PrunellaAtrogularisIUCN.png|250px]]<small>{{Color box|#008000}} [[stânfûgel]] <br> {{Color box|#00FF00}} [[briedfûgel]] <br>{{Color box|#007FFF}} [[wintergast]] }} De '''swartkielgraupiper''' (''Prunella atrogularis'') is in [[fûgel]] út 'e [[Famylje (taksonomy)|famylje]] fan 'e [[graupipers]] (''Prunellidae''). De soarte briedt yn bercheftige gebieten yn [[Aazje]], foaral yn it [[Oeralberchtme]] en it [[Altaiberchtme]]. Populaasjes út it noarden lûke winterdeis nei it súden, oant yn [[Yndia]]. De fûgel is in hiel seldsume gast yn West-Europa. De [[IUCN]] kwalifisearret de soarte as '[[net bedrige]]' (''Least Concern''). == Skaaimerken == [[Ofbyld:Black-throated Accentor (Prunella atrogularis) (52604172359).jpg|thumb|left|Oerwinterjende fûgel yn Pakistan]] De swartkielgraupiper is 13 oant 14,5 sm grut en hat de foar de famylje skaaimerkende, moskeftige lichemsbou mei in slanke, spitse swarte snaffel dy't geskikt is foar it fangen fan ynsekten. De boppekant is brún streke en de ûnderkant bêzjegriis streke; it boarst is sânkleurich oant oranje. Yn 'e briedtiid hat de folwoeksen fûgel in griisswarte krún, in ljochte wynbraustreek (wyt of ljochtsângiel), in swart wang en in swarte kiel. It wang en de kiel wurde skieden troch in smelle, ljochte teamstreek dy't nei de snaffelbasis rint. Yn 'e hjerst liket de fûgel op 'e [[berchgraupiper]] (''P. montanella''), om't it swart fan 'e kiel en wang minder dúdlik is en de wynbraustreek in mear gielige glâns kriget. Ek fûgels yn it earste winterkleed lykje op 'e berchgraupiper. == Fersprieding en systematyk == De fûgel komt foar yn tuskenbeide en subarktyske gebieten fan Aazje, wêrûnder [[Ruslân]], [[Kazachstan]], [[Oezbekistan]], [[Kirgyzje]], [[Tadzjikistan]], [[Mongoalje]] en [[Sina]]. De meast noardlike populaasjes lûke winterdeis nei it súden; guon ferhúzje nei de súdlike dielen fan it briedgebiet, wylst oaren fierder nei it súden lûke, nei Yndia, [[Iran]], [[Afganistan]], [[Pakistan]] en [[Nepal]]. De soarte wurdt ûnderferdield yn twa [[ûndersoarte]]n mei elts in eigen ferspriedingsgebiet: * ''Prunella atrogularis atrogularis'' – briedt yn it noardlike diel fan it Oeralberchtme; oerwinteret súdliker oant yn Afganistan en Iran. * ''Prunella atrogularis huttoni'' – briedt yn it Altaiberchtme; oerwinteret súdliker, oant yn Pakistan en Noardeast-Yndia. [[DNA]]-ûndersyk wiist út dat de twa ûndersoarten genetysk sterk faninoar ferskille – yn sa'n mjitte sels dat se mooglik as aparte soarten kwalifisearre wurde kinne. Dat ûndersyk hat lykwols noch net laat ta [[taksonomy]]ske feroaringen. De fûgel is in seldsume ferskining bewesten Jeropeesk Ruslân. == Ekology == De swartkielgraupiper docht it goed yn leech, ticht en toarnich strûkguod en mijd iepen gebieten. Yn it Oeralberchtme komt de fûgel foar tusken spjirren yn 'e subalpine sône, mar ek yn lariksbosken en wylgestrûken, wylst de ûndersoarte ''huttoni'' sawol yn nulle- as leafbosken en yn jeneverbeistrûken libbet. De soarte briedt fan maaie oant augustus en is nei alle gedachten [[Monogamy|monogaam]]. Der wurde trije oant fiif aaien lein yn in komfoarmich nêst yn in beam of strûk – meastentiids in spjirre of jeneverstrûk. It iten bestiet foaral út ynsekten en lytse spinnen, mar ek út wjirms en slakken. == Status == De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en wurdt troch de IUCN kwalifisearre as '[[net bedrige]]' (''Least Concern''). De populaasjetrend is lykwols net bekend. {{Boarnen|boarnefernijing= * [https://datazone.birdlife.org/species/factsheet/black-throated-accentor-prunella-atrogularis BirdLife, oproppen 8 oktober 2026.] * [https://ebird.org/species/bltacc1 eBird, oproppen 8 oktober 2026.] * [https://birdsoftheworld.org/bow/species/bltacc1/cur/introduction Birds of the World, oproppen 8 oktober 2026.] ---- {{Commonscat|Prunella atrogularis|swartkielgraupiper}} }} {{DEFAULTSORT:swartkielgraupiper}} [[Kategory:Fûgelsoarte]] [[Kategory:Graupiper]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Sina]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Iran]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Ruslân]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan]] [[Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan]] hvl4jzdgmx7o8cmb8rcbc8hhnaemtw5 Prunella atrogularis 0 194421 1242173 2026-10-08T08:17:50Z RomkeHoekstra 10582 Ferwiist troch nei [[Swartkielgraupiper]] 1242173 wikitext text/x-wiki #REDIRECT [[Swartkielgraupiper]] pimlpv4a20jba4f3nplbiftiasdi64e Arabyske graupiper 0 194422 1242176 2026-10-08T08:35:07Z RomkeHoekstra 10582 RomkeHoekstra hat de side [[Arabyske graupiper]] omneamd ta [[Stiengraupiper]]: Sjoch graupiperfûgels. 1242176 wikitext text/x-wiki #REDIRECT [[Stiengraupiper]] lmjsybd5chotun7lbcop2buca1dhx5q Jemenityske graupiper 0 194423 1242178 2026-10-08T08:37:40Z RomkeHoekstra 10582 Side makke mei "REDIRECT: [[stiengraupiper]]" 1242178 wikitext text/x-wiki REDIRECT: [[stiengraupiper]] que4hj3qb2e6o2bhxstizvg4nwuj34e 1242179 1242178 2026-10-08T08:37:50Z RomkeHoekstra 10582 Ferwiist troch nei [[Stiengraupiper]] 1242179 wikitext text/x-wiki #REDIRECT: [[stiengraupiper]] o6zsad91hg2ndy6nx3ske3hg3dapzqe Egmond-Binnen 0 194424 1242180 2026-10-08T10:15:10Z RomkeHoekstra 10582 Side makke mei "{{Ynfoboks plak (2026) | namme = Egmond-Binnen | ôfbylding = Protestantse kerk Egmond Binnen.jpg GH2 (cropped).jpg | ôfbyldingstekst = protestantske tsjerke yn Egmond-Binnen | flagge = Egmond-Binnen vlag 1974.svg | wapen = Egmond-Binnen en Egmond aan den Hoef wapen.svg | lân = | bestjoerlike ienheid 1 = Provinsje | namme bestjoerlike ienheid 1 = [[Ofbyld:Flag of North Holland.svg|20px]] [[Noard-Hollân]] | bestjoerlike ienheid..." 1242180 wikitext text/x-wiki {{Ynfoboks plak (2026) | namme = Egmond-Binnen | ôfbylding = Protestantse kerk Egmond Binnen.jpg GH2 (cropped).jpg | ôfbyldingstekst = protestantske tsjerke yn Egmond-Binnen | flagge = Egmond-Binnen vlag 1974.svg | wapen = Egmond-Binnen en Egmond aan den Hoef wapen.svg | lân = | bestjoerlike ienheid 1 = Provinsje | namme bestjoerlike ienheid 1 = [[Ofbyld:Flag of North Holland.svg|20px]] [[Noard-Hollân]] | bestjoerlike ienheid 2 = Gemeente | namme bestjoerlike ienheid 2 = [[Ofbyld:Bergen (Noord-Holland) vlag.svg|border|20px]] [[Bergen (Noard-Hollân)|Bergen]] | ynwennertal = {{Statistyk wenplak Noard-Hollân ynwenners|Egmond-Binnen}} ({{Statistyk wenplak Noard-Hollân ynwenners|TXT=Year}}) | oerflak = 17,25 km²,<br><small>dêrfan lân: 16,91 km²<br>dêrfan wetter: 0,34 km²</small> | befolkingstichtens = 168 ynw./km² | stifting = | hichte = 1 m | postkoade = 1935 | netnûmer = 072 | webside = [https://www.bergennp.nl/ Plak op de gemeentlike hiemside]<br>[https://www.historischegmond.nl/egmond-binnen Stifting Egmond] | mapname = Noard-Hollân | mapwidth = | lat_deg = 52 | lat_min = 35 | lat_sec = 39 | lat_dir = N | lon_deg = 4 | lon_min = 39 | lon_sec = 50 | lon_dir = E | ôfbylding99 = | ôfbyldingstekst99 = }} '''Egmond-Binnen''' is in doarp en in eardere gemeente yn 'e gemeente [[Bergen (gemeente)|Bergen]] yn 'e provinsje [[Noard-Hollân]]. == Skiednis == It doarp is yn 'e iere [[midsiuwen]] ûntstien út it doarp Hallem (of Hallum). Yn 'e 10e en 11e iuw komt it plak foar as Ecmunde en Ekmunde, yn 1199 as Egmunde, yn 1350 as Egmonde en yn 1639 as Egmont Binne. De oarsprong fan 'e namme Egmond is net folslein dúdlik. It soe ferwize kinne nei it wetter de Egg of Egge, dat hjir ea de see ynstreamde. Mooglik wie dit in sydtûke fan 'e [[Rekere]] of sels fan it [[IJ (Amsterdam)|IJ]]. Mar it soe ek ferwize kinne nei it [[hûs Egmont]], of in kombinaasje fan beide. De mooglikheid dat it ferwiist nei de persoansnammen Egge of Egmund wurdt minder oannimlik achte. Egmond-Binnen is fral bekend fan 'e abdij fan Egmond, de [[Sint-Adelbertabdij]]. Dizze yn 'e tsjiende iuw stifte abdij is de âldste fan Nederlân. It kleaster spile in wichtige rol yn 'e kriich tusken de [[Greefskip Hollân|Hollanners]] en de [[West-Fryslân|West-Friezen]], en letter oer in grut gebiet fan West-Fryslân. It hie in soad lân yn besit en sette útein mei in it ynpolderjen fan it gebiet troch dammen te lizzen, lykas de Zanddijk nei [[Limmen]]. De abdij hie ek in wichtige [[bibleteek]]. In part fan 'e greven fan Hollân dy't tusken de 10e en 13e iuw ferstoarn binne, leit hjir begroeven. In oar part leit yn 'e frouljusabdij fan [[Rijnsburg]], dy't ta deselde oarder hearde. Nei de ferneatiging fan 'e abdij yn 1573 duorre it oant 1935 foardat muontsen weromkamen. Yn dat jier kaam it nije kleaster ree, dat ûntwurpen is troch arsjitekt Alexander Kropholler. Wat benoarden fan Egmond-Binnen, oan de dunerige, leit it Sint-Liobakleaster, in [[Benediktinen|benediktynske]] priorij dy't yn 1935 stifte is troch de [[Dútslân|Dútske]] weefster [[Hildegard Michaelis]] (1900-1982), mei yn 2020 noch sa'n tsien froulike kleasterlingen. Fierders stiet yn Egmond-Binnen de [[Protestantisme|protestantske]] tsjerke, dy't datearret út 1915. Yn 'e tsjerke is de grêfstien fan [[Isaac le Maire]] út 1624, ôfkomstich út 'e yn 1836 ôfbrutsen Buortsjerke, ien fan 'e twa tsjerken dy't as ruïne noch oerein stiene nei de ferneatiging fan 'e abdij yn 1573. Le Maire wie ien fan 'e oprjochters en bestjoerders fan 'e [[Feriene Eastyndyske Kompanjy]] en de [[West-Yndyske Kompanjy]]. Egmond-Binnen foarme tegearre mei it doarp [[Egmond aan den Hoef]] oant 1 july 1978 in selsstannige gemeente. Op dy datum ûntstie mei de gemeente [[Egmond aan Zee]] de gemeente Egmond. Sûnt 1 jannewaris 2001 is de gemeente Egmond fúsearre mei de gemeenten [[Schoorl]] en [[Bergen]] ta de hjoeddeiske gemeente Bergen. == Trivia == In bekende ynwenner fan Egmond-Binnen wie de Frânske filosoof [[René Descartes]]. {{Boarnen|boarnefernijing= Dit artikel is in oersetting fan 'e Nederlânsktalige wikipedyside oer it doarp, sjoch foar referinsjes/boarnen op [[:nl:Egmond-Binnen]] {{reflist}} ---- {{Commonscat|Egmond-Binnen}} }} {{GemeenteBergen}} [[Kategory:Plak yn Bergen (Noard-Hollân)]] [[Kategory:Eardere gemeente yn Noard-Hollân]] [[Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1978]] isd86z48okhxfgdgqxlar3d8xseocyt 1242181 1242180 2026-10-08T10:17:00Z RomkeHoekstra 10582 1242181 wikitext text/x-wiki {{Ynfoboks plak (2026) | namme = Egmond-Binnen | ôfbylding = Protestantse kerk Egmond Binnen.jpg GH2 (cropped).jpg | ôfbyldingstekst = protestantske tsjerke yn Egmond-Binnen | flagge = Egmond-Binnen vlag 1974.svg | wapen = Egmond-Binnen en Egmond aan den Hoef wapen.svg | lân = | bestjoerlike ienheid 1 = Provinsje | namme bestjoerlike ienheid 1 = [[Ofbyld:Flag of North Holland.svg|20px]] [[Noard-Hollân]] | bestjoerlike ienheid 2 = Gemeente | namme bestjoerlike ienheid 2 = [[Ofbyld:Bergen (Noord-Holland) vlag.svg|border|20px]] [[Bergen (Noard-Hollân)|Bergen]] | ynwennertal = {{Statistyk wenplak Noard-Hollân ynwenners|Egmond-Binnen}} ({{Statistyk wenplak Noard-Hollân ynwenners|TXT=Year}}) | oerflak = 17,25 km²,<br><small>dêrfan lân: 16,91 km²<br>dêrfan wetter: 0,34 km²</small> | befolkingstichtens = 168 ynw./km² | stifting = | hichte = 1 m | postkoade = 1935 | netnûmer = 072 | webside = [https://www.bergennp.nl/ Plak op de gemeentlike hiemside]<br>[https://www.historischegmond.nl/egmond-binnen Stifting Egmond] | mapname = Noard-Hollân | mapwidth = | lat_deg = 52 | lat_min = 35 | lat_sec = 39 | lat_dir = N | lon_deg = 4 | lon_min = 39 | lon_sec = 50 | lon_dir = E | ôfbylding99 = | ôfbyldingstekst99 = }} '''Egmond-Binnen''' is in doarp en in eardere gemeente yn 'e gemeente [[Bergen (gemeente)|Bergen]] yn 'e provinsje [[Noard-Hollân]]. == Skiednis == It doarp is yn 'e iere [[midsiuwen]] ûntstien út it doarp Hallem (of Hallum). Yn 'e 10e en 11e iuw komt it plak foar as Ecmunde en Ekmunde, yn 1199 as Egmunde, yn 1350 as Egmonde en yn 1639 as Egmont Binne. De oarsprong fan 'e namme Egmond is net folslein dúdlik. It soe ferwize kinne nei it wetter de Egg of Egge, dat hjir ea de see ynstreamde. Mooglik wie dit in sydtûke fan 'e [[Rekere]] of sels fan it [[IJ (Amsterdam)|IJ]]. Mar it soe ek ferwize kinne nei it [[hûs Egmont]], of in kombinaasje fan beide. De mooglikheid dat it ferwiist nei de persoansnammen Egge of Egmund wurdt minder oannimlik achte. [[Ofbyld:Adelbertabdij - Egmond-Binnen - 20349882 - RCE.jpg|thumb|left|Sint-Adelbertabdij]] Egmond-Binnen is fral bekend fan 'e abdij fan Egmond, de [[Sint-Adelbertabdij]]. Dizze yn 'e tsjiende iuw stifte abdij is de âldste fan Nederlân. It kleaster spile in wichtige rol yn 'e kriich tusken de [[Greefskip Hollân|Hollanners]] en de [[West-Fryslân|West-Friezen]], en letter oer in grut gebiet fan West-Fryslân. It hie in soad lân yn besit en sette útein mei in it ynpolderjen fan it gebiet troch dammen te lizzen, lykas de Zanddijk nei [[Limmen]]. De abdij hie ek in wichtige [[bibleteek]]. In part fan 'e greven fan Hollân dy't tusken de 10e en 13e iuw ferstoarn binne, leit hjir begroeven. In oar part leit yn 'e frouljusabdij fan [[Rijnsburg]], dy't ta deselde oarder hearde. Nei de ferneatiging fan 'e abdij yn 1573 duorre it oant 1935 foardat muontsen weromkamen. Yn dat jier kaam it nije kleaster ree, dat ûntwurpen is troch arsjitekt Alexander Kropholler. Wat benoarden fan Egmond-Binnen, oan de dunerige, leit it Sint-Liobakleaster, in [[Benediktinen|benediktynske]] priorij dy't yn 1935 stifte is troch de [[Dútslân|Dútske]] weefster [[Hildegard Michaelis]] (1900-1982), mei yn 2020 noch sa'n tsien froulike kleasterlingen. Fierders stiet yn Egmond-Binnen de [[Protestantisme|protestantske]] tsjerke, dy't datearret út 1915. Yn 'e tsjerke is de grêfstien fan [[Isaac le Maire]] út 1624, ôfkomstich út 'e yn 1836 ôfbrutsen Buortsjerke, ien fan 'e twa tsjerken dy't as ruïne noch oerein stiene nei de ferneatiging fan 'e abdij yn 1573. Le Maire wie ien fan 'e oprjochters en bestjoerders fan 'e [[Feriene Eastyndyske Kompanjy]] en de [[West-Yndyske Kompanjy]]. Egmond-Binnen foarme tegearre mei it doarp [[Egmond aan den Hoef]] oant 1 july 1978 in selsstannige gemeente. Op dy datum ûntstie mei de gemeente [[Egmond aan Zee]] de gemeente Egmond. Sûnt 1 jannewaris 2001 is de gemeente Egmond fúsearre mei de gemeenten [[Schoorl]] en [[Bergen]] ta de hjoeddeiske gemeente Bergen. == Trivia == In bekende ynwenner fan Egmond-Binnen wie de Frânske filosoof [[René Descartes]]. {{Boarnen|boarnefernijing= Dit artikel is in oersetting fan 'e Nederlânsktalige wikipedyside oer it doarp, sjoch foar referinsjes/boarnen op [[:nl:Egmond-Binnen]] {{reflist}} ---- {{Commonscat|Egmond-Binnen}} }} {{GemeenteBergen}} [[Kategory:Plak yn Bergen (Noard-Hollân)]] [[Kategory:Eardere gemeente yn Noard-Hollân]] [[Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1978]] pbo1l2n8344wjjkkj9c1je2lvtsjrls